Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 16
De wolf (wittenskiplike namme: Canis lupus), ek wol grize wolf of gewoane wolf neamd ta ûnderskie fan oare soarten hûneftigen dy't 'wolf' hjitte, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis). In wyfke wurdt in wolvinne neamd. Dit bist komt foar yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, hoewol't syn histoaryske ferspriedingsgebiet noch folle grutter wie. Op in protte plakken is er troch de iuwen hinne útrûge troch de minske. Yn Fryslân is er yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren nei in ôfwêzichheid fan trijehûndert jier weromkeard. De wolf is in mânsk rôfdier en de grutste libbene soarte fan alle hûneftigen. Hy is lykwols nau genôch besibbe oan lytsere soarten út deselde famylje, lykas de goudjakhals (Canis aureus) en de prêrjewolf (Canis latrans), om mei harren fruchtbere krusings te produsearjen. Wolven binne behalven karnivoaren ek sosjale bisten dy't yn ridels libje. Se jeie mei-inoar en kinne dêrtroch proaien oan dy't folle grutter binne as sysels. Der binne fan 'e wolf mear as tritich wylde ûndersoarten. De hûn (Canis lupus familiaris) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e wolf. Ek de dingo (Canis lupus dingo), de ferwyldere hûn fan Austraalje, is in ûndersoarte fan 'e wolf. De IUCN klassifisearret de wolf as net bedrige.