Springe nei ynhâld

Man (sekse)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Man (persoan))
In man.

In man is in minske fan it manlik geslacht. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de oantsjutting 'man' lykwols útslutend brûkt foar in folwoeksen minske fan it manlik geslacht; ûnfolwoeksen manlju wurdt jonges of bern neamd. Oan 'e oare kant wurdt yn gearstallings as 'manljus-wc' gjin ûnderskie nei âldens makke. In minske fan it tsjinstelde geslacht is in frou.

It Marssymboal, wêrmei't it manlike geslacht oantsjut wurdt.

Geslachtsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as by oare manlike sûchdieren ervet it genoom fan in man yn prinsipe in X-gromosoom fan 'e mem en in Y-gromosoom fan 'e heit. De manlike foetus produsearret gruttere hoemannichten androgeen en lytsere hoemannichten estrogeen as de froulike foetus. Dat ûnderskie yn 'e ûnderlinge ferhâlding fan dy geslachtssteroïden is fierhinne ferantwurdlik foar de fysiologyske ferskillen tusken manlju en froulju. Yn 'e earste jierren omfiemje dy ferskillen de primêre geslachtsskaaimerken, wat foar manlju (jonges) delkomt op it hawwen in penis en in skroatum mei dêryn de testikels (of siedballen), dy't froulju (famkes) net hawwe.

Under de puberteit wurdt de produksje fan androgeen stimulearre troch beskate hormoanen, mei as gefolch de ûntjouwing fan 'e sekundêre geslachtsskaaimerken. Sadwaande nimme de ferskillen tusken de beide seksen dan noch ekstra ta. Dêrop binne lykwols útsûnderings oangeande ynterseksuële en transseksuële manlju. Ornaris omfiemje de sekundêre geslachtsskaaimerken by manlju:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.