Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 23
De Slach by Midway wie in grutte seeslach oan it Pasifyske Front fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't plakfûn oer in perioade fan fjouwer dagen fan 4 oant en mei 7 juny 1942 by it atol Midway, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Dizze slach waard útfochten in healjier nei de Japanske oerwinning by de Oanfal op Pearl Harbor en in moanne nei de Slach yn 'e Koraalsee, dy't op gelykspul útrûn wie. By de Slach by Midway die in float fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûnder lieding fan 'e admiraals Isoroku Yamamoto, Chūichi Nagumo en Nobutake Kondō in wraam op it Amerikaanske Midway. De Amerikaanske Pasifyske Float, ûnder de admiraals Chester W. Nimitz, Frank Jack Fletcher en Raymond A. Spruance bûn de striid mei de Japanners oan en behelle in klinkende oerwinning by in treffen benoarden Midway dat fan beide kanten benammen útfochten waard mei loftoanfallen op 'e fijannige floaten, útfierd troch bommesmiters dy't opstige wiene fan fleandekskippen. De Japanske nederlaach yn 'e Slach by Midway wie foar de Alliëarden fan krúsjaal belang by it kearen fan it tij oan it Pasifyske Front. Yn 'e mande mei de Slach om Stalingrad yn Ruslân en de Twadde Slach by El Alamein yn Noard-Afrika wurdt dizze seeslach troch histoarisy beskôge as ien fan 'e trije wichtichste mominten út 'e Twadde Wrâldoarloch.