Springe nei ynhâld

Lûdjeen al-Hatlûl

Ut Wikipedy
Lûdjeen al-Hatlûl
persoanlike bysûnderheden
echte namme الهذلول لجين, Lujjayn al-Haḏlūl
nasjonaliteit Saûdysk
berne 31 july 1989
berteplak Djedda
etnisiteit Hidjazysk-Arabysk
wurkpaad
aktyf as minskerjochte-aktiviste
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Lûdjeen al-Hatlûl op Facebook

Lûdjeen al-Hatlûl (ek wol stavere as Loujain al-Hathloul, Arabysk: الهذلول لجين, sekuere transliteraasje: Lujjayn al-Haḏlūl, IPA: [lu'ʤe:n al-hað'lu:l], likernôch: "lû-djeen al-haz-lûûl"; Djedda, 31 july 1989) is in Saûdysk minskerjochte-aktiviste, dissidinte en polityk finzene. Hja wie prominint belutsen by de Froulju efter it Stjoer-beweging, dy't krewearre foar it rjocht foar Saûdyske froulju om autoride te meien. Se hie in protte folgers op 'e sosjale media en yn 2015 waard har it trêde plak taparte op 'e ranglist fan 'e hûndert machtichste froulju yn 'e Arabyske wrâld. Yn maaie 2018 waard Al-Hatlûl, yn 'e mande mei ferskate oare aktivisten foar frouljusrjochten yn Saûdy-Araabje, arrestearre by in weach fan represje útgeande fan it regear fan kroanprins Mohammed bin Salman. Op 'e oanklacht fan 'besykjen om it keninkryk te destabilisearjen' siet se sûnt dy tiid sûnder foarm fan proses yn it tichthûs, dêr't se neffens har famylje en minskerjochte-organisaasjes slim martele waard. Al-Hatlûl kaam mids febrewaris 2021 frij, nei't der swiere ynternasjonale druk op it Saûdyske rezjym útoefene wie.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lûdjeen al-Hatlûl waard yn 1989 berne yn 'e Saûdyske stêd Djedda, yn 'e Hidjas. Hja groeide op yn 'e haadstêd Ar-Riaad, en studearre letter om utens oan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia yn Vancouver. Al-Hatlûl troude mei de Saûdyske stand-up comedian Fahad Albûtairi.

Al-Hatlûl krige bekendheid troch har rol yn 'e Froulju efter it Stjoer-beweging, dy't krewearre foar de ôfskaffing fan it doe yn Saûdy-Araabje jildende ferbod foar froulju om te autoriden. Se kante har ek iepentlik oan tsjin it Saûdyske systeem fan manlike fâdij oer froulju. Al-Hatlûl behelle in rydbewiis yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. Op 1 desimber 2014 waard se troch de Saûdyske plysje arrestearre en 73 dagen fêstholden doe't se efter it stjoer fan har auto de grins fan 'e Feriene Arabyske Emiraten mei Saûdy-Araabje besocht oer te stekken. Al-Hatlûl filme har riskante aksje mei har mobile tillefoan en groeide út ta in stjer op 'e sosjale media doe't se de bylden online sette.

Yn septimber 2016 ûndertekene Al-Hatlûl mei 14.000 oaren in petysje oan kening Salman fan Saûdy-Araabje, wêryn't fersocht waard om ôfskaffing fan it systeem fan manlike fâdij oer froulju. Op 4 juny 2017 waard se op 'e Ynternasjonale Lofthaven Kening Fahad yn Dammaam arrestearrre en in skoft fêstholden sûnder tagong ta har famylje of in abbekaat. In reden foar har arrestaasje waard doe en ek neitiid net jûn. Yn maart 2018 waard Al-Hatlûl út 'e Feriene Arabyske Emiraten wei ûntfierd nei Saûdy-Araabje, dêr't se inkele dagen finzen siet, foar't se frijlitten waard, mar tagelyk in útreisferbod oplein krige.

Op 'e jûn fan 15 maaie 2018 waard se yn har âldershûs yn Ar-Riaad op 'e nij en sûnder lykfol hokker útlis arrestearre. Dyselde deis waarden ek oare frouljusrjochte-aktivisten yn Saûdy-Araabje oppakt, ûnder wa Eman al-Nafdjan, Aisja al-Mana, Aziza al-Jûsef en Madeha al-Adjrûsj. De minskerjochte-organisaasje Human Rights Watch seach de weach fan arrestaasjes yn it ljocht fan 'e kampanje fan kroanprins Mohammed bin Salman om syn gryp op 'e macht te konsolidearjen en eltse wjerstân tsjin syn bewâld út te skeakeljen. De organisaasje beskôge it as in besykjen om eltsenien sa bang te meitsjen dat nimmen him noch skeptysk oer de aginda fan 'e kroanprins doare soe út te litten. Yn juny 2018 krigen froulju yn Saûdy-Araabje einlings en te'n lêsten it rjocht om sels te autoriden, mar de aktivisten dy't foar dy herfoarming krewearre hiene, sieten allegear yn it tichthûs en kamen net frij.

