USS Missouri (skip út 1944)

Ut Wikipedy
USS Missouri
De USS Missouri nei de modernisearring út 'e 1980-er jierren.
De USS Missouri nei de modernisearring út 'e
1980-er jierren.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Am. Marine (oant 1998)
USS Missouri Memorial
   Association
oare namme(n) BB-63
skiednis
werf Marineskipswerf fan Brooklyn
kyllizzing 6 jannewaris 1941
tewetterlitting 29 jannewaris 1944
yn de feart 11 juny 1944
út tsjinst 31 maart 1992
status museumskip, NRHP-monumint
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Iowa-klasse
lingte 270.40 m
breedte 33 m
djipgong 8.80 m
deplassemint 45.000 ton
bemanning 2.700 koppen (by bou)
1.851
maks. faasje 32,7 knopen (60,6 km/h)
bewapening by oplevering:
9 × 16 inch (406 mm) kanon
20 × 5 inch (127 mm) kanon
80 × 40 mm loftdoelgeskut
48 × 20 mm loftdoelgeskut
nei modernisearring 1984:
9 × 16 inch (406 mm) kanon
12 × 5 inch (127 mm) kanon
32 × BGM-109 Tomahawk-
   krúsraket

16 × RGM-84 Harpoon-
   antyskipsraket

4 × 20mm Phalanx CIWS

De USS Missouri is in Amerikaansk slachskip fan 'e Iowa-klasse, mei de koade BB-63 en de bynammen Mighty Mo en Big Mo ("MO" is de offisjele ôfkoarting fan 'e Amerikaanske steat Missouri, dêr't it skip nei ferneamd is). It wie mei tuskenskoften fan 1944 oant 1992 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Missouri wie it lêste slachskip dat troch de Feriene Steaten boud waard. It waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch ynset yn 'e striid tsjin Japan, en it dek tsjinne yn septimber 1945 as it plak dêr't de formele kapitulaasje fan Japan plakfûn. Neitiid waard it skip op 'e nij ynset yn 'e Koreaanske Oarloch en de Earste Golfoarloch, foar't it yn 1992 úteinlik foargoed ôftanke waard. De USS Missouri waard dêrnei in museumskip, dat ôfmarre leit oan Ford Island yn 'e lagune fan Pearl Harbor yn Hawaï. It skip krige by in breder publyk bekendheid troch syn dielname oan films as Under Siege en Battleship.

Bou en skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Missouri wie ien fan 'e slachskippen fan 'e Iowa-klasse, dy't yn 1938 ûntwurpen waarden foar de Amerikaanske Marine. De kyl fan it skip waard lein op 6 jannewaris 1941 op 'e Marineskipswerf fan Brooklyn yn New York, mar de bou rûn fertraging op doe't de Feriene Steaten op 7 desimber 1941 troch de Japanske Oanfal op Pearl Harbor hommels by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekken, wat in oare prioriteitstelling ta gefolch hie. Uteinlik waard de USS Missouri op 29 jannewaris 1944 te wetter litten en doopt troch Mary Margaret Truman, de dochter fan 'e lettere Amerikaanske presidint Harry Truman, om't dyselde doe in senator út Missouri wie, de Amerikaanske steat dêr't it skip nei ferneamd waard.

In Japanske kamikaze stiet op it punt om del te kommen op 'e USS Missouri, op 11 april 1945.

As marineskip wie de USS Missouri swier bepânsere mei 310 mm tsjûk stiel oan 'e bûtenkant en 290 mm tsjûk stiel foar de binnenwanden. De geskutstuorren hiene sels in pânser fan 500 mm tsjûk stiel. It skip wie bewapene mei in batterij fan trije 16 inch (406 mm)-kanonnen yn elts fan 'e trije geskutstuorren, en dêropta mei ferskate mindere wapens. De USS Missouri hie in lingte fan 270.40 m, in breedte fan 33.00 m en in djipgong fan 8.80 m. De topsnelheid bedroech 32,7 knopen, oftewol 60,6 km/h. De bemanning bestie út 2.700 koppen.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Missouri waard op 11 juny 1944 troch de Amerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen. Nei de earste oefenings fear it skip yn novimber fan dat jier troch it Panamakanaal om yn San Francisco fierder tarist te wurden. Fia Hawaï fear de USS Missouri dêrnei nei de westlike Stille Oseaan, dêr't it skip op 16 febrewaris foar it earst yn aksje kaam as eskorte foar in stikmannich Amerikaanske fleandekskippen dy't it earste bombardemint fan Japan útfierden sûnt de ferneamde Doolittle Raid yn april 1942. Neitiid bejoech it skip him nei de Japanske Bonyneilannen yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, dêr't it fan 19 febrewaris ôf troch mei syn reuseftige kanonnen Japanske posysjes te besjitten, stipe bea oan 'e Amerikaanske troepen yn 'e bloedige Slach om Iwo Jima.

Yn maart 1945 waard de USS Missouri as eskorte tawiisd oan ferskate Amerikaanske fleandekskippen, wêrûnder de USS Yorktown, dy't nei de Japanske haadeilannen fearen en doelen oanfoelen oan 'e kust fan 'e Japanske Binnensee. Tsjin 24 maart hie de USS Misouri him yn 'e Rjûkjû-eilannen by in taakgroep fan oare Amerikaanske slachskippen jûn, dy't foarôfgeande oan 'e amfibyske operaasje dêr't de Slach om Okinawa mei begjinne soe, it eilân Okinawa ûnder fjoer namen. Ek neitiid bleau de USS Missouri dêre, om 'e opmars fan 'e Amerikaanske troepen op it eilân mei kustbombardeminten te ûnderstypjen. Dêrby skeat it loftdoelgeskut fan it skip fiif fijannige fleantugen del en holp by it delsjitten fan noch seis oaren. Op 11 april waard it skip rekke troch in Japanske kamikaze, wêrby't it lykwols mar lichte skea oprûn. It stoflik omskot fan 'e piloat waard oan board fan 'e USS Missouri fûn, en mei't kaptein-op-see Callaghan besleat dat de jongeman alles foar syn lân jûn hie dat er jaan koe, krige er de folgjende deis mei militêre eare in seemansgrêf.

Op 9 maaie makke admiraal William F. Halsey jr., de kommandant fan 'e Amerikaanske 3e Float, de USS Missouri yn Apra Harbor yn Gûam ta syn flaggeskip. It skip kearde dêrnei werom nei Okinawa om 'e kustbombardeminten te ferfetsjen. Begjin juny late de USS Missouri de 3e Float nei it noarden foar oanfallen op fleanfjilden en militêre ynstallaasjes op Kjûsjû. It skip trochstie tuskentroch in tyfoan dy't de boech fan 'e kruser de USS Pittsburgh losskuorde. Pas mids juny kearde it skip werom nei San Pedro yn 'e Filipinen, foar befoarrieding en ûnderhâld, nei in fearnsjier hast ûnôfbrutsen by de Okinawakampanje belutsen west te hawwen. Mids july fear de USS Missouri op 'e nij mei de 3e Float noardoan foar in ferrassingsoanfal op Tokio en kustbombardeminten fan noardlik Honsjû en súdlik Hokkaido. Ein july folgen oanfallen op sintraal Honsjû en by de kust fan 'e Japanske Binnensee lâns, en op 9 augustus, de dei dat de twadde Amerikaanske atoombom op Nagasaki smiten waard, wie Hokkaido wer oan bar om besketten te wurden.

Generaal Douglas MacArthur, de opperste kommandant fan 'e Alliëarde Striidkrêften yn 'e Stille Oseaan, ûndertekenet de formele oanname fan 'e kapitulaasje fan Japan oan board fan 'e USS Missouri, op 2 septimber 1945.

It Atoombombardemint fan Hiroshima en Nagasaki late op 15 augustus ta de kapitulaasje fan Japan. Neitiid fear de USS Missouri op 29 augustus de Baai fan Tokio yn. It skip wie dêr op 2 septimber it toaniel fan 'e formele oanbieding fan 'e oerjefte troch in Japanske delegaasje ûnder lieding fan minister fan Bûtenlânske Saken Mamoru Shigemitsu oan 'e opperste kommandant fan 'e Alliëarde Striidkrêften yn 'e Stille Oseaan, de Amerikaanske generaal fan it leger Douglas MacArthur en fertsjintwurdigers fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, de Sovjet-Uny, Sina, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Nederlân en Frankryk. De seremoanje duorre mar koart, fan 09.02 oant 09.30 oere. Op 5 septimber ferhuze admiraal Halsey syn kommando nei it slachskip de USS South Dakota, wêrnei't de USS Missouri ier de oare moarns ôfsette nei Gûam. It skip naam diel oan Operaasje Flying Carpet, de poepetoer om hûnderttûzenen Alliëarde militêren te repatriëarjen, troch yn Gûam Amerikaanske troepen oan board te nimmen en fia Hawaï mei te nimmen nei New York.

In plakkette op 'e USS Missouri dy't it krekte plak oanjout dêr't de Twadde Wrâldoarloch beëinige waard.

Kâlde Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei wat ûnderhâld en in trainingsreis nei Kuba waard de USS Missouri yn maart 1946 ynset om it stoflik omskot fan 'e Turkske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, Münir Ertegün, nei hûs te bringen. It skip arrivearre op 5 april yn Istanbûl. Op deselde reis die it skip ek de haven fan Piraeus oan, yn Grikelân, dat ferwikkele wie yn 'e Grykske Boargeroarloch tsjin 'e kommunisten, om it regear en de befolking fan dat lân in hert ûnder de rym te stekken. De oanwêzigens fan 'e USS Missouri yn 'e Egeyske See moast ek de Sovjet-Uny yndruie dat der mei de militêre macht fan 'e Feriene Steaten net te spotten foel. Yn septimber fear it slachskip de Amerikaanske presidint Harry Truman fan in ynternasjonale konferinsje yn Rio de Janeiro werom nei hûs.

Underwilens helle de Amerikaanske Marine syn slachskippen út 'e tsjinst yn it ramt fan 'e ynkrimping fan 'e float yn fredestiid, mar Truman, dy't in sin hie by de USS Missouri, wegere dat foar dat skip goed te karren. Sa bleau de USS Missouri it iennichste slachskip yn aktive tsjinst. Op 17 jannewaris 1950 rûn it skip by in training foar de kust fan Firginia oan 'e grûn op 2,6 km fan 'e Fjoertoer fan Thimble Shoal. Troch de ynset fan sleepboaten en pontons en mei help fan it opkommend tij waard it skip op 1 febrewaris losskuord en reparearre.

De USS Missouri wurdt losskuord nei't it skip yn jannewaris 1950 foar de kust fan Firginia oan 'e grûn rûn is.

Doe't yn juny 1950 de Koreaanske Oarloch útbriek, wêrby't it kommunistyske Noard-Koreä it ûnder Amerikaanske beskerming steande Súd-Koreä binnenfoel, wie de USS Missouri it earste Amerikaanske slachskip dat nei it Koreaansk Skiereilân ta stjoerd waard om 'e ienfâldige reden dat alle oare slachskippen earst út 'e motteballen helle wurde moasten. De earste aksje fan it skip wie in kustbombardemint fan Samchok op 15 septimber, wêrnei't it fan 19 septimber ôf ynset waard om 'e grutskalige lâningsoperaasjes by Incheon te ûnderstypjen. Yn oktober fierde it slachskip bombardeminten út by Chongjin, Tanchon en Wonsan.

De USS Missouri fjurret ûnder de Koreaanske Oarloch in salvo ôf op posysjes fan 'e fijân. (Tink om it effekt dat de luchtdruk fan 'e kanonskotten hawwe op it wetter oan 'e fierste kant fan it skip.)

Krekt doe't it derop liek dat de Amerikanen, de Súdkoreänen en harren bûnsgenoaten (dy't ûnder in folmacht fan 'e Feriene Naasjes fochten) hiel Noard-Koreä feroverje soene, fierde de Folksrepublyk Sina op 19 oktober 1950 in yntervinsje yn 'e Koreaanske Oarloch út om dat foar te kommen. It Sineeske Folksbefrijingsleger kaam de Amerikanen en harren bûnsgenoaten folslein oer it mad yn 'e Slach by de Chosin-opslachmar. De USS Missouri krige opdracht om mei syn kanonnen de ôftocht oer see fan 'e Amerikaanske en FN-troepen út Hungnam te ûnderstypjen, in weromlûking dy't op 24 desimber foltôge waard. It slachskip bleau oant ein maart 1951 yn Koreä aktyf, wêrnei't it ôflost waard en nei de Marineskipswerf fan Norfolk yn Norfolk (Firginia) stjoerd waard foar grutskalich ûnderhâld. Dat duorre oant ein jannewaris 1952.

Nei ferskate trainingsmisjes, û.o. by de Amerikaanske Marinebasis Guantanamo Bay op Kuba, kearde de USS Missouri yn oktober 1952 werom yn Koreä, dêr't it skip it flaggeskip waard fan fise-admiraal Joseph J. Clark, de kommandant fan 'e Amerikaanske 7e Float. It slachskip waard fan ein oktober oant yn maart 1953 ynset foar bombardeminten by Tanchon, Chongjin, Sonjin, Wonsan, Hamhung en Hungnam. It lêste bombardemint fan 'e USS Missouri fûn plak by Kojo. Op 6 april waard de funksje fan flaggeskip oerdroegen oan 'e USS New Jersey, wêrnei't it skip weromkearde nei Norfolk om tafoege te wurden oan 'e Amerikaanske Atlantyske Float. Dêr tsjinne de USS Missouri twa jier by rûtine-operaasjes en trainingsmisjes, oant it yn augustus 1955 nei de Puget Sound by Seattle stjoerd waard om by Bremerton deäktivearre te wurden as ûnderdiel fan 'e Pasifyske Reservefloat. Dêr bleau it skip krapoan tritich jier lizzen.

De USS Missouri yn in drûchdok ûnder de modernisearring fan it skip yn 1985.

Reäktivearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 'e 1980-er jierren de Amerikaanske presidint Ronald Reagan in ambisjeus plan foar militêre útwreiding begûn, waard de USS Missouri yn 'e simmer fan 1984 wer fan stâl helle. It âlde skip waard nei de Marineskipswerf fan Long Beach sleept, dêr't it foar in grut part ûntmantele waard. Der waard in algemiene modernisearring trochfierd, dy't tagelyk bedoeld wie foar it fuortwurkjen fan efterstallich ûnderhâld. Neitiid wie noch mar in bemanning fan 1.851 man nedich (oarspronklik: 2.700 koppen). Fierders waarden alle efter de tiid rekke wapens ferwidere. It skip behold syn trije geskutstuorren mei 6 inch (406 mm) kanonnen, mar ferlear acht fan 'e tweintich 5 inch (127 mm) kanonnen en al it hopeleas ferâldere loftdoelgeskut. Dêrfoar yn it plak waard it skip tarist mei 32 BGM-109 Tomahawk-krúsraketten, 16 RGM-84 Harpoon-antyskipsraketten en fjouwer 20mm Phalanx CIWS-kanonnen.

Neitiid waard de USS Missouri formeel wer yn 'e tsjinst nommen op 10 maaie 1986, by in seremoanje dy't plakfûn yn 'e haven fan San Francisco, yn it bywêzen fan 'e Amerikaanske minister fan Definsje Caspar Weinberger. It skip waard stasjonearre yn Long Beach (Kalifornje), en sette fjouwer moannen letter ôf foar in reis om 'e wrâld, wêrby't û.m. it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï, en stêden as Sydney, Hobart, Perth, Istanbûl, Napels en Lissabon oandien waarden. De USS Missouri pasearre sawol it Suëzkanaal as it Panamakanaal en waard it earste Amerikaanske slachskip dat hielendal om 'e wrâld fearn wie sûnt de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt yn 1907 de Grutte Wite Float op in reis om 'e wrâld stjoerde.

De USS Missouri wurdt formeel reäktivearre op 10 maaie 1986 yn San Francisco.

Yn 1987 naam de USS Missouri ûnder de saneamde Tankeroarloggen yn 'e Perzyske Golf en de Arabyske See, dy't in sydkonflikt fan 'e Iraansk-Iraakske Oarloch wiene, diel oan it eskortearjen fan Koeweitske oaljetankers troch it oarlochsgebiet en yn it bysûnder troch de nauwe Strjitte fan Hormûz. Begjin 1988 kearde it slachskip werom yn 'e Feriene Steaten, en inkele moannen letter naam it diel oan 'e RimPac-oefenings by Hawaï, dêr't behalven Amerikaanske marineskippen ek skippen út Austraalje, Kanada en Japan by belutsen wiene. Begjin 1989 kearde de USS Missouri werom nei de Marineskipswerf fan Long Beach foar grut ûnderhâld. Wylst it skip dêr lei, waard op 1 july oan board de fideoklip fan it nûmer If I Could Turn Back Time fan 'e Amerikaanske sjongster Cher opnommen. Yn 1990 naam it skip op 'e nij diel oan 'e RimPac-oefening mei Amerikaanske bûnsgenoaten.

Earste Golfoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Earste Golfoarloch, yn jannewaris 1991, wêrby't de Feriene Steaten en in grutte koälysje fan bûnsgenoaten in ein makken oan 'e besetting fan Koeweit troch Irak, waard de USS Missouri op 'e nij ynset om mei syn reuseftige kanonnen de opmars fan grûntroepen te ûnderstypjen. It skip fear op 3 jannewaris troch de Strjitte fan Hormûz en fjurre op 17 jannewaris foar it earst yn in oarlochssitewaasje in Tomahawk-krúsraket ôf. Op 29 jannewaris fear it skip deun nei de kust fan Koeweit ta, foarôfgien troch it fregat de USS Curts, dat tarist wie mei avansearre apparatuer foar de deteksje fan seeminen dêr't it slachskip sels net oer beskikte.

De USS Missouri fjurret syn grutte kanonnen ôf op Iraakske posysjes yn Koeweit ûnder de Earste Golfoarloch, op 6 febrewaris 1991.

It swiere bombardemint dêr't de Iraakske troepen yn Koeweit doe oan bleat kamen te stean, fêstige harren oandacht op 'e âlde USS Missouri, dêr't se twa moderne HY-2 Silkworm-raketten op ôffjurren. Ien miste doel, en de oare waard ûnderskept troch de Britske torpedoboatjager HMS Gloucester. Tsjin 'e tiid dat de oarlochshannelings har op 26 febrewaris bûten berik fan 'e kanonnen fan 'e USS Missouri ferpleatsten, hie it âlde slachskip yn totaal 759 kanonskûgels fan 410 mm fersketten en 28 Tomahawks lansearre. It skip ferliet de Perzyske Golf op 21 maart en reizge fia Fremantle en Hobart nei hûs om de rest fan it jier oefenings út te fieren en op 7 desimber by de betinking fan 'e Oanfal op Pearl Harbor yn Hawaï oanwêzich te wêzen. Under dy betinking ferbleau de Amerikaanske presidint George H.W. Bush op it skip, de earste kear sûnt 1947 dat der in presidint oan board west hie.

Museumskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't mei de fal fan it Izeren Gerdyn yn 1989 en it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny yn 1991 in ein oan 'e Kâlde Oarloch kaam, folgen der yn 'e Feriene Steaten drastyske besunigings op it definsjebudget. Fan gefolgen koe it net mear út om slachskippen geande te hâlden, mei't dat rottekrûddjoer wie. Sadwaande waard de USS Missouri op 31 maart 1992 yn Long Beach formeel út 'e feart helle. It skip waard wer ûnderdiel fan 'e Pasifyske Reservefloat by de Marineskipswerf fan 'e Puget Sound yn Bremerton, oant it op 12 jannewaris 1995 út it register fan skippen fan 'e Amerikaanske Marine skrast waard.

Toeristen oan board fan 'e USS Missouri, dy't no in museumskip yn 'e lagune fan Pearl Harbor yn Hawaï is.

De boargers fan Bremerton hiene it slachskip graach dêr hâlde wollen om toeristen te lûken, mar it Amerikaanske regear liek it better ta om in symboal foar it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch te keppeljen oan in symboal foar de ein fan dat konflikt. Op 4 maaie 1998 waard de USS Missouri troch de Amerikaanske Marine fergees oerdroegen oan 'e USS Missouri Memorial Association (MMA), in non-profitorganisaasje dy't dêrmei alle soarch foar it ûnderhâld fan it reuseftige skip op him naam. De USS Missouri waard neitiid nei Hawaï sleept, dêr't it slachskip as museumskip yn 'e lagune Pearl Harbor ôfmarre waard oan 'e âlde Battleship Row fan Ford Island, útsjend op it wrak fan 'e USS Arizona, dy't by de Oanfal op Pearl Harbor ta sinken brocht waard, en it byhearrende Tinkteken foar de USS Arizona.

De kanonnen fan 'e USS Missouri wekje oer it Tinkteken foar de USS Arizona (it wite driuwende bouwurk yn 'e fierte) en it wrak fan it sonken skip dêrûnder.

De USS Missouri is in monumint sûnt it skip op 14 maaie 1971 opnommen waard yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP). Reden dêrfoar wie de rol fan it skip by de kapitulaasje fan Japan. De USS Missouri komt lykwols net yn oanmerking om ta in nasjonaalhistoarysk plak (national historic landmark) útroppen te wurden om't it skip nei de Twadde Wrâldoarloch en fral yn 'e 1980-er jierren yngeand modernisearre is.

By in breder, wrâldwiid publyk is de USS Missouri bekend wurden troch dielname oan ferskate films. Sa spile de film Under Siege, út 1992, mei Steven Seagal yn 'e haadrol, oan board fan 'e USS Missouri. Yn dy film waard it wiere skip lykwols inkeld út 'e fierte wei yn byld brocht; de binnendoarsênes op it skip waarden eins opnommen op it slachskip de USS Alabama. Yn 2012 waard in diel fan 'e film Battleship wól oan board fan 'e USS Missouri opnommen. Mei't it skip sûnt 1992 net mear op eigen beweging fearn hat, waard de sêne wêryn't it de iepen see opfart om slach te leverjen mei in bûtenierdske ynvaazjemacht opnommen mei de help fan trije sleepboaten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.