Sana'a
Sana'a | ||
Polityk | ||
Lân | Jemen | |
Boargemaster | Numan Dowaid | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.747.627(2004) 1.937.451 (2012) | |
Oerflak | 126 km² | |
Befolkingsticht. | km² | |
Stêdekloft | ynwennertal 2.167.961 | |
Hichte | 2250 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+3 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
[] |
Sana'a of Sanaa (Arabysk:صنعاء, aş-Şana`ā, ek wol Sana) is de haadstêd fan Jemen. De stêd Sanaa bestiet al sûnt de 3e iuw, mar der wurdt tocht dat op dat stee al âldere delsettingen west hawwe. De leginde wol hawwe dat de stêd troch Noäch syn soan Sem stifte is.
Sana'a wie de haadstêd fan de Himjariten (sûnt 520) en yn de 6e iuw waard om de kontrei fochten troch Perzje en Abessynje (Etioopje). Doe't de Abessynjers de macht hienen, waard mei help fan keizer Justinianus I in grutte katedraal set, de grutste besuden de Middellânske See.
Yn 628 waard Jemen troch it Arabyske Ryk fan Mohammed ferovere. Mohammed soe sels de bou fan de earste moskee begelaat hawwe.
Yn 1517 waard Sanaa in selsstannich sultanaat, fan fierrens kontrolearre troch it Ottomaanske Ryk. Earst oan 'e ein fan 'e 19e iuw kaam der direkt Ottomaansk bestjoer, dat in modernisearringsprogramma op tou sette. Fan 1904 oant 1948 waard it de stêd fan imam Yahya bin Mohammed, mei in beskate graad fan autonomy. Syn soan Ahmed ibn Yahya regearre fan 1948 oant 1962.
Nei Ahmed ibn Yahya syn ferstjerren, skiede it noarden fan Jemen him ôf wat in boargeroarloch fan gefolgen hie. De stêd rekke dêrnei swier skansearre.
It âlde sintrum fan Sanaa is fanwege de UNESCO yn 1988 ferklearre ta Wrâlderfgoed.
Ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
-
Sana'a, de âlde stêd
-
De Poarte fan Jemen, 1000 jier âld
-
Minsken op de merk