Oaljeramp yn de Golf fan Meksiko (2010)
oaljeramp yn 'e Golf fan Meksiko | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | oaljeramp | |
oarsaak | ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon | |
datum | 20 april 2010 – ein 2013 | |
tiid | ±22.00 oere (UTC –6) | |
lân | Feriene Steaten | |
plak | noardlike part fan 'e Golf fan Meksiko | |
statistiken | ||
skea | ● 780.000 m³ rouwe oalje yn see ● hûnderttûzenen bisten dea ● ûnbidige skea oan 'e ekonomy fan 'e Golfkust |
De oaljeramp yn 'e Golf fan Meksiko wie in oaljeramp foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana, yn 'e Golf fan Meksiko, dy't begûn op 20 april 2010. Oarsaak wie de ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon, in boarplatfoarm dat wurke yn opdracht fan 'e Amerikaansk-Britske oaljemaatskippij BP. By de ramp streamde 780.000 m³ rouwe oalje yn see, wat it ta de grutste oaljeramp út 'e Amerikaanske skiednis makke. It barren koste hûnderttûzenen bisten de dea en brocht ûnbidige en duorjende skea ta oan 'e ekonomy fan 'e Amerikaanske Golfkust. It duorre teminsten oant ein 2013 ear't alle oalje opromme wie.
Ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ramp begûn op 20 april 2010 om 21.56 oere jûns, doe't yn 'e noardlike Golf fan Meksiko, likernôch 64 km út 'e kust fan Louisiana, by fersin in bûl metaangas opboarre waard troch de Deepwater Horizon. Dat wie in boarplatfoarm dat eigendom wie fan Transocean, in bedriuw dat yn dizzen yn opdracht wurke fan 'e Amerikaansk-Britske oaljemaatskippij BP. Troch slordich wurk en it besunigjen op feilichheidsmaatregels late dat ta in ûntploffing wêrby't 11 minsken de dea fûnen en 17 oaren ferwûne rekken. It boarplatfoarm kaam neitiid yn ljochte lôge te stean en sonk oardel etmiel letter, om likernôch 10.21 oere op 'e moarn fan 22 april.
De Amerikaanske federale oerheid rûsde neitiid dat dêrtroch yn 'e folgjende moannen yn totaal 4,9 miljoen fetten rouwe oalje yn see streamden, oftewol 780.000 m³. Dêrmei wie de oaljeramp yn 'e Golf fan Meksiko de grutste út 'e Amerikaanske skiednis en nei skatting 8% oant 31% grutter as de op ien nei grutste yn deselde see, de oaljeramp fan Ixtoc I út 1979-1980. Nei't BP ferskate kearen om 'e noch besocht hie om 'e oaljeboarne op 'e seeboaiem te tichtsjen, waard de boarskacht op 19 septimber 2010 einlings foar tichte ferklearre. Lykwols wiisden rapporten út begjin 2012 derop dat er doe noch altyd lekte.
Gefolgen en himmeloperaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der kaam mei gauwens in reuseftige operaasje op gong om 'e oalje op te romjen en strannen, kustmoerassen en tijmûnings te beskermjen. Dêrfoar waarden skippen ynset dy't spesjalisearre wiene yn it 'ôfrjemjen' fan 'e oalje fan it wetteroerflak, mar ek waard der gebrûk makke fan it behearske ôfbrânen fan 'e oalje fan it wetter en waard der 7.000 m³ oaljedispersant ynset, in middel dat ierdoalje oplost. Nettsjinsteande dat rjochte de oaljeramp, benammen om't it moannen duorre om 'e oaljeboarne ôf te sluten, in ûnbidige protte skea oan. Hûnderttûzenen bisten kamen om of rûnen sokke sûnensswierrichheden op dat har libbensspanne oansjenlik bekoarte waard. Dêrûnder wiene seefûgels, lykas miuwen en pillekanen, mar ek fisken, weakdieren, skylpodden en dolfinen. De ekonomy fan 'e Amerikaanske Golfkust stoarte fierhinne yn, mei't fiskerij en toerisme ûnmooglik waarden.
