Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 17

Ut Wikipedy

Johnny Cash (eins: John Ray Cash; Kingsland (Arkansas), 26 febrewaris 1932Nashville, 12 septimber 2003) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant (gitarist) en lietsjeskriuwer. Syn bynamme wie the Man in Black ("de Man yn 't Swart"), om't er him fan 'e 1950-er jierren ôf altyd yn dy kleur klaaide. Syn muzyk, dy't opfoel troch syn djippe, swiere bas-baritonstim, waard ornaris omskreaun as country, mar hy song ek rock 'n roll, rockabilly, folk, blues en gospel. Cash groeide yn earmoede op as de soan fan in katoenboer yn Arkansas en briek mids 1950-er jierren troch mei it liet Cry! Cry! Cry! Letter hied er súkses mei nûmers as Folsom Prison Blues, I Walk the Line, Ring of Fire, Man in Black, it humoristyske A Boy Named Sue en it duët Jackson.

Cash ûntjoech him ta ien fan 'e súksesfolste muzikanten aller tiden en ferkocht wrâldwiid mear as 90 miljoen platen. Hy waard opnommen yn sawol de Country Music Hall of Fame (1980), de Rock and Roll Hall of Fame (1992) as de Gospel Music Hall of Fame (2011). Op it persoanlike flak wraksele Cash mei tuskenskoften fan 'e 1950-er en 1990-er jierren mei alkoholisme en drugsferslaving. De leafde fan syn libben wie sjongster June Carter, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Uteinlik stapten se yn 1968 tegearre yn it houliksboatsje. Johnny Cash ferstoar mei 71 jier yn 2003, fjouwer moannen nei syn frou, oan komplikaasjes by sûkersykte. Yn syn libben wûn er 18 Grammy Awards, in American Music Award, 4 Academy of Country Music Awards en 9 Country Music Association Awards. Hy skreau mear as 1.000 ferskes en brocht by syn libben allinnich al 63 studio-albums út. Cash wurdt beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste Amerikaanske muzikanten fan 'e tweintichste iuw, net allinnich wat countrymuzyk oangiet, mar oer alle muzyksjenres.

Lês fierder