Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2017
Siden fan de wike yn 2017
[boarne bewurkje]Wike 1
De Grand Canyon (Ingelsk foar "Grut Ravyn"; Hopy: Ongtupqa; Javapai: Wi:ka’i:la; Spaansk: Gran Cañón) is in reuseftich steilsidich ravyn dat troch de rivier de Kolorado yn it lânskip útsnien is yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Arizona. Dit ravyn is 446 km lang, op guon plakken oant 29 km breed en op it djipste punt 1.857 m djip. Tûzenen jierren lang waard de Grand Canyon bewenne troch lânseigen Yndiaanske stammen. Yn 1540 arrivearren de earste Jeropeänen der, út Meksiko wei. Yn 1919 waard troch de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson it Nasjonaal Park de Grand Canyon stifte, dat it grutste part fan it ravyn omfiemet. Tsjintwurdich stiet de Grand Canyon wiid en siid bekend om syn prachtige fiergesichten en syn kleurrike lânskip, en is it ien fan 'e populêrste toeristyske trekpleisters yn 'e Feriene Steaten.
Wike 2
Bud Spencer (wiere namme: Carlo Pedersoli; Napels, 31 oktober 1929 – Rome, 27 juny 2016) wie in Italjaansk akteur, regisseur, filmprodusint, senarioskriuwer, profesjoneel swimmer en politikus. Hy waard benammen bekend mei syn rollen yn 'e aksjekomeedzjes en spagettywesterns dy't er yn 'e 1970-er jierren makke mei syn langjierrige filmpartner Terence Hill. Tegearre mei Hill skreau, regisearre en produsearre er mear as tweintich fan sokke films. Yn syn jonkheid wie Spencer in súksesfol swimmer, en died er trijeris mei oan 'e Olympyske Spullen. Letter learde er foar abbekaat, liet er as útfiner ferskate oktroaien fêstlizze, helle er syn fleanbrevet foar sawol ferkearsfleantugen as helikopters, rjochte er in eigen loftfeartmaatskippij op, en wied er aktyf as regionaal politikus. Teffens die Spencer in protte goeddiedichheidswurk en skreau er in autobiografy.
Wike 3
De Friisk Foriining (Noardfrysk foar "Fryske Feriening"), foarhinne bekend as de Foriining for Nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze feriening waard oprjochte yn 1923 en hat him sûnt ôfhâldich foar de Dútske steat oer opsteld. Yn 'e fisy fan 'e Friisk Foriining foarmje de Noardfriezen in etnyske en nasjonale minderheid yn Dútslân, en moatte se alle rjochten krije dy't mei dy status mank geane. Dêrmei stiet dizze organisaasje rjocht foar de oare grutte Noardfryske kulturele organisaasje, de Noardfryske Feriening (NFV), oer. It krewearjen fan 'e Foriining rjochtet him hjoed de dei yn 'e praktyk benammen op it befoarderjen fan it gebrûk fan 'e Noardfryske taal en kultuer.
Wike 4
De Slach oan de Little Bighorn wie in fjildslach dy't op 25 en 26 juny 1876 útfochten waard oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn wat no it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana is. Dit treffen hearde ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Feriene Steaten definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e Yndiaanske folken yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen.
Yn dizze fjildslach foel it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in Yndiaansk doarp oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e Sû (Sioux), Sjajinnen (Cheyenne) en Arapaho gearkommen wie. Ynspirearre troch de fizioenen fan 'e medisynman Sittende Bolle, en oanfierd troch de opperhaden Mâl Hynder en Gal, sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e troepen fan majoar Marcus Reno op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De fiif kompanjyen kavalery fan Custer waarden doe op in heuveltop besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. De troepen fan Reno waarden ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat de Slach oan de Little Bighorn ta ien fan 'e swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten.
Wike 5
De Twa Tuorren, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Towers, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei It Selskip fan de Ring en De Kening Komt Wer makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. The Two Towers, it middelste diel fan 'e trilogy, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en dy syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, om't dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1954; yn 2002 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Two Towers fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, ferskynde yn novimber 2016.
Wike 6
In tongpiercing of tongepiercing is in piercing dy't troch de tonge hinne makke wurdt. Dizze foarm fan 'e piercing ken in lange skiednis, benammen yn Midden-Amearika. Yn 'e Westerske kultuer is de tongpiercing sûnt de 1980-er jierren ynboargere rekke. Tongpiercings binne der yn ferskate foarmen en kinne ferskillende medyske problemen feroarsaakje. Ta dit soarte fan lichemsfersiering kin besletten wurde om ferskate redens: om 'e estetyske wearde, om útdrukking te jaan oan 'e eigen identiteit of fanwegen de ekstra stimulaasje by dielname oan orale seks.
Wike 7
Elía (útsprutsen mei de klam op 'e i), faak Elía de Tisbyt neamd (Hebriuwsk: אֱלִיָּהוּ Eliyahu, betsjutting: "Myn God is Jahweh"; Gryksk: Ηλίας, Elías; Syrysk: ܐܸܠܝܼܵܐ, Elyāe; Arabysk: إلياس, Ilyās of إليا, Ilyā) wie in Israelitysk profeet en wûnderdogger yn it tsienstammeryk Israel ûnder it regear fan kening Achab, yn 'e njoggende iuw f.Kr. Hy wurdt ferskate kearen neamd yn 'e bibelboeken 1 en 2 Keningen, en wurdt as ien fan 'e wichtichste profeten fan it joadendom beskôge. Ek yn it kristendom, de islaam en it bahaïsme wurdt er as profeet erkend, en yn 'e Eastersk-otterdokse tsjerken hat er de status fan hillige. Neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel kante Elía him fûleindich oan tsjin 'e ferearing fan heidenske goaden troch de Israeliten, en ferrjochte er dêrby mannich in wûnderteken, wêrûnder it opwekjen fan 'e deaden en it ôfroppen fan himelfjoer. Ferwizings nei Elía komme ek foar yn it Nije Testamint, de Talmoed, de Mishnah en de Koraan.
Wike 8
De Amerikaanske Militêre Akademy (Ingelsk: United States Military Academy, USMA), better bekend as West Point of ek wol as The Point, is in Amerikaanske militêre akademy dy't de fjouwerjierrige ofsiersoplieding foar it Amerikaanske Leger (de lânmacht) fersoarget. De oare Amerikaanske kriichsmachtûnderdielen (marine, loftmacht en marinierskorps) hawwe harren eigen opliedingsynstituten. De Amerikaanske Militêre Akademy stiet op 'e westlike igge fan 'e rivier de Hudson, yn 'e steat New York, likernôch 80 km benoarden de stêd New York. De hiele, yn Normandyske styl út granyt oplutsen sintrale kampus fan 'e Akademy is sûnt 1960 in nasjonaal histoarysk monumint.
Wike 9
Mombasa is in stêd yn Kenia, dy't yn it súdeasten fan it lân oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan leit en it haadplak is fan it omlizzende Mombasa County. De stêd hie neffens in offisjele skatting út 2014 in befolking fan 1,3 miljoen minsken, en dêrmei is it yn grutte nei de haadstêd Nairobi de twadde stêd fan Kenia. Mombasa is in wichtich havenplak, dat fan âlds in krúspunt fan 'e hannelsrûtes tusken East-Afrika, it Midden-Easten en it Yndiaaske subkontinint wie. Hjoed de dei fungearret de stêd noch altyd as in regionaal sintrum foar sawol hannel as kultuer. Teffens hat it in tige bloeiende toeristyske sektor.
Wike 10
Zitkála-Ša ("Reade Fûgel", útspr.: [zit'ka:la ʃa], "zytkaala sja"; ek wol bekend as Gertrude Simmons Bonnin; yn it Jankton Yndianereservaat (Súd-Dakota), 22 febrewaris 1876 – Washington, D.C., 26 jannewaris 1938), wie in Amerikaansk skriuwster, publisiste, polityk aktiviste, ûnderwizeresse en musika fan Yndiaansk komôf. Hja lei in grut tal tradysjonele myten en leginden fan benammen de Sû (Sioux) en de Jût (Ute) yn it Ingelsk fêst, wêrmei't sokke Yndiaanske ferhalen foar it earst in breed net-Yndiaansk publyk berikten. Dêrnjonken skreau Zitkála-Ša ferskate koarte ferhalen en in grut tal artikels wêryn't se utering joech oan 'e wrakseling dy't se yn har jonkheid trochmakke doe't se hinne en wer skuord waard tusken it kulturele erfskip fan har eigen folk en de ferlokkings fan 'e oerhearskjende blanke kultuer yn 'e Feriene Steaten. Mei William F. Hanson skreau se yn 1913 The Sun Dance, de earste Yndiaanske opera. Hja ûntjoech har ta in mûnich aktiviste en stried foar lykberjochtiging fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten, dy't yn har tiid de Amerikaanske nasjonaliteit net iens hiene. Yn 1926 rjochte se dêrta de Nasjonale Rie fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) op, wêrfan't se oant har dea yn 1938 foarsitter wie.
Wike 11
Skouwen-Duvelân (Nederlânsk: Schouwen-Duiveland; Siuwsk: Schouwen-Duveland) is eilân en gemeente yn it noarden fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. Dizze krite bestiet út in fjouwertal eardere, oaninoar groeide eilannen. By de Wettersneedramp fan 1953 wie Skouwen-Duvelân it slimst troffen gebiet. Mei it reekommen fan 'e Brouwersdaam, yn 1972, waard it isolemint fan it eilân beëinige. Neitiid ûntjoech it him ta in sintrum fan toerisme en wettersport. Yn 1997 waard Skouwen-Duvelân troch in proses fan gemeentlike weryndieling ta ien inkele gemeente. It haadplak is Sieriksee.
Wike 12
De moä's of moä-eftigen (Latynske namme: Dinornithiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). By dit skift binne 9 soarten ûnderbrocht, dy't sûnder útsûndering útstoarn binne, ferdield oer twa famyljes en seis skaaien. De moä's, dy't foarkamen yn Nij-Seelân, wiene grutte, flechtleaze rinfûgels. Se stoaren omtrint 1440 út troch oerbejaging troch de minske. Resint hawwe guon lju it idee op 't aljemint brocht om se wer ta libben te bringen troch it kloanjen fan bewarre bleaun genetysk materiaal.
Wike 13
Taylor Wane, echte namme: Joanna DuTremble (Gateshead (Ingelân), 27 augustus 1968), is in Britsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en kollumniste, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Joanna, Joanna G, Fayrin Heitz en Farran Heights. Har namme wurdt ek wol misstavere as Taylor Wayne. Hja sette yn 1990, nei't hja emigrearre wie nei de Feriene Steaten, útein mei in karriêre yn 'e pornoyndustry fan Hollywood. Sûnt hat Wane har ûntjûn ta ien fan 'e grutte nammen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrnjonken hat se ek meiwurke oan fideoklips en reklamespotsjes, en teffens hat se optreden mei sjonger Kid Rock.
Wike 14
De Attawapiskat Earste Naasje (Ingelsk: Attawapiskat First Nation, útspr.: [ætə'wɑ:pɪskæt], likernôch: "ette-waa-pis-ket"; Kry: ᐋᐦᑕᐙᐱᐢᑲᑐᐎ ᐃᓂᓂᐧᐊᐠ, Āhtawāpiskatowi Ininiwak) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it noarden fan 'e provinsje Ontario. De geografyske lokaasje fan dizze stamme is dreech berikber en sterk isolearre, benammen simmerdeis. De Attawapiskat Earste Naasje bestiet út etnyske Kry (Cree), en waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1930. Neffens gegegevens út 2011 hie de stamme doe 2.800 leden. It haadkertier is fêstige yn Attawapiskat, op it plak dêr't de rivier de Attawapiskat útmûnet yn 'e Jamesbaai.
