Springe nei ynhâld

Amerikaanske Pasifyske Float

Ut Wikipedy
Amerikaanske Pasifyske Float
United States Pacific Fleet

flagge Amerikaanske Marine

kommandant Pas. Float
algemiene gegevens
lân Feriene Steaten
ûnderdiel Amerikaanske Marine
soarte float
bysûnderheden
haadkertier Pearl Harbor (Hawaï)
sterkte 250.000 man (2012)
aktyf 19071922 en 1941 – no
konflikten
Twadde Wrâldoarloch (1941-1945)
Koreaanske Oarloch (1950-1953)
Earste Taiwankrisis (1954-1955)
Twadde Taiwankrisis (1958)
Fjetnamoarloch (1961-1973)
Oarloch tsjin it Terrorisme (2001-no)

De Amerikaanske Pasifyske Float (Ingelsk: United States Pacific Fleet), offisjele ôfkoarting: USPACFLT, is in float fan 'e Amerikaanske Marine en in militêre kommandostruktuer dy't it hiele gebiet fan 'e Stille Oseaan beslacht. It makket ûnderdiel út fan it Amerikaanske Yndo-Pasifysk Kommando, de geografyske ûnderferdieling fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dy't ek de Yndyske Oseaan omfettet. It haadkertier fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float is fêstige yn Pearl Harbor, op Hawaï, mar de wichtichste bases lizze by San Diego, yn Kalifornje.

De Amerikaanske Pasifyske Float waat yn 1907 oprjochte, doe't it Amerikaansk Aziatysk Eskader en it Amerikaansk Pasifysk Eskader fan 'e Amerikaanske Marine gearfoege waarden. Yn 1910 waarden de oarlochsskippen fan it Earste Eskader fan 'e Pasifyske Float wer weromformearre ta in aparte Amerikaanske Aziatyske Float (legere yn Manilla yn 'e Filipinen, dy't doe in Amerikaanske koloanje foarmen). Yn 1922 waard de yndieling fan 'e Amerikaanske Marine folslein feroare, mei noch mar ien float, de Amerikaanske Float. It (gruttere) diel dêrfan yn 'e Stille Oseaan waard doe omneamd ta de Slachfloat, wylst it (lytsere) diel yn 'e Atlantyske Oseaan de Ferkenningsfloat kaam te hjitten.

It haadkertier fan 'e Slachfloat wie fêstige yn San Pedro, oan 'e kust fan Kalifornje. Dat wie ek de thúsbasis foar slachskippen, fleandekskippen en swiere krusers. De thúsbasis foar lichte krusers, torpedoboatjagers en dûkboaten wie fêstige yn San Diego. Om in sinjaal te stjoeren nei Japan, dat syn macht yn East-Aazje almar fierder útwreide, waard yn 'e simmer fan 1940 besletten de Slachfloat te ferpleatsen nei it Marinestasjon Pearl Harbor, oan 'e súdkust fan it Hawaïaanske eilân Oähû. Dy ferhuzing krige begjin 1941 syn beslach.

De ferpleatsing nei Pearl Harbor wie in politike beslissing dêr't de marine it út noch yn net mei iens wie. Admiraal James O. Richardson, de kommandant fan 'e Slachfloat, reizge sels ôf nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. om persoanlik tsjin tsjin it beslút te protestearjen. Fan gefolgen waard er út syn funksje ûntheft en ferfongen troch admriaal Husband E. Kimmel. De Pasifyske Float kaam op 'e nij ta wêzen troch Algemiene Oarder 143, dy't per 1 febrewaris 1941 de Amerikaanske Float wer opspjalte yn ferskillende Amerikaanske Atlantyske, Aziatyske en Pasifyske floaten.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op Oähû. Dat bombardemint, dat bekend kaam te stean as de Oanfal op Pearl Harbor, wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. Der waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht, nochris fjouwer slachskippen en ferskate oare skippen skansearre en yn totaal kamen der oan 'e Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene yn 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.

Om't de slachskippen yn 1941 noch beskôge waarden as de wichtichste oarlochsskippen, tochten de Japanners harren doel berikt ta hawwen, mar neitiid die bliken dat de fleandekskippen eins folle wichtiger wiene foar moderne oarlochfiering op see. En de trije fleandekskippen fan 'e Pasifyske Float hiene op it stuit fan it bombardemint net yn 'e haven oanwêzich west. Yn 'e fierdere oarloch yn 'e Stille Oseaan spile de Pasifyske Float mei syn fleandekskippen in rol fan krúsjaal belang, benammen yn grutte seeslaggen as de Slach yn 'e Koraalsee, de Slach by Midway en de Slach yn 'e Filipinensee, mar ek troch it fasilitearjen en ûnderstypjen fan amfibyske operaasjes, lykas de Salomoneilânske Kampanje, de Gilbert- en Marshalleilânske Kampanje, de Slach yn 'e Golf fan Leyte, de Slach om Iwo Jima en de Slach om Okinawa.

Nei de kapitulaasje fan Japan yn augustus 1945 naam de Pasifyske Float diel oan Operaasje Magic Carpet, de repatriëarring fan hûnderttûzenen Alliëarde troepen nei harren heitelân. Sûnt 1950 wie de Pasifyske Float belutsen by ferskate konflikten yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch, wêrûnder de Koreaanske Oarloch (1950-1953), de Earste Taiwankrisis (1954-1955), de Twadde Taiwankrisis (1958) en de Fjetnamoarloch (1961-1973). Yn 1971 waard foar it earst de jierlikse RIMPAC-oefening holden, wêryn't de Pasifyske Float gearwurket mei de marines fan Kanada, Japan, Austraalje, Nij-Seelân, it Feriene Keninkryk, Súd-Koreä en oare lannen (de dielname wikselet). Op 1 oktober 1990 waard de Amerikaanske Marine yn Alaska en de Aleoeten losmakke fan 'e Pasifyske Float om tenei as marinekomponint fan it Alaskakommando fan it Amerikaanske Leger te fungearjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.