Jamesbaai

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jamesbaai
In satellytfoto fan 'e Jamesbaai by 't simmer.
In satellytfoto fan 'e Jamesbaai by 't simmer.
geografy
lokaasje eastlik Kanada
koördinaten 53°05′ N 80°35′W
ûnderdiel fan Hudsonbaai
sifers
maks. lingte 443 km
maks. breedte 217 km
djiptegemiddelde 60 m

De Jamesbaai (Ingelsk: James Bay; Frânsk: Baie James; Kry: Wînipekw) is in baai dy't oan 'e súdkant fan 'e folle gruttere Hudsonbaai útstiket yn 'e lânmassa fan Noard-Amearika op. Dit wetter mjit op it langste punt 443 km fan noard nei súd, en op it breedste punt 217 km fan east nei west. It is yn trochsneed omtrint 60 m djip. By de rivieren lâns dy't yn 'e Jamesbaai ôfwetterje, binne ferskate grutte wetterkrêftsintrales oanlein yn it ramt fan it Jamesbaaiprojekt. Krekt as de rest fan 'e Hudsonbaