Nimr al-Nimr
Nimr al-Nimr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nimr Bakr al-Nimr (نمر باقر النمر) | |
nasjonaliteit | Saûdysk | |
berne | 1959 | |
berteplak | Al-Awamiyah (Saûdy-Araabje) | |
stoarn | 2 jannewaris 2016 | |
stjerplak | ? (Saûdy-Araabje) | |
etnisiteit | Nêzjdysk-Arabysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjiïtysk geastlike | |
aktyf as | minskerjochte-aktivist | |
jierren aktyf | <2000 – 2016 | |
offisjele webside | ||
www.sknemer.com |
Nimr al-Nimr (folút: Nimr Bakr al-Nimr; Arabysk: نمر باقر النمر, sekuerdere transliteraasje: Nimr Bāqr al-Nimr; Al-Awamiyah (Nêzjd), 1959 – op in ûnbekende lokaasje yn it tichthûs (Saûdy-Araabje), 2 jannewaris 2016) wie in Saûdysk sjiïtysk geastlike en minskerjochte-aktivist, dy't opkaam foar de rjochten fan 'e ûnderdrukte sjiïtyske minderheid yn it strang sûnnityske keninkryk Saûdy-Araabje. Hy waard yn 2012 oppakt troch de Saûdyske plysje en begjin 2016 nettsjinsteande wrâldwide protesten terjochtsteld.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nimr al-Nimr waard yn 1959 berne yn 'e stêd Al-Awamiyah, yn 'e Eastlike Provinsje fan Saûdy-Araabje, net fier fan 'e kust fan 'e Perzyske Golf. Hy wie in lid fan 'e ûnderdrukte sjiïtyske minderheid yn 'e Eastlike Provinsje, en studearre tsien jier lang yn 'e Iraanske haadstêd Teheran. Letter learde er ek oan in religieuze skoalle yn Syrje. Nei syn weromkear yn syn heitelân begûn Al-Nimr him yn te setten foar de rjochten fan 'e sjiïten dêre. Teffens bekritisearre er de tastân yn oare dielen fan it Midden-Easten, lykas yn Bachrein, dêr't de sjiïtyske mearderheid fan 'e befolking ek wreed ûnderdrukt wurdt troch in lytse sûnnityske elite. Al-Nimr neamde de Saûdyske steat "yn 't bysûnder reäksjonêr", en stelde dat der ferlet is fan "agitaasje" om dêr feroaring yn te bringen. Yn 2008 sei er fierders dat de Feriene Steaten en de sjiïten yn it Midden-Easten natuerlike bûnsgenoaten binne, mei't har beider tinken grûne is yn rjocht en frijheid, yn tsjinstelling ta dat fan 'e sûnniten. Benammen fan 2008 ôf wûn Al-Nimr grutte oanhing ûnder de sjiïtyske jongerein fan 'e Eastlike Provinsje, wat nei alle gedachten yn hege mjitte bydroegen hat oan reäksje fan 'e Saûdyske autoriteiten op syn aktivisme.
Yn 2004 waard Al-Nimr oppakt en ferskate dagen fêstholden. Yn 2006 waard er jitris arrestearre en waard er ûnder syn finzenskip slim mishannele. Troch de solidariteit fan 'e ynwenners fan Al-Awamiyah, dy't demonstrearren foar syn frijlitting, kaam er ek dy kear lykwols nei in pear dagen wer op frije fuotten. Yn 2009 wiene der ferskate foarfallen wêrby't de sjiïtyske minderheid yn botsing kaam mei de sûnnityske Saûdyske autoriteiten. Sa wie der in ynsidint yn 'e hillige stêd Medina, feroarsake troch de ferskillende gewoanten fan sjiïten en sûnniten by de tombe fan 'e profeet Mohammed. Fierders waarden der sjiïtyske froulju filme troch de Saûdyske religieuze plysje en waarden seis bern arrestearre foar it dielnimmen oan in demonstraasje yn 'e stêd Safwa. Yn reäksje dêrop warskôge Al-Nimr de Saûdyske autoriteiten yn in preek dat se de sjiïten op dizze manear noch safier krije soene dat dy har fan Saûdy-Araabje ôfskiede soene. As antwurd dêrop waard in arrestaasjebefel tsjin Al-Nimr útfurdige, en mei him waarden 35 oaren oppakt, wêrûnder syn 16-jierrige omkesizzer Ali Achmed al-Faradj.
Under de Saûdyske protesten fan 2011-2012, dy't ûnderdiel foarmen fan 'e Arabyske Maityd, rôp Al-Nimr, dy't doe ûnderwilens wer op frije fuotten wie, de demonstranten op om 'e kûgels fan 'e plysje te wjerstean mei "it boalderjen fan it wurd" ynstee fan om geweld mei geweld te beäntwurdzjen. Ek foarsei er de ûndergong fan it Saûdyske rezjym as dat oanhâlde soe mei it belied fan ûnderdrukking. Op 8 july 2012 waard Al-Nimr yn syn skonk sketten en oppakt troch de plysje by wat de autoriteiten omskreaune as "in skottewikseling." Neitiid iepene de plysje it fjoer op in ûnwapene mannichte dy't protestearre tsjin 'e arrestaasje fan Al-Nimr, wêrby't twa manlju, Akbar al-Sjachoeri en Mohammed al-Felfel, omkamen. Al-Nimr sette yn it tichthûs útein mei in hongerstaking, en liek martele te wêzen. Op 15 oktober 2014 waard Al-NImr troch in Bysûnder Strafhof ta de dea feroardiele foar it beheljen fan bûtenlânske machten yn ynterne Saûdyske oangelegenheden, oerhearrigens oan 'e Saûdyske autoriteiten en wapene ferset tsjin 'e Saûdyske plysje. Dyseldichste deis waard Al-Nimr syn broer, Mohammed al-Nimr, oppakt om't er oer it deafûnis twittere hie. Op (of mooglik koart foàr) 2 jannewaris 2016 waard Al-Nimr op in ûnbekend plak terjochtsteld, yn 'e mande mei 46 oare finzenen. De Saûdyske autoriteiten wegeren syn stoflik omskot werom te jaan oan 'e djipdrôven, mei't se him al op in geheim plak begroeven hawwe soene.
Reäksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dea fan Al-Nimr late ta in stoarm fan protest. Benammen yn sjiïtyske gebieten yn it Midden-Easten, lykas Iraan en dielen fan Syrje, Irak en Libanon. spuide men der raar guod oer. De Iraanske heechste lieder grut-ayatollah Ali Chamenei stelde fêst dat der winliken gjin ferskil is tusken it Saûdyske rezjym en de saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje, dy't ek ûnskuldigen ôfslachtet. Yn 'e Iraanske haadstêd Teheran waard it Saûdyske konsulaat troch in poerrazene kliber folk bestoarme, dy't it mei stiennen en molotovcocktails bekûgelen en foar in part ferrinnewearren. Dat foarfal late ta in folsleine brek yn 'e diplomatike relaasjes tusken Iraan en Saûdy-Araabje, mei't de Saûdys nei oanlieding dêrfan harren gesantskip hielendal út Iraan weromloeken.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |