Springe nei ynhâld

Boalsert

Ut Wikipedy
Boalsert
Sintrum fan Boalsert, mei lofts de Apelmerk, rjochts de Merkstrjitte en op eftergrûn it Stedhûs
Sintrum fan Boalsert, mei lofts de Apelmerk, rjochts de Merkstrjitte en op eftergrûn it Stedhûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 10.120 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,42 km² (9,04 km² lân, 0,38 km² wetter)
Oar
Ferkearsieren E22 A7 N359
Postkoade 8700 - 8702
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4′ NB, 5° 31′ EL
Toer fan de Martinytsjerke
Toer fan de Martinytsjerke
Stedhûs fan Boalsert
Stedhûs fan Boalsert
Offisjele webside
Webstee fan Boalsert
Kaart
Boalsert (Fryslân)
Boalsert
Kaart
Sintrum fan Boalsert, mei lofts de Apelmerk, rjochts de Merkstrjitte en op eftergrûn it Stedhûs
Satellytfoto fan Boalsert
Dizze side giet oer de stêd Boalsert. Foar de eardere gemeente, sjoch: Boalsert (gemeente).

Boalsert (útsprutsen as: [bɔlzət]?) is in Fryske stêd, dy't diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan 'e Fryske alve stêden, dy't yn it súdwesten fan 'e Greidhoeke leit, op likernôch 12 km noardwestlik fan Snits. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 foarme Boalsert mei syn klokslach de gemeente Boalsert. De buorskip Laerd en Saerd heart foar in part ta it stedsgebiet fan Boalsert. De A7 is in wichtige ferkearsier dy't súdlik fan 'e stêd rint.

Ut de midsiuwen stammet it merakelske Marijebyld Us Leaffrou fan Sânwâlden, tsjintwurdich bewarre yn de Sint-Fransikustsjerke oan de Dijlakker. Boalsert wie ien fan de Hânzestêden. It stedhûs dat boud waard om 1615, stiet symboal foar de bloei fan de stêd yn de 17e iuw. It waard yn 1765 fergrutte en moaimakke yn de rokokostyl. De ferneamde Fryske dichter Gysbert Japiks kaam út 'e stêd wei.

De stêd 10.120 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS), en beslacht in oerflak fan 9,42 km² (wêrfan 0,29 km² oerflaktewetter). Yn de stêd wurdt it Stedske dialekt it Boalsertersk sprutsen. It sintrum fan Boalsert is in beskerme stedsgesicht.

De namme hat yn 'e rin fan de iuwen ferskate skriuwwizen hân. Yn 'e 11e iuw kaam Bodliswert op munten (1038-1057) foar. Fierder kaam der yn 1270 Bodleswerth, yn 1290 Bodelswaert, yn 1313 Bodeleswarth en yn 1404 Boelswert foar. De namme is in gearlûking fan de persoanenamme Bodil/Bodele (yn it Nijfrysk: Boele) en werth, Aldfrysk foar in opwurpen bewenne hichte.[2][3]

Yn 't Frysk binne der twa staveringswizen fan de namme fan de stêd: "Bolswert" en "Boalsert". By de earste waard de "w" net útsprutsen. It stedskolleezje hat lykwols de fariant "Boalsert" oannommen as de offisjele Fryske fariant ta eare fan Gysbert Japiks en Joast Halbertsma dy't beide in wichtige rol spilen by de stavering fan it Nijfrysk.[4]

Kaart fan Boalsert út 1664 útjûn troch Bernardus Schotanus à Sterringa

Boalsert is ûntstien op in trijetal terpen oan in sydtakke fan de Marne. De âldste, dêr't yn de 11e iuw Sint Martenstsjerke op boud waard, datearret fan foar it begjin fan de jiertelling en waard op in ouwerwâl boud. In eintsje súdlik dêrfan ûntstie yn de 8e iuw (it wurdt oannommen om 715 hinne) in twadde langhalige terp dêr't de hjoeddeistige Heechstrjitte en Heeremastrjitte de kearn fan binne. Dy terp waard in hannelsterp. Foar de 1e iuw waard dy terp útwreide mei in twadde hichte, de tredde terp, op it plak fan it begjin fan de hjoeddeistige Tsjerkstrjitte, dy't doetiids de ferbining fan de hannelsterp en de tsjerketerp wie. Yn 'e 12e iuw waard de Marnedyk oanlein, dy't yn it westen oansleat op 'e hannelsterp troch de hjoeddeistige Dykstrjitte en Merkstrjitte en yn it easten op de Broeredyk dêr't letter de Snitserpoarte op boud waard. De natoerlike kreken en wetterrinnen waarden kanalisearre en opnommen yn 'e patroan fan stedsgrêften.

Oan 'e eastkant bouden de fransiskanen yn 1281 in kleaster mei tsjerke, de Broeretsjerke. Om 1380 hinne krige Boalsert syn earste omwâling. Yn de 15e iuw hie Boalsert in perioade fan bloei en woltierigens. De stêd waard de wichtichste stêd fan Westergoa. Yn 1412 waard de stêd part fan de Hânze, in ferbûn fan Noarddútske hannelstêden en stêden om 'e Noard- en Eastsee hinne. Boalsert krige offisjeel stedsrjochten yn 1455 mei troch de ferneamde reedner pater Brugman. Yn 1463 waard it Sint-Antonygasthûs iepene. Yn it begjin fan de 16e iuw waard de omwêling fersterke en krige in dûbele grêft. Yn 1522 waard op de krusing fan de Broerstrjitte en Tsjerkstrjitte de Us-Leaffroukapel (wie bekend as de "kapel by de post", yn 1868 sloopt). By de Reformaasje yn 1580 waard it katolisisme yn Fryslân ferbean en waarden de trije kleasters fan de minderbruorren, wythearen en beginen opheft. Allinnich de Broeretsjerke bleau bewarre.

Troch it tichtslykjen fan de Marne rekke dy wetterwei foar Boalsert ferlern. Makkum waard it havenplak fan Boalsert en tenei waard de Makkumer Feart brûkt dêr't in feehâlderijprodukten oer ferfierd waarden. Doe't de Boalserter hannel him yn de 17e iuw op Amsterdam rjochtsjen gie, joech dat Boalsert in soad wolfeart. Der waarden trekfeart nei Warkum (1620) en Ljouwert oanlein. It stedhûs dat boud waard om 1615, stiet symboal foar de bloei fan de stêd yn de 17e iuw. It waard yn 1765 fergrutte en moaimakke yn de rokokostyl.

Yn de twadde helte fan de 18e iuw rûn it ynwennertal werom fan 2.878 ynwenners yn 1748 nei 2.500 ynwenners. De pleatslike tekstylyndustry hie slim te lijen ûnder de bûtenlânske konkurrinsje; de bûter- en tsiismerk hie lêst fan de feepest, dy't op it Fryske plattelân omgong.

De Patriottetiid yn Boalsert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side De Patriottetiid yn Boalsert.

De patriotten yn Boalsert hellen tusken 1782 en 1789 lanlik omtinken fan de parse. De ynfloedrike boargemaster Van Hiemstra waard passearre, de froedskip hâlde syn âlde grutte, der waard in frijwillige skutterij oprjochte en Boalsert wie de iennige stêd dy't yn septimber 1787 de Pretenske Steaten yn Frjentsjer erkende.

Boalsert as beafeartsoarde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Us Leaffrou fan Sânwâlden.

Yn de Sint-Fransikustsjerke oan de Dijlakker wurdt it genedebyld Us Leaffrou fan Sânwâlden bewarre, ien fan de âldste genedebylden fan Nederlân. It byld sels is 13e-iuwsk, mar de devoasje is yn de 16e iuw ûntstien.

Bordes fan it stêdhûs fan Boalsert
Foargevel fan it stêdhûs fan Boalsert
Fragmint houtfykwurk troch Japick Gysberts - stêdhûs Boalsert
Houtfykwurk yn de riedsseal fan Boalsert troch Japick Gysberts, heit fan Gysbert Japicx

Troch de begoedige widdo Hid Hero waard yn 1553 it weeshûs fan Boalsert stifte. Hja joech in fêste en ivige rinte totten bouwe van dien, ende onderholdinghe van twaleff guede, olde burghers schamele Weeskynden. Har testamint makke se yn 1561. Nei in lange list fan (tsjerklike en wrâldske) begeunstigers beneamt hja foar de rest fan har besittings de Weeskinderen ofte ’t Weeshuis binnen Bolswert, tot onderhoudinge van de Weeskinderen, daarin woonagtig zijnde, welk Weeshuis bij haar t’ oudstijde gesticht is ta har erfgenamten. Om oan mear ynkomsten te kommen wurdt in komelkerij molkenkelder yn it weeshûs sels eksploitearre.

In iuw nei de stifting blike der mear as 30 wezen fersoarge te wurden, dêr't jierliks 3.000 karolusgûnen foar nedich binne. De ynkomsten binne mar de helte sadat it bestjoer fan de stêd der jild by lizze moat. Yn 1681 krijt it Weeshûs it allinnerjocht op de ferkeap fan grêfkisten yn Boalsert. De wichtichste boarne fan ynkomsten is troch de iuwen hinne lykwols de pachtopbringst en de grûnrinten fan de pleatsen en losse stikken lân dy't it weeshûs middels legaten en skinkingen krigen hie.

It grutste oantal wezen hat it weeshûs yn 1709, as der 72 wezen fersoarge wurde. Mei yngong fan 1951 waarden ek bern opnomd dy't troch it Ministearje fan Justysje út hûs pleatst waarden. De neidruk kaam hieltiten mear te lizzen op de jeugdsoarch en minder op de soarch foar weesbern. Skaalfergrutting yn de Jeugdsoarch hat yn 1990 laat ta opheffing fan it bernetehûs dat de opfolger fan it Weeshûs wie. It gebou oan de strjittekant bleau eigendom fan de Stichting “It Weeshûs”, de efterlizzende gebouwen waarden ferboud ta hotel-restaurant. Yn de âldheidkeamer is in fitrine ynrjochte mei foarwerpen út it eardere Weeshûs. It giet om foarwerpen dy't brûkt waarden troch de fâden en troch de wezen. Sa is der in kollektebus dêr't jild mei oprûn waard foar it hûs.

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in tiidrek fan delgong gie it yn 'e rin fan de 18e iuw wer better nei't bûterprizen omheech giene. Tusken 1823 en 1827 waarden de stedspoarten sloopt en yn 1874 waarden ek de stedswâlen ôfbrutsen, mei útsûndering fan it Heech Bolwurk. Oan 'e súdwestkant fan de stedsgrêft waard de Steamboatkaai oanlein. Yn de ein fan de 19e iuw waarden yn de binnenstêd guon grêften, lykas de Bargefenne en Skilwyk tichtsmiten.

Yn 1843 waard de ferhurde wei nei Snits en yn 1855 nei Warkum oanlein. De steamtram Snits-Harns waard yn 1882 yn gebrûk nommen en de line waard yn 1886 trochlutsen nei De Jouwer. Yn 1907 kaam der in tramstasjon oan de Snitsersrjitte.

Yn 1882 waard oan de Snitserstrjitte de Keninklike Nederlânske Molkprodusintefabryk boud. Yn 1893 waard oan de Harnzerstrjitte de suvelfabryk fan Hollandia boud. Letter kaam dy yn hannen fan Nestlé. Foar de fabryksarbeiders waarden tusken 1906 en 1914 wenten boud oan de Earste, Twadde en Tredde Hollandiastrjitte. Dizze Hollandiabuert wie suver de earste wenwyk dy't bûten de âlde stedsgrêft boud waard. Yn 1904 kaam de Ryksuvelskoalle nei Boalsert mei de neidruk op Boalsert as sintrum fan de suvelyndustry.

Yn 1913 waard it Julianapark eastlik fan de stêd oan de Snitserstrjitte oanlein. Tusken it park en de stêd waard yn de it Plan Súd, dat eartiids it "Reade Doarp" neamd waard, ûntwikkele nei ûntwerp fan W. van Straten. Dat wie nei de Hollandiabuert de twadde útwreidingswyk fan Boalsert. Yn 1922 waard de Gasthûssingelbrêge as ferbing nei de wyk boud. Nei de Twadde Wrâldkriich wiene der stedsútwreidings oan 'e noardwestkant, Plan Noard, en oan 'e eastkant. Yn 'e 1970-er jierren waard de wyk Eekwert boud. Yn 'e 1980-er jierren waard de wyk Altenburch boud en fan de 1990-er jierren ôf waarden de wiken De Fûgelkrite en Hartwerter Feart boud.

