Springe nei ynhâld

Gold Coast (Queenslân)

Ut Wikipedy
Gold Coast
Emblemen

it wapen fan 'e gemeente Gold Coast
Bestjoer
Lân Austraalje
Steat Queenslân
Sifers
Ynwennertal 640.778 (2021)
Oerflak 414,3 km²
Befolkingsticht. 1.546,7 / km²
Oar
Stifting 1870
Tiidsône UTC +10
Simmertiid gjint
Koördinaten 28°00′04″S 153°25′42″E
Offisjele webside
www.goldcoast.qld.gov.au
Kaart
Gold Coast (Austraalje)
Gold Coast
Lokaasje yn Austraalje

De Gold Coast (Ingelsk foar "Goudkust") is in stêd en gemeente (local government area) yn Austraalje. It plak leit yn it uterste súdeasten fan 'e Australyske steat Queenslân, dêr't it oer in ôfstân fan krapoan 56 km fan noard nei súd by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns rint. Yn it noarden grinzget it oan 'e stêdekloft fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân, en yn it suden leit it oan 'e grins mei de dielsteat Nij-Súd-Wales. Yn 2021 hie de Gold Coast likernôch 641.000 ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Queenslân (nei Brisbane) en de op fiif nei grutste stêd fan Austraalje. De Gold Coast is in subtropysk baaiplak en in wichtige toeristyske bestimming yn Austraalje, mei as sintrum it omskriuwend neamde Surfers Paradise. Behalven om syn strannen stiet de stêd ek bekend om syn troch wolkekliuwers dominearre skyline, syn ferdivedaasjeparken en nachtklubs en syn troch tropysk reinwâld begroeide efterlân. In wichtich part fan 'e Australyske tillefyzje- en filmyndustry is yn 'e Gold Coast fêstige.

De Gold Coast (yn it Ingelsk wurdt der altyd in lidwurd foar de namme fan 'e stêd pleatst) leit yn 'e uterste súdeastlike hoeke fan 'e Australyske steat Queenslân. It is in tige langrutsen stêd mei in oerflak fan 414,3 km², dy't oer in ôfstân fan 56 km by de kust fan 'e Stille Oseaan lân rint. Yn it noarden wurdt de Gold Coast troch de rivier de Albert skaat fan 'e stêdekloft fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân. Yn it suden wurdt de Gold Coast begrinzge troch de grins mei de dielsteat Nij-Súd-Wales.

De Gold Coast Highway dêr't dy de rivier de Nerang oerstekt.

Fan east nei west wreidet de stêd him út fan 'e kust nei it heuvelige foarlân fan it Grutte Skiedingsberchtme yn it Nasjonaal Park Larnington, dat op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet. De grutste rivier yn it gebiet is de Nerang. Fierwei it grutste part fan 'e Gold Coast wurdt foarme troch de gemeente Gold Coast, dy't fan 'e grins mei Nij-Súd-Wales ôf nei it noarden rint. It finansjeel sintrum fan 'e stêd leit lykwols noardlik dêrfan, yn Southport en Surfers Paradise.

Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw waard it gebiet dêr't no de Gold Coast leit, bewenne troch de Jûgambeh, ien fan 'e hûnderten etnyske groepen dy't mei-inoar de Australyske Aboriginals foarmje. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't dit part fan 'e kust fan Austraalje oandie, wie de Ingelsman John Oxley, dy't yn 1823 lâne op Mermaid Beach. De earste blanke kolonisten fêstigen har yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e krite, mei't se oanlutsen waarden troch de grutte beskikberens fan timmerhout yn 'e foarm fan 'e wâlden fan reade seders yn it efterlân. De kolonisaasje wie in stadich proses, dat tsjin 1870 de hiele krite fan 'e Gold Coast besloech. Southport, dat it tichtste by Brisbane lei, ûntjoech him al rillegau ta in besletten fakânsje-oard foar de riken út dy stêd.

Nei de Earste Wrâldoarloch ûntstie de gewoante om in strânhúske (seaside shack) oan te skaffen yn 'e Gold Coast (dat doe noch net sa hiet). Dat wie wat dat lju út 'e middenklasse ek betelje koene. De strânhúskes, dy't tusken 1914 en 1946 by de hiele kust lâns as poddestuollen út 'e grûn skeaten, waarden boud fan alderhanne materialen, fan beton oant hout. Ek waarden besteande struktueren omfoarme ta strânhúskes, lykas metalen seecontainers, ôftanke skuorkes dy't ôfkomstich wiene fan pleatsen, en sels út 'e tsjinst helle hynstetrams. Tsjin 'e ein fan 'e 1920-er jierren waard oan 'e kust in hotel oprjochte dat Surfers Paradise Hotel hiet, en dêr't Surfers Paradise syn namme oan tanktet. Dêrnei woeks de befolking fan 'e krite sterk oan.

Yn 1948 waard by in bestjoerlike weryndieling de gemeente South Coast oprjochte. De Gold Coast hiet doedestiden noch de South Coast om't it fan Brisbane út besjoen yn it suden lei. Mar doe't de prizen fan ûnreplik goed, en fan guod en tsjinsten, der almar fierder stigen om't eltsenien der wenje woe, krige it om 1950 hinne de bynamme "Gold Coast", dy't yn 't earstoan as skelnamme bedoeld wie. Mar de namme bleau stykjen en úteinlik waard it sa gewoan om 'e South Coast oan te tsjutten as de Gold Coast, dat de gemeente himsels op 23 oktober 1958 omneamde, mei as gefoch dat de stêd ek offisjeel sa kaam te hjitten. Op 16 maaie 1959 waard de Gold Coast útroppen ta in stêd.

Dames op it strân fan Main Beach, omtrint 1934.

Fan 'e 1980-er jierren ôf groeide it toerisme yn 'e Gold Coast hurd, mei't yn dy snuorje ek lju út oare dielen fan Austraalje, en út it bûtenlân, it baaiplak ûntdieken. Yn 1994 slokte de gemeente Gold Coast de Shire of Albert op, wêrmei't it de gemeente mei de grutste befolking fan Queenslân waard, op inkeld Brisbane nei. Yn 2007 stribbe de Gold Coast Newcastle (Nij-Súd-Wales) foarby en waard it de op fiif nei grutste stêd fan Austraalje en de grutste stêd fan Austraalje dy't net in haadstêd fan in dielsteat is.

De ekonomy fan 'e Gold Coast draait fierhinne op it toerisme. De stêd omfettet sa'n 56 km strân, 1.000 km² oan natoergebiet, 65.000 sliepplakken, 13.000 hotelkeamers, 500 restaurants, 40 golfbanen en 5 grutte ferdivedaasjeparken (Dreamworld, Sea World, Wet'n'Wild Water World, Warner Bros. Movie World en WhiteWater World). Op jierbasis wurdt de stêd besocht troch 10 miljoen toeristen, dy't opspjalten wurde kinne yn 5.366.000 deitoeristen út oanbuorjende stêden, 3.468.000 Australyske toeristen dy't teminsten ien nacht yn 'e Gold Coast oerbliuwe, en 849.000 bûtenlânske toeristen. De toeristyske sektor yn 'e stêd hat sadwaande elts jier in opbringst fan mear as 4,4 miljard Australyske dollar (wat delkomt op 4,8 miljard Amerikaanske dollar).

Strântoeristen op it skiereilân Burleigh Heads, mei op 'e eftergrûn de skyline fan Surfers Paradise.

In oare wichtige pylder fan 'e ekonomy fan 'e Gold Coast is de tillefyzje- en filmyndustry. Fan alle film- en tillefyzjeproduksjes út Queenslân wurdt 75% makke yn 'e Gold Coast. De stêd is it op twa nei grutste sintrum fan 'e filmyndustry yn Austraalje, nei Sydney en Melbourne. It grutste studiokompleks yn 'e Gold Coast wurdt foarme troch de Village Roadshow Studios. Dêr binne û.m. The Chronicles of Narnia: The Voyage of the Dawn Treader (2010), San Andreas (2015), Pirates of the Caribbean: Dead Men Tell No Tales (2017), Thor: Ragnarok (2017) en Aquaman (2018) opnommen.

Neffens offisjele gegevens út 2021 hie de Gold Coast doe in befolking fan 640.778 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.546,7 minsken de km². Neffens de folkstelling fan 2016 hie de Gold Coast doe 570.000 ynwenners. De gemeente Gold Coast hie yn 2018 606.774 ynwenners, oftewol sa'n 94,7% fan 'e befolking fan 'e hiele stêd. Dat komt om't Southport en Surfers Paradise benammen besteane út hotels en kantoaren en mar foar in lyts part út wenwiken.

De yngong ta it strân fan Surfers Paradise.

It meastepart fan 'e befolking fan 'e Gold Coast bestiet út lju dy't fan etnysk komôf Ingelsen binne (29,3%), folge troch Angelsaksyske Austraaljers (22,5%), Ieren (8,2%), Skotten (7,5%) en Dútsers (3,6%). Australyske Aboriginals meitsje 1,7% fan 'e befolking út.

Fan 'e ynwenners fan 'e Gold Coast wie yn 2016 64% berne yn Austraalje. De meast foarkommende oare bertelannen wiene: Nij-Seelân (7,9%), Ingelân (5,2%), Sina (1,2%), Súd-Afrika (1,2%) en Japan (0,7%).

Ofsjoen fan it Ingelsk binne de meast sprutsen memmetalen yn 'e Gold Coast: Mandarynsk (1,6%), Japansk (1,0%), Koreaansk (0,6%), Spaansk (0,6%) en Kantoneesk (0,5%).

It Gold Coast Convention & Exhibition Centre.

Op religieus mêd bestie neffens de folkstelling fan 2016 31,8% fan 'e befolking fan 'e Gold Coast út ateïsten en agnosten, 20,7% út leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, 16,2% út leden fan 'e Anglikaanske Tsjerke fan Austraalje en 3,9% út leden fan 'e Ferienjende Tsjerke yn Austraalje.

De Gold Coast hat in fochtich subtropysk klimaat, mei waarme simmers en tige mylde winters. Yn jannewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,9 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 21,3 °C. De temperatueren kinne simmerdeis (d.w.s. yn 'e simmer op it súdlik healrûn, wat by ús de winter is) lykwols oprinne oant mear as 40 °C, wylst it winterdeis (yn ús simmer) by seldsume gefallen ôfkuolje kin oant 2,5 °C.

De Gold Coast kriget jiers trochinoar 1.253 mm delslach. Simmerdeis falt dêrfan fierwei it meastepart, yn 'e foarm fan swierwaar of stjalprein dy't soms wiken oanhâlde kin en de ynwenners fan 'e stêd de summer blues jout (in klinyske simmerdepresje). Winterdeis falt der hast hielendal gjin rein.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.