2010-er jierren
2010-er jierren | ||
In demonstraasje tsjin klimaatferoaring yn 2014. | ||
<< 2000-er jrn • 2010-er jrn • 2020-er jrn >> | ||
2010 • 2011 • 2012 • 2013 • 2014 2015 • 2016 • 2017 • 2018 • 2019 |
De 2010-er jierren, ek oantsjut as de jierren ’10, wiene in desennium fan 'e 21e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 2011 en duorre it oant en mei 31 desimber 2020, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 2010 oant en mei 31 desimber 2019. Dit desennium waard karakterisearre troch in stadige ekonomyske en technologyske foarútgong. De Arabyske wrâld stie yn it teken fan 'e Arabyske Maityd en de opkomst en ûndergong fan 'e saneamde Islamityske Steat. Yn East-Jeropa ûntjoech him in nij konflikt tusken Ruslân en de Oekraïne. De Feriene Steaten setten harren Oarloch tsjin it Terrorisme fuort, mar op it wrâldtoaniel belune harren ynfloed hieltyd fierder yn it foardiel fan Ruslân en Sina, benammen nei't yn 2016 Donald Trump ta presidint keazen wie. Yn 'e lêste jierren fan it desennium ûntjoech him in wrâldwide beweging fan boargers dy't yn noed sieten oer de klimaatferoaring, en harren regearings ûnder druk setten om dêr mear tsjin te dwaan.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 2010-er jierren begûnen op it hichtepunt fan 'e Bankekrisis, dy't laat hie ta de Grutte Resesje, in ynternasjonale ekonomyske krisis sa't net mear sjoen wie sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. Yn Jeropa waard dêrtroch de Jeropeeske Skuldekrisis feroarsake, dy't lannen as Ierlân, Portegal, Spanje, Syprus en fral Grikelân yn it ferdjer stoarte trochdat dy lannen bûn wiene oan 'e foarskriften fan 'e Jeropeeske ienheidsmunt euro en gjin effektyf eigen ekonomysk belied fiere koene. Ynstee waarden se troch de rike noardlike lannen fan Jeropeeske Uny, mei Dútslân en Nederlân foarop, twongen om drakoanyske besunigingsmaatregels troch te fieren sadat se harren skulden oan dy lannen ôflosse koene. De Jeropeeske Skuldekrisis kearde jierrenlang tsjin dat de Jeropeeske Uny út 'e resesje komme koe, wylst it mei lannen as de Feriene Steaten en Japan doe al lang wer folle better gie. Yn 'e hiele wrâld joech de Bankekrisis fierders oanlieding ta de Occupy-bewegings, dy't har kearden tsjin 'e rike "1%" fan 'e maatskippij.
De minne sosjaal-ekonomyske omstannichheden laten yn 'e Arabyske wrâld ta it útbrekken fan in rige grutskalige folksprotesten dy't mei-inoar bekend kamen te stean as de Arabyske Maityd. Yn guon lannen, lykas Bachrein, waarden de protesten bloedich delslein, wylst se yn oaren, lykas Jemen, troch omstannichheden op in stuit in stille dea stoaren. Yn inkele lannen, nammentlik Tuneezje en Egypte, laten de protesten ta in revolúsje. Yn Tuneezje waard diktator Zine El Abidine Ben Ali ôfset by de Tunezyske Revolúsje, wêrnei't it lân in demokratysk regear krige. Yn Egypte moast diktator Hosni Mûbarak it fjild romje by de Egyptyske Revolúsje. Doe't dêr nei demokratyske ferkiezings lykwols Mohammed Morsi, in lid fan 'e islamistyske Moslimbruorskip, presidint waard, folge in jier letter in steatgreep dy't it leger wer oan 'e macht brocht, sadat it lân werom by ôf wie. Yn Lybje late de Arabyske Maityd ta it útbrekken fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch, wêrby't diktator Mûammar Chadaffi ôfset en fermoarde waard. Nei in koarte perioade fan relative rêst briek lykwols de Twadde Libyske Boargeroarloch út, dy't it lân de rest fan 'e 2010-er jierren yn 'e besnijing hâlde soe.
Ek yn Syrje laten protesten yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd ta it útbrekken fan in boargeroarloch. Dêrby namen ferskate rebellegroepen it op tsjin 'e troepen fan diktator Basjir al-Assad. Doe't dúdlik waard dat de Feriene Steaten ûnder presidint Barack Obama ûnwillich wiene om yn 'e Syryske Boargeroarloch yn te gripen, sels as troch it rezjym fan Assad gifgas brûkt waard en oarlochsmisdieden begien waarden, sprong Ruslân yn it machtsfakuum troch troepen te stjoeren dy't aktyf meifochten oan 'e kant fan it Syryske regearingsleger. De Syryske Boargeroarloch brocht in ûnbidige stream flechtlingen op gong, dy't yn 2015 Jeropa oerspielde en late ta de Jeropeeske Flechtlingekrisis. Ut 'e gaos fan 'e Syryske Boargeroarloch ûntstie ek de terroristyske islamistyske organisaasje Islamityske Steat (IS), dy't in grut grûngebiet yn it woastinige easten fan Syrje en westen fan Irak wist te feroverjen. In koälysje fan 'e Koerden, it Iraakske regearingsleger en in stikmannich Westerske lannen ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten wie der jierrenlang mei besteld om 'e ekstremisten fan IS te ferslaan.
Oan it begjin fan 'e 2010-er jierren besochten de Feriene Steaten aktyf harren status fan supermacht te behâlden foar in weropkommend Ruslân en in almar assertiver Sina oer. Sina fierde militêre herfoarmings troch en lansearre ûnbidich grutte ekonomyske inisjativen dy't de Sineeske hannel en dêrmei macht fral yn Afrika sterk útwreiden. Tagelyk liet it lân him jilde yn it gebiet fan 'e Súdsineeske See, dat it beskôge as syn besit. Nei't yn 2016 Donald Trump keazen wie ta presidint fan 'e Feriene Steaten, eskalearren de spannings mei Sina ta in Amerikaansk-Sineeske hannelsoarloch. Oan 'e oare kant stelde Trump him foar Ruslân oer krekt tige fermoedsoenjend en tebekhâldend op, wylst er ek op oare mêden syn lân hieltyd fierder út 'e wrâldpolityk weromloek. Dat stelde Ruslân en Sina yn 'e gelegenheid om harren macht fierder út te wreidzjen yn it neidiel fan 'e Feriene Steaten.
De Russyske presidint Vladimir Pûtin wie yn 2014 al in nij konflikt begûn doe't er it Oekraynske skiereilân De Krim besette en letter yllegaal anneksearje liet. Dêrnei sette Ruslân útein mei it opstokeljen fan 'e etnysk Russyske minderheid yn 'e Donbas-regio fan 'e eastlike Oekraïne tsjin it nije, op it Westen oriïntearre regear yn Kiëv. Dat wie oan 'e macht kommen nei de Oekraynske Revolúsje fan begjin 2014, wêrby't de korrupte, pro-Russyske presidint Viktor Janûkovitsj ôfset wie. De Russyske aktiviteiten laten ta it útbrekken fan in iepen opstân fan wapene rebellen yn it easten fan 'e Oekraïne, dy't yn july 2014 by fersin it Maleizyske ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 17 delskeaten.
Yn 'e 2010-er jierren waard it ynternet fan de dingen sterk útwreide fanwegen nije ûntwikkelings op it mêd fan triedleaze apparatuer, mobile tillefony en opslach yn clouds. Troch it útrôljen fan 5G-netwurken en foarútgong oangeande dataferwurking koe ynformaasje no flugger oerbrocht wurde as ea tefoaren. Dat fasilitearre de tanimmende maatskiplike ynfloed fan sosjale media, lykas Facebook, Twitter en Instagram, en ek de opkomst fan streamingstsjinsten op it mêd fan tillefyzje, lykas Netflix, en op it mêd fan muzyk, lykas Spotify. Fierders makke it mooglik dat de online-organisaasje WikiLeaks geheime Amerikaanske oerheidsynformaasje publisearje koe oer û.m. Guantánamo Bay en de Amerikaanske belutsenens by de Irakoarloch, de oarloch yn Afganistan en de Syryske Boargeroarloch. De Amerikaanske klokkelieder Edward Snowden, dy't bekendmakke dat de Amerikaanske oerheid it foar de moade hie om ôf te lústerjen wa't se mar ôflústerje woene, moast flechtsje en krige asyl yn Ruslân. Oare Amerikaanske klokkelieders, lykas Chelsea Manning en Reality Winner, krigen lange finzenisstraffen oplein.
Kultureel waarden de 2010-er jierren yn in soad lannen karakterisearre troch in ferskowende hâlding en mear akseptaasje foar homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen oer. Portegal, Iislân, Argentynje, Denemark, Brazylje, Frankryk, Oerûguay, Nij-Seelân, Ingelân, Wales, Skotlân, Lúksemboarch, Gûam, de Feriene Steaten, Porto Riko, Ierlân, Grienlân, Kolombia, Man, Gibraltar, Finlân, de Falklâneilannen, Guernsey, de Fêreu-eilannen, Malta, Dútslân, Austraalje, Jersey, Eastenryk, Taiwan en Ekwador fierden it homohoulik yn. Ek op it mêd fan feminisme en emansipaasje waarden stappen set. It #Me Too-skandaal brocht seksueel misbrûk fan froulju yn 'e filmyndustry fan Hollywood oan it ljocht, en wreide him doe út nei oare wurkmêden. It soarge foar in nije gewaarwurding fan hokker yngripende gefolgen seksuële yntimidaasje foar in libben hawwe kin.
Fral yn 'e lêste helte stiene de 2010-er jierren fierders sterk yn it teken fan massale demonstraasjes tsjin klimaatferoaring en it broeikaseffekt, dat op alle wrâlddielen ta ekstreem waar late. Foarbylden dêrfan wiene hjitteweagen yn West-Jeropa, oerstreamings yn East-Afrika, oanhâldende boskbrannen yn Austraalje en Noard-Amearika en superorkanen as Irma en Haiyan yn it Karibysk Gebiet, resp. Súdeast-Aazje. It yn 2015 sletten Klimaatakkoart fan Parys moast de klimaatferoaring tsjingean, mar neffens klimaataktivisten diene de ûnderskate regearings fierstente min om klimaatferoaring oan te pakken.
Wichtichste foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 4 jannewaris - De Boerdj Chalifa, in hotel yn Dûbai, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, wurdt iepene. It is mei 828 m de heechste wolkekliuwer yn 'e wrâld.
- 12 jannewaris - By in swiere ierdbeving fan 7,0 op 'e skaal fan Richter komme yn Haïty likernôch 160.000 minsken om. Miljoenen Haïtianen reitsje dakleas.
- 15 jannewaris - De Tsjadyske Boargeroarloch wurdt beëinige.
- 25 jannewaris - It ferkearsfleantúch Ethiopian Airlines-flecht 409 stoart del yn 'e Middellânske See koart nei't it opstige is fan 'e lofthaven fan 'e Libaneeske haadstêd Beirût. Dêrby komme alle 90 ynsittenden om.
- 15 febrewaris - By de treinramp fan Halle, by it Belgyske Halle, komme 19 minsken om en reitsje 171 oaren ferwûne.
- 18 febrewaris - By in steatgreep yn Niger wurdt presidint Mamadou Tandja ôfset en in militêre diktatuer ynsteld ûnder lieidng fan Salou Djibo.
- 20 febrewaris - Yn Nederlân falt it Kabinet-Balkenende IV oer de kwestje fan it wol of net ferlingjen fan 'e Nederlânske missy yn Afganistan.
- 27 febrewaris - By in ierdbeving fan 8,8 op 'e skaal fan Richter, folge troch in tsûnamy, komme yn Sily 525 minsken om. It episintrum leit op likernôch 115 km fan Concepción.
- 20 maart-23 juny - Op Iislân barst oanhâldend de fulkaan de Eyjafjallajökull út. Dêrby wurdt sa'n soad fulkanyske jiske yn 'e atmosfear fan Noard-Jeropa en it Arktysk Gebiet pompt, dat de loftfeart yn dy regio der sterk troch fersteurd wurdt.
- 23 maart - De Amerikaanske presidint Barack Obama ûndertekenet de Patient Protection and Affordable Care Act, better bekend as 'Obamacare'. Dêrtroch krije tsientallen miljoenen Amerikanen foar it earst in syktekostefersekering.
- 26 maart - In Súdkoreaansk marineskip, de ROKS Cheonan, sinkt foar de Koreaanske westkust, wêrby't 46 fan 104 opfarrenden omkomme. (In offisjeel ûndersyk komt yn maaie 2010 ta de konklúzje dat it skip sonken is nei't it rekke waard troch in Noardkoreaanske torpedo. Noard-Koreä ûntstriidt eltse belutsenheid.)
- 29 maart - By in bomoanslach yn 'e metro fan 'e Russyske haadstêd Moskou komme 40 minsken om en reitsje 102 oaren ferwûne.
- 7 april - By de Kirgizyske Revolúsje wurdt, nei ferheftige demonstraasjes dy't útrinne op in opskuor, presidint Koermanbek Bakijev ôfset, dy't de wyk nimt nei it bûtenlân.
- 10 april - By it delstoarten fan in Poalsk regearingsfleantúch by de Russyske stêd Smolensk komme alle 96 ynsittenden om, ûnder wa de Poalske presidint Lech Kaczyński.
- 13 april - By in ierdbeving fan 6,9 op 'e skaal fan Richter komme yn Sina teminsten 2.200 minsken om en reitsje mear as 12.000 oaren ferwûne.
- 14 april - Fulkanyske jiske yn 'e atmosfear, ôfkomstich fan 'e útbarsting fan 'e fulkaan de Eyjafjallajökull, op Iislân, begjint yn noardlik en westlik Jeropa it loftferkear te fersteuren.
- 20 april - In ûntploffing op it boarplatfoarm Deepwater Horizon fan BP, wêrby't 11 minsken omkomme, soarget foar in miljeuramp yn 'e Golf fan Meksiko as neitiid it ekwivalint fan 800 miljoen fetten rouwe ierdoalje de see ynrint.
- 2 maaie - De lannen fan 'e eurosône en it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF) wurde it yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis iens oer in finansjeel helppakket oan Grikelân ter wearde fan €110 miljard. Yn ruil dêrfoar moat it Grykske regear strange en pynlike besunigings trochfiere.
- 12 maaie - It ferkearsfleantúch Afriqiyah Airways-flecht 771 stoart del by de Libyske haadstêd Tripoly. Dêrby komme alle 104 ynsittenden om, op ien jonkje nei. Under de deaden binne in soad Nederlânske toeristen.
- 19 maaie - De protesten yn Tailân wurde yn 'e haadstêd Bangkok troch it leger bloedich de kop yndrukt, mei 91 deaden en mear as 2.100 ferwûnen as gefolch.
- 28 maaie - By oanslaggen op achmadija-moskeeën yn Pakistan (fan 'e achmadija's, in ôfwikende streaming binnen de islaam) komme 87 minsken om en reitsje mear as 120 oaren ferwûne.
- 31 maaie - As in ynternasjonale float fan skippen dy't folladen binne mei helpguod de Blokkade fan 'e Gaza-stripe besiket te trochbrekken, fiert it Israelyske leger by nacht in bloedige oerfal út op 'e float, wêrby't 9 freedsume aktivisten fermoarde wurde. Om't de measte slachtoffers Turken binne, liedt dit bloedbad ta in djippe diplomatike krisis tusken Israel en Turkije.
- 5 juny - Portegal fiert it homohoulik yn.
- 10-14 juny - By in opskuor tusken etnyske Kirgizen en leden fan 'e Oezbeekske minderheid yn Kirgyzje falle yn it suden fan Kirgyzje hûnderten deaden.
- 27 juny - Iislân fiert it homohoulik yn.
- 22 july - Argentynje fiert it homohoulik yn.
- 25 july - WikiLeaks publisearret mear as 90.000 lekte dokuminten fan 'e Amerikaanske oerheid oer de Oarloch yn Afganistan. Dêryn wurdt út 'e doeken dien hoe't de Amerikanen de lieders fan 'e Taliban fermoardzje sûnder foar fan proses, almar mear op ôfstân oanfallen mei drones útfiere, en bewiismateriaal ferdwine litte oangeande û.m. de dea fan boargers by oanfallen fan Amerikaanske troepen.
- 29 july - By wettersneed yn noardwestlik Pakistan nei de swierste moessonrein sûnt de registraasje begûn, komme teminsten 1.600 en miskien wol 3.000 minsken om. Miljoenen reitsje dakleas.
- 5-13 oktober - By it mynûngelok fan Copiapó komme 33 Sileenske mynwurkers 700 m ûnder de grûn fêst te sitten. Pas nei 69 dagen kinne se befrijd wurde.
- 10 augustus - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ferklearret de pandemy fan 'e bargegryp offisjeel foar betwongen. Dizze sykte hat yn 214 lannen en territoaria it libben kostje oan teminsten 18.138 minsken.
- 4 septimber - By in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter yn Christchurch, op it Sudereilân fan Nij-Seelân, wurdt grutte skea oanrjochte, mar falle gjin deaden. Dit is de earste fan rige ierdbevings dy't de stêd oant en mei 2012 treffe sille.
- 10 oktober - De Nederlânske Antillen hâlde op te bestean. Kurasau en Sint-Marten wurde ôfhinklike lannen binnen it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mei deselde status as Arûba, wylst Bonêre, Sint-Eustasius en Saba bysûndere gemeenten fan Nederlân wurde en Karibysk Nederlân komme te foarmjen.
- 14 oktober - Yn Nederlân foarmje VVD en CDA in minderheidskabinet mei gedoochstipe fan 'e PVV.
- 22 oktober - WikiLeaks publisearret krapoan 392.000 lekte dokuminten fan 'e Amerikaanske oerheid oer de Irakoarloch. Dêrút blykt hoe't de Amerikanen marteling, ferkrêfting en oare mishannelings fan finzenen yn 'e dôfpot stopje, krektlyk as hoe't hûnderten boargers troch Amerikaanske soldaten deasketten wurde by kontrôleposten. Ek docht bliken dat de Amerikaanske oerheid mei opsetsin foutive ynformaasje ferspriedt oer it tal slachtoffers fan 'e oarloch.
- 26 oktober-30 novimber - By oanhâldende útbarstings fan 'e fulkaan de Merapi, op it Yndonezyske eilân Java, komme troch delslach fan fulkanyske jiske en troch pyroklastyske streamen 353 minsken om en moatte hûnderttûzenen lju hûs en hurd ferlitte. Fanwegen alle jiske yn 'e atmosfear wurdt ek de loftfeart yn it gebiet stillein.
- 13 novimber - De Birmeeske opposysjeliedster Aung San Suu Kyi wurdt frijlitten út hûsarrest, nei't se sûnt 1989 oanhâldend yn in foarm fan finzenskip trochbrocht hat.
- 23 novimber - Noard-Koreä fiert in bombardemint út fan it Súdkoreaanske eilân Yeonpyeong. Dêrby falle 4 deaden: 2 militêren en 2 boargers. Troch it ynsidint boazje de spannings op it Koreaanske Skiereilân sterk oan.
- 17 desimber - It besykjen ta selsmoard fan Mohammed Bûazizi, in Tunezyske strjitferkeaper, jout oanlieding ta de Tunezyske Revolúsje en de Arabyske Maityd yn 'e hiele Arabyske wrâld.
- 1 jannewaris - Estlân fiert de euro yn as muntienheid.
- 8 jannewaris - By in oanslach op 'e Amerikaanske politika Gabrielle Giffords, in lid fan it Hûs fan Offurdigen, komme yn 'e neite fan 'e stêd Tucson (Arizona) rjochter John Roll en 5 oaren om en reitsje nochris 13 minsken ferwûne. Giffords sels wurdt yn 'e holle rekke, mar oerlibbet de oanslach.
- 9-15 jannewaris - By in referindum yn Súd-Sûdaan stimt in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar ûnôfhinklikheid fan harren lân fan Sûdaan.
- 14 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Tunezyske Revolúsje nimt diktator Zine el-Abidine Ben Ali nei in moanne fan almar fûleindiger demonstraasjes de wyk nei Saûdy-Araabje. Hy hat 23 jier regearre. Premier Mohammed Gannûtsji en parlemintsfoarsitter Fûad Mebazaä nimme de macht yn Tuneezje oer. Dit is it begjin fan 'e Arabyske Maityd.
- 25 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd begjinne yn Egypte massale demonstraasjes tsjin it rezjym fan diktator Hosni Mûbarak. Dit is it begjin fan 'e Egyptyske Revolúsje.
- 11 febrewaris - By de Egyptyske Revolúsje wurdt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd nei 18 dagen fan fûleindich protest diktator Hosni Mûbarak ôfset.
- 15 febrewaris - Yn Lybje brekt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd de Earste Libyske Boargeroarloch út, in wapene opstân tsjin it rezjym fan diktator Mûammar Chadaffi.
- 22 febrewaris - By in ierdbeving fan 6,3 op 'e skaal fan Richter komme yn Christchurch, op it Sudereilân fan Nij-Seelân, 185 minsken om.
- 6 maart - Yn Syrje brekt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd in folksopstân út as 15 tinerjonges yn 'e súdlike stêd Deraä arrestearre wurde foar it oanbringen fan graffity op 'e muorre fan harren skoalle, wêryn't se de diktatuer fan Basjir al-Assad ôfrinne litten hawwe. Dit is it alderierste begjin fan 'e Syryske Boargeroarloch.
- 11 maart - In swiere ierdbeving fan 9,0 op 'e skaal fan Richter foar de kust fan Japan feroarsaket in tsûnamy fan mear as 9 m heech. Der falle 15.893 deaden, 2.565 minsken reitsje fermist en mear as 150.000 oaren moatte duorjend hûs en hiem ferlitte, net inkeld omreden fan 'e ûnbidige ferwuostging, mar ek om't in kearnsintrale by Fukushima swier skansearre rekket. Dat liedt ta de kearnramp fan Fukushima, wêrby't in grut gebiet radioaktyf besmet rekket.
- 15 maart - De Syryske Boargeroarloch brekt út: yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd komt yn in grut diel fan Syrje de befolking yn opstân tsjin 'e ûnmeilydsume diktatuer fan presidint Basjir al-Assad. It rezjym reägearret mei ûnmeilydsume ûnderdrukking en troch ferskate stêden te belegerjen.
- 15 maart - Fanwegen de Folksopstân yn Bachrein, dy't útbrutsen is yn it ramt fan 'e Arabyske Maitiid, ropt kening Hamad bin Isa al-Chalifa foar in fearnsjier de needtastân út. Saûdy-Araabje stjoert troepen dy't de rebûlje ûnmeilydsum de kop yndrukke.
- 9 april - In 24-jierrige man sjit yn it winkelsintrum De Ridderhof, yn 'e Nederlânske stêd Alfen oan de Ryn, yn it wylde wei om him hinne. By dat Bloedbad fan Alfen oan de Ryn falle 7 deaden, ynkl. de dieder.
- 11 april - De eardere Ivoriaanske presidint Laurent Gbagbo wurdt yn syn wente yn Abidjan arrestearre troch soldaten dy't trou binne oan presidint Alassane Ouattara, mei stipe fan Frânske troepen. Dêrmei komt in ein oan 'e Ivoriaanske Krisis fan 2010-2011 en oan 'e Twadde Ivoriaanske Boargeroarloch.
- 12 april - De Japanske autoriteiten erkenne dat de kearnramp fan Fukushima, dy't ûntstie nei de swiere ierdbeving en tsûnamy fan 11 maart, it heechste nivo fan de INES-skaal berikt hat.
- 25-28 april - By in útbraak fan tornado's komme yn 'e Feriene Steaten 342 minsken om.
- 2 maaie - Osama bin Laden, de lieder fan 'e islamistyske terreurbeweging al-Qaida, wurdt fermoarde as kommando's fan 'e Amerikaanske marine in ynfal dogge yn syn geheime wente yn it Pakistaanske Abbottabad.
- 21 maaie - De fulkaan Grímsvötn, op Iislân, barst út en fersteurt dêrmei it loftferkear yn noardlik en westlik Jeropa.
- 22 maaie - De tornado fan Joplin makket it Amerikaanske plak Joplin (Missoery) mei de grûn lyk. Dêrby falle 161 deaden.
- 26 maaie - De eardere Bosnysk-Servyske generaal Ratko Mladić wurdt yn Servje oppakt nei't er likernôch fyftjin jier ûnderdûkt sitten hat. It Joegoslaavjetribunaal yn De Haach siket him fanwegen oanklachten fan genoside, oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- 28 juny - De Itens- en Lânbou Organisaasje (FAO) makket bekend dat de kowesykte feepest wrâldwiid útrûge is.
- 9 july - Súd-Sûdaan wurdt ûnôfhinklik fan Sûdaan.
- 20 july - De Feriene Naasjes ferklearje de sitewaasje yn súdlik Somaalje offisjeel ta hongersneed. It is de earste hongersneed yn de Hoarn fan Afrika yn mear as 30 jier.
- 21 july - Mei de lâning fan it romtefear Atlantis by it Kennedy Space Center yn Floarida komt der in ein oan it space shuttle-programma fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA.
- 22 july - By syn oanslaggen yn 'e Noarske haadstêd Oslo en op it eilân Utøya fermoardet de neo-nazy en terrorist Anders Breivik 77 minsken (wêrûnder 69 tiners op Utøya) en ferwûnet er nochris teminsten 318 oaren.
- 31 july-16 jannewaris 2012 - Yn Tailân brekt swiere wettersneed út, dêr't 12,8 miljoen minsken mei te krijen hawwe. De haadstêd Bangkok strûpt derûnder. Der komme 815 minsken om en der wurdt foar 1.440 miljard baht ($45 miljard) oan skea oanrjochte.
- 20-28 augustus - Yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch feroverje de rebellen yn 'e Slach om Tripoly de Libyske haadstêd. Dêrmei wurdt de diktatuer fan Mûammar Chadaffi ûnder fuotten helle.
- 10 septimber - De fearboat MS Spice Islander I sinkt foar de kust fan it Tanzaniaanske eilân Sansibar. Dêrby komme 240 fan 'e 800 opfarrenden om.
- 17 septimber - Hûnderten demonstranten begjinne yn it ramt fan folksprotesten tsjin 'e Bankekrisis, dy't feroarsake is troch de graaikultuer yn it bankwêzen, de Occupy Wall Street-beweging. Dêrby besette se Wall Street, yn it finansjele hert fan New York-Stêd. Al rillegau ûntstiet hjirút de bredere Occupy-beweging, dy't tsjin oktober yn in grut tal oare stêden yn 82 lannen soartgelikense besettingsaksjes útfierd.
- 13 oktober - Mei de ferovering fan 'e stêd Sirte en de fal fan it rezjym fan diktator Mûammar Chadaffi komt yn Lybje in ein oan 'e Earste Libyske Boargeroarloch.
- 18 oktober - By de finzeneruil fan Gilad Shalit wikselet Israel 1.027 finzen Palestinen út tsjin 'e Israelyske soldaat Gilad Shalit, dy't troch de militante Palestynske beweging Hamas fêstholden wurdt.
- 20 oktober - De ôfsette diktator fan Lybje, Mûammar Chadaffi, wurdt frijwol daliks nei syn arrestaasje yn Sirte op 'e strjitte deasketten.
- 20 oktober - De Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA beëiniget syn striid foar in ûnôfhinklik Spaansk Baskelân, dy't 43 jier duorre hat en oan mear as 800 minsken it libben koste hat.
- 16 novimber - De Italjaanske premier Silvio Berlusconi moat ôftrede fanwegen beskuldigings dat er seksuële omgong hân hat mei in minderjierrich famke. Dit skandaal stiet bekend as Rubygate.
- mids desimber - Yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje begjint de Kalifornyske Drûchte fan 2011-2017.
- 15 desimber - De Feriene Steaten ferklearje de Irakoarloch offisjeel foar beëinige. Dêrmei komt in ein oan 'e opstân yn Irak 2003-2011, mar tagelyk begjint in nije opstân.
- 17 desimber - Noard-Koreä wurdt yn djippe rou dompele as diktator Kim Jong-il komt te ferstjerren nei 17 jier oan 'e macht west te hawwen. Hy wurdt opfolge troch syn soan Kim Jong-un.
- 13 jannewaris - Troch de dryste en ûnferantwurdlike aksjes fan kaptein Francesco Schettino rint it cruiseskip de Costa Concordia foar de kust fan Isola del Giglio, yn Itaalje, op in rif en kapseist. Dêrby komme 32 minsken om.
- 16 jannewaris - Yn it noarden fan Maly brekt in opstân út mank de etnyske Tûareks.
- 17 febrewaris - De Nederlânske prins Johan Friso rekket op wintersport yn Eastenryk ûnder it skyen bûten de pyste bedobbe troch in lawine. Hy wurdt yn kritike tastân nei it sikehûs fan Innsbruck brocht, dêr't de dokters syn libben rêde. De prins komt lykwols net mear by út syn koma.
- 11-22 maart - By oanslaggen yn Toulouse en Montauban, yn it suden fan Frankryk, troch in islamistyske terrorist, komme 8 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 5 oaren ferwûne.
- 22 maart - By in steatgreep yn Maly wurdt presidint Amadou Toumani Touré ôfset troch opstannige militêren.
- 6 april - De etnyske Tûarek-rebellen fan 'e MNLA roppe yn noardlik Maly in eigen steat út, Azawad.
- 22 april - By presidintsferkiezings yn Frankryk komt de sosjalist François Hollande oan 'e macht.
- 26 april - De eardere Liberiaanske presidint Charles Taylor wurdt troch it Ynternasjonaal Strafhof yn 11 gefallen skuldich befûn oan mandéligens oan 'e oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid ûnder de de boargeroarloch yn buorlân Sierra Leöane.
- 3 juny - It ferkearsfleantúch Dana Air-flecht 992 stoart del yn 'e Nigeriaanske stêd Lagos, wêrby't alle 153 ynsittenden en 10 minsken op 'e grûn omkomme.
- 15 juny - Denemark fiert it homohoulik yn.
- 30 juny - By frije en demokratyske ferkiezings yn Egypte wurdt Mohammed Morsi, de kandidaat fan 'e islamistyske Moslimbruorskip, keazen ta presidint.
- 20 july - By it Bloedbad fan Aurora sjit de geastlik steurde James Holmes yn in bioskoop yn Aurora, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado, 12 minsken dea. Ek ferwûnet er 58 oaren. Holmes wurdt by de bioskoop troch de plysje arrestearre.
- 30-31 july - By de Yndiaaske blackout, de meast wiidfiemjende útfal fan elektrisiteit yn 'e skiednis fan 'e wrâld, komme yn Yndia 620 miljoen minsken yn it tsjuster te sitten.
- 31 augustus - Armeenje ferbrekt de diplomatike relaasjes mei Hongarije, nei't dat lân Ramil Safarov útleveret oan syn heitelân Azerbeidzjan, dêr't er fuort nei oankomst graasje kriget. (Safarov wie feroardiele foar de moard op in Armeenske soldaat yn Hongarije yn 2004.)
- 11-12 septimber - By in oanslach op it Amerikaanske konsulaat en CIA-kantoar yn 'e Libyske stêd Bengazi komme 4 Amerikanen om, ûnder wa J. Christopher Stevens, de Amerikaanske ambassadeur yn Lybje.
- 9 oktober - It Pakistaanske skoalfamke Malala Yousafzai, in aktiviste foar frouljusrjochten, wurdt by in moardoanslach troch de Taliban yn 'e holle sketten. Hja oerlibbet har ferwûnings, mar moat mei har âlden yn ballingskip gean yn it Feriene Keninkryk om't it yn Pakistan te gefaarlik foar har bliuwt.
- 10 oktober - Yn Karibysk Nederlân (Bonêre, Saba en Sint-Eustasius) wurdt it homohoulik ynfierd.
- 16 oktober - Yn Nederlân wurde 7 skilderijen, mei in mienskiplike wearde fan $25 miljoen, stellen út 'e Kunsthal yn Rotterdam.
- 24 oktober-2 novimber - De orkaan Sandy feroarsaket op Jamaika, Hispanjoala, Porto Riko, Kuba en de Bahama's en yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn totaal 233 deaden (wêrfan 159 yn 'e Feriene Steaten). De materiële skea bedraacht mear as $75 miljard. Benammen de Amerikaanske steaten Nij-Jersey en New York wurde swier troffen.
- 6 novimber - By de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten ferslacht de Demokraat Barack Obama syn Republikeinske tsjinstanner Mitt Romney, en wint dêrmei in twadde termyn as presidint.
- 14-21 novimber - It Israelyske leger fermoardet by in operaasje yn 'e Gaza-stripe Achmed Djabari, in foaroanman fan 'e militante Palestynske Hamasbeweging. Yn 'e wike dy't folget op dy moard komme 140 Palestinen en 5 Israeliërs om by in oanboazjende geweldsspiraal. Uteinlik witte Egypte en de Feriene Steaten troch bemiddeling in sjitferbod te bewurkmasterjen.
- 29 novimber - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes stimt yn mei in foarstel om Palestina de status fan waarnimmer te jaan. Dat liedt ta fûleindige krityk fan 'e kant fan Israel en de Feriene Steaten.
- 2 desimber - De tyfoan Bopha (yn 'e Filipinen bekend as Pablo) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 1.067 deaden (en 838 fermissings) en rjochtet foar miljoenen dollars oan skea oan.
- 8 desimber - De Konferinsje oangeande Klimaatferoaring yn Katar beslút dat it Kyoto-protokol oant 2020 fan krêft bliuwt.
- 14 desimber - By it Bloedbad op de Sandy Hook Elementary School komme yn it Amerikaanske plak Newtown (Konettikut) 28 minsken om (ynklusyf de dieder) en reitsje 2 oaren ferwûne as in geastlik steurde man op in basisskoalle it fjoer iepenet op learlingen en ûnderwizers.
- 16 desimber - Yn in bus fan it iepenbier ferfier yn 'e Yndiaaske stêd Delhi fynt de de groepsferkrêfting fan Jyoti Singh Pandey plak, in 23-jierrige fysioterapystudinte. Seis manlju, wêrûnder de bussjauffeur, dogge mei oan 'e ferkrêfting en oan it yninoar slaan fan Jyoti har (manlike) freon Awindra Pratap Pandey. Jyoti wurdt mei in metalen steaf ynwindich sa tramtearre dat se 13 dagen letter oan har ferwûnings komt te ferstjerren. Dizze misdie bringt yn Yndia in weach fan lulkens tewei, mei massale demonstraasjes dy't it ûnderwerp fan seksueel geweld tsjin froulju yn it lân einlings op 'e aginda set.
- 11 jannewaris - De Frânske striidkrêften ynterveniëarje oan 'e kant fan it regear fan Maly yn 'e oarloch yn Noard-Maly. Harren ynminging yn 'e striid is rjochte tsjin 'e islamistyske groepearring Ansar Dine, dy't konneksjes hat mei de terroristyske beweging al-Qaida.
- 16-20 jannewaris - By de Gizelingskrisis fan In Amenas, yn súdlik Algerije, komme 39 arbeiders en 1 befeiligingsagint om as se yn in ierdgasfabryk gizele wurde troch islamistyske terroristen.
- 21 jannewaris - Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. wurdt Barack Obama foar de twadde kear ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 27 jannewaris - By in brân yn in nachtklub yn Santa Maria, yn Brazylje, komme 242 minsken om, allegear út 'e leeftydskategory tusken de 18 en 25 jier.
- 6 febrewaris - Yn Tuneezje wurdt Tsjokri Belaid, de lieder fan 'e opposysjepartij DPUP, by in oanslach fermoarde.
- 7 febrewaris - In swiere sniestoarm bûket yn op 'e noardeastlike Feriene Steaten en it easten fan Kanada. By dizze Sniestoarm fan Febrewaris komt in rekôrhoemannichte snie del en ferlieze 18 minsken it libben.
- 18 febrewaris- Op 'e lofthaven fan 'e Belgyske haadstêd Brussel hat in diamantrôf plak. Der wurdt foar likernôch 50 miljoen dollar oan rouwe diamanten stellen.
- 28 febrewaris - Paus Benediktus XVI abdisearret. Hy is de earste paus fan Rome dy't frijwillich ôftreedt sûnt Selestinus V yn 1294.
- 5 maart - De populistyske presidint fan Fenezuëla Hugo Chávez komt mei 58 jier te ferstjerren oan kanker. Hy hat syn lân 14 jier lang regearre, en wurdt opfolge troch syn fise-presidint Nicolás Maduro.
- 10-11 maart - By in referindum op 'e Falklâneilannen stimt in oerweldigjende mearderheid fan 91,9% fan 'e kiezers foar it behâld fan 'e status fan oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Dit yn it ljocht fan oanhâldende druk fan Argentynje om ûnderhannelings te begjinnen oer de 'weromjefte' fan 'e arsjipel.
- 13 maart - De Argentynske kardinaal Jorge Mario Bergoglio wurdt keazen as de nije paus fan Rome. Hy komt op 'e Hillige Stoel ûnder de namme Fransiskus. Hy is de earste paus dy't ôfkomstich is fan it súdlik healrûn, de earste paus dy't ôfkomstich is fan it westlik healrûn (Amearika) en de earste jezuïtyske paus.
- 19 maart - De nije paus Fransiskus wurdt yn it Fatikaan ynstalearre op 'e Hillige Stoel.
- 25 maart - De lannen fan 'e eurosône beslute yn it ramt fan 'e ynternasjonale Bankekrisis (en de dêrút fuortkommende Syprioatyske Bankekrisis) ta in helppakket foar Syprus ter wearde fan €10 miljard.
- 8 april - It ferstjerren fan 'e eardere Britske premier Margaret Thatcher, dy't yn Skotlân en Wales en by it sljochtwei folk yn Ingelân tige hate wie, ropt yn it Feriene Keninkryk benammen blydskip op. It liet Ding Dong, the Witch is Dead ("Ding Dong, de Heks is Dea"), út 'e musical The Wizard of Oz, kringt de top 10 fan 'e Britske hitlisten binnen.
- 15 april - By twa bomoanslaggen troch islamistyske terroristen op 'e Maraton fan Boston, yn 'e Amerikaanske stêd Boston, komme 3 minsken om en reitsje likernôch 264 oaren ferwûne.
- 24 april - By it it ynstoarten fan in fabryksgebou yn Savar, in foarstêd fan 'e Bingaalske haadstêd Dhaka, komme 1.129 minsken om reitsje mear as 2.000 oaren ferwûne.
- 30 april - Troanswikseling yn Nederlân: Keninginne Beatrix docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan har soan, Willem-Alexander.
- 16 maaie - Brazylje fiert (lanlik) it homohoulik yn.
- 18 maaie - Frankryk fiert it homohoulik yn.
- 20 maaie - De stêd Moore, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma wurdt fierhinne mei de grûn lyk makke troch in tornado. Der falle 24 deaden en mear as 300 ferwûnen.
- 22 maaie - De Britske soldaat Lee Rigby wurdt op ljochtskyndei fermoarde op 'e strjitte yn 'e Britske haadstêd Londen, troch 2 islamistyske terroristen.
- 6 juny - Edward Snowden, in agint fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA, lekt de saneamde Global Suveillance Disclosures nei de media. Dêrby giet it om 'e ynbrek dy't de Amerikaanske oerheid makket op 'e privacy fan 'e Amerikaanske boargers, mar ek om it ôflústerjen fan 'e Dútske bûnskânselier Angela Merkel en de Brazyljaanske presidinte Dilma Roussef. Amerikaanske diplomatike relaasjes mei û.m. Dútslân en Brazylje rinne dêrtroch slimme skea op. Snowden sels moat de Feriene Steaten ûntflechtsje en kriget neitiid asyl yn Ruslân.
- 21-22 juny - Yn Paraguay set it parlemint presidint Fernando Lugo ôf fanwegen ferskate misse setten, wêrûnder nepotisme, in kontroversjele lânoankeap en in konfrontaasje tusken boeren en de plysje op 15 juny 2012 wêrby't 11 boeren en 6 plysjes de dea fûnen. De ôfsetting ferrint sa fluch dat Lugo protestearret dat er net genôch tiid kriget om himsels te ferdigenjen. Ferskate oare Latynsk-Amerikaanske lannen omskriuwe de ôfsetting letter as "in parlemintêre steatsgreep".
- 1 july - Kroaasje wurdt lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 3 july - By in steatgreep yn Egypte grypt it leger ûnder lieding fan generaal Abdûl Fattach al-Sisi de macht. De demokratysk keazen presidint Mohammed Morsi wurdt ôfset en yn it tichthûs smiten. Demonstraasjes tsjin dizze gong fan saken troch oanhingers fan Morsi wurde mei grou geweld de kop yndrukt.
- 13 july - Nei oanlieding fan 'e ûnbestrafte moard fan George Zimmerman op 'e swarte jongeman Trayvon Martin, yn Floarida, rjochtsje Afro-Amerikaanske minskerjochte-aktivisten de Black Lives Matter-beweging op. Dy kantet him oan tsjin geweld fan blanken tsjin swarten, en yn 't bysûnder tsjin plysjegeweld tsjin swarten.
- 21 july - Kening Albert II fan Belgje docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Filip.
- 5 augustus - Oerûguay fiert it homohoulik yn.
- 14 augustus - It Egyptyske leger sjit 2.696 freedsume demonstranten dea, dy't protestearje tsjin 'e steatgreep wêrby't de demokratysk keazen presidint Mohammed Morsi ôfset is.
- 19 augustus - Nij-Seelân fiert it homohoulik yn.
- 21 augustus - By de oanfal mei gemyske wapens op Gûta, troch it Syryske regearingsleger yn it ramt fan 'e Syryske Boargeroarloch, komme 1.429 minsken om.
- 29 augustus - It Britske Legerhûs stimt tsjin Britske yntervinsje oan 'e kant fan 'e (sekuliere) rebellen yn 'e Syryske Boargeroarloch. As gefolch dêrfan sjocht ek de Amerikaanske presidint Barack Obama dêrfan ôf. Dat set de doar wiid iepen foar yntervinsje troch Ruslân oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad.
- 9 septimber - By de Krisis fan Zamboanga komme troch oanfallen fan islamistyske terroristen yn 'e Filipynske stêd Zamboanga 220 minsken om en reitsje 70 oaren ferwûne.
- 21 septimber - By de oanslach op it Westgate-winkelsintrum yn 'e Keniaanske haadstêd Nairobi, útfierd troch Somalyske islamistyske terroristen fan 'e beweging al-Sjabaab, komme 71 minsken om (ynkl. 4 dieders) en reitsje 175 oaren ferwûne.
- 5-11 novimber - De tige swiere tyfoan Haiyan (op 'e Filipinen bekend ûnder de namme Yolanda) lûkt in spoar fan ferwuostging troch Palau, de Filipinen, súdlik Sina en Fjetnam. Benammen de Filipinen wurde tige swier troffen. Yn totaal komme der teminsten 6.329 minsken om, wêrfan 6.300 yn 'e Filipinen. De materiële skea bedraacht $2,9 miljard.
- 12 novimber - By it it ynstoarten fan it dak fan in winkelsintrum yn it Letske plak Zolitūde komme 54 minsken om.
- 21 novimber - De pro-Jeropeeske Euromaidandemonstraasjes begjinne yn 'e Oekraynske haadstêd Kiëv, nei't presidint Viktor Janûkovitsj ûnder Russyske druk in ekonomysk assosjaasjeferdrach mei de Jeropeeske Uny ôfwiist en ynstee kiest foar nauwere bannen mei Ruslân.
- desimber - Yn West-Afrika brekt de tige besmetlike sykte ebola út. Dit is it begjin fan 'e Westafrikaanske ebola-epidemy.
- 5 desimber - De eardere Súdafrikaanske presidint en anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela komt yn 'e âlderdom fan 95 jier te ferstjerren.
- 15 desimber - Yn Súd-Sûdaan brekke wapene gefjochten út tusken etnyske Dinka- en Nûer-leden fan 'e Presidinsjele Garde. Dat is it begjin fan 'e Súdsûdaneeske Boargeroarloch.
- 29-30 desimber - By bomoanslaggen yn 'e Russyske stêd Volgograd komme 32 minsken om en reitsje 85 oaren ferwûne.
- 1 jannewaris - Letlân fiert de euro yn as muntienheid.
- 1 jannewaris - Mei de opmars fan 'e troepen fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn noardlik Irak brekt de Iraakske Boargeroarloch út.
- 1 jannewaris - Yn Nederlân giet de minimumleeftyd foar jongerein om alkohol drinke te meien omheech fan 16 nei 18 jier.
- 13 febrewaris - Belgje legalisearret as earste lân fan 'e wrâld eutanasy foar terminaal sike bern.
- 21 febrewaris - By de Oekraynske Revolúsje moat de korrupte, pro-Russyske presidint Viktor Janûkovitsj de wyk nimme nei Ruslân. Dat bart nei oanhâldende demonstraasjes dy't Janûkovitsj om 'e nocht besocht hat de kop yndrukke te litten troch loyalistyske feilichheidstroepen.
- 22 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Oekraynske Revolúsje wurdt de nei Ruslân flechte Oekraynske presidint Viktor Janûkovitsj troch it Oekraynske parlemint formeel út syn funksje set. Hy wurdt opfolge troch Oleksandr Toertsjynov.
- 27 febrewaris - De Russyske besetting fan de Krim, in diel fan 'e Oekraïne, begjint as swierbewapene Russyske militêren, klaaid yn unifoarmen dy't fan alle emblemen en nammen ûntdien binne, it parlemint fan 'e Krim en oare strategyske posysjes op it skiereilân ynnimme.
- 8 maart - It ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370 ferdwynt mei 239 ynsittenden spoarleas boppe de Golf fan Tailân, ûnderweis fan Kuala Lumpur (Maleizje), nei Peking (Sina). Radargegevens wize derop dat de fleanmasine omkeard en nei it suden flein is en wierskynlik yn 'e Súdlike Oseaan delstoart is. Flecht-370 wurdt nea weromfûn, hoewol't nei ferrin fan tiid inkele brokstikken oanspiele op 'e kusten fan Madagaskar en East-Afrika.
- 13 maart - Ingelân en Wales fiere it homohoulik yn.
- 16 maart - Op it Oekraynske skiereilân de Krim, dat troch Russyske troepen beset is, wurdt in referindum holden dat net iens de skyn fan in frije en demokratyske stimbusgong hat. De troch nimmen yn 'e wrâld behalven Ruslân erkende útkomst is dat in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar oansluting fan 'e Krim by Ruslân stimt.
- 21 maart - Tsjin alle ynternasjonale ferdraggen yn anneksearret Ruslân it skiereilân de Krim, dat ûnderdiel is fan it grûngebiet fan 'e Oekraïne.
- 29 maart - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes nimt Resolúsje 68/262 oan, wêryn't it skiereilân de Krim erkent wurdt as yntegraal ûnderdiel fan 'e Oekraïne, en it statusreferindum op de Krim ûnjildich ferklearre wurdt. De yllegaliteit fan 'e Russyske anneksaasje fan de Krim wurdt dêrmei ynternasjonaal fêstlein.
- 6 april - De Donbasoarloch yn 'e eastlike Oekraïne begjint as etnysk Russyske rebellen dêr op oantrún fan en bewapene troch Ruslân úteinsette mei in iepentlike opstân tsjin it regear yn Kiëv.
- 7 april - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike Oekraynske provinsje Donjetsk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Donjetsk.
- 14 april - Fan in famkesskoalle yn Chibok, yn noardlik Nigearia, wurde troch de islamistyske terreurorganisaasje Boko Haram 276 famkes ûntfierd en yn gizeling holden.
- 16 april - De Súdkoreaanske fearboat de MS Sewol kapseist en sinkt yn 'e Giele See, wêrby't 304 minsken omkomme, foar it meastepart middelbere-skoallelearlingen.
- 7 maaie - Yn Tailân set it Grûnwetlik Hof de populêre en demokratysk keazen premier Yingluck Shinawatra út har funksje om't se har foech te bûten gien wêze soe by it ûntslaan fan in oerheidsfunksjonaris dy't oansteld wie troch in earder regear.
- 12 maaie - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike Oekraynske provinsje Lûhansk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Lûhansk.
- 22 maaie - By in steatgreep yn Tailân wurdt koart nei de ôfsetting fan 'e demokratysk keazen premier Yingluck Shinawatra it interim-regear fan premier Niwatthamrong Boonsongpaisan ôfset troch it leger. Mei blykbere goedkarring fan kening Bhumibol wurdt yn it lân fannijs in militêre diktatuer ynsteld.
- 22 maaie - Yn it opstannige easten fan 'e Oekraïne rjochtsje de ôfskate Folksrepublyk Donjetsk en Folksrepublyk Lûhansk in konfederaasje op, ûnder de namme Nij-Ruslân.
- 24 maaie - By in oanslach op it Joadsk Museum fan Belgje, yn 'e Belgyske haadstêd Brussel, komme 4 minsken om. De dieder, in islamistyske terrorist, wurdt arrestearre.
- 3 juny - It Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen en de Britske legerbases Akrotiri en Dhekelia (op Syprus), fiere it homohoulik yn.
- 5 juny - In nije soennitysk-islamistyske terreurbeweging, dy't himsels de Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS), de Islamityske Steat yn Irak en de Levant (ISIL) of koartwei Islamityske Steat (IS) neamt, begjint in offinsyf tsjin regearingstroepen yn noardlik Irak, mei as bedoeling om 'e haadstêd Bagdad yn te nimmen en it troch sjiïten dominearre regear fan premier Noeri al-Maliki ûnder fuotten te heljen.
- 13 juny3 - De Feriene Steaten en oare Westerske lannen ynterveniëarje oan 'e kant fan Irak yn 'e Oarloch tsjin de saneamde Islamityske Steat.
- 19 juny - Kening Juan Carlos I fan Spanje docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan, Felipe VI.
- 29 juny - De saneamde Islamityske Steat (IS) ropt himsels út ta kalifaat, mei Abû Bakr al-Bagdadi as kalyf.
- 8 july-26 augustus - Oanboazjende spannings tusken Israel en Hamas oer de ûntfiering fan en moard op trije Israelyske tiners yn it Westjordaanlân yn juny troch Palestynske militanten en de dêropfolgjende ûntfiering fan en moard op in Palestynske tiner troch Joadske kolonisten, liede ta it útbrekken fan 'e in nije Gaza-oarloch. Israel begjint mei bombardeminten en wreidet de striid in wike letter út ta in grûnoffinsyf. Yn sân wiken fan oarloch komme 2.100 Palestinen en 71 Israeliërs om.
- 17 july - It ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 17 wurdt ûnderweis fan Amsterdam, yn Nederlân, nei Kuala Lumpur, yn Maleizje, boppe de Oekraïne (by it doarp Hrabove) mei in raket delsketten troch pro-Russyske rebellen, dy't dêr aktyf binne yn it ramt fan 'e Donbasoarloch. Dêrby komme 298 minsken om, wêrûnder 196 Nederlanners.
- begjin augustus - Yn noardlik Irak begjint de Jezidyske Genoside, wêrby't de saneamde Islamityske Steat (IS) war docht en rûgje de Jezidyske leauwensmienskip út.
- 3-13 augustus - By it Bloedbad fan Sindjar falle yn noardlik Irak yn it ramt fan 'e Jezidyske Genoside likernôch 3.500 deaden as de saneamde Islamityske Steat (IS) besiket om 'e Jezidyzke enklaves by Sindjar út te rûgjen. Dêrnjonken wurde 4.200 oant 10.800 Jezidyske froulju en famkes troch IS ûntfierd om as seksslavinnen brûkt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sykje beskûl yn it Sindjarberchtme, dêr't se sûnder iten en drinken fêst komme te sitten as IS-striders harren dêre belegerje. Amerikaanske bombardeminten en in offinsyf troch Koerdyske pesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brekke troch de besingeling en witte it meastepart fan 'e flechtlingen fia in feilige korridor te rêden.
- 9 augustus - Yn Ferguson, yn 'e Amerikaanske steat Missouri, wurdt de swarte tiner Michael Brown deasketten troch in blanke plysjeman. Dat liedt yn 'e hiele Feriene Steaten ta massale demonstraasjes tsjin 'e behanneling fan swarten troch de plysje.
- 18 septimber - By in referindum yn Skotlân stimt, nei in kampanje dy't bol stie fan 'e bangmakkerij fan 'e kant fan 'e Britske oerheid en it bedriuwslibben, 55,3% fan 'e befolking tsjin ûnôfhinklikheid fan it Feriene Keninkryk.
- 21 septimber - Yn it ramt fan 'e Twadde Jemenityske Boargeroaloch nimme de sjiïtyske Hûty-rebellen en oanhingers fan âld-presidint Ali Abdûlla Saleh de Jemenityske haadstêd Sana'a yn.
- 26 septimber - Yn Hongkong brekke protesten út nei't der ferkiezingsherfoarmings oankundige binne dy't de dochs al oanwaaksende Sineeske ynfloed noch grutter meitsje sille.
- 22 oktober - By in oanslach op it parlemintsgebou fan Kanada, yn Ottawa, komme 2 minsken om (ynkl. de dieder, in islamistyske terrorist) en reitsje nochris 3 oaren ferwûne.
- 31 oktober - By de Boerkineeske Revolúsje wurdt presidint Blaise Compaoré nei 27 jier diktatuer ôfset. Hy nimt de wyk nei Ivoarkust.
- 2 novimber - It Yntergûverneminteel Panel oangeande Klimaatferoaring (IPCC) bringt it lêste part fan syn Fyfde Beoardielingsrapport út, wêryn't warskôge wurdt dat de wrâld "swiere, yngeande en net wer goed te meitsjen" skea oprinne sil troch de wrâldwide útstjit fan CO2.
- 9 novimber - Yn 'e Spaanske regio Kataloanje wurdt in referindum holden oer selsbeskikkingsrjocht. In oerweldigjende mearderheid fan 'e kiezers jout oan dat Kataloanje in ûnôfhinklike steat wurde moat. It Spaanske regear ferklearret de folksriedplachting yllegaal.
- 29 novimber - In rjochtbank ynsteld troch de nije Egyptyske diktator Abdûl Fattach al-Sisi docht de útspraak dat de eardere diktator Hosni Mûbarak ûnskuldich is oan 'e moard op demonstranten ûnder de Egyptyske Revolúsje fan 2011, en dat er ek ûnskuldich is wat de oanklacht fan korrupsje oanbelanget.
- 15 desimber - By in gizeling troch in geastlik steurde man yn 'e Australyske stêd Sydney komme 3 minsken om en reitsje 18 oaren ferwûne.
- 16 desimber - Skotlân fiert it homohoulik yn.
- 16 desimber - By in bloedbad yn in skoalle yn de Pakistaanske stêd Peshawar komme 148 minsken (foar it meastepart skoalbern) om en reitsje 114 oaren ferwûne.
- 17 desimber - Yn it ramt fan 'e Kubaanske Tei kundiget de Amerikaanske presidint Barack Obama oan dat syn lân foar it earst yn mear as in heale iuw wer normale diplomatike betrekkings oanknoopje sil mei Kuba.
- 1 jannewaris - Lúksemboarch fiert it homohoulik yn.
- 1 jannewaris - Litouwen fiert de euro yn as muntienheid.
- 1 jannewaris - De Jeraziatyske Ekonomyske Uny wurdt fan krêft, wêrmei't in ekonomyske uny ûntstiet tusken de Russyske Federaasje, Wyt-Ruslân, Armeenje, Kazachstan en Kirgyzje.
- 3-7 jannewaris - By it Bloedbad fan Baga komme yn noardlik Nigearia by in oanfal fan 'e terroristyske beweging Boko Haram op 'e bewenners fan Baga en omlizzende doarpen mear as 2.000 minsken om.
- 7 jannewaris - By in oanslach op 'e redaksje fan it tydskrift Charlie Hebdo komme yn 'e Frânske haadstêd Parys 12 minsken om en reitsje 11 oaren ferwûne.
- 9 jannewaris - By in gizeling yn in Joadske Hypercacher Kosher-supermerk yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 5 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 9 oaren ferwûne.
- 26 jannewaris - By parlemintsferkiezings yn Grikelân komt Alexis Tsipras, de lieder fan 'e sosjalistyske partij Syriza, oan 'e macht as premier. Dat bart nei't de kiezers it fertrouwen ferlern hawwe yn 'e tradisjonele partijen fanwegen de Grykske Skuldekrisis.
- 12 febrewaris - De lieders fan 'e Oekraïne en Ruslân slute ûnder bemiddeling fan Dútslân en Frankryk yn 'e Wytrussyske haadstêd Minsk it saneamde Minsk II-ferdrach. Underdiel dêrfan is in sjitferbod yn 'e oangeande Donbasoarloch yn 'e eastlike Oekraïne en de weromlûking fan it front fan alle swiere wapens. It ferdrach sil lykwols net folle praktyske útwurking hawwe (mei't it sjitferbod op earste dei al 139 kear skeind wurdt), en de striid giet sûnder belúnjen troch.
- 20 febrewaris - De Oarloch yn Noard-Maly wurdt beëinige nei't Westerske troepen yn gearwurking mei it Malineeske leger en Tûarek-milysjes de islamistyske terroristen dy't ferbûn binne mei de saneamde Islamityske Steat (IS) ferdreaun hawwe.
- 27 febrewaris - Yn Moskou wurdt de Russyske opposysjelieder Boris Nemtsov, in fûleindich kritikaster fan presidint Vladimir Pûtin, by in oanslach op 'e Bolsjoj Moskvoretsky-brêge, yn it sicht fan it Kremlin, fermoarde. It (ûnbewiisbere) fermoeden is dat fermiddens yn 'e neite fan Pûtin efter de moard sitte.
- 13 maart - De sykloan Pam feroarsaket yn Fanûatû 16 deaden en ferdriuwt 166.000 minsken, de helte fan 'e befolking, fan hûs en hiem. It is de swierste sykloan dêr't Fanûatû ea mei te krijen hân hat.
- 18 maart - By de oanslach op it Nasjonaal Museum Bardo yn Tuneezje komme 24 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne.
- 19 maart - De Twadde Jemenityske Boargeroarloch brekt út, tusken de sjiïtyske Hûty-rebellen yn it noarden en it soennityske regear yn it suden.
- 24 maart - Alle 150 ynsittenden fan it ferkearsfleantúch Germanwings-flecht 9525 komme om as ko-piloat Andreas Lubitz de fleanmasine yn 'e Frânske Alpen moedwillich tsjin in berch oanfljocht om selsmoard te dwaan.
- 25 maart - In koälysje fan Arabyske lannen ûnder lieding fan Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten ynterveniëarret yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch yn Jemen, om foar te kommen dat it troch soenniten dominearre regear fan it lân derûnder strûpt yn 'e striid tsjin 'e sjiïtyske Hûty-rebellen.
- april - Utbraak fan in epidemy fan it sika-firus yn Latynsk-Amearika.
- 2 april - By de oanslach op it Garissa University College troch islamistyske terroristen fan 'e Somalyske beweging al-Sjabaab komme yn Kenia 152 minsken om en reitsje 79 oaren ferwûne.
- 25 april - By in swiere ierdbeving fan 7,8 op 'e skaal fan Richter yn Nepal komme 8.857 minsken om yn Nepal, 130 yn Yndia, 27 yn Tibet en 4 yn Bangladesj. Ek reitsje nochris sa'n 22.000 oaren ferwûne.
- 26 april - Yn Boerûndy brekt ûnrêst út as Pierre Nkurunziza risselwearret foar in (yllegale) trêde amtstermyn as presidint. By demonstraasjes dêrtsjin komme plysje en leger hurd fanwegen. Der falle hûnderten deaden en tûzenen minsken wike út nei it bûtenlân.
- 12 maaie - By in ierdbeving fan 7,3 op 'e skaal fan Richter yn Nepal (eins in swiere neiskok fan 'e ierdbeving fan 25 april) komme yn Nepal 153 minsken om, yn Yndia 62, yn Bangladesj 2 en yn Tibet 1.
- 14 maaie - De Pitcairneilannen fiere it homohoulik yn.
- 20 maaie - De Folksrepublyk Donjetsk en de Folksrepublyk Lûhansk, de beide opstannige provinsjes yn 'e eastlike Oekraïne, kundigje oan harren konfederaasje Nij-Ruslân op te skoarjen nei't ûnderling ûnienichheid ûntstien is.
- 23 maaie - By in referindum yn Ierlân stimt in mearderheid fan 'e kiezers foar de ynfiering fan it homohoulik.
- 1 juny - It cruiseskip de Dong Fang Zhi Xing kapseist op 'e rivier de Jangtse yn Sina, nei't er rekke is troch in wetterhoas. Dêrby komme 442 minsken om.
- 9 juny - Gûam fiert it homohoulik yn.
- 26 juny - De Feriene Steaten fiere (lanlik) it homohoulik yn.
- 25-26 juny - By it Bloedbad fan Kobanî litte striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) trije autobommen yn 'e Syryske stêd Kobanî ûntploffe, wêrnei't se de stêd binnentsjogge en it fjoer iepenje op 'e boargers. Der komme mear as 220 minsken om.
- 26 juny - By de strânoanslach yn Tuneezje iepenet in oahinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn in resort yn Tuneezje it fjoer op Westerske toeristen, wêrby't 38 minsken omkomme.
- 29 july - Op 'e kust fan it Frânske eilân Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan, wurde de earste brokstikken fan it mear as in jier lyn ferdwûne ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370 weromfûn.
- 30 juny - De Noardlike Marianen fiere it homohoulik yn.
- 9 july - De Amerikaanske Famme-eilannen fiere it homohoulik yn.
- 13 july - Porto Riko fiert it homohoulik yn.
- 14 july - Iraan, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, de Jeropeeske Uny, Ruslân en Sina slute it saneamde Joint Comprehensive Plan of Action (better bekend as de 'Iraan-deal'), wêrby't Iraan taseit syn nukleêre programma stil te lizzen yn ruil foar it opheffen fan 'e Westerske sanksjes tsjin it lân.
- 20 july - Yn it ramt fan 'e saneamde Kubaanske Tei knoopje Kuba en de Feriene Steaten foar it earst yn hast in heale iuw wer diplomatike betrekkings oan.
- 20 july - By in bomoanslach troch de saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Turkske stêd Suruç komme 33 minsken om en reitsje 104 oaren ferwûne. De slachtoffers binne foar it meastepart studinten.
- 12 augustus - By twa grutte ûntploffings yn 'e Sineeske havenstêd Tianjin komme teminsten 173 minsken om en reitsje teminsten 700 oaren ferwûne.
- 17 augustus - By in bomoanslach yn 'e Taiske haadstêd Bangkok komme 20 minsken om en reitsje 125 oaren ferwûne.
- 21 augustus - By in mislearre oanslach op 'e Thalys, de hegesnelheidstrein fan Amsterdam nei Parys, reitsje yn Frankryk 4 minsken ferwûne, ynkl. de dieder.
- 11 septimber - Yn Mekka, yn Saûdy-Araabje, komme 111 minsken om as in boukraan omfalt.
- 18 septimber - By it saneamde Sjoemelsoftwareskandaal komt oan it ljocht dat it Dútske automerk Folkswein troch temûk tafoegjen fan ekstra software al jierren de emissytests bedonderet. Der wurdt rûsd dat wrâldwiid likernôch 11 miljoen auto's mei dizze sjoemelsoftware tarist binne.
- 24 septimber - By in ramp op 'e lêste dei fan 'e hadj nei Mekka brekt ûnder it ritueel fan it Stiennigjen fan de Duvel yn Mina panyk út ûnder de grutte mannichte pylgers, mei as gefolch dat in soad lju ûnder de foet rûn wurde. Dêrby komme teminsten 2.236 minsken om, wylst mear as 900 oaren ferwûne reitsje.
- 30 septimber - Ruslân ynteveniëarret oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad yn 'e Syryske Boargeroarloch en set útein mei bombardeminten fan 'e troch it Westen stipe sekuliere rebellen en ek fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS).
- 10 oktober - By bomoanslaggen yn 'e Turkske haadstêd Ankara komme 109 minsken om en reitsje mear as 400 oaren ferwûne.
- 31 oktober - It Russyske ferkearsfleantúch Kogalymavia-flecht 9268, ûnderweis fan Sjarm al-Sjeich nei Sint-Petersburch, wurdt troch islamistyske terroristen delsketten yn 'e Sinaï-woastyn. Dêrby komme alle 224 ynsittenden om.
- 8 novimber - By de earste min ofte mear frije ferkiezings yn Birma sûnt 1990 behellet de opposysje ûnder lieding fan Aung San Suu Kyi in grutte oerwinning.
- 13-14 novimber - By in rige koördinearre oanslaggen yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 137 minsken om (ynkl. 7 dieders) en reitsje 413 oaren ferwûne.
- 16 novimber - Ierlân fiert it homohoulik yn.
- 2 desimber - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd San Bernardino (Kalifornje) komme 16 minsken om (ynkl. de beide dieders) en reitsje nochris 24 oaren ferwûne.
- 12 desimber - Alle 195 leden fan 'e Feriene Naasjes nimme it histoaryske Klimaatakkoart fan Parys oan om klimaatferoaring tsjin te gean.
- 3 jannewaris - Nei de eksekúsje fan 'e sjiïtyske geastlike en minskerjochte-aktivist Nimr al-Nimr troch it rezjym yn Saûdy-Araabje wurde de Saûdyske diplomatike fertsjintwurdigings yn Iraan oanfallen troch in poerrazene kliber folk. Saûdy-Araabje en syn bûnsgenoaten ferbrekke dêrop de diplomatike betrekkings mei Iraan.
- 12 jannewaris - By in bomoanslach yn 'e Turkske stêd Istanbûl komme 14 minsken om (ynkl. de dieder), en reitsje 9 oaren ferwûne.
- 28 jannewaris - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) makket in slimme útbraak fan it sika-firus yn Súd-Amearika bekend.
- 12 febrewaris - Paus Fransiskus, it haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en partriarch Kirill, it haad fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, ûndertekenje de earste oekumenyske ferklearring sûnt it skisma tusken harren tsjerken yn 1054.
- 21 maart - It Ynternasjonaal Strafhof (ICC) yn De Haach feroardielet de eardere Kongoleeske fise-presidint Jean-Pierre Bemba foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid. Dit is de earste kear dat it ICC immen feroardielet yn ferbân mei seksueel geweld dat benammen tsjin froulju rjochte is.
- 21 maart - De Amerikaanske presidint Barack Obama bringt in besyk oan Kuba en is dêrmei de earste presidint fan 'e Feriene Steaten dy't dat buorlân besiket sûnt Calvin Coolidge yn 1928.
- 22 maart - By trije koördinearre oanslaggen yn 'e Belgyske haadstêd Brussel, op 'e Ynternasjonale Lofthaven Zaventem en it metrostasjon Maalbeek, komme 35 minsken om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 340 oaren ferwûne.
- 24 maart - De eardere Bosnysk-Servyske lieder Radovan Karadžić wurdt troch it Joegoslaavjetribunaal yn De Haach feroardiele ta 40 jier finzenisstraf foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid begien ûnder de Bosnyske Oarloch fan 'e 1990-er jierren.
- 1 april - Grienlân fiert it homohoulik yn.
- 3 april - De saneamde Panama Papers, 11,5 miljoen fertroulike dokuminten fan it Panameeske abbekatekantoar Mossack Fonseca, wurde lekt nei de media. Dêrtroch wurdt ynformaasje bekend oer geheime bankrekkens fan ferskate wrâldlieders, politisy en lju út 'e entertainmentyndustry.
- 16 april - By in ierdbeving fan 7,8 op 'e skaal fan Richter komme yn Ekwador 673 minsken om. Mear as 25.000 lju reitsje dakleas.
- 28 april - Kolombia fiert it homohoulik yn.
- 1-3 maaie - In boskbrân leit it stedsje Fort McMurray, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, yn 'e jiske. Dat liedt ta de grutste evakuaasje yn 'e skiednis fan Kanada. Mear as 2.400 gebouwen geane yn flammen op.
- 12 maaie - It parlemint fan Brazylje set presidinte Dilma Rousseff ôf. Fise-presidint Michel Temer wurdt oansteld as pleatsferfangend presidint.
- juny - De Westafrikaanske ebola-epidemy wurdt betwongen. Hjirby binne mear as 11.300 minsken omkommen.
- 12 juny - By in oanslach yn in nachtklub foar homo's yn 'e Amerikaanske stêd Orlando (Floarida) komme 50 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 58 oaren ferwûne.
- 16 juny - It Britske parlemintslid Jo Cox wurdt yn it Ingelske Birstall deasketten en -stutsen troch in neo-nazy dy't har miening dat it Feriene Keninkryk lid bliuwe moat fan 'e Jeropeeske Uny as lânferrie beskôget.
- 23 juny - By it Brexit-referindum stimt 52% fan 'e befolking fan it Feriene Keninkryk foar it opsizzen fan it Britske lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny. Premier David Cameron, dy't kampanje fierd hat om lid fan JU te bliuwen, treedt ôf.
- 23 juny - It regear fan Kolombia en de rebellen fan de FARC slute yn it ramt fan it Kolombiaanske Fredesproses in wapenstilstân, wêrmei't nei mear as in heale iuw in ein oan 'e FARC-rebûlje komt.
- 28 juny - By in oanslach op de lofthaven fan 'e Turkske stêd Istanbûl troch oanhingers fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) komme 45 minsken om en reitsje 236 oaren ferwûne.
- 6 july - De publikaasje fan 'e app fan it spultsje Pokémon Go foar smartphones liedt ta in wrâldwide raazje.
- 14 july - By in oanslach yn 'e Frânske stêd Nice riidt in islamistyske terrorist mei in frachtwein yn op in mannichte folk dy't feest fiert y.f.m. Bastilledei. Der falle 87 deaden (ynkl. de dieder) en der reitsje 434 lju ferwûne.
- 15-16 july - By in steatgreep yn Turkije besiket in diel fan it leger presidint Recep Tayyip Erdoğan ôf te setten. Dat mislearret, en Erdoğan grypt dit foarfal oan om drakoanyske maatregels troch te fieren, wêrby't tsientûzenen minsken oppakt wurde en hûnderttûzenen harren baan ferlieze.
- 22 july - Man fiert it homohoulik yn.
- 20 augustus - By in bomoanslach yn 'e Turkske stêd Gaziantep komme 54 minsken om en reitsje 66 oaren ferwûne.
- 28 septimber - In ynternasjonale groep ûndersikers konkludearret dat it ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 17, dat yn july 2014 boppe de eastlike Oekraïne delstoarte, troch pro-Russyske rebellen delsketten is mei in Bûk-raket.
- 3-10 oktober - De orkaan Matthew feroarsaket yn Haïty en Kuba, op 'e Turks- en Kaikoseilannen en de Bahama's en yn 'e Amerikaanske steaten Floarida, Georgia en Súd-Karolina yn totaal 603 deaden en rjochtet foar $15,1 miljard oan skea oan.
- 9 oktober - Yn 'e Birmeeske steat Arakan brekke gefjochten út tusken regearringstroepen en Rohingja-rebellen.
- 13 oktober - It Britsk Antarktysk Territoarium fiert it homohoulik yn.
- novimber - Yn 'e Birmeeske steat Arakan begjint it Birmeeske leger mei de Genoside op de Rohingja. Tsjin desimber binne al tûzenen etnyske Rohingja útwykt nei Bangladesj en oare lannen.
- novimber - De epidemy fan it sika-firus yn Latynsk-Amearika wurdt betwongen.
- 8 novimber - By presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten kriget de Republikeinske kandidaat Donald Trump de measte kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje efter him (en wint dêrmei de ferkiezings), hoewol't syn Demokratyske rivale Hillary Clinton oansjenlik mear stimmen kriget.
- 24 novimber - It regear fan Kolombia en de rebellebeweging FARC ûndertekenje in fredesoerienkomst, wêrmei't in ein komt oan 'e oarloch tusken dy beide partijen.
- 15 desimber - Gibraltar fiert it homohoulik yn.
- 19 desimber - By in oanslach yn 'e Dútske haadstêd Berlyn riidt in islamistyske terrorist mei in kaapte frachtwein yn op in krystmerk. Dêrby falle 12 deaden (ynkl. de oarspronklike frachtweinsjauffeur, dy't by de kaping deasketten wie) en 56 ferwûnen. De dieder, in Anis Amri, wit te ûntkommen.
- 23 desimber - Anis Amri, de dieder fan 'e de oanslach op 'e krystmerk yn Berlyn, wurdt by in konfontaasje mei de Italjaanske plysje yn Milaan deasketten.
- 1 jannewaris - Ascension fiert it homohoulik yn.
- 1 jannewaris - By in oanslach op in nachtklub yn 'e Turkske stêd Istanbûl sjit in islamistyske terrorist 39 minsken dea en ferwûnet nochris 70 oaren.
- 20 jannewaris - De Republikein Donald Trump wurdt ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 21 jannewaris - De Frouljusmars: tsientallen miljoenen minsken dogge wrâldwiid mei oan 420 massale demonstraasjes yn 'e Feriene Steaten en 168 yn oare lannen. Dêrmei wurdt protestearre tsjin 'e ynauguraasje fan Donald Trump as presidint fan 'e Feriene Steaten. It is it grutste protest út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.
- 13 febrewaris - Kim Jong-nam, de âldere, yn ballingskip libjende broer fan 'e Noardkoreaanske diktator Kim Jong-un, wurdt by in oanslach troch twa froulju fermoarde mei VX-senuwgas yn in lofthaven yn Maleizje.
- 1 maart - Finlân fiert it homohoulik yn.
- 10 maart - De presidinte fan Súd-Koreä, Park Geun-hye, wurdt troch it Grûnwetlik Hôf fan Koreä by in unanime beslissing ôfset fanwegen korrupsje. Premier Hwang Kyo-ahn wurdt plakferfangend presidint.
- 22 maart - By in oanslach op 'e Brêge fan Westminster en it Britske parlemintsgebou (it Paleis fan Westminster) komme 6 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 49 oaren ferwûne.
- 29 maart - It Feriene Keninkryk stelt kêst 50 fan it Ferdrach fan Lissabon yn wurking, wêrmei't ûnderhannelings oer Brexit begjinne.
- 7 april - By in oanslach yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm riidt in islamistyske terrorist mei in stellen bestelwein yn op fuotgongers op 'e Drottninggata, in drokke winkelstrjitte. Der komme 5 minsken om en 14 oaren reitsje ferwûne. De dieder, Rakhmat Akilov, wurdt arrestearre.
- 29 april - De Falklâneilannen fiere it homohoulik yn.
- 2 maaie - Guernsey fiert it homohoulik yn.
- 7 maaie - By ferkiezings yn Frankryk wurdt Emmanuel Macron, de kandidaat fan 'e nije politike partij En Marche! keazen ta presidint.
- 12 maaie - In grutte cyberoanfal mei it WannaCry-ransomwareprogramma ynfektearret mear as 230.000 kompjûters yn 150 lannen en easket betelling yn bitcoins yn 28 talen. Benammen bedriuwen en ynstellings dy't harren firusbeskerming net by de tiid holden hawwe, wurde swier troffen, wêrûnder it telekommunikaasjebedriuw Telefónica yn Spanje, it ferfiersbedriuw Deutsche Bahn yn Dútslân, de pakketbesoargingstsjinst FedEx yn 'e Feriene Steaten en sikehuzen fan 'e Britske National Health Service.
- 22 maaie - By in bomoanslach yn 'e Britske stêd Manchester op 'e Manchester Arena, fuort nei ôfrin fan in konsert fan 'e Amerikaanske sjongster Ariana Grande, komme 23 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 512 oaren ferwûne.
- 1 juny - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget oan dat er de Feriene Steaten weromlûke sil út it Klimaatakkoart fan Parys. Dat liedt ta wrâldwide feroardieling.
- 3 juny - By in oanslach yn 'e Britske haadstêd Londen komme 11 minsken om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 48 oaren ferwûne as islamistyske terroristen op 'e London Bridge ynride op fuotgongers en oan 'e súdkant fan 'e Teems út harren autobuske springe en op 'e Borough Market de merkbesikers mei messen oanfalle.
- 5 juny - Montenegro wurdt as 29e lân lid fan 'e NATO.
- 5 juny - De Katareeske Diplomatike Krisis begjint as sân Arabyske lannen (Saûdy-Araabje, Bachrein, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Jemen, Lybje en Mauretaanje) alle diplomatike betrekkings mei Katar ferbrekke op 'e beskuldiging dat dat lân de regio destabilisearje soe troch terrorisme te stypjen. Yn it echt giet it derom dat Katar net nei Saûdy-Araabjes pipen dûnsje wol.
- 8 juny - By ferkiezings yn it Feriene Keninkryk, dy't trije jier earder as nedich útroppen binne troch premier Theresa May om in sterkere posysje te krijen foar de Brexit-ûnderhannelings mei de Jeropeeske Uny, ferliest May har Konservative Partij ûnferwachts de mearderheid yn it Legerhûs. De sosjalistyske Labourpartij fan Jeremy Corbyn wint foar it earst sûnt 1997 oan parlemintssitten. May wurdt twongen om in minderheidsregear te foarmjen dat ôfhinklik is fan stipe fan 'e Noardierske DUP.
- 14 juny - By de brân yn de Grenfelltoer, in flatgebou yn 'e Britske haadstêd Londen, komme 71 minsken om.
- 1 july - De Fêreu-eilannen fiere it homohoulik yn.
- 10 july - De Iraakske stêd Mosûl wurdt foar befrijd ferklearre nei de ferdriuwing fan striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS).
- 4 augustus - Tristan da Cunha fiert it homohoulik yn.
- 11-12 augustus - Yn it Amerikaanske plak Charlottesville (Firginia) wurdt de Unite the Right-demonstraasje holden, dêr't rasisten en neo-nazys fan alderhanne plommaazje oan meidogge. As antyfaksistyske demonstranten in tsjinprotest hâlde, riidt neo-nazy James Alex Fields jr. mei syn auto mei opsetsin yn op 'e tsjindemonstraasje, wêrmei't er 1 persoan, Heather Heyer, om hals bringt en 19 oaren ferwûnet. Fields sels wurdt arrestearre. De Amerikaanske presidint Donald Trump soarget neitiid foar grutte opskuor as er úthâldt dat sawol ûnder de neo-nazys as ûnder de antyfaksisten goede minsken binne en dat beide kanten likefolle skuld hawwe oan it ynsidint.
- 16 augustus - By in ûntploffing yn it Katalaanske plak Alcanar komme 2 minsken om en reitsje 15 ferwûne. Letter docht bliken dat de eksploazje by fersin feroarsake is troch islamistyske terroristen dy't in bom oan it meitsjen wiene, en dat de beide deaden terroristen binne. De rest fan 'e sel beslút nei oanlieding hjirfan om daliks oer te gean ta it dwaan fan oanslaggen mei messen en troch mei frachtweinen op fuotgongers yn te riden.
- 17-18 augustus - By oanslaggen yn de Katalaanske plakken Barseloana (op 17 augustus) en Cambrils (op 18 augustus) falle 21 deaden (ynkl. 5 dieders) en 137 ferwûnen.
- 24-27 augustus - De orkaan Harvey giet by de stêd Houston oan lân yn 'e Amerikaanske steat Teksas, en lit dêr yn 4 dagen tiid 1.000 mm rein falle. By de wettersneed dy't dêrtroch feroarsake wurdt, komme 82 minsken om en reitsje 30.000 oaren dakleas.
- 25 augustus - De Feriene Naasjes feroardielje de ferfolging fan 'e islamityske Rohingja-minderheid yn it fierhinne boedistyske Birma as "in dúdlik foarbyld fan etnyske suverings."
- 1 septimber - Malta fiert it homohoulik yn.
- 6-11 septimber - De orkaan Irma feroarsaket op 'e Lytse Antillen, Hispanjoala en Kuba en yn 'e Amerikaanske steat Floarida 82 deaden en in materiële skea fan $62,7 miljard. Benammen op Barbûda, Sint-Marten, de Britske Famme-eilannen en de Florida Keys is de ravaazje frijwol folslein.
- 19-22 septimber - De orkaan Maria feroarsaket op 'e Lytse Antillen, Hispanjoala en Porto Riko en yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina yn totaal teminsten 3.057 deaden en rjochtet foar $91,6 miljard oan skea oan. Fan 'e Lytse Antillen binne Dominika en Gûadelûp it swierst troffen, mar fierwei it slimst is de sitewaasje op Porto Riko, dêr't teminsten 2.975 deaden falle en foar krapoan $90 miljard oan skea oanrjochte wurdt. Dielen fan it eilân sitte mear as in heal jier sûnder elektrisiteit.
- 25 septimber - Yn Iraaksk-Koerdistan wurdt in referindum holden, wêrby't de kiezers mei in oerweldigjende mearderheid fan 92,7% foar ûnôfhinklikheid stimme. Irak wegeret de útkomst te erkennen en de krisis boazet oan ta in koart wapene konflikt.
- 29 septimber - Yn Nederlân wurdt de jonge frou Anne Faber ferkrêfte en fermoarde, nei't letter blykt troch Michael P., dy't op ferlof is út in TBS-klinyk yn Den Dolder. De saak soarget foar in protte opskuor, mei't de measte minsken net begripe hoe't sa'n man ea ferlof krije kinnen hat.
- 1 oktober - Dútslân fiert it homohoulik yn.
- 1 oktober - Yn 'e Spaanske regio Kataloanje wurdt in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, dat troch de Spaanske federale oerheid ferbean is. Nettsjinsteande in koördinearre besykjen troch de Spaanske plysje om 'e minsken it stimmen ûnmooglik te meitsjen, bringe dochs noch 2,3 miljoen Katalanen harren stim út. Fan harren stimt 92% foar ûnôfhinklikheid. De bylden fan Spaanske plysjeminsken dy't mei kneppels ynslane op âlden fan dagen dy't harren stim útbringe wolle, roppe yn 'e hiele wrâld ûntsetting en walging op.
- 1 oktober - By it Bloedbad fan Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, komme 58 minsken om en reitsje nochris 546 oaren ferwûne as Stephen Paddock, in geastlik steurde man, mei mitrailleurs fanút it Mandalay Bay-hotel it fjoer iepenet op 'e besikers fan in countrymuzykkonsert op it terrein oare kant de strjitte. Paddock docht selsmoard ear't de plysje arrivearje kin om him op te pakken.
- 14 oktober - By bomoanslaggen yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû komme 512 minsken om en reitsje 316 oaren ferwûne.
- 15 oktober - De Amerikaanske aktrise Alyssa Milano jout de oanset ta de Me Too-beweging, as se opropt om in hashtag mei dy namme te brûken om slachtoffers fan seksueel misbrûk witte te litten dat se net allinne steane. De beweging waakst oan as almar mear bekende froulju nei bûten komme mei ferhalen fan misbrûk. It liedt meitiid ta de ein fan 'e karriêre fan notoire misbrûkers yn Hollywood, lykas filmprodusint Harvey Weinstein en akteur Kevin Spacey.
- 17 oktober - Rakka, de haadstêd fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS), wurdt befrijd troch in Amerikaansk-Koerdyske koälysje.
- 27 oktober - Op basis fan 'e útkomst fan it referindum fan oktober ropt Kataloanje de ûnôfhinklikheid út en skuort him dêrmei los fan Spanje. It nije lân kriget lykwols gjin ynternasjonale erkenning.
- 5 novimber - De saneamde Paradise Papers, 13,4 miljoen fertrouwlike digitale dokuminten oangeande offshore-ynvestearrings, wurde lekt nei de media.
- 15 novimber - By in steatgreep yn Simbabwe komt nei mear as in fearnsiuw in ein oan it regear fan presidint Robert Mugabe. Hy wurdt ûnder hûsarrest pleatst.
- 21 novimber - Presidint Robert Mugabe fan Simbabwe treedt formeel ôf.
- 22 novimber - It Joegoslaavjetribunaal yn De Haach befynt de eardere Bosnysk-Servyske generaal Ratko Mladić skuldich oan genoside foar it Bloedbad fan Srebrenica, ûnder de Bosnyske Oarloch fan 'e 1990-er jierren. Hy wurdt feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.
- 24 novimber - By in bomoanslach op in moskee yn 'e Egyptyske Sinaï komme 311 minsken om en reitsje 122 oaren ferwûne.
- 5 desimber - Nei oanlieding fan it Russysk dopingskandaal ferbiedt it Ynternasjonaal Olympysk Komitee de dielname fan Ruslân oan 'e Olympyske Winterspullen fan 2018 yn Pyeongchang.
- 6 desimber - De Feriene Steaten erkenne tsjin alle ynternasjonale ferdraggen yn de ûnrjochtlik troch Israel besette stêd Jeruzalim as de Israelyske haadstêd.
- 9 desimber - Austraalje fiert it homohoulik yn.
- 9 desimber - De Iraakske premier Haider al-Abadi makket de oerwinning op 'e saneamde Islamityske Steat (IS) bekend. Dêrmei komt in ein oan 'e Iraakske Boargeroarloch.
- 20 desimber - Sint-Helena fiert it homohoulik yn.
- 20 jannewaris - It Turkske leger set útein mei in ynfal yn Afrin, in diel fan noardlik Syrje, dat yn 'e Syryske Boargeroarloch yn 'e hannen kommen is fan 'e Koerdyske YPG-milysje.
- 20-22 jannewaris - Yn 'e Feriene Steaten fynt in koarte oerheidssluting (government shutdown) plak as in nije begrutting net goedkard wurde kin om't presidint Donald Trump en it Amerikaanske Kongres it net iens wurde kinne oer de opfangregeling foar minderjierrige asylsikers DACA.
- 27 jannewaris - Yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert wurdt yn oanwêzichheid fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima de iepening fan it projekt LF2018 holden. Op dit feestlike evenemint komme nettsjinsteande de lichte rein 35.000 minsken ôf.
- 14 febrewaris - Under swiere druk fan syn eigen partij, it ANC, treedt de troch korrupsjeskandalen efterfolge presidint fan Súd-Afrika Jacob Zuma nei njoggen jier ôf.
- 14 febrewaris - By it Bloedbad op de Stoneman Douglas High School yn it Amerikaanske plak Parkland (Floarida) komme 17 minsken om en reitsje 17 oaren ferwûne as in geastlik steurde man it fjoer iepenet op learlingen en learkrêften. De dieder, in Nikolas Cruz, wurdt neitiid arrestearre.
- 4 maart - De eardere Russyske dûbelagint Sergej Skripal wurdt mei syn dochter Jûlija fergiftige yn syn wenplak Salisbury, yn Ingelân. Beiden oerlibje lykwols de knoffelich útfierde oanslach, dêr't de Russyske feilichheidstsjinst GRU efter sit. As wapen is it senuwgas Novitsjok ynset.
- 18 maart - By ûnfrije en ûndemokratyske ferkiezings yn Ruslân wurdt de sittende presidint Vladimir Pûtin foar in fjirde termyn ta presidint keazen.
- 23 maart - By oanslaggen troch in islamistyske terrorist yn it Frânske Carcassonne en Trèbes komme 5 minsken om, ynkl. de dieder.
- 25 maart - By in brân yn in winkelsintrum yn 'e Russyske stêd Kemerovo komme 64 minsken om.
- 7 april - Yn Brazylje wurdt de eardere presidint Luiz Inácio Lula da Silva arrestearre foar korrupsje en wytwaskpraktiken.
- 18 april - Yn Nikaragûa begjinne massale protesten tsjin 'e pinsjoenherfoarmings fan it regear fan presidint Daniel Ortega. Likernôch 34 demonstranten wurde deasketten troch de plysje.
- 23 april - By in oanslach yn 'e Kanadeeske stêd Toronto riidt de bestjoerder fan in bestelbuske 10 minsken dea, wylst 16 oaren ferwûne reitsje. De dieder, Alek Minassian, blykt in steurde geast te wêzen dy't in ûnbedimbere hate foar froulju opfet hat.
- 23 april - De Armeenske premier Serzj Sargsjan treedt ôf nei oanhâldende protesten.
- 27 april - Kim Jong-un en Moon Jae-in, de presidinten fan Noard-Koreä en Súd-Koreä, hâlde in topmoeting yn 'e Koreaanske Demilitarisearre Sône.
- 3 maaie - Op it eilân Hawaï, yn 'e Amerikaanske steat Hawaï, begjint lava op te boarreljen út in sydkanaal fan 'e fulkaan de Kīlauea. By dizze útbarsting fan Puna wurdt in soad materiële skea feroarsake. Tûzenen minsken moatte út harren wenten evakuëarre wurde.
- 8 maaie - De Amerikaanske presidint Donald Trump lûkt syn lân werom út 'e saneamde Iraan-deal. Boppedat stelt er sanksjes yn it foarútsjoch tsjin bûtenlânske bedriuwen dy't trochgean mei hannel te driuwen mei Iraan. Dêrmei sabotearret er de hiele oerienkomst, net om't Iraan him dêr net oan hâldt, sa't Trump tsjin alle rapporten fan it Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip (IAEA) yn beweart, mar poer foar binnenlânsk polityk gewin.
- 9 maaie - By parlemintsferkiezings yn Maleizje behellet de opposysje, ûnder it liederskip fan 'e 92-jierrige âld-premier Mahathir Mohamad, in grutte oerwinning oer it regear fan 'e korrupte Najib Razak. Dêrmei komt ek in ein oan it rezjym fan 'e Barisan Nasional-koälysje, dat 61 jier duorre hat.
- 25 maaie - By in referindum yn Ierlân stimt in grutte mearderheid fan it elektoraat (66,4%) foar it opheffen fan it ferbod op abortus.
- 3 juny - By in útbarsting fan 'e fulkaan Volcán de Fuego, yn Gûatemala, komme teminsten 109 minsken om en reitsje hûnderten oaren ferwûne.
- 12 juny - Yn Singapoer wurdt in topmoeting holden tusken de presidinten fan Noard-Koreä, Kim Jong-un, en fan de Feriene Steaten, Donald Trump.
- 24 juny - Yn Saûdy-Araabje wurdt autoriden foar froulju legalisearre. De aktivistes dy't dêrfoar striden hawwe, bliuwe lykwols yn it tichthûs sitten.
- 1 july - Jersey fiert it homohoulik yn.
- 6 july - De Amerikaanske presidint Donald Trump lokket in hannelsoarloch mei Sina út troch iensidich de ynfiertariven op ymportartikels út Sina mei $34 miljard te ferheegjen.
- 10 july - By de Grotrêding fan Tham Luang wurde 12 jonges fan in fuotbalalvetal en harren trener nei 17 dagen troch in ynternasjonaal team fan dûkers út 'e Tham Luang Nang Non-grot yn Tailân rêden, dêr't se fêst kommen wiene te sitten troch hommels opkommend wetter.
- 23-26 july - By boskbrannen yn Grikelân komme yn 'e regio Attika teminsten 88 minsken om, wylst 187 oaren ferwûne reitsje.
- 10-20 augustus - Swiere stjalprein feroarsaket yn 'e súdlike Yndiaaske dielsteat Kerala de slimste wettersneed yn hûndert jier.
- 14 augustus - De Morandi-brêge yn it Italjaanske Genua stoart yn nei in swiere stoarm. Dêrby komme 43 minsken om.
- 2 septimber - In brân ferwuostget it Nasjonaal Museum fan Brazylje yn Rio de Janeiro. Net ien rekket ferwûne, mar 90% fan 'e ûnferfangbere kolleksje giet ferlern.
- 6 septimber - It Heechgerjochtshôf fan Yndia ferklearret dat de wetten dy't homoseksualiteit ferbiede, ûngrûnwetlik binne, en stelt se bûten wurking. Dêrmei wurdt yn Yndia homoseksualiteit dekriminalisearre.
- 20 septimber - De Tanzaniaanske fearboat MS Nyerere kapseist en sinkt op 'e Fiktoariamar, wêrby't teminsten 228 minsken omkomme.
- 28 septimber - By in ierdbeving fan 7,5 op 'e skaal fan Richter folge troch in tsûnamy komme op it Yndonezyske eilân Selebes teminsten 2.256 minsken om en reitsje teminsten 10.679 oaren ferwûne.
- 2 oktober - De Saûdyske balling en sjoernalist Djamal Chasjokdji wurdt it Saûdyske konsulaat yn 'e Turkske stêd Istanbûl binnenlokke en dêr fermoarde troch in deadseskader dat wurket yn opdracht fan 'e Saûdyske kroanprins Mohammed bin Salman. De moard op Djamal Chasjokdji liedt ta in djippe diplomatike krisis tusken Saûdy-Araabje en de Westerske wrâld.
- 10 oktober - Michael komt as in orkaan fan 'e 5e kategory út 'e Golf fan Meksiko oan lân yn 'e Florida Panhandle. It stedsje Mexico Beach wurdt folslein fuortfage.
- 16 oktober - Kanada legalisearret as twadde lân yn 'e wrâld (nei Oerûguay) de ferkeap en it gebrûk fan kannabis foar rekreätive doelen.
- 27 oktober - By in oanslach op in synagoge yn 'e Amerikaanske stêd Pittsburgh wurde 11 minsken deasketten en reitsje 7 oaren ferwûne, ûnder wa de dieder, dy't hannele út antysemityske oertsjûgings.
- 28 - By ferkiezings yn Brazylje wurdt de iepentlik faksistyske kandidaat Jair Bolsonaro ta presidint keazen mei 55% fan 'e stimmen.
- 29 oktober - It Yndonezyske ferkearsfleantúch Lion Air-flecht 610 stoart del yn 'e Javasee benoarden it eilân Java. Dêrby komme alle 189 ynsittenden om.
- 4 novimber - By in referindum oer de takomst fan it Frânske oerseeske gebietsdiel Nij-Kaledoanje stimt 56,4% fan 'e befolking fan it gebiet tsjin ûnôfhinklikheid.
- 6 novimber - By de midtermynsferkiezings yn 'e Feriene Steaten boekt de Demokratyske Partij in grutte oerwinning op Republikeinen fan presidint Donald Trump. De Demokraten winne de mearderheid yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn 'e Amerikaanske Senaat kin mar foar in trêdepart fan 'e sitten stimd wurde en dy lizze allegear yn plattelânsgebiet, dêr't Trump in soad oanhing hat. Nettsjinsteande dat ferlieze de Demokraten yn 'e Senaat mar inkele sitten.
- 8 novimber - De Boskbrân fan Camp, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ferwuosget it hiele stedsje Paradise. Dêrby komme teminsten 88 minsken om en wurde 18.804 wenten ferneatige.
- 1 desimber - Yn Frankryk begjinne grutskalige demonstraasjes fan 'e protestbeweging dy't bekend komt te stean as de Giele Heskes. Der wurdt demonstrearre tsjin ferheging fan 'e benzine-aksynzen en withoefolle oare saken. Yn Parys brekt ûnder de demonstraasjes ferskate kearen opskuor út. De Giele Heskes-beweging is de slimste boargerlike ûnrêst yn Frankryk sûnt de protesten fan 1968.
- 22 desimber - In útbarsting fan 'e fulkaan de Anak Krakatau, yn 'e Sûndastrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Sumatra, feroarsaket in tsûnamy dy't op 'e kusten fan dy eilannen oan teminsten 430 minsken it libben kostet en krapoan 1.500 oaren ferwûnet.
- 1 jannewaris - Eastenryk fiert it homohoulik yn.
- 1 jannewaris - By de containerramp mei de MSC Zoe slane op 'e Noardsee fuort benoarden it Waad op it containerskip de MSC Zoe teminsten 345 seecontainers oerboard. Om't in grut tal fan dy containers yn stikken brekke, soarget dat foar in ûnbidige miljeuramp, wêrfan't de gefolgen noch jierren te fielen wêze sille.
- 10 jannewaris - De troch de opposysje dominearre Nasjonale Assimblee fan Fenezuëla ferklearret it presidintskip fan Nicolás Maduro ûnrjochtlik en set tsjin him in ôfsettingsproseduere yn gong. Dit is it begjin fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis.
- 25 jannewaris - By de Daambrek fan Brumadinho brekt by Brumadinho yn 'e Brazyljaanske steat Minais Gerais in daam by in izermyn troch, mei as gefolch dat in grut gebiet ûnder de giftige blabze strûpt. Teminsten 206 minsken fine hjirby de dea, wylst noch 102 oaren fermist reitsje.
- 5 febrewaris - By in útslaande brân yn in flatgebou yn Parys komme 10 minsken om en reitsje nochris 36 oaren ferwûne.
- 12 febrewaris - De Republyk Masedoanje neamd himsels om ta de Republyk Noard-Masedoanje. Dêrmei komt in ein oan in tsientallen jierren duorjend skeel mei Grikelân oer it gebrûk fan 'e namme 'Masedoanje'. De wei is no foar Noard-Masedoanje frij om lid te wurden fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO.
- 20 febrewaris - By in grutte brân yn 'e Bingaalske haadstêd Dhaka komme teminsten 78 minsken om.
- 27-28 febrewaris - De Noardkoreaansk-Amerikaanske topmoeting yn 'e Fjetnameeske haadstêd Hanoi, tusken de presidinten Kim Jong-un en Donald Trump, mislearret folslein en beide lieders keare foartidich werom nei hûs sûnder wat bedijd te hawwen.
- 10 maart - Ethiopian Airlines-flecht 302, in Boeing 737 MAX ûnderweis fan Addis Abeba, yn Etioopje, nei Nairobi, yn Kenia, stoart koart nei it opstiigjen del, wêrby't alle 157 ynsittenden omkomme. Om't dit fleantúchûngemak sterk liket op dat fan Lion Air-flecht 610, op 29 oktober 2018 yn Yndoneezje, wurde neitiid wrâldwiid alle Boeings 737 MAX oan 'e grûn holden.
- 15 maart - By terroristyske oanslaggen troch deselde dieder op twa moskeeën yn Christchurch, yn Nij-Seelân, komme 50 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne.
- 15 maart - De sykloan Idai komt oan lân yn Mozambyk, wêrby't teminsten 1.073 deaden falle en in ûnbidich grut gebiet derûnder strûpt.
- 20 maart - De Jeropeeske Uny leit de Amerikaanske ynternetgigant Google in boete fan € 1,49 miljard op om't it bedriuw op syn eigen websiden konkurrinten út 'e online-advertinsjesektor bûtendoar holden hat.
- 24 maart - In út fjouwer siden besteande gearfetting fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump wurdt publisearre troch de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken William Barr. Dêryn stiet dat der gjin bewiis is foar gearspanning fan 'e Trump-kampanje mei Ruslân om de útslach fan 'e ferkiezings te beynfloedzjen. Oer mooglike obstruksje fan de rjochtsgong hat Mueller lykwols gjin konklúzje berikke kinnen.
- 11 april - Nei moannenlange demonstraasjes tsjin syn bewâld wurdt de Sûdaneeske presidint Omar al-Basjir, dy't al tritich jier oan 'e macht is, ôfset by in steatsgreep troch it leger.
- 11 april - Yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt WikiLeaks-oprjochter Julian Assange arrestearre, nei't er him sân jier lang beskûl holden hat yn de ambassade fan Ekwador.
- 15 april - By in grutte brân wurdt yn Parys de mear as tûzen jier âlde katedraal de Notre-Dame foar in grut part ferwuostge.
- 18 april - Yn de Feriene Steaten wurdt in sinsurearre ferzje publisearre fan it 448 siden tellende rapport fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump.
- 21 april - By de Peaske-oanslaggen fan 2019 (op Peaskesnein) wurde terroristyske oanslaggen útfierd op acht plakken yn Sry Lanka, wêrûnder trije tsjerkegebouwen, fjouwer hotels en in appartemintekompleks. Der komme teminsten 258 minsken om, wylst mear as 500 oaren ferwûne reitsje.
- 30 april - Keizer Akihito fan Japan docht ôfstân fan 'e troan. It is de earste kear yn hast twa iuwen dat in Japanske keizer net oan syn ferstjerren ta oan it bewâld bliuwt.
- 1 maaie - Naruhito wurdt kroane as de nije keizer fan Japan. Hy folget syn heit Akihito op, dy't in dei earder troansôfstân dien hat.
- 4-6 maaie - Kroaning fan kening Vajiralongkorn fan Tailân.
- 10 maaie - De Feriene Steaten ferheegje de ynfiertariven op $200 miljard oan ymportguod út Sina mei 25%, wat soarget foar eskalearjende spannings tusken de beide lannen.
- 17 maaie - Taiwan fiert as earste lân yn Aazje it homohoulik yn.
- 23 maaie - Yn Botswana wurdt it ferbod op 'e jacht op Afrikaanske oaljefanten opheft.
- 3 juny - By it Bloedbad fan Kartûm wurde yn 'e Sûdaneeske haadstêd Kartûm mear as 100 minsken deasketten as it leger en de Djandjawiid-milysje it fjoer iepenje op in kampemint fan demonstranten fuortby it militêr haadkertier.
- 7 juny - De Britske premier Theresa May treedt ôf as lieder fan 'e Konservative Partij.
- 9 juny - Yn Hongkong wurdt troch mear as 1 miljoen minsken demonstrearre tsjin 'e nije útleveringswet dy't it mooglik makket Hongkongsters oer te dragen oan 'e autoriteiten fan 'e Folksrepublyk Sina. Dit is foarearst it hichtepunt fan 'e protesten yn Hongkong (2019).
- 30 juny - De Amerikaanske presidint Donald Trump wipt yn Súd-Koreä by in besyk oan 'e Demilitarisearre Sône eefkes oer de grins om mei de Noardkoreaanske lieder Kim Jong-un te praten. Hy wurdt dêrmei de earste Amerikaanske presidint ea dy't foet op Noardkoreaanske grûn set.
- 3 july - By it bombardemint op it Tadjoera-migrantesintrum yn 'e Libyske haadstêd Tripoly, troch de opstannelingen fan fjildmaarskalk Chalifa Haftar, komme teminsten 53 Afrikaanske migranten ûnderweis nei Jeropa om, wylst 130 oaren ferwûne reitsje.
- 8 july - It Grûnwetlik Hof fan Ekwador docht de útspraak dat de útsluting fan homoseksuëlen en lesbiënnes fan it houlik yngiet tsjin 'e grûnwet. It homohoulik wurdt dêrom mei direkte yngong legaal yn Ekwador.
- 18 july - Yn 'e Japanske stêd Kyoto komme 35 minsken om en reitsje mear as 30 oaren ferwûne as immen mei opsetsin brân stiftet yn in tekenfilmstudio. De dieder wurdt oppakt en rjochtfeardiget syn die troch te sizzen dat de studio syn wurk plagiëarre hie.
- 3 augustus - By in terroristyske oanslach op in Walmart yn 'e Amerikaanske stêd El Paso komme 22 minsken om en reitsje nochris 24 oaren ferwûne. De dieder, dy't oppakt wurdt, hat in rasistysk motyf en woe safolle mooglik Latino's fermoardzje.
- 4 augustus - By in sjitpartij yn 'e Amerikaanske stêd Dayton (Ohio) komme 10 minsken om, ynkl. de dieder en dy syn suster, en reitsje nochris 27 oaren ferwûne.
- 5 augustus - It Yndiaaske regear fan premier Narendra Modi en dy syn hindoe-fûnemintalistyske BJP heft iensidich de spesjale status en dêrmei it selsbestjoer op fan 'e regio Djammû en Kasjmier. It hiele gebiet wurdt fan 'e bûtenwrâld ôfsletten.
- 21 augustus - De swiere boskbrannen yn it Brazyljaanske Amazônegebiet berikke in rekôrgrutte. De brannen binne oanstutsten troch boeren en bedriuwen dy't lân brûke wolle, dêrby oanfitere troch útspraken en belied fan 'e Brazyljaanske presidint Jair Bolsonaro. Dyselde beskuldiget lykwols miljeu-aktivisten derfan de brannen oanstutsen te hawwen.
- 1-3 septimber - De Orkaan Dorian komt oan lân yn 'e noardlike Bahama's as in orkaan fan 'e fyfde (en swierste) kategory fan 'e skaal fan Saffir-Simpson en bliuwt dêr twa en in heale dei hingjen wylst er hiel stadich oer de eilannen tsjocht, dêrby folsleine ferwoastging efterlittend. Fan gefolgen komme 61 minsken om en reitsje mear as 400 fermist.
- 4 septimber - It regear fan Hongkong lûkt yn it ramt fan 'e oanhâldende protesten de omstriden útleveringswet yn dêr't ynwenners fan Hongkong troch útlevere wurde kinne soene oan Sina.
- 14 septimber - By drone-oanfallen op Saûdyske oalje-ynstallaasjes wurdt grutte skea tabrocht oan 'e oaljeproduksje fan 'e Saûdyske steatsoaljemaatskippij Aramco. De Hûty-rebellen yn Jemen easkje de ferantwurdlikheid op. De Feriene Steaten beskuldigje Iraan derfan dat it efter de oanfallen sit, lykwols sûnder dat se mei ek mar it minste bewiis foar dy bewearing komme.
- 24 septimber - Yn ferbân mei it Oekraïneskandaal begjint it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen in impeachmentproseduere tsjin presidint Donald Trump, dy't úteinlik ta dy syn ôfsetting liede kin.
- 25 septimber - Oeral op 'e wrâld wurde grutte demonstraasjes holden tsjin klimaatferoaring en de fierstente lakse oanpak dêrfan troch wrâldlieders. Der dogge wrâldwiid 4 miljoen minsken mei. Yn Montreal wurdt de grutste demonstraasje, fan 500.000 minsken, oanfierd troch de jonge Sweedske klimaataktiviste Greta Thunberg en de Kanadeeske premier Justin Trudeau.
- 1 oktober - Yn Taiwan stoart de Nanfang'ao-brêge yn. Dêrby komme 6 minsken om en reitsje mear as 20 oaren ferwûne.
- 6 oktober - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget oan dat er op tige koarte termyn alle Amerikaanske troepen út noardlik Syrje weromlûke sil. It docht bliken dat dat ûnderdiel útmakket fan in hantsjebakken fan Trump mei de Turkske presidint Recep Tayyip Erdoğan. Dyselde hat fan Trump tastimming krigen om it Turkske leger noardlik Syrje binnenkringe te litten, om dêr de Koerdyske striders fan 'e YPG-milysje oan te fallen. Mei't de Koerden bûnsgenoaten fan 'e Feriene Steaten binne, komt dit ferrie Trump op in protte krityk te stean.
- 9 oktober - It Turkske leger kringt binnen yn noardlik Syrje en falt dêr de Koerdyske bûnsgenoaten fan it Westen oan.
- 12 oktober - Tyfoan Hagibis komt oan lân yn Japan. It is de swierste stoarm dy't it lân yn tsientallen jierren rekke hat. Der komme 86 minsken om en nochris 8 oaren reitsje fermist.
- 14 oktober - It Heechgerjochtshôf fan Spanje feroardielet njoggen Katalaanske lieders ta 9 oant 13 jier finzenisstraf foar opstoking en it ûnrjochtlik brûken fan publyk jild. Yn hiel Kataloanje brekke massale en roerige demonstraasjes út fan hûnderttûzenen minsken dy't easkje dat de politike finzenen frijlitten wurde.
- 23 oktober - Yn it Ingelske Grays wurde de stoflike omskotten fan 39 yllegale ymmigranten oantroffen yn in ôfsletten kuolcontainer. De plysje mient earst dat it om Sinezen giet, mar letter docht bliken dat it Fjetnamezen binne. In 25-jierrige frachtweinsjauffeur út Noard-Ierlân wurdt arrestearre op fertinking fan moard.
- 27 oktober - De Feriene Steaten meitsje bekend dat Abû Bakr al-Bagdadi, de selsútroppen 'kalyf' fan 'e saneamde Islamityske Steat, omkommen is by in oerfal fan Amerikaanske kommando's op syn skûladres.
- 4 novimber - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket syn ûnthjit wier en begjint it proses om 'e Feriene Steaten werom te lûken út it Klimaatakkoart fan Parys.
- 10 novimber - Nei oanhâldende protesten yn Bolivia oangeande de útslach fan 'e presidintsferkiezings fan oktober, treedt de sittende presidint Evo Morales ôf. Hy giet yn ballingskip yn Meksiko en sprekt neitiid fan in steatsgreep.
- 21 novimber - De Israelyske premier Benjamin Netanyahu wurdt troch it Iepenbier Ministearje yn syn lân yn beskuldinging steld foar omkeaping, fraude en fertrouwensbrek.
- 23 novimber - By it ûnôfhinklikheidsreferindum yn Bougainville, in autonome regio yn it uterste easten fan Papoea Nij-Guineä, sprekt 98,3% fan 'e befolking him út foar de ûnôfhinklikheid fan it gebiet. It regear fan 'e regio sil no mei it nasjonale regear fan Papoea Nij-Guineä om 'e tafel om oer ûnôfhinklikheid te ûnderhanneljen.
- 26 novimber - By in ierdbeving fan 6,4 op 'e skaal fan Richter yn it noardwesten fan Albaanje komme 51 minsken om en reitsje likernôch 2.000 oaren ferwûne.
- 2 desimber - De Filipinen wurde troffen troch de tyfoan Kammuri. Der komme 12 minsken om, wylst nochris 322 ferwûne reitsje. De skea wurdt rûst om 'e $116 miljoen hinne.
- 2-13 desimber - Yn 'e Spaanske haadstêd Madrid wurdt de Konferinsje fan de Feriene Naasjes oangeande Klimaatferoaring (2019) holden, nei't it oarspronklike gastlân Sily fanwegen oanhâldende ûnrêst ôfsizze moast. De konferinsje mislearret as in tal grutte yndustrylannen (Ruslân, Sina, Yndia, Brazylje, Austraalje en Saûdy-Araabje) dwersleit en foarútgong blokkearret. De Feriene Steaten hiene hielendal gjin offisjele delegaasje stjoerd.
- 9 desimber - It World Anti-Doping Agency (WADA) beslút unanym om Ruslân nochris foar fjouwer jier fan dielname oan ynternasjonale sporteveneminten út te sluten. It lân hat syn dopingbelied noch altyd net op oarder en sabotearret boppedat ûndersyk nei dopingpraktiken út it ferline.
- 9 desimber - By in fulkaanútbarsting op it ûnbewenne eilantsje Whakaari/White Island, foar de noardkust fan Nij-Seelân, komme teminsten 18 toeristen om dy't op dat stuit op it eilân oanwêzich binne. Nochris 29 oaren reitsje ferwûne.
- 12 desimber - By parlemintsferkiezings yn it Feriene Keninkryk boek de Konservative Partij fan premier Boris Johnson in grutte oerwinning yn Ingelân en Wales, dêr't de opposisjonele Labourpartij fan Jeremy Corbyn ien fan 'e minste resultaten sûnt de Twadde Wrâldoarloch behellet. De ferkiezings draaiden mar om ien ding: de slepende Brexitkwestje. Johnson ûnthiet om it Feriene Keninkryk einlings en te'n lêsten út 'e Jeropeeske Uny te lieden, en dêrmei wist er benammen yn Wales en it noarden fan Ingelân in protte tradisjonele Labourstimmers oer te heljen him in kâns te jaan. Yn Skotlân is de Skotske Nasjonale Partij fan Nicola Sturgeon de grutte winner, dy't 48 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Legerhûs yn 'e hannen kriget. Sturgeon stjoert, as de útslach bekend wurdt, daliks oan op in nij ûnôfhinklikheidsreferindum foar de Skotten. Yn Noard-Ierlân winne de politike partijen dy't foarstanner binne fan oansluting by de Republyk Ierlân foar it earst mear sitten as de foarstanners fan it behâlden fan 'e bân mei Grut-Brittanje.
- 18 desimber - It Amerikaanske Hûs fan Offurdigen kart twa artikels fan impeachment tsjin presidint Donald Trump goed, wat him ta de trêde impeachte presdint yn 'e Amerikaanske skiednis makket (nei Andrew Johnson en Bill Clinton).
- 20 desimber - Hege Ried fan de Nederlannen befêstiget in eardere útspraak fan it gerjochtshôf yn 'e saneamde klimaatsaak fan miljeu-organisaasje Urgenda tsjin 'e Nederlânske steat. Dat betsjut dat de oerheid de útstjit fan koalstofdiokside yn 2020 mei 25% werombringe moat yn ferhâlding mei it nivo fan 1990.
- 25 desimber - De Filipinen wurde troffen troch de tyfoan Phanfone. Der komme 20 minsken om en tûzenen oaren reitsje dakleas.
- 28 desimber - By in bomoanslach yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, útfierd troch de islamistyske terreurgroep Al-Sjabaab, komme teminsten 85 minsken om en reitsje mear as 140 oaren ferwûne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|