Neffens de minskerjochte-organisaasjes ALQST en Amnesty International waarden Al-Hatlûl en ferskate oare froulike aktivisten ûnder harren finzenskip allegeduerigen martele. Techniken dy't dêrfoar brûkt waarden, wiene û.m. it jaan fan stôkslaggen op 'e fuotsoallen, it tatsjinjen fan elektryske skokken en it jaan fan swypslaggen. Dat waard dien op in lokaasje dy't "it hotel" of "it gasthûs fan 'e ofsieren" neamd waard. Neffens Alia al-Hatlûl, de om utens wenjende suster fan Lûdjeen al-Hatlûl, waard Lûdjeen ek ûnderwurpen oan mishanneling troch fûstslaggen en oan waterboarding. Dat soe bard wêze fan maaie oant augustus 2018.

Nei't se harren dochter yn augustus 2018 yn it tichthûs yn Djedda besocht hiene, fertelden de âlden fan Al-Hatlûl oan Alia dat Al-Hatlûl sterk fermeagere wie, ûnophâldlik trille, en net by steat wie om dingen beet te hâlden, te rinnen of op in normale wize te sitten. Op oankringen fan harren âlden liet se harren de binnenkant fan har boppeskonken sjen, dy't alhiel swart wiene fan kniezings en brânplakken. Neffens Alia al-Hatlûl soe har suster ûnder har finzenskip besocht wêze troch Saûd al Kachtani, in ferneamd persoan yn Saûdy-Araabje dy't de neiste riedsman is fan kroanprins Mohammed bin Salman. Dy soe persoanlik tafersjoch holden hawwe op har martelings, en har mei ferkrêfting en moard bedrige hawwe, en ek om har stoflik omskot neitiid yn it rioel fan it tichthûs te smiten. Ek soed er har ûnder de Ramadan, it hillichste diel fan it islamitysk jier, de hiele nacht lang martelje litten hawwe.

Yn oktober 2018 waard ek komyk Fahad Albûtairi, de man fan Al-Hatlûl, oppakt en finzenset. Yn desimber 2018 siet Al-Hatlûl yn 'e Sintrale Finzenis fan Dachban, dêr't ek oare frouljusrjochte-aktivisten fêstholden waarden. Neffens har yn Kanada wenjende broer Walid al-Hatlûl waard se yn febrewaris 2019 oerpleatst nei de Finzenis fan Al-Haïr. Op 1 maart 2019 makke it Iepenbier Ministearje fan Saûdy-Araabje bekend dat it foarûndersyk yn 'e saak fan Al-Hatlûl en de oare frouljusrjochte-aktivisten ôfrûne wie, en dat no úteinset wurde soe mei de tarieding foar de rjochtsaak tsjin harren. Se soene oanklage wurde foar 'it ûndermynjen fan 'e steatsfeilichheid'. De rjochtsaak begûn op 13 maart 2019, hoewol't de krekte oanklachten net bekendmakke waarden. Sjoernalisten en bûtenlânske diplomaten waarden net yn 'e rjochtseal talitten. Yn april 2019 waard de rjochtsaak tsjin Al-Hatlûl sûnder opjefte fan redens útsteld.

Yn 2020 waard de saak fan Al-Hatlûl, sabeare fanwegen de koroanafiruspandemy, foar ûnbeskate tiid oanholden. Dy simmer gie Al-Hatlûl yn hongerstaking doe't se mear as in fearnsjier gjin kontakt mei de bûtenwrâld hawwe meien hie. Uteinlik waard har tastien mei har âlden te tillefonearjen. Op 15 septimber 2020 rôpen goed tritich oare lannen Saûdy-Araabje op om Al-Hatlûl en de oare frouljusrjochte-aktivisten frij te litten. Ein oktober waard bekend dat Al-Hatlûl fannijs yn hongerstaking gien wie. Op 25 novimber waard hja oerdroegen oan in spesjale rjochtbank foar de berjochting fan terrorisme en misdriuwen tsjin 'e nasjonale feilichheid. Op 28 desimber 2020 waard Al-Hatlûl feroardiele ta fiif jier en acht moannen finzenisstraf. Neffens in boarne deunby har famylje soe dat fûnis in strategy fan 'e Saûdyske oerheid wêze om gesichtsferlies foar te kommen, en soe Al-Hatlûl yn maart 2021 frijkomme as se de har opleine straf útsitten hie. Al-Hatlûl kaam úteinlik op 10 febrewaris fan dat jier frij, mar krige in útreisferbod oplein dat foarkaam dat se Saûdy-Araabje ferlitte koe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.