It stedswapen is fan goud beladen mei in dûbele swarte earn. It skyld bedutsen mei in kroan en oan wjerskanten fêsthâlden troch in klimmende liuw yn natuerlike kleur. De liuwen binne omsjend en de kroan is in kroan fan de keizer

Wannear't it wapen krekt ûntstien is en wêrom't der foar de keizerlike earn keazen is, is net alhiel dúdlik. It wapen komt yn alle gefallen foar yn 1455. Op munten út dat jier stiet de dûbele swarte earn. Nei alle gedachten komme it wapen en de kroan fan de keizer en ôflaat fan de Dútske Hânze dêr't Boalsert by hearde. De Hânze hie de dûbele earn op it wapen. Nei it besetten fan Fryslân yn 1523 troch Keizer Karel V waard it wapen befêstige troch de Keizer. De kroan fan de keizer is troch de jierren hinne troch it stêdsbestjoer in stikmannich kearen ferfongen troch de fiifblêdige (kenings)kroan. By de oanfraach fan 1815 waard wol wer om de kroan fan de keizer frege. Op segels fan de stêd komt de earn krekt oan de ein fan de 15e iuw foar. Op it 131le segel, fan 1331, stiet allinne in kastiel neamd. Op trije wapens út de 15e en 16e iuw stiet allinnich de dûbele earn. It grutsegel fan 1640 lit it wapen ûnder in Goatyske nis mei Sint Marten sjen.

Yn Boalsert wurdt njonken it Frysk en Nederlânsk ek in Stedsk dialekt sprutsen, it Boalsertersk, troch likernôch 18% fan de befolking.[5]

De stêd Boalsert bestiet út in stikmannich tal buerten en bedriuweterreinen. Ek de buorskip Laerd en Saerd falt ûnder de stêd.

It is it doel dat der eastlik fan 'e stêd in nije wenwyk fan 200 wenten boud wurde sil.

Yndustrieterreinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Klokslach
  • De Ward (Wenjen en wurkjen)
  • De Marne
  • Yndustrypark
  • De Wimerts

Yn 'e stêd binne der noch in tal lytse brechjes dêr't de nammen fan útrinne op post. Eartiids waard in ienfâldige houten fuotbrêge ek wol post neamd. Dat begryp fynt men ek noch yn 'e doarpsnamme Bûtenpost werom.

De stêd Boalsert hat 73 ryksmonuminten en 75 gemeentlike monuminten. In part fan de stêd is in beskerme stedsgesicht en is ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.

De measte monuminten steane yn de âlde binnenstêd fan Boalsert. Ek rinne noch in stikmannich fan de âlde stedsgrêften troch de binnenstêd hinne.

Martinytsjerke

De herfoarme Martinytsjerke of Grutte of Sint-Martentsjerke waard fan 1446 oant 1463 boud. De bou is winliken in grutte útwreiding fan in 11e iuwske tsjerke dy't yn 1250 de memmetsjerke fan Westergoa waard. De tsjerke is in pseudobasilyk mei in fiifkante sletten koer. Oan 'e westkant stiet in ynboude sterke sealtektoer mei fiif lidden. Nijsgjirrich is it houtfykwurk yn it ynterieur fan de tsjerke.

Broeretsjerke

De Broeretsjerke, yn 1980 troch brân ferneatige en hjoed-de-dei as ruïne bewarre, is it âldste gebou fan de stêd en komt foar in part út de ein fan de 13e iuw.

Sint-Fransiskusbasilyk

De Sint-Fransiskusbasilyk oan de Dijlakker is in Roomsk-katolike krústsjerke dy't fan 1932 oant 1934 boud waard en in foargonger fan 1846 ferfong. De tsjerke is in ûntwerp fan Dom. P. Bellot en H.C. van de Leur. De tsjerke hat in trijekante sletten koer en in lange smelle toer. Yn 'e tsjerke is it Marijebyld Us Leaffrou fan Sânwâlden bewarre, dy't út de midsiuwen stammet.

Fermanje

De Fermanje oan de Skilwyk is in sletten neoklassisistyske sealtsjerke mei dakruter en waard boud yn 1784.

Gasthûstsjerke

De grifformearde Gasthûstsjerke oan 'e Gasthûssingel is in krústsjerke mei dakruter en waard boud yn 1928/29 yn ekspressionistyske foarm nei ûntwerp fan J.H. van der Veen. De pastorije stammet út deselde tiid.

Oare tsjerken

De eardere Roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke oan de Grutte Dijlakker is in trijeskippige tsjerke mei in trijekante sletten koer yn Willem II-gotyk dy't yn 1848/49 boud waard nei in ûntwerp fan Theo Molkenboer. Yn 1908 waard de tsjerke fergrutte. Nei it gearfoegjen fan de parochy mei dy fan de Sint-Fransiskustsjerke waard de tsjerke yn 1934 fersobere en ta jongereinsintrum omfoarme. "Us Gebou" oan it Broereplein waard yn 1893 as evangelisaasjegebou nei in ûntwerp fan J. van Reenen.

