Groepsferkrêfting yn Delhi (2012)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Protesten fan studinten yn Delhi

De Groepsferkrêfting yn Delhi yn 2012 ferwiist nei de ferkrêfting en swiere mishanneling fan in jonge frou yn de Yndiaaske stêd Delhi. Hja waard troch seis manlju, wêrfan't ien noch minderjierrich wie, yn in ridende bus ferkrêfte en alderheislikst tamtearre. Jyoti Singh Pandey wie sa swier mishannele, dat hja op 29 desimber 2012 oan ynwindige ferwûnings yn it Mount Elizabeth Hospital yn Singapore ferstoar.[1] De ferkrêftingssaak makke yn it lân in soad los en foarme ûnderwerp fan protesten tsjin it misbrûk fan froulju, mar ek tsjin de plysje en it rjochtssysteem.

16 desimber 2012[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 23-jierrige Jyoti Singh Pandey út Delhi hie op 16 desimber 2012 mei har freon Avnindra Pandey nei de bioskoop west om de film Life of Pi te sjen. Nei ôfrin soene hja in riksja nimme om nei hûs, mar hja koene nimmen fine dy't har bringe woe. Dêrnei fregen hja in sjauffeur om har nei it Munirka-stasjon te bringen en fan dêr út fierder nei hûs te reizgjen. Likernôch in kertier riden kamen hja op it stasjon oan, dêr't in partikuliere bus en in minderjierrige jonge stie te winken. Njonken de sjauffeur sieten noch fjouwer oare manlju en it like derop dat dy ek mei reizgje woene. Nei't de bus ôfsette waarden de doarren op it slot set en de ljochten útdien. Der ûnstie tusken de manlju en de freon fan Jyoti slaanderij, de manlju namen har de mobyltsjes en harren paskes ôf. Jyoti besocht him te helpen troch in pear manlju te biten, mar hja waarden by inoar weilutsen en efter yn de bus waard de jonge frou yn de ridende bus troch de seis manlju om bar ferkrêfte.[2] De frou waard dêrnei sa slim mei in izeren staaf misbrûkt, dat út medysk ûndersyk bliken die dat hja earnstige ferwûnings yn har búk, terms en geslachsdielen oprûn hie.[3] De twa slachtoffers waarden dêrnei hast neaken út de ridende bus smiten. Alhoewol't hja dêr bliedend op strjitte leine, ried it ferkear neffens it manlike slachtoffer gewoan troch en duorre it noch twintich minuten ear't in passant har fûn en de plysje warskôge. Neffens de man folge nei de komst fan de plysje noch in lange diskusje oer de fraach ûnder hokker distrikt de misdied foel.[4]

Hja waarden nei it Safdarjung-hospitaal brocht. De ferwûnings fan Avnindra foelen relatyf ta en bleaune beheid ta brutsen bonken, mar Jyoti wie sa slim tamtearre, dat hja fuortendaliks behannele wurde moast. Neffens rapporten joech ien fan de dieders letter ta dat er sjoen hie dat ien fan de oanfallers har mei syn hân penetrearre en oan in toueftich oanhingsel lûk, nei alle gedachten har terms. Yn de bus waarden twa bluodrige metalen stangen fûn en medysk persoaniel stelde fêst dat de penetraasje in ûnbidich grutte skea oan har geslachsdielen, liif en terms feroarsake hie.

Nei meardere operaasjes en it ferwiderjen fan har terms bleau de sitewaasje krityk en op 26 desimber waard Jyoti foar fierdere soarch nei it Mount Elizabeth Hospital yn Singapore flein, in sikehûs dat spesjalisearre is yn multy-orgaantransplantaasje. De sitewaasje waard op 28 desimber noch minder en in wurdfierder ferklearre dat de frou in longûnstekking, in búkynfeksje en ek harsensskea oprûn hie. Hja stoar op 29 desimber om 04:45 lokale tiid.[5]

Protesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protest yn Bangalore

De groepsferkrêfting soarge yn in soad Yndiaaske stêden foar opskuor en dagenlange protesten. Demonstranten easken mear feiligens foar froulju en strangere straffen foar ferkrêfting. Ek de mentaliteit fan in soad Yndiaaske manlju en it yn guon kringen wenstige Eve teasing foarme ûnderwerp fan publyk debat. Eve teasing is in eufemistyske namme foar seksuële aggresje, fariearjend fan it meitsjen fan seksuëel suggestive opmerkings oant it befielen fan froulju op iepenbiere plakken. Media oer de hiele wrâld diene ferslach fan de misdied.[6]

Navanethem Pillay, de Hege Kommissaris foar de Minskerjochten fan de Feriene Naasjes, rôp Yndia op ta in debat oer de te nimmen maatregels om it nasjonale probleem fan seksuëel geweld te bestriden, wylst hja ek fan miening wie dat de deastraf foar de dieders gjin oplossing wie. Ek makke de funksjonaris har grutte soargen oer de ferkrêfting fan bern yn Yndia.[7]

Arrestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen 24 oeren hie de plysje al in pear fertochten fûn en arrestearre. Ek waard al gau de bus, in wite charterbus mei in namme, identifisearre. Dat late nei de sjauffeur. Yn noch gjin wike tiid waarden ek de oare fertochten oppakt. Under harren wiene de 30-jierrige Ram Singh, de bussjauffeur, en syn 26 jierrige broer, Mukesh Singh. Beide wennen yn Delhi mar waarden yn Rajastan oppakt. De 20-jierrige Vinay Sharma, in gymlearaar, en de 19-jierrige Pawan Gupta, in fruitferkeaper, waarden arrestearre yn Uttar Pradesh en Bihar. De 17-jierrige Mohammed Afroz waard oppakt yn Delhi. De lêste fertochte dy't arrestearre wie de 28-jierrige Akshay Thakur, hy waard oppakt yn Bihar.

Noch in pear oeren foar de ferkrêfting hiene de fertochten in rôf plege op in 35-jierrige timmerman. De minderjierrige hie dy man ek de bus yn lokke en sein dat de bus nei Nehru Place ride soe. Yn de bus waard de man yn inoar slein en fan syn mobyl en kontanten berôve.

Rjochtsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 10 septimber 2013 waarden de fjouwer folwoeksen manlju skuldich ferklearre oan ferkrêfting, moard, ûnnatuerlik misdriuw en it ferneatigjen fan bewiismateriaal. Demonstranten bûten de rjochtseal easken dat de dieders ophongen waarden. De haadfertochte hie him al earder yn maart 2013 yn syn sel fan kant makke. De fjouwer manlju waarden op 13 septimber 2013 ta de dea feroardiele troch ophinging. De famylje fan it slachtoffer wie oanwêzich by de feroardieling en har mem wie tefreden oer it fonnis.

Mohammed Afroz wie op it stuit fan de ferkrêfting noch minderjierrich en krige in straf fan trije jier finzenis. Yn 2015 waard er wer frijlitten.[8]

De eksekúsje waard op 20 maart 2020 troch in finzenis yn Delhi útfierd nei't presidint Ram Nath Kovind in fersyk om graasje wegere hie.[9] Nei it ophingjen fan de dieders brieken yn Yndia spontane folksfeesten út.[10]

Gefolgen strafrjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013 waarden de straffen foar sededelikten yn Yndia ferswierre. As in slachtoffer troch ferkrêfting yn koma rekket of stjert is it mooglik de deastraf troch ophinging te fonnisjen. De nije wet stelt lykwols in minimumstraf fan 20 jier fêst. Ek oare seksuële delikten lykas foyeurisme of stalking falle ûnder de nije strafwet. Eve Teasing, earder in lyts fergryp, wurdt mei de nije wet hurder oanpakt. It misledigjen fan frouwen troch wurden of dieden kin ûnder de nije wet liede ta in strafsaak.[11]

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • India's Daughter (2015) is in troch Leslee Udwin regisearre en produsearre dokumintêre.
  • Delhi Crime (2019) is in troch Netflix útstjoerde sândielige tillefyzjesearje oer de klopjacht op de dieders fan de ferkrêfting en moard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: