Boris Nemtsov

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Boris Nemtsov
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Boris Nemtsov 2014.jpg
echte namme Boris Jefimovitsj Nemtsov
nasjonaliteit Flag of Russia.svg Russysk
bertedatum 9 oktober 1959
berteplak Sotsjy (Ruslân)
stjerdatum 27 febrewaris 2015
stjerplak Moskou (Ruslân)
etnisiteit Flag of Russia.svg Russysk
Flag of Israel.svg Joadsk
fise-premier fan Ruslân
amtsperioade 19971998
Russysk minister fan Branje en Enerzjy
amtsperioade 19971997
gûverneur fan Nizjny Novgorod
amtsperioade 19911998
lid fan de Russyske Dûma
amtsperioade 1990; 19931997; 19992003

Boris Nemtsov (folút: Boris Jefimovitsj Nemtsov; Russysk: Борис Ефимович Немцов; sekuere transliteraasje: Boris Jefimovič Njemcov; Sotsjy, 9 oktober 1959Moskou, 27 febrewaris 2015) wie in Russysk wittenskipper, liberaal politikus en dissidint. Hy wie fan mingd etnysk Russysk en Joadsk komôf, mei't syn mem in Joadinne wie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei natuerkunde studearre te hawwen yn Gorky, dêr't er yn 1985 mei 25 jier syn doktorstitel helle, wurke er oant 1990 as wittenskiplik ûndersiker yn it Radiologysk-Natuerkundich Undersyksynstitút Gorky. Yn dy tiid publisearre er mear as 60 akademyske artikels oer kwantumnatuerkunde, termodynamika en akoestyk. Ek died er ferskate útfinings, wêrûnder in akoestyske laser en in nij ûntwerp foar antinnes foar romtesatelliten.

Yn 1986, nei it de kearnramp by Tsjernobyl, rekke Nemtsov foar it earst polityk aktyf, doe't er yn Sotsjy in protestbeweging opsette dy't de komst fan in kearnsintrale dêre tsjinkearde. Nei de fal fan it Izerne Gerdyn waard er troch de Russyske presidint Boris Jeltsin beneamd ta (de earste) gûverneur fan 'e provinsje Nizjny Novgorod, in funksje dy't er beklaaide fan 1991 oant 1997. Dêrnei wied er efterinoar minister fan Branje en Enerzjy (1997) en fise-premier fan Ruslân (1997-1998). Yn 1998 rjochte er de Jong Ruslân-beweging op, en teffens de aksjegroep It Rjochtse Doel. It jiers dêrop wied er ien fan 'e inisjatyfnimmers ta de oprjochting fan 'e Uny fan Rjochtse Krêften, in neoliberale politike beweging dy't al rillegau omfoarme waard ta in politike partij.

Nemtsov wie yn 1990, fan 1993 oant 1997 en nochris fan 1999 oant 2003 lid fan it Russyske parlemint. Ek wied er ûnderfoarsitter fan dat parlemint en fraksjefoarsitter fan 'e Uny fan Rjochtse Krêften. Nei't dy partij yn 2008 útinoar fallen wie, wie Nemtsov ien fan 'e oprjochters fan 'e liberale politike beweging Solidarnost, en yn 2010 fan 'e koälysje Foar in Ruslân sûnder Wetteleazens en Korrupsje, dy't lykwols fan oerheidswegen de status fan politike partij ûntsein waard. Sûnt 2012 wie Nemtsov ien fan 'e foarsitters fan 'e Republikeinske Partij fan Ruslân-Folkspartij foar Frijheid (RPR-PARNAS), dy't wol as politike partij registrearre wurde koe. Oant syn dea wie Nemtsov fierders lid fan it regionale parlemint fan 'e provinsje Jaroslavl.

Bûten Ruslân krige Nemtsov in beskate bekendheid om't er ien fan 'e fûleindichste tsjinstanners wie fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin. Sa skreau er ferskate publikaasjes wêryn't er Pûtin en dy syn bewâld bekritisearre en ek wied er belutsen by de organisaasje fan hast alle grutte anty-Pûtin-demonstraasjes. Sûnt 2007 bekocht er syn polityk aktivisme mei ferskate langere perioaden fan finzenskip, de lêste kear yn 2011. Begjin jannewaris 2015 skreau Nemtsov op 'e Russyske nijswebside Sobesednik: "Ik bin bang dat Pûtin my fermoardzje sil." Op 27 febrewaris fan dat jier waard Nemtsov yn Moskou op 'e strjitte deasketten doe't er pal foar it Kremlin en fuortby it Reade Plein in demonstraasje oan it opsetten wie tsjin 'e troch it belied fan Pûtin feroarsake finansjele krisis yn Ruslân en tsjin 'e Russyske bemuoienissen yn Oekraynske binnenlânske oangelegenheden. Boris Nemtsov wie troud en hie fjouwer bern.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.