Hispanje

Ut Wikipedy
De fiif Romeinske provinsjes ûnder it bewâld fan Diokletianus

Hispanje wie yn de klassike âldheid de Latynske namme fan it Ibearysk Skiereilân (no Spanje, Portugal, Gibraltar, Andorra en in lyts stik fan Frankryk) dy't fral troch de Romeinen ûnder it bewâld fan keizer Diokletianus brûkt waard.

Yn it Romeinske Ryk waard Hispanje yn twa provinsjes opdield: Hispania Citerior en Hispania Ulterior. Under it Prinsipaat waard Hispania Ulterior wer opdield yn de twa nije provinsjes Baetica en Lusitania. De namme Hispania Citerior waard feroare nei Tarraconensis. Dêrnei waard it westlike diel fan Tarraconensis ôfskieden. Dat gebiet waard earst Hispania Nova neamd, letter krige it de namme Gallaecia (letter Galysje neamd). Nei de Tetrargy (284 nei Kristus) waard it suden fan de oerbleaune Tarraconensis ôfskieden en Carthaginensi neamd. Letter binne de Balearen wierskynlik ek in selsstannige bestjoerlike ienheid yn it Romeinske Ryk wurden.