Njoggende Legioen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Njoggende Legioen
("Legio IX Hispana")
algemiene gegevens
lân Vexiloid of the Roman Empire.PNG Romeinske Ryk
ûnderdiel Roman Military banner.svg Keizerlik Romeinsk Leger
soarte ynfantery (oanfolle mei wat kavalery)
bysûnderheden
sterkte ±5.400 man
aktyf 1e helte 1e iuw f.Kr.2e iuw n.Kr.
bynamme it Ferlerne Legioen
konflikten
Gallyske Oarloggen
Slach by Aktium
Kantabryske Oarloggen
Romeinske ferovering fan Brittanje
Opstân fan Bûdika
Slach by Mons Graupius

It Njoggende Legioen, yn it Latyn: Legio IX Hispana ("Legioen IX – fan Hispanje"), ek stavere as Legio VIIII Hispana en as Legio nona Hispana, wie in legioen fan it Keizerlike Romeinske Leger dat bestie fan 'e earste helte fan 'e earste iuw f.Kr. oant teminsten it jier 120. It bestie út 5.400 man, meast fuotfolk, oanfolle mei wat hynstefolk foar ferkenningstaken en sa. It wie legere en focht yn ferskate provinsjes fan 'e lette Romeinske Republyk en it iere Romeinske Ryk. Nei de Romeinske ferovering fan Brittanje waard it Njoggende Legioen stasjonearre yn 'e nije provinsje Brittanje, dêr't it nei likernôch 120 sûnder útlis út 'e histoaryske boarnen ferdwûn. It ûnbekende lot fan it legioen joech it de bynamme it 'Ferlerne Legioen'. Der waarden ferskate teoryen betocht om 'e ferdwining fan it legioen út te lizzen.

De bekendste, fan Theodor Mommsen, woe hawwe dat it Njoggende Legioen by in fjildtocht yn Kaledoanje alhiel útrûge wie yn 'e striid tsjin 'e Pikten. Dat idee waard mids tweintichste iuw popularisearre troch de roman The Eagle of the Ninth, fan Rosemary Sutcliff. Mank histoarisy rekke de teory fan Mommsen lykwols út 'e geunst doe't ferskate ynskripsjes oer it legioen weromfûn waarden yn Nimwegen, wat suggerearret dat it omtrint 120 dêrhinne oerpleatst is. Der wurdt no wol tocht dat it Njoggende útrûge is yn in oarloch út 'e twadde iuw, lykas de Bar Kochba-opstân of de Romeinsk-Partyske Oarloch fan Markus Aurelius. Yn elts gefal is dúdlik dat it legioen net mear bestie yn it jier 197.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Romeinske Republyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is ûnbekend wannear't it Njoggende Legioen krekt oprjochte is, mar dat hat nei alle gedachten ier yn 'e earste iuw f.Kr. west. It liket der nammentlik sterk op dat it legioen ûnder de Sosjale Oarloch fan 90 f.Kr. dielnaam oan 'e belegering fan Askulum (no Ascoli Piceno). Doe't Julius Caesar yn 58 f.Kr. gûverneur waard fan Sisalpynsk Galje, wiene dêr al fjouwer legioenen legere, it Sânde, Achtste, Njoggende en Tsiende. It Njoggende wie mooglik stasjonearre yn Aquileia, yn wat no Friûly-Julysk Feneesje is, om ynfallen fan 'e Illyrjers tsjin te gean. Caesar skoep noch twa legioenen (it Alfde en it Tolfde) en brûkte alle seis foar syn oanfal op 'e Helveten dy't it begjin foarme fan 'e Gallyske Oarloggen. Dêrby focht it Njoggende yn 'e Slach by Dyrrachium en de Slach by Farsalus (48 f.Kr.) en teffens yn 'e Afrikaanske Fjildtocht fan 46 f.Kr. Nei syn úteinlike oerwinning op 'e Galjers hefte Caesar it Njoggende Legioen op en joech de feteranen lân yn it gebiet fan Picenum (no Romanjoala).

Tinkteken foar Lusius Dukkius Rûfinus, in standertdrager fan it Njoggene Legioen. Te sjen yn it Yorkshire Museum yn York.

Nei de moard op Julius Caesar besocht Caesar syn meistanner Fentidius Bassus om ta de weroprjochting fan it Sânde, Achtste en Njoggende Legioen te kommen, mar it is ûndúdlik oft dat slagge, en sa ja, foar hoe lang. Letter rôp Caesar syn erfgenamt Augustus Oktavianus de feteranen fan it Njoggende Legioen op om mei te fjochtsjen by it ûnderdrukken fan 'e opstân fan Sekstus Pompejus yn Sisylje. Nei't dêr de oerwinning behelle wie, waarden se nei Masedoanje stjoerd. It Njoggende bleau by Oktavianus yn syn oarloch fan 31 f.Kr. tsjin Markus Antoanius en Kleopatra, en focht mei yn 'e Slach by Aktium.

Yn it Romeinske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Oktavianus yn 41 f.Kr. syn fijannen ferslein hie en himsels fêstige hie as earste keizer fan it Romeinske Ryk, waard it Njoggende Legioen nei Hispanje stjoerd om diel te nimmen oan 'e grutskalige fjildtocht tsjin 'e Kantaabrjers (25-13 f.Kr.) De bynamme fan it legioen, Hispana, dy't safolle betsjut as "legere yn Hispanje", datearret út dy tiid. It hat wol kâns dat it Njoggende Legioen letter diel útmakke fan it Romeinske leger dat de Romeinske limes oan 'e Ryn oerstiek om Germaanje te anneksearjen. Nei de jammerdearlike Romeinske nederlaach tsjin 'e Germaanske stammen yn 'e Slach yn it Teutoburgerwâld yn it jier 9, waard it Njoggende Legioen foar garnizoenstsjinst oerpleatst nei Pannoanje (rûchwei it hjoeddeistige Hongarije).

Histoarisy achtsje it frijwol wis dat it Njoggende Legioen yn 43 dielnaam oan 'e Romeinske ferovering fan Brittanje troch keizer Klaudius en generaal Aulus Plautius, mei't de troepen fan it legioen koart dêrnei as garnizoenen yn 'e nije Romeinske provinsje Brittanje neamd wurde. Yn 50 wie it Njoggende ien fan 'e beide Romeinske legioenen dy't de Keltyske krigers fan Karatakus, de haadman fan 'e Katûvellaunen, fersloech yn 'e Slach by Caer Caradoc. Om datseldichste jier hinne boude it legioen yn eastlik Brittanje in fort dat Lindum Colonia neamd waard, in namme dy't letter ferbastere is ta Lincoln.

In fragmint fan in klaaitablet mei ynskripsje, fûn yn 1864, no te sjen yn it Yorkshire Museum yn York. It befettet de lêste folslein wisse ferwizing nei it Njoggende Legioen, datearjend út 108.

Yn 'e Opstân fan Bûdika, yn 61, litte it Njoggende Legioen ûnder lieding fan Kwintus Petillius Serialis in swieren nederlaach yn 'e Slach by Camulodunum, doe't al it fuotfolk omkaam by in desastreus ferrûn besykjen ta ûntset fan 'e belegere stêd Camulodunum (Colchester). Inkeld it hynstefolk, in lytse minderheid fan it legioen, oerlibbe dat treffen. It Njoggende waard neitiid fuortsterke mei nije rekruten út 'e Romeinske provinsjes Opper-Germaanje en Neder-Germaanje wei. Doe't Serialis tsien jier letter as gûverneur nei Brittanje weromkearde, naam er op 'e nij it befel fan it Njoggende op om yn in fjildtocht yn 71-72 rebûlje ûnder de Briganten, in Keltyske stamme yn noardlik Brittanje, del te slaan. Neitiid boude it legioen in nij fort te Eboracum (it hjoeddeistige York), om as besettingsmacht yn it lân fan 'e Briganten te fungearjen.

Yn 82-83 naam it Njoggende Legioen diel oan 'e ynvaazje fan Gnajus Julius Agrikola yn Kaledoanje (no Skotlân). Neffens Tasitus soe it legioen dêrby mar nauwerneed oan 'e ferneatiging ûntkommen wêze doe't de Kaledoanjers (wierskynlik de Pikten) it by in nachtlike ferrassingsoanfal yn it eigen kampemint oer it mad kamen. It Njoggende Legioen naam ek diel oan 'e beslissende Slach by Mons Graupius. De lêste kear dat der yn in histoaryske boarne mei wissichheid nei it Njoggende Legioen ferwiisd wurdt, is yn 108, by it werbouwen yn stien fan it earder houtene fort fan it legioen te Eboracum. Dy fermelding is ynkurven yn in klaaitablet dat yn 1864 ûntdutsen waard en no útstald is yn it Yorkshire Museum yn York.

Unwis lot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa listen oerlevere dy't Romeinske legioenen opsomje, beide út it regear fan keizer Septimius Sevearus (r. 193-211). De listen datearje fan nei 197, en oan 'e hân fan 'e ynhâld is dúdlik dat it Njoggende Legioen doe net mear bestie. It lot fan 'e legerienheid is ûnwis. Om't de ferwizings nei it Njoggende Legioen nei 108 hommels ophâlde, krige it de bynamme fan it 'Ferlerne Legioen' en waard der frijwat oer spekulearre. De tradisjonele teory waard troch de foaroansteande njoggentjinde-iuwske Noardfryske skiedkundige Theodor Mommsen op 't aljemint brocht, dy't riddenearre dat it Njoggende Legioen ûnder it regear fan keizer Hadrianus (r. 117-138) by in fjildtocht nei Kaledoanje troch de Keltyske stammen folslein útrûge wêze moast. Hy seach dat as de direkte reden foar it begjin fan 'e bou fan 'e Muorre fan Hadrianus yn 122, dy't it troch de Romeinen behearske Brittanje beskermje moast tsjin it barbaarske Kaledoanje. De teory fan Mommsen waard mids tweintichste iuw popularisearre troch de roman The Eagle of the Ninth fan Rosemary Sutcliff, dy't yn 1954 ferskynde.

In tegelstimpel fan it Njoggende Legioen út it fort te Caerleon yn Wales.

Yn 1996 waarden lykwols by argeologyske opgravings fan 'e ruïnes fan Noviomagus Batavorum, it hjoeddeistige Nimwegen, yn Nederlân, ferskate ynskripsjes ûntdutsen dy't derop wize dat it Njoggende Legioen nei 120 dêre legere wie. Sa waarden der ferskate tegelstimpels ûntdutsen dy't datearje fan tusken 104 en 120 en in fersulvere brûnzen hinger dy't diel útmakke fan in phalera (militêre ûnderskieding), mei de tekst "LEG HISP IX" op 'e efterkant. Fierders wie yn 1968 by Aquae Granni (no Aken, yn Dútslân) al in alter opdobbe dat neffens de tekst dy't der ynkurven wie, oprjochte wie troch in Lusius Latinius Maser, dy't himsels yn in ynskripsje primus pilus ("heechste senturion") en praefectus castrorum ("kampprefekt", d.w.s. op twa nei heechste ofsier) fan it Njoggende Legioen neamt. Dizze fynsten lykje derop te wizen dat it Njoggende Legioen oerpleatst wie nei de Romeinske provinsje Neder-Germaanje om dêr de Ryngrins te bewekjen.

Temear om't út ûndersyk ek bleken is dat twa hege ofsieren dy't om 120 hinne by it Njoggende tsjinnen, noch ferskate desennia libben en har ûntjoegen ta foaroansteande politisy, rekke de teory fan Mommsen tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw út 'e graasje. Nettsjinsteande dat binne der noch altyd guon saakkundigen dy't fêsthâlde oan 'e tradisjonele teory, wat se rjochtfeardigje troch te bewearen dat de Nimweechske ynskripsjes út omtrint 80 datearje moatte, doe't detasjeminten fan it Njoggende nei de Ryn stjoerd waarden om 'e dêr legere troepen te fersterkjen dy't te krijen hiene mei Germaanske ynfallen..

De measte histoarisy tinke no lykwols dat it Njoggende Legioen ferneatige wêze moat yn in Romeinske oarloch út 'e twadde iuw. In wichtige kandidaat dêrfoar is de Bar Kochba-opstân fan 'e Joaden, dy't fan 132 oant 135 yn Judeä útfochten waard. It is bekend dat de Romeinen swiere ferliezen litten yn 'e striid tsjin 'e Joaden, en it útbrekken fan 'e Bar Kochba-opstân yn 132 soe likernôch oerienkomme mei de tiid dat it Njoggende Legioen wierskynlik út Nimwegen ôfsette (±130). Yn dit senario soe it Njoggende nei Judeä stjoert wêze om 'e Romeinske legioenen te fersterkjen dy't dêr al fochten, wêrby't der troch de Joaden sokke slimme ferliezen oan tabrocht waarden dat it opheft waard. Fan in oar Romeinske legioen, it Twaentweintichste Legioen (Deiotariana), dat ornaris yn Egypte leger wie, stiet fêst dat it yn 'e Bar Kochba-opstân ynset is, en dêrfan hâlde de fermeldings neitiid ek hommels op. It is foarstelber dat de Joaden twa legioenen ferneatige hawwe, mar as dat sa wie, soe it de slimste Romeinske nederlaach west hawwe sûnt de Slach yn it Teutoburgerwâld yn it jier 9, doe't trije legioenen ferlern giene.

De saneamde 'earn fan Silchester', in Romeinsk artefakt dat by Silchester fûn is en no op 'e noed is fan it Reading Museum. It is net in earnestandert fan in Romeinsk legioen, mar it ynspirearre Rosemary Sutcliff wol ta har histoaryske roman oer de earnestandert fan it Njoggende Legioen, The Eagle of the Ninth.

De oare wichtige kandidaat foar in konflikt wêryn't it Njoggende Legioen ferneatige wêze kin, is de Romeinsk-Partyske Oarloch fan keizer Markus Aurelius tsjin kening Vologases IV út 161-166. Neffens de Gryksk-Romeinske skiedskriuwer Kassius Dio rekke dêrby yn Armeenje in net by namme neamd Romeinsk legioen troch de troepen fan 'e Partyske generaal Chosroës besingele en ferdylge. Dat soe ta de selsmoard laat hawwe fan 'e kommandant fan dat legioen, gûverneur fan Kappadoasje Markus Sedatius Severianus. Der wiene doedestiden twa legioenen yn Kappadoasje (in diel fan Lyts-Aazje) legere, it Sânde Legioen (Fulminata) en it Fyftjinde Legioen (Apollinaris). Fan allebeide is lykwols oerlevere dat se nei 200 noch aktyf wiene, dat it útrûge legioen kinne se net ien fan beiden wêze. Men tinkt dêrom oan it Njoggende of it Twaentweintichste (Deiotariana). Oan 'e teory dat it om it Njoggende gean soe, klibbet it neidiel dat der in folslein gebrek oan bewiis bestiet dat dat ea yn it eastlike part fan it Romeinske Ryk oanwêzich west hat. Boppedat is it ûnwierskynlik dat der fan 120 ôf alhiel gjin fermelding fan it Njoggende oerlevere wêze soe as it oan 161 ta bestien hawwe soe.

Der kin allinne mar konkludearre wurde dat it lot fan it Njoggende Legioen noch altyd ûnwis is.

Yn 'e popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ta de ferbylding sprekkende ferdwinen fan in hiel legioen hat derta laat dat it Njoggende Legioen yn ferskate moderne romans en films figurearret. De histoaryske roman The Eagle of the Ninth, fan Rosemary Sutcliff, út 1954 popularisearre de teory dat it legioen yn Kaledoanje besingele en ferdylge wie troch de Pikten. Ferskate oare boeken borduerren op dat idee fuort, wêrûnder Red Shift (1973) fan Alan Garner en fantasyromans as Lady of Avalon (1997) fan Marion Zimmer Bradley en Dark Prince (1991) fan David Gemmell. Yn dat lêste boek binne de lezjonêrs fan it Njoggende nei harren dea fêst kommen te sitten yn in soarte fan faaiefjoer en wurde se troch in tiidreizgjende Aristoteles ynset om in fan in demon besette Aleksander de Grutte te rêden. De Codex Alera-romansearje fan Jim Butcher spilet yn Carna, in wrâld befolke troch de neikommelingen fan 'e soldaten en kampfolgers it Njoggende Legioen, dy't dêr op magyske wize hinne oerbrocht waarden.

Films oer it Njoggende Legioen binne: The Last Legion (2007), basearre op 'e roman L'Ultima Legione fan Valerio Massimo Manfredi út 2002, wêryn't it legioen ynpast wurdt yn 'e Arthurleginden; Centurion (2010), dat it lot fan it legioen folget sjoen troch de eagen fan 'e senturion Quintus Dias; en The Eagle (2011), basearre op 'e roman fan Rosemary Sutcliff, wêryn't de soan fan ien fan 'e ofsieren fan it Njoggende mei syn slaaf ôfset nei Kaledoanje op in kweeste om 'e earnestandert fan it Legioen werom te finen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.