Wike 15
Sir John Gielgud (folút: Arthur John Gielgud; Londen, 14 april 1904 - Wotton Underwood (Ingelân), 21 maaie 2000) wie in Britsk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur, dy't benammen ferneamd waard om fertolkings fan rollen út toanielstikken fan Shakespeare. Syn karriêre omfieme acht desennia, en hy wurdt rûnom beskôge as as ien fan de grutste akteurs fan syn tiid. Gielgud is ien fan 'e seldsume akteurs dy't in Tony, in Emmy, in Grammy (foar in ynsprutsen lústerboek) en in Oscar wûn hawwe, mei dêropta noch 2 Golden Globes en 3 BAFTA's.
Wike 16
Seus (Aldgryksk: Ζεύς, Zeus, útspr.: [zdeṷs], likernôch "zdeeuws"; (modern Gryksk: Δίας, Días, útspr.: ['ði.as], likernôch "zias") is yn 'e Grykske mytology de oppergod dy't op 'e Olympus as kening oer de oare goaden regearret. Hy is ek de god fan 'e loft, de wjerljocht en tonger, de wet, oarder en it rjocht, en stiet bekend as Νεφεληγερέτα, Nephelēgereta, "Wolkenssamler". De namme Zeus komt etymologysk oerien mei de nammen fan ferskate goaden yn oare panteöns, wêrûnder it earste wurdlid fan 'e namme fan 'e Romeinske god Jupiter, mei wa't er meitiid sterk identifisearre waard.
Neffens de myten fan it âlde Grikelân is Seus de heit fan in grut part fan it Grykske panteön, en dêrnjonken, fia syn regelmjittige eroatyske eskapades, ek fan in grut tal healgoaden. Syn wichtichste attribút is de wjerljochtslach, dy't er op ôfbyldings gauris yn syn ûnderhelle rjochterhân hâldt. Ek wurdt er faak assosjearre mei de iik, de earn en de bolle. De ierste oerlevere fermelding fan Seus is yn Myseensk Gryksk yn it Lineêr B-skrift, en datearret út it twadde milennium f.Kr.
Wike 17
Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly (berne as: Michael Andreas Barclay de Tolly; Pamūšis (Koerlân), 27 desimber [datum Alde Styl 16 desimber] 1761 – Insterburg (East-Prusen), 26 maaie [datum Alde Styl 14 maaie] 1818) wie in Russysk militêr en politikus fan mingd Skotsk-Dútsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd as ien fan 'e wichtichste Russyske generaals dy't it yn 1812, ûnder de Frânske ynfaazje fan Ruslân, opnamen tsjin Napoleon. Sa focht er bgl. mei yn 'e beruchte Slach by Borodino, en teffens wie hy it dy't de Russyske legerlieding oanrette om it ûnferdigene Moskou oan 'e Frânsen oer te litten. Dêrnjonken wied er yn dy tiid Russysk minister fan Oarloch. Nei't Napoleon him út Ruslân weromlûke moatten hie, naam Barclay de Tolly diel oan 'e Dútske Kampanje, focht er mei yn 'e Folkeslach by Leipzig, en besette er yn 1814 de Frânske haadstêd Parys, wêrfoar't er ta fjildmaarskalk befoardere waard. Under de Hûndert Dagen, yn 1815, stie Barclay de Tolly oan it haad fan it Russyske besettingsleger yn Frankryk.
Wike 18
De Dom fan Keulen (Dútsk: Kölner Dom; offisjeel: Hohe Domkirche Sankt Petrus) is in goatyske katedrale tsjerke yn it sintrum fan de Dútske stêd Keulen. It is de sit fan de aartsbiskop fan Keulen. De katedraal stiet likernoôch op 250 m ôfstân fan de igge fan de Ryn, oan de eardere noardlike Romeinske stedsgrins, fuortby it Hauptbahnhof, de Hohenzollernbrücke, it Museum Ludwig en it Römisch-Germanischen Museum. Fanwegen de skryn mei de reliken fan de hillige Trije Keningen is de Dom fan Keulen al iuwenlang in wichtich beafeartsplak foar roomsen.
Mei de bou fan de dom waard op 15 augustus 1248 út ein set. Iuwenlang wurke men stadich troch oan it projekt, oant de bou healwei de fyftjinde iuw stil kaam te lizzen. Oan de hân fan de âlde boutekeningen waard it wurk ûnder ynfloed fan de Romantyk yn de njoggentjinde iuw wer oppakt en yn 1880 einlings en te'n lêsten foltôge. Neitiid wie de katedraal oant 1884 it heechste bouwurk fan de wrâld. Mei in hichte fan 157,38 m is de Keulske dom tsjintwurdich noch altyd it op ien nei heechste tsjerkegebou yn Jeropa. Allinnich de munster fan Ulm, werfan't de toer yn 1890 reekaam, is mei in hichte fan 161,53 m noch heger.
Wike 19
In rodeo (útspr.: ['roʊdi.oʊ], likernôch "roodioo", of [ro'dei.oʊ], likernôch: "roodeejoo") is in wedstrydsport dy't fuortkomt út it hoedzjen fan kij troch cowboys yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Meksiko en yn mindere mjitte yn Súd-Amearika, Austraalje en Nij-Seelân. Hjoed de dei binne rodeo's tige populêr yn hast de hiele westlike helte fan 'e Feriene Steaten en teffens yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Rodeo is de offisjele steatssport fan 'e Amerikaanske steaten Wyoming, Súd-Dakota en Teksas. Yn Alberta is men dwaande om fan rodeo de offisjele provinsjale sport te meitsjen. It tradysjonele seizoen foar it hâlden fan rodeo's rint fan 'e maityd oant de hjerst, hoewol't guon profesjonele kompetysjes trochgeane oant yn desimber. Yn Nederlân is rodeo by wet ferbean fanwegen omtinkens yn it ramt fan bistewolwêzen.
Wike 20
Halldór Laxness (folút: Halldór Kiljan Laxness, útspr.: ['haltour 'cʰɪljan 'laksnɛs]; berne as: Halldór Guðjónsson; Reykjavik, 23 april 1902 – dêre, 8 febrewaris 1998) wie in Iislânsk skriuwer, dichter, oersetter en sjoernalist, dy't yn syn lange karriêre in grut oeuvre oan romans, koarte ferhalen, toanielstikken, gedichten, krante-artikels, essay's en reisferhalen opboude. Hy wurdt rûnom beskôge as de wichtichste fertsjintwurdiger fan 'e tweintichste-iuwske Iislânsktalige literatuer. Yn 1955 wûn er de Nobelpriis foar de Literatuer.
Wike 21
Floarida (Ingelsk: Florida; útspr.: ['flɒɹɪdə], likernôch "flor-idde"), offisjeel de Steat Floarida (Ingelsk: State of Florida), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Floarida, fanwegen syn subtropysk klimaat byneamd de Sunshine State, bestiet fierhinne út it Floarida-skiereilân, dat yn it uterste súdeasten fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit. Dêropta omfiemet de steat ek de Florida Panhandle, oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en de eilannegroep de Florida Keys. Floarida heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Tallahassee, mar de grutste stêd is Jacksonvile, wylst de grutste stêdekloft dy fan Miami is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 19,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 3e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje en Teksas. Oangeande oerflak is Floarida mei rom 170.000 km² de 22e steat. Floarida stiet bekend om syn moaie waar, ferdivedaasjeparken, lange kustline, sompen, orkanen en romtefeart.
Wike 22
It Skotsk-Gaelysk (Skotsk-Gaelysk: Gàidhlig; Ingelsk: Scottish Gaelic) is in Keltyske taal dy't lânseigen is yn it Britske lânsdiel Skotlân. Nei iuwen fan tebekgong is it taalgebiet no beheind ta de noardwestlike Skotske Heechlannen en de Hebriden, yn it uterste noardwesten fan Skotlân. It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status, mar genietet sawol yn Skotlân as yn in diel fan Kanada (nammentlik Kaap Bretoneilân) erkenning as in minderheidstaal. Neffens gegevens út 2011 wie it Skotsk-Gaelysk doe de memmetaal foar 57.400 Skotten en 350 Kanadezen. It Skotsk-Gaelysk moat net betize wurde mei it Skotsk, dat in hiele oare, Germaanske taal is.
Wike 23
In kriichsfinzene of kriichsgefangene is in persoan dy't troch in partij yn in wapene konflikt finzen holden wurdt ûnder of drekt nei datselde konflikt. Sa'n persoan kin sawol in lid fan 'e (wapene) tsjinpartij wêze as in non-kombatant, immen dy't net aktyf oan it konflikt dielnommen hat mar der, yn 'e regel tsjin syn of har wil, dochs by belutsen rekke is, bgl. om't it konflikt yn syn/har wenkrite útfochten wurdt.
Partijen dy't dielnimme oan in oarloch hâlde kriichsfinzenen fêst fanwegen in breed skala oan legitime en yllegitime redens, lykas om derfoar te soargjen dat fersleine fijanlike soldaten har net op 'e nij by de kriichsmacht fan 'e fijân jouwe, om útdrukking te jaan oan 'e eigen oerwinning, om fijanlike kombattanten te ferfolgjen en te bestraffen foar oarlochsmisdieden, om harren te eksploitearjen foar twangarbeid, om har op frijwillige of ûnfrijwillige basis te ronseljen foar tsjinst yn it eigen leger, om militêre en politike ynljochtings fan harren los te krijen, of om harren te yndoktrinearjen mei nije politike of religieuze ideeën.
Wike 24
Ola Mafaalani (Syrje, 1968) is in Nederlânsk toanielregisseur fan Syrysk-Arabysk etnysk komôf. Hja waard berne yn Syrje, groeide op yn Dútslân en wennet en wurket sûnt 1992 yn Nederlân. Mafaalani hat hûsregisseur west by ferskate grutte Nederlânske toanielselsskippen. Dêr hat se û.m. klassikers op 'e planken brocht, lykas ferskate toanielstikken fan Shakespeare. Hja stiet fierders ek bekend om har engazjearre koarte foarstellings. Sûnt 2009 is Mafaalani artistyk lieder (direkteur) fan it Noardnederlânsk Toaniel (NNT), yn Grins.
Wike 25
De prêrjewolf of koyote (Latynske namme: Canis latrans) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis), dat lânseigen is yn it grutste part fan Noard-Amearika en teffens yn Midden-Amearika. De prêrjewolf is in stik lytser as de wolf (Canis lupus), dêr't er net mei betize wurde moat. Fanwegen syn lichemsgrutte en de ekologyske nys dy't er ynnimt, wurdt dit bist ek wol de Amerikaanske jakhals neamd.
De prêrjewolf ûntjoech him lykwols ûnder it Pleistoseen, sa'n 1,8 miljoen jier lyn, yn Noard-Amearika, en is nauwer besibbe mei de wolf as mei de jakhalzen fan Afrika en Jeraazje. Oars as dat mei de wolf it gefal is, hat de prêrjewolf krekt baat ûnderfûn fan 'e opmars fan 'e minske, û.m. om't er him maklik oanpast oan it libben yn stêden en oare troch de minske makke biotopen, en teffens om't de minske op in protte plakken war dien hat om 'e wolf út te rûgjen, wat de grutste natuerlike konkurrint en fijân fan 'e prêrjewolf is. De prêrjewolf spilet fierders in wichtige rol yn 'e mytology fan ferskate Noardamerikaanske Yndiaanske folken, yn 'e foarm fan Koyote, in godheid en trickster.
Wike 26
In Midsimmernachtdream, yn it oarspronklike Ingelsk A Midsummer Night's Dream, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is, nei't men tinkt, skreaun wurden tusken 1590 en 1596, en docht ferslach fan 'e foarfallen om 'e trouwerij hinne fan 'e Theseus, de hartoch fan Atene, en Hippolyta, de keninginne fan 'e Amazônes. It stik, dat klassifisearre wurdt as in komeedzje, is ien fan Shakespeare syn populêrste wurken en wurdt noch altyd oeral op 'e wrâld opfierd. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret út 1949.
Wike 27
Sunny Boy (eins folút: Nehlssoan Skalsumer Sunny Boy; Skalsum, 26 maaie 1985 – Oerisel, 27 desimber 1997) wie in Holstein-Friesian-bolle, ôfkomstich út Skalsum, dy't fanôf 1990 nei jierren fan ferfal de Nederlânske molkfeefokkerij wer op 'e kaart sette. Mei't syn dochters op alle punten útsûnderlike goed skoarden, ûntstie der sa'n run op syn sperma, dat de fokkerijkoöperaasje dy't him yn eigendom hie, op in stuit sels farsk (ynstee fan ynferzen) sied fan him begûn te ferkeapjen, wat doedestiden unyk wie. De namme fan Sunny Boy rekke bekend by feehâlders de wrâld oer. Yn totaal produsearre er mear as 2 miljoen doazes sperma. Dêrmei is Sunny Boy noch altyd de wrâldrekôrhâlder fan meast brûke fokbolle ea.
Wike 28
De Albaneesk-Otterdokse Tsjerke, of eins de Otterdokse Autosefale Tsjerke fan Albaanje (Albaneesk: Kisha Ortodokse Autoqefale e Shqipërisë) is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't yn kommuny ferkeart mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en ûnder it bewâld stiet fan 'e aartsbiskop fan Albaanje, dy't residearret yn 'e Albaneeske haadstêd Tirana. It is ien fan 'e jongste eastersk-otterdokse tsjerken, wêrfan't it selsbestjoer pas yn 1937 erkend waard. Hoewol't de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke it nominale gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel erkent, hat dy yn 'e praktyk yn Albaanje neat yn 'e molke te krommeljen. De tsjerke brûkt it Albaneesk en it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal (ôfhinklik fan 'e etnyske gearstalling fan 'e oangeande gemeente út etnyske Albanezen of etnyske Griken), en hat likernôch in heal miljoen leden.
Wike 29
George H.W. Bush (folút: George Herbert Walker Bush; Milton (Massachusetts), 12 juny 1924), is in Amerikaansk politikus fan 'e Republikeinske Partij, dy't fan 1989 oant 1993 de 41ste presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid hied er û.m. marinepiloat, ûndernimmer, lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, ambassadeur, direkteur fan 'e CIA west, en fan 1981 oant 1989 wied er ûnder it presidintskip fan Ronald Reagan de fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Under syn eigen presidintskip waard Bush sljochtwei George Bush neamd, mar om him te ûnderskieden fan syn soan, George W. Bush, dy't letter presidint wie fan 2001 oant 2009, wurdt er sûnt oantsjut as George H.W. Bush, George Bush sr., George Bush de Aldere of, by túltsjes, as Papa Bush.
Wike 30
It Isabella Yndianereservaat (Ingelsk: Isabella Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan (Saginaw Chippewa Indian Tribe of Michigan). Dit reservaat waard oprjochte as útfloeisel fan it Ferdrach fan Detroit, dat yn 1855 sletten waard tusken de Odjibwe-Yndianen en it Amerikaanske regear. It leit midden yn Neder-Michigan, it súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Michigan, en beslacht in oerflak fan krapoan 564 km². Yn 2010 wennen der goed 26.000 minsken, wêrfan't mar in lytse minderheid út Yndianen bestie.
Wike 31
Giovanni Pico della Mirandola, greve fan Mirandola (útspr.: [ʤo'vani 'piko 'dɛla mi'randola], likernôch "dzjovanny piko della mirandola"; Mirandola, 24 febrewaris 1463 – Florâns, 17 novimber 1494), wie in Italjaansk filosoof út 'e Renêssânse. Hy is ferneamd om 'e foarfallen út 1486, doe't er 23 jier wie, en doe't er foarstelde om 900 eigenbetochte stellings oangeande godstsjinst, filosofy, natuerlike filosofy en tsjoenderij te ferdigenjen tsjin in elk dy't mei him yn debat gean woe. Dêrta skreau er it boek Oratio de Hominis Dignitate ("Taspraak oer de Minsklike Weardichheid"), dat wol 'it manifest fan 'e Renêssânse' neamd is. Syn synkretistyske oertsjûgings brochten Pico de Mirandola lykwols kear op kear yn oanfarring mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, wylst syn gedoente mei de mûnts Girolamo Savonarola him behelle yn 'e politike ynstabiliteit fan 'e Florentynske Republyk. Uteinlik waard er mei 34 jier ûnder noch altyd net alhiel opheldere omstannichheden fergiftige.
Wike 32
Kening Arthur, of eins Arthur Pendragon, byneamd the Once and Future King ("de Eardere en Takomstige Kening") is in legindaryske held út 'e Midsiuwske skiednis fan Grut-Brittanje. Hy is it sintrale personaazje yn 'e mânske syklus fan Arthurleginden, dy't ek wol The Matter of Britain ("De Britske Fertelstof") neamd wurdt. Der waard al oer him skreaun yn 'e âldste Welske teksten, en yn 'e Lette Midsiuwen wiene kening Arthur, syn frou Guinevere, syn hoftsjoender Merlyn, syn freon en rivaal Lânselot en de oare ridders fan de Rûne Tafel in favoryt ûnderwerp yn 'e hoaske literatuer fan û.m. Ingelân, Frankryk, Dútslân en de Nederlannen. Krekt as út oare ridderromans komt út ferhalen oer Arthur en syn ridders fan de Rûne Tafel faak it Midsiuwske ideaal fan 'e hoaske leafde nei foarren. Dat kening Arthur duorjend ta de ferbylding sprekt, docht bliken út 'e produksjes dy't de filmyndustry fan Hollywood allegeduerigen oan him wijd, lykas King Arthur (2004) en Tristan en Isolde (2006).
Wike 33
Alberta is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it súdwesten fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,6% fan it nasjonaal grûngebiet. Alberta stiet bekend om syn natoerskientme, benammen wat it diel fan 'e provinsje oanbelanget dat yn 'e Rocky Mountains leit. It is ek de iennichste Kanadeeske provinsje mei in echte cowboy-kultuer, dêr't rodeo ien fan 'e populêrste sporten is. De haadstêd fan Alberta is Edmonton, mar de grutste stêd is Calgary. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Alberta doe rom 3,6 miljoen ynwenners, wat delkomt op 10,9% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Wike 34
It Unsjogge Pykje, yn it oarspronklike Deensk: Den Grimme Ælling (Nederlânsk: Het Lelijke Jonge Eendje; Ingelsk: The Ugly Duckling), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1843, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr ("Nije Mearkes"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Ingel, It Gealtsje en De Frijers). It Unsjogge Pykje is ien fan Andersen syn bekendste mearkes, dat yn it kollektyf bewustwêzen sterk ferbûn is mei de bylden fan 'e Disney-tekenfilmadaptaasje The Ugly Duckling, út 1939. Yn 1943 waard it mearke troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Wike 35
Sanne Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Frysk turnster dy't no op it Hearrenfean wennet. Hja groeide op yn Dronryp en letter yn it Twintske Oldenseal. Wevers wie de earste Nederlânske turnster ea dy't Olympysk kampioen op in yndividueel ûnderdiel wist te wurden. Dat die se op 'e Olympyske Spullen fan 2016 yn Rio de Janeiro, op it ûnderdiel balke. Wevers wûn dêrnjonken ek in sulverne medalje op 'e balke, op it WK fan 2015, en in brûnzene medalje op 'e brêge, op it EK fan datselde jier.
Wike 36
De Colt .45 (de punt stiet foar "kaliber"), offisjeel de Colt Single Action Army (SAA) of de M1873, en byneamd de Peacemaker ("Fredesstifter"), is in ienskots-revolver fan Amerikaanske makkelei, mei in draaiende sylinder dy't seis metalene patroanen tagelyk befetsje kin. Dit wapen waard ûntwurpen troch William Mason en Charles Brinckerhoff Richards foar de Colt's Manufacturing Company fan Samuel Colt, nei't it oktroai op trochboarre revolversylinders foar metalene patroanen fan Smith & Wesson yn 1869 ferrûn wie. De Colt .45 hat in gewicht fan 1.048 g, en in lingte fan 27,9 sm (it model mei de loop fan 5½ inch) of 31,8 sm (it model mei de loop fan 7½ inch). Yn 1872 waard dit ûntwerp fan 'e Colt .45 by oktroai fêstlein, wêrnei't yn 1873 mei massaproduksje úteinset waard. De Colt .45 waard tige by tige populêr en ûntjoech him ta in symboal fan it Wylde Westen.
Wike 37
Grace Darling (folút: Grace Horsley Darling; Bamburgh (Ingelân), 24 novimber 1815 – dêre, 20 oktober 1842) wie in Britske fjoertoerwachtersdochter, dy't yn 1838 tegearre mei har heit njoggen drinkelingen rêde fan in skipbrek deunby harren toer. Mei't it yn 'e iere njoggentjinde iuw frijwol ûnbesteanber wie dat in frou wittens en mienens har libben weagje soe as rêdingswurker, makke dy die har yn ien klap ta in heldinne mei lanlike bekendheid. Grace Darling wie lykwols pynlike bleu, dat alle oandacht foel har swier. Ta grut fertriet fan hiel it lân kaam hja fjouwer jier letter te ferstjerren oan tuberkuloaze. Dy ûntidige dea makke har namme foargoed legindarysk, sadat se sels hjoed de dei yn Grut-Brittanje noch grutte bekendheid genietet.
Wike 38
De Dené-Jenisejaanske talen foarmje in taalfamylje besteande út talen dy't sprutsen wurde yn it noardwesten en súdwesten fan Noard-Amearika en teffens yn sintraal Sibearje, yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jenisej. De taalfamylje falt útinoar yn 'e Na-Dené-talen út Noard-Amearika en de Jenisejaanske talen út Sibearje. De ôfstamming fan dy beide taalgroepen fan ien mienskiplike oertaal waard yn 2008 ûntdutsen troch taalkundige Edward Vajda. De Eskimo-Aleoetyske talen bûten beskôging litten is dit de earste bewiisde geneälogyske link tusken talen út 'e Alde Wrâld en de Nije Wrâld dy't ea ûntdutsen is. De grutste taal fan dizze famylje is it Navaho, út Nij-Meksiko en Arizona mei sa'n 170.000 sprekkers.
Wike 39
Kroesus (ornaris útspr. as: ['krø:sœs], "kreusus"; Aldgryksk: Κροῖσος, Kroisos; Sardis?, 595 f.Kr. – dêre?, 547 f.Kr.) wie yn 'e sechsde iuw f.Kr. kening fan Lydje (yn Lyts-Aazje). Hy wie wiidferneamd om syn sprekwurdlike rykdom, mar nettsjinsteande in proses fan mytefoarming om syn persoan hinne is der feitliks net folle oer him bekend. Yn elts gefal waard er yn of omtrint 547 f.Kr. ferslein en finzen nommen troch de Perzyske kening Syrus de Grutte, dy't him òf op 'e brânsteapel terjochtstelle liet, òf him mei weromnaam nei syn hof om him ta riedshear te tsjinjen. De fal fan Kroesus makke in djippe yndruk op 'e Alde Griken, foar wa't dat barren in fêst punt yn har tiidrekkening waard.
Wike 40
Oähû (Ingelsk: Oahu, útspr.: [oʊ'ɑ:hu:], likernôch: "oo-aa-hûû"; Hawaïaansk: O‘ahu, útspr.: [o'ʔɐhu], likernôch "o-uh-hû") is it op twa nei grutste en fierwei it tichtstbefolke eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Op Oähû wennet sa'n twatrêde part fan 'e befolking fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, en de bynamme fan it eilân is dan ek the Gathering Place ("it Plak fan Gearkomste"). It grutste plak op Oähû is Honolulu, de haadstêd en it politike en kommersjele sintrum fan Hawaï. Deun dêrby leit de Amerikaanske marinehaven Pearl Harbor, dêr't de Japanners yn 1941 in ferrassingsoanfal op útfierden dy't de Feriene Steaten aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle. Tsjintwurdich is Oähû ien fan 'e populêrste toeristyske bestimmings fan Oseaanje. It lânskip fan it eilân waard yn 'e 1980-er jierren as dekôr brûkt foar de populêre detektivesearje Magnum, P.I.
Wike 41
Amos, yn it oarspronklike Hebriuwsk: עמוס, Amos, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket dizze tekst ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek). Dat is yn 'e Tenach it 13de fan yn totaal 24 boeken, dat sels wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Amos in bibelboek op himsels, it 30ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).
Wike 42
Astrid Kersseboom (Flaardingen, 14 jannewaris 1966) is in Nederlânsk sjoernaliste, nijslêzeresse en presintatrise. Nei tsien jier by in regionale omrop yn Noard-Brabân wurke te hawwen, krige hja oarspronklik lanlike bekendheid as sportferslachjouster by de NOS. Sûnt 2004 is Kersseboom wurksum as nijslêzeresse by it NOS Sjoernaal. Boppedat presintearret en bekommentarisearret se sûnt 2007 grutte eveneminten om it Keninklik Hûs hinne, lykas Keningsdei en Prinskesdei.
Wike 43
Chattanooga is de op trije nei grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Tennessee (nei Memphis, Nashville en Knoxville). It leit yn it súdeasten fan 'e steat, deunby de grins mei Georgia, oan 'e iggen fan 'e Chickamaugamar en de Nickajackmar, dy't beide ûnderdiel útmeitsje fan 'e rivier de Tennessee. De offisjele bynamme fan Chattanooga is the Scenic City ("de Skildereftige Stêd"), en dat slacht op 'e omlizzende berchkrite, dy't de oergong foarmet fan 'e Appalachen nei it Cumberlandplato. De stêd hat ek ferskate offisjeuze bynammen, lykas River City, Nooga, Chattown en Gig City (dat lêste slacht op de bewearings fan Chattanooga dat it de fluchste ynternetferbining fan it Westlik Healrûn hat.
Neffens in offisjele skatting út 2013 hie de stêd doe goed 171.000 ynwenners, wylst de befolking fan Chattanooga as stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, útkomt op 528.000 minsken (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010). Ynternasjonale bekendheid hat de stêd krigen troch it liet Chattanooga Choo Choo, út 1941, dat popularisearre waard troch Glenn Miller en syn orkest. Yn beskate fermiddens is Chattanooga fierders bekend trochdat de sleepauto der yn 1916 útfûn is troch Ernest Holmes sr.
Wike 44
It Stellingwerfsk (Stellingwerfsk: Stellingwarfs), ek wol Oertsjongersk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it noarden fan Nederlân. It taalgebiet omfiemet it súdeasten fan 'e provinsje Fryslân, de Kop fan Oerisel en in diel fan it súdwesten fan Drinte. De namme fan it dialekt ferwiist nei de Stellingwerven (nammentlik de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf), dy't yn it súdeasten fan Fryslân lizze. It Stellingwerfsk is nau besibbe oan 'e Drintske dialekten en moat yn Nederlân binnen it bredere ramt fan 'e Nedersaksyske taal pleatst wurde. Hoewol't it mei it Stellingwerfsk sûnt de 1970-er jierren sterk yn it neigean rekke is, kin it dochs noch as ien fan 'e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân beskôge wurde.
Wike 45
Blûn hier of blond hier (of mei âldere nammen ljocht hier of blij hier) is mei read hier ien fan 'e seldsumste soarten fan minsklik hier. Dizze hierkleur docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan tsjin it brune oan, oant hast folslein wyt, mar kin yn 'e regel omskreaun wurde as gielich. Blûn hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it minder fan sawol it dûnkere pigmint eumelanine as fan it bleke pigmint feomelanine befettet. Blûne hierren binne tinner as brune hierren. It hawwen fan blûn hier is in genetyske eigenskip dy't fuortkomt út in mutaasje dy't yn Jeropa ûnder de lêste iistiid by de minske plakfûn, likernôch 11.000 jier lyn.
Wike 46
Steve Irwin (folút: Stephen Robert Irwin; Essendon (Fiktoaria), 22 febrewaris 1962 – Batt Reef (Queenslân), 4 septimber 2006) wie in Australysk natoerfilmer, presintator, natoerbeskermer, miljeu-aktivist, herpetolooch en dieretúndirekteur fan etnysk Iersk komôf. Hy makke om 2000 hinne ynternasjonaal furoare mei syn natoersearje The Crocodile Hunter, dy't er presintearre mei syn frou Terri. Mei har runde er ek de dieretún Australia Zoo, yn Beerwah, dy't oprjochte wie troch syn âldelju. Irwin kaam yn 2006 hommels te ferstjerren nei't er by de ûnderwetteropnames foar in nije dokumintêresearje yn it hert stutsen wie troch in pylroch.
Wike 47
De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie in Midsiuwsk militêr konflikt tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân, dat diel útmakke fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. It begûn yn 1296, doe't kening Edwert I fan Ingelân it buorlân Skotlân binnenfoel en himsels dêr master fan makke, en einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton, wêrby't de Skotske ûnôfhinklikheid formeel troch Ingelân erkend waard. Dy selsstannigens wie doe lykwols feitlik al feilichsteld troch de grutte Skotske oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314. Ut 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch komme ferskaten fan 'e grutte nasjonale helden fan Skotlân, wêrûnder de frijheidsstrider William Wallace, dy't yn 1305 troch de Ingelsen terjochtsteld waard, en kening Robert I fan Skotlân, better bekend as Robert de Bruce, dy't úteinlik de oerwinning behelle.
Wike 48
It Kamtsjatka-skiereilân (Russysk: Полуостров Камчатка, Poluostrov Kamčatka) is in grut Russysk skiereilân, dat yn it uterste easten fan Sibearje nei it suden ta útstiket en dêrby de Beringsee en de See fan Ochotsk faninoar skiedt. It is in tinbefolke gebiet, dominearre troch it Kamtsjatka-berchtme, yn 'e midden fan it skiereilân, dat in grut tal fulkanen en geisers omfiemet. Fan 'e súdpunt fan it skiereilân ôf strekt de eilannegroep fan 'e Koerilen him yn in langrutsen keatling út nei Japan. It Kamtsjatka-skiereilân hat in oerflak fan goed 270.000 km², en in befolking fan rom 322.000 minsken. De oergrutte mearderheid dêrfan bestiet út etnyske Russen; mei de lânseigen befolking fan it skiereilân is it sûnt de kolonisaasje fan it gebiet troch Ruslân yn 'e santjinde iuw sterk yn it neigean rekke.
Wike 49
It iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus vulgaris), ta ûnderskie fan besibbe soarten ek wol it reade iikhoarntsje of it gewoane iikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), dat foarkomt yn grutte dielen fan Jeropa (wêrûnder ek Fryslân) en noardlik Aazje. It is in beweechlik bistke dat yn 'e beammen libbet en him benammen ûnderskiedt troch syn rodzige kleur en syn grutte plomsturt. Hoewol't er te boek stiet as "net bedrige", is er op 'e Britske Eilannen slim yn 'e benearing brocht troch de yntroduksje fan it besibbe grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), út Noard-Amearika.
Wike 50
De Ponka (Ingelsk: Ponca; Ponka: Páⁿka) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma en it noardeasten fan Nebraska wennet. Harren taal, it Ponka, heart ta de Sûaanske taalfamylje, en is nau besibbe oan it Omaha. Histoarysk wennen de Ponka wierskynlik oarspronklik yn 'e delling fan 'e rivieren de Ohio en de Mississippy, mar tsjin 'e tiid fan it earste kontakt mei de Jeropeänen libben se al yn noardeastlik Nebraska. Yn 1877 waarden se slachtoffer fan in deportaasje nei wat doedestiden it Yndiaanske Territoarium wie (it moderne Oklahoma). Hjoed de dei binne der sa'n 6.300 Ponka, dy't twa federaal erkende stamme-organisaasjes hawwe en in Yndianereservaat yn Nebraska.
Wike 51
In húsfrou is yn 'e moderne betsjutting in frou dy't gjin betelle wurk hat, mar thús bliuwt en de húshâlding docht en de bern grutbringt, wylst har partner foar it ynkommen soarget. In man yn dy posysje wurdt wol in húsman neamd. Fan oerheidswegen wurdt ornearre dat húsfroulju gjin berop hawwe, mar der kin net sein wurde dat se gjin arbeid ferrjochtsje. It ferskil tusken in berop en arbeid sit him yn it feit dat men foar it wurk dat men foar jins berop ferrjochtet, betelle wurdt. Yn it befolkingsregister wurde húsfroulju sadwaande oantsjut as persoanen 'sûnder berop'; húsfroulju dy't in dieltiidbaan hawwe, wurde oantsjut mei it oangeande berop fan dy baan, salang't dat tolve oeren of langer yn 'e wike ferrjochte wurdt.
Wike 52
Robert A. Heinlein (folút: Robert Anson Heinlein; Butler (Missoury), 7 july 1907 – Carmel (Kalifornje), 8 maaie 1988) wie in Amerikaansk skriuwer fan 32 science fiction-romans en 59 novelles en koarte ferhalen fan dat sjenre. Fierders wied er ek essayist en senarioskriuwer. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste en kontroversjeelste science fiction-skriuwers út syn tiid, en makke ûnder syn karriêre gebrûk fan ferskate pseudonimen, lykas Anson MacDonald, Lyle Monroe, John Riverside, Caleb Saunders en Simon York. Heinlein ûnderboude syn ferhalen mei in wittenskiplike en technologyske oannimlikens dy't sûnt de standert wurden is fan (kwalitatyf goede) science fiction, en holp dêrmei om it sjenre ta echte literatuer te ferheffen. Tema's dy't yn syn wurk almar wer weromkomme binne it belang fan yndividuële frijheid en selsfoarsjendheid. As ien fan 'e bêst ferkeapjende science fiction-auteurs fan syn tiid wûn Heinlein fjouwer Hugo Awards, de meast prestizjeuze priis foar science fiction-literatuer, wylst er fyftich jier nei de publikaasje fan trije fan syn wurken noch trije saneamde Retro Hugo's takend krige (dy't mei weromwurkjende krêft útrikt waarden foar jierren dat der gjin Hugo Awards bestiene).