Springe nei ynhâld

Seksueel misbrûk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksueel geweld)

Seksueel misbrûk is in koepelbeneaming foar alle seksuële hannelings dêr't twang by plakfynt; dat omfiemet dingen dy't ûndergien wurde, dingen wêrby't aktive meiwurking ôftwongen wurdt en dingen dêr't men ûnder twang tsjûge fan is. De meast foar de hân lizzende foarbylden binne ferkrêfting en seksuële oantaasting, mar ek heart hjirta: ekshibysjonisme, húslik geweld mei in seksuële lading, frouljushannel, twongen prostitúsje, twongen houlik, it meitsjen, fersprieden en yn besit hawwen fan bernepornografysk materiaal en de bedriging fan homoseksuële, transseksuële of aseksuële persoanen fanwegen harren seksuële oriïntaasje. Ek seksuële hannelings mei minsken dy't minderjierrich of wilsûnbekwaam binne, falle ûnder seksueel misbrûk. In oanbesibbe term is ûntucht, dat ûnder de Nederlânske wet betsjut: it ferrjochtsjen fan hannelings mei in seksuële strekking dy't yn striid binne mei de sosjale en etyske noarmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.