De Wikipedy hat ek in side Stedhûs fan Boalsert.

It stedhûs oan de Jongemastrjitte waard yn 1614-1617 boud en ferfong in foargonger fan 1474. It stedhûs wurdt beskôge as it hichtepunt fan it Frysk maniërisme. De ûntwerper en arsjitekt wie Jacob Gysberts, de heit fan Gysbert Japiks. Yn it sûterrên stie de Waach en wie dus ien fan de Waachgebouwen yn Fryslân.

Oare monuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Julianapark

Justjes bûten de stêd steane trije poldermûnen: De Klaver, in spinnekopmûne fan 1802: Tadema's Mole, in muonts út 1824 en in tsjasker út 1973

De Appelmerk (2005)
Wolkom yn Boalsert
Broeretsjerke

Boalsert hat fjouwer buertferienings: De Blauwpoort, Plan Noard II, WKV De Middelsee en de Nije Buertferiening (NBV) en trije stiftings: Sint-Anthonygasthûsstifting, Hindrik Nannes en Cathrijn Epes-stifting en Stifting it Weeshûs

Primêr ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuortset ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Marne Kolleezje: Middelbere skoalle foar FMBU, LWUU, HAFU, FWU, TTU. De skoalle hat meardere lokaasjes.
  • Keatsen: KF Boalsert
  • Korfbal: kv Westergo
  • Skaken: Westergoo
  • Reedriden: Schaats Training Bolsward (STB)
  • Tennis: De Drie Posten
  • Fuotbal: SC Bolsward
  • Foljebal: VC Bolsward
  • Swimmen: Zwem- en Poloclub Bolsward

Eardere futbalferienings: Fuotbalferiening RES, Fuotbalferiening CAB, Fuotbalferiening Bolswardia

Oare ferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oranje, Hollandia - muzyk
  • Yn 'e Lijte - koar
  • Skomjend Wiid - shantykoar

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1748 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2013 2023
2.878 4.450 7.922 8.340 8.718 9.158 9.871 9.516 10.140 10.120

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)

Bekende Boalserters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende keunstners út Boalsert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Súdlik fan de stêd rint de A7 fan Saanstêd nei Bad Nijeskâns, dêr't Boalsert twa ôfslaggen by hat: "Boalsert" en "Boalsert-East". De provinsjale wei N359 rint fan De Lemmer oer Balk, Warkum westlik fan Boalsert nei Ljouwert ta. Wetterwegen binne yn suden it Krúswetter dy't nei de Wimerts, de Warkumer Trekfeart, Makkumer Feart en it Van Panhuyskanaal ferbynt. Yn it noarden ferbynt de Boalserter Feart mei de Kleasterfeart.

De stêd hat gjin treinferbining, mar hat fan 1882-1968 in tramferbining mei Snits en fan 1882-1947 mei Harns hân. Yn it âlde tramstasjon oan de Snitserstrjitte sit hjoed-de-dei in graazjebedriuw.

Sûnt 9 jannewaris 2022 is it busstasjon oan de Twibaksdyk oan de westrâne fan de stêd iepene. Dêr hohâlde streekbussen fan ûnder oaren de linen 4, 92, 96, 98, 99, 192 en 199. Dêrtroch koe it busferkear yn it sintrum fermindere wurde en koe it âlde busstasjon sletten wurde en waard doe ferboud ta parkearplak. Wol kaam der in halte oan de Gasthûssingel. Oan de Kleasterleane oan de eastrâne fan de stêd stte in busstasjon mei oerbliuwsels fan it meubilêr fan de Interliner dy't dêr earder ried.

Alle Strjitten fan de stêd Boalsert.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Kerncijfers wijken en buurten 2021 (CBS).
  2. Gildemacher, K.F., 'Friese plaatsnamen. Alle steden, dorpen en gehuchten'. Friese Pers (2007), p. 288.
  3. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamene verklaard. etymologiebank.nl (2020).
  4. Nijsberjocht Gemeente Boalsert 14-5-2009
  5. De Bosatlas van Fryslân (2009), side 234
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boalsert fan Wikimedia Commons.
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert
Buerten:
AltenburchBinnenstêdEekwertDe FûgelkriteHartwerter FeartHollandiabuertParkplanNoardSúd
Buorskip:
Laerd en Saerd
· · Berjocht bewurkje