Delhi Crime

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Delhi Crime
Webdings x00be.png tillefyzjesearje
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
betocht troch Richie Mehta
ûntwikkele troch Lawrence Bowen
Toby Bruce
útfierend
   produsint
Aaron Kaplan
Jeff Sagansky
Florence Sloan
Apoorva Bakshi
Pooja Kohli
Sanjay Bachani
John Penotti
Kilian Kerwin
Michael Hogan
regisseur(s) Richie Mehta
senario Richie Menta
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Johan Heurlin Aidt
muzyk Andrew Lockington
tillefyzjestudio Golden Karavan
Ivanhoe Productions
FilmKaravan
Poor Man's Productions
distribúsje Netflix
spilers
haadrollen Shefali Shah
Rasika Dugal
Adil Hussein
Rajesh Talang
skaaimerken
foarm tillefyzjesearje
sjenre drama/misdiesearje
seizoenen 1
jierren 2019
tal ôfl. 7
spyltiid (ôfl.) 45-64 min.
lân/lannen Flag of India.svg Yndia
taal Hindy, Ingelsk
prizen International Emmy Award
   (2020)

Delhi Crime is in troch Richie Mehta regisearre en skreaune Yndiaaske telefyzjesearje basearre op in wierbarde groepsferkrêfting yn 2012 yn Delhi. De haadrollen wurde spile troch Shefali Shah, Rasika Dugal, Adil Hussain en Rejesh Talang. De earste twa ôfleverings fan it seizoen gyngen op it Sundance Film Festival fan 2019 yn premiêre. Netflix brocht de searje op 22 maart ynternasjonaal út. De searje krige in hege wurdearring by it publyk en wûn yn 2020 in Emmy Award foar bêste dramasearje. Dehli Crima waard mei in twadde seizoen mei deselde spilers langer makke.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Delhi Crime is basearre op in groepsferkrêfting yn Delhi yn 2012, dy't plakfûn yn in bus yn de omkriten fan Munirka yn it suden fan de stêd. De searje folget wat der barde nei de ferkrêfting wêrby it slachtoffer troch meardere manlju ferkrêfte waard. Nei de ferkrêfting waard hja alderheislikst mishannelle en mei har freon neaken op strjitte smiten. Plakferfangend plysjekommissaris Vartika Chaturvedi liedt it ûndersyk om út te sykjen wa't ferantwurdlik wie foar de misdied. Hja stiet ûnder grutte druk fan de polityk en de befolking om de dieders sa gau mooglik te finen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Vartika Chaturvedi Shefali Shah
Neeti Singh Rasika Dugal
Adil Hussain Kumar Vijay
Rajesh Tailang Bhupendra Singh
Vishal Chaturvedi Denzil Smith
Chandni Yashaswini Dayama
Gururaj Dixit Avijit Dutt
Sudhir Kumar Gopal Datt
Akash Sanjay Bishnoi
Jai Singh Mridul Sharma
Vimla Bharadwaj Jaya Bhattacharya
Ira Swati Bhatia
Jairaj Anurag Arora
Vinod Tiwari Vinod Sharawat
Arunesh Ayush Sehgal
Smriti Rhea Bedi
Deepika Abhilasha Singh
Gaurav Rana Rakesh Verma
Govind Singh Amar Singh
Arif Vipin Katyal

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]