Springe nei ynhâld

Village Roadshow Studios

Ut Wikipedy
Disney Studios Australia
algemien
nasjonaliteit Austraalje
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Gold Coast (Queenslân)
oprjochte 1986
oprjochter Dino De Laurentiis
mem Village Roadshow
offisjele webside
www.movieworldstudios.com.au
kaart
Village Roadshow Studios (Gold Coast)
Village Roadshow Studios
Lokaasje yn 'e Gold Coast.

De Village Roadshow Studios binne in studiokompleks yn 'e Gold Coast, yn it súdeasten fan 'e Australyske steat Queenslân. It bedriuw waard yn 1986 oprjochte troch de Italjaansk-Amerikaanske filmprodusint Dino De Laurentiis en kaam yn 1988 yn 'e hannen fan it Australyske bedriuw Village Roadshow. Yn 'e Village Roadshow Studios binne in grut tal films en tillefyzjesearjes opnommen, wêrûnder Aquaman, Thor: Ragnarok en The Shallows. De Village Roadshow Studios foarmje ien fan 'e trije grutte filmstudiokompleksen fan Austraalje, njonken de Disney Studios Australia yn Sydney en de Docklands Studios yn Melbourne.

It studiokompleks dat no de Village Roadshow Studios hjit, waard yn 1986 oprjochte troch de Italjaansk-Amerikaanske filmprodusint Dino De Laurentiis foar syn De Laurentiis Entertainment Limited (DEL). Yn 1988 waard DEL oernommen troch it Australyske bedriuw Village Roadshow, wêrnei't it kompleks syn hjoeddeistige namme krige. It studiokompleks waard earder boud as it oanbuorjende ferdivedaasjepark Warner Bros. Movie World, dat út 1991 datearret. De Studio Tour-rûnlieding fan it ferdivedaasjepark die yn 't earstoan ek it studiokompleks oan. Nettsjinsteande de fysike neite en de operasjonele bannen tusken it studiokompleks en it ferdivedaasjepark hawwe it lykwols altyd ferskillende bedriuwen west.

Yn 2004 briek der ûnder de opnamen fan 'e film House of Wax brân út yn Soundstage 8, wêrby't dat hiele gebou ferlern gie. Yn 2018 waarden de grutte soundstages fan 'e Village Roadshow Studios ynset as sportakkomodaasjes foar de Mienebêstspullen fan 'e lannen en territoaria fan it Britske Mienebêst, dy't dat jiers yn 'e Gold Coast holden waarden. Dêrfoar waarden de soundstages tarist mei tribunes foar publyk, sadat in maksimum fan 6.200 taskôgers de eveneminten besykje koene dy't dêr holden waarden, te witten: it boksen en it tafeltennis.

De Village Roadshow Studios omfetsje njoggen soundstages fan ferskate grutte. Der binne ek trije wettertanks (ien binnendoar en twa bûtendoar), wêrûnder de grutste filmwettertank fan Austraalje. Fierders beskikt it kompleks oer klaaikeamers en romten foar fisazjy en hierstilearring, fiif wurkplakken foar bgl. de produksje fan dekôrstikken, twa garderôbes mei waskerettes foar kostúms, kantoarromte, bergings, fasiliteiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje en previewfertoanings, en in special effects-studio.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Village Roadshow Studios opnommen of produsearre binne:


In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Village Roadshow Studios opnommen of produsearre binne:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.