De miljeufersmoarging fan 'e Amerikaanske kustline striek him út fan Teksas yn it westen fia Louisiana, Mississippy en Alabama oant yn 'e Florida Panhandle en de Tampabaai oan 'e eastkust fan it Floarida-skiereilân. Allinne yn Louisana al waard yn 2013 2.200 ton oan oalje en troch oalje fersmoarge materiaal lykas sân en plantegroei fan 'e kust ferwidere. Dat wie twaris safolle as yn 2012. Himmelteams wurken yn Lousiana hiel 2013 fjouwer dagen yn 'e wike troch. Dat jiers giene dolfinen en oare seedieren yn 'e noardlike Golf fan Meksiko dea yn rekôroantallen dy't seis kear sa heech wiene as normaal. In wittenskiplik ûndersyk út 2014 brocht oan it ljocht dat tonyn en gielsturt, dy't bleatstien west hiene oan 'e oalje, misfoarmings oan it hert en oare organen ûntwikkelen, dy't fataal of alteast libbensbekoartsjend wiene.
Justisjeel ûndersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsaken fan 'e oaljeramp wiene neitiid it ûnderwerp fan ferskate ûndersiken, sawol wittenskiplik as justisjeel. It rapport dat yn septimber 2011 publisearre waard troch de Amerikaanske federale oerheid, stelde dat de hiele brot úteinlik werom te fieren wie op neilittichheid omreden fan kostebesparrings, wat late ta in ynadekwaat feilichheidssysteem op it boarplatfoarm. BP waard datoangeande as haadskuldige oanwiisd, mar ek Transocean, de eigner fan 'e Deepwater Horizon, en ûnderoannimmer Halliburton trof blaam.
In rapportaazje dy't earder yn 2011 produsearre wie troch in kommisje ynsteld troch it Wite Hûs, kaam ta deselde konklúzje en stelde fierders dat sa'n ramp, "as der gjin yngeande herfoarmings kamen fan sawol de praktiken fan 'e oaljesektor as fan oerheidsbelied, skoan op 'e nij barre [kin]."
Yn novimber 2012 fûn der in skikking plak tusken BP en it Amerikaansk Ministearje fan Justysje oangeande de strafrjochtlike oanklachten dy't tsjin 'e oaljemaatskippij ynbrocht wiene foar de ûntploffing op 'e Deepwater Horizon. BP bekende dêrby skuld foar 11 gefallen fan deaslach, twa oertrêdings en in misdriuw (ligen tsjin it Amerikaanske Kongres). De oaljemaatskippij joech him fierders del ûnder fjouwer jier fan ferskerpe tafersjoch troch de Amerikaanske oerheid op it mêd fan bedriuwsetyk en it neilibjen fan feilichheidsmaatregels. BP waard ek tydlik útsletten fan nije kontrakten mei de Amerikaanske oerheid. Underdiel fan 'e skikking wie fierders in rekôrbedrach fan $4,5 miljard oan boetes en oare betellings.
Yn septimber 2014 die in Amerikaanske gerjochtshôf de útspraak dat BP yn haadsaak oanspraaklik wie foar de oaljeramp dy't it gefolch fan 'e ûntploffing wie, omreden fan grouwélige neilittichheid en domdryst dwaan. As gefolch dêrfan stimde BP yn july 2015 yn mei it beteljen fan $18,7 miljard oan boetes oan 'e Amerikaanske oerheid. Dat wie de grutste skikking fan in bedriuw yn 'e Amerikaanske skiednis. Dêropta waarden ek alle kosten fan 'e skjinmakoperaasje ferhelle op BP, dy't tsjin 2018 oprûn wiene ta mear as $65 miljoen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deepwater Horizon (boarplatfoarm)
- Deepwater Horizon (film) (in film oer de ûndergong fan it boarplatfoarm, makke yn 2016)
- ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|