Deepwater Horizon (boarplatfoarm)
Deepwater Horizon | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Panama (2001–2004) Marshalleilannen (2004–2010) | |
thúshaven | Panama-Stêd (2001–2004) Majuro (2004–2010) | |
eigner | Transocean | |
skiednis | ||
werf | Hyundai Heavy Industries | |
kyllizzing | 21 maart 2000 | |
oplevere | febrewaris 2001 | |
yn de feart | 23 febrewaris 2001 | |
status | sonken 22 april 2010 | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | boarplatfoarm | |
subtype | healôfsinkber boarplatfoarm | |
lingte | 112 m | |
breedte | 78 m | |
hichte | 97,4 m | |
djipgong | 23 m | |
deplassemint | 51.756 long ton | |
tonnaazje | 23.588 brt | |
bemanning | 146 koppen | |
oandriuwing | 8 × Kamewa 7.375 pk, 360° draaibere fêste propellorskroeven | |
maks. faasje | 4 knopen (7,4 km/h) |
De Deepwater Horizon wie in healôfsinkber boarplatfoarm dat yn 2000 boud waard yn Súd-Koreä en sûnt 2004 registrearre wie yn 'e Marshalleilannen. It wie eigendom fan it bedriuw Transocean, dat it ynsette foar proefboarrings nei nije ierdoaljeboarnen yn it Amerikaanske diel fan 'e Golf fan Meksiko. Op 20 april 2010 fûn der oan board in grutte ûntploffing plak, dêr't 11 minsken by omkamen en dy't it platfoarm yn ljochte lôge sette, wêrnei't it twa dagen letter sonk. Dat barren feroarsake de grutste oaljeramp út 'e Amerikaanske skiednis.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Deepwater Horizon waard makke yn Ulsan, yn Súd-Koreä, troch it bedriuw Hyundai Heavy Industries yn opdracht fan Reading & Bates Falcon. It ûntwerp fan it boareilân hiet RBS-8D en bestie út twa parallelle pontons mei elts twa pylders mei dêrop it wurkdek. De "D" út 'e ûntwerpnamme stie foar it dynamysk posisjonearringssysteem dêr't de Deepwater Horizon mei tarist waard. It susterplatfoarm fan 'e Deepwater Horizon, de Deepwater Nautilus, is fan itselde ûntwerp, mar dan RBS-8M, wêrby't de "M" stiet foar mooring ("ôfmarjen"), mei't dat boarplatfoarm net oer in dynamysk posisjonearringssysteem beskikt, mar ynstee tarist is mei in ferankeringssysteem.
As in ôfsinkber boarplatfoarm wie de Deepwater Horizon bedoeld foar it útfieren fan proefboarrings nei ûnderseeske ierdoaljeboarnen. It meat 112 m lang by 78 m breed mei in djipgong fan 23 m en in hichte fan 97.40 m. It wurkdek lei op in hichte fan 34.01 m. De Deepwater Horizon hie in tonnaazje fan 32.588 ton (bruto) en in deplassemint fan 51.756 long ton. It koe sels farre mei acht 360° draaibere fêste skroeven, oandreaun troch Kamewa-motors fan 7.375 pk. Dêrmei koe it platfoarm in faasje berikke fan 4 knopen oftewol 7,4 km/h. Foar ferfier oer langere ôfstannen waard it transportearre oan board fan in swiereladingskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e Deepwater Horizon begûn yn desimber 1998. De kyllizzing fûn plak op 21 maart 2000. It platfoarm waard op 23 febrewaris ôflevere en yn gebrûk nommen. Tsjin dy tiid wie Reading & Bates Falcon oernommen troch Transocean. Oant 29 desimber 2004 stie it platfoarm registrearre as in Panameesk skip mei as thúshaven Panama-Stêd. Dêrnei fear it ûnder de flagge fan 'e Marshalleilannen, mei as nominale thúshaven Majuro.
Transocean liet de Deepwater Horizon nei de noardlike Golf fan Meksiko bringe, dêr't it platfoarm foar trije jier leased waard oan 'e Amerikaansk-Britske ierdoaljemaatskippij BP. It leasekontrakt waard yn 2004 foar in jier ferlinge, yn 2005 foar fiif jier en yn 2009 foar nochris trije jier (fan 2010 oant 2013). It lêst ôfsletten kontrakt wie $544 miljoen wurdich, oftewol $496.800 per dei. Dêrby gie it inkeld om it 'keale' platfoarm; mei de bemanning, it gereid en de ûnderstipingsskippen dy't ek troch Transocean oan BP leased waarden, wie likernôch in selde bedrach muoid.
Nei oan ferskate oaljeboarnen wurke te hawwe, boarre de Deepwater Horizon op 2 septimber 2009 yn it oaljefjild Tiber Prospect wrâlds djipste oaljeboarne oant doe ta oan, op in djipte fan mear as 10 km. Yn febrewaris 2010 begûn it platfoarm mei proefboarrings yn it Macondo-oaljefjild, yn 'e territoriale wetters fan 'e Feriene Steaten, op likernôch 64 km út 'e kust fan Venice, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana.
Op 20 april 2010 om 21.56 oere jûns, waard by fersin in bûl metaangas opboarre. Troch slordich wurk en it besunigjen op feilichheidsmaatregels late dat ta in grutte ûntploffing wêrby't 11 fan 'e 126 opfarrenden de dea fûnen en 17 oaren ferwûne rekken. It boarplatfoarm kaam neitiid yn ljochte lôge te stean en sonk oardel etmiel letter, om likernôch 10.21 oere op 'e moarn fan 22 april.
Troch it ûndergean fan 'e Deepwater Horizon waard de oaljeramp yn 'e Golf fan Meksiko feroarsake. Dêrby streamde 780.000 m³ rouwe oalje de see yn, wat it ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis makke. Dêrfan wiene net allinne hûnderttûzenen bisten it slachtoffer, mar ek de fiskerij en de toeristyske sektor oan 'e Amerikaanske Golfkust. BP waard oanklage foar û.o. 11 kear deaslach en ligen tsjin it Amerikaanske Kongres. It bedriuw pleite skuldich en krige (yn 2015) in boete fan $18,7 miljard oplein. It bedriuw waard ek fjouwer jier lang ûnder ferskerpe tafersjoch pleatst en moast de kosten fan 'e opromming fan 'e oaljeramp betelje, dy't tsjin 2018 mear as $65 miljard bedroegen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deepwater Horizon (film) (in film oer de ûndergong fan it boarplatfoarm, makke yn 2016)
- ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon
- oaljeramp yn de Golf fan Meksiko (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|