Hrabove (Donjetsk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hrabove
Sifers
Ynwennertal 1000 (2010)
Oerflak 8,56 km²
Befolkingstichtens 120 / km²
Hichte 190 m
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast oblast Donjetsk
Distrikt Regio Sjachtarsk
Boargemaster Volodymyr Berezhnyi (2010-no)
Oar
Stifting Ein 15e iuw
Postkoade 86234
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Webside Webstee
It wapen fan Hrabove

Hrabove (Oekraynsk: Грабове, Russysk: Грабово Grabovo) is in doarp yn de Oekraynske oblast Donjetsk, tsien kilometer benoarden de stêd Torez. It doarp leit beëasten de stêd Donjetsk oan de rivier Mius, dy't teffens de grins tusken de oblast Donjetsk en de oblast Lûhansk foarmet. By Hrabove is in opslachmar yn de Mius oanlein foar de drinkwetterfoarsjenning fan de regio.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp waard ein 15e iuw stifte oan de lofter igge fan de Mius; it waard ferpleatst nei it hjoeddeiske plak yn 1787. Hrabove krige yn 1803 in stiennen tsjerke, dy't foar in part yn 1903 fannijs boud waard.

Yn febrewaris 1918 waard Hrabove ynnaam troch de Sowjets, laat fan de revolúsjonêre lieder Nestor Machno, en yn 1921 kaam der in stabiler kommunistysk rezjym.

April 2014 foel de regio dêr't Hrabove yn leit yn hannen fan pro-Russyske rebellen, dy't de Folksrepublyk Donjetsk útrôpen. Op 17 july 2014 waard in passazjiersfleantúch fan Malaysia Airlines delsketten yn de neite fan it doarp, dêr't alle 298 ynsittenden it libben by ferlearen.

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Malaysia Airlines-flecht 17.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de folkstelling fan 1989 wennen der 1081 minsken yn Hrabove, 507 manlju en 574 froulju. Yn 2001 wennen der 1000 minsken. De folgjende tabel jout in oersjoch fan de talen dy't de ynwenners fan Hrabove yn 2001 opjoegen as harren memmetaal.

Taal Tal minsken Persintaazje
Oekraynsk 775 77,5%
Russysk 220 22,0%
Wytrussysk 4 0,4%
oars 1 0,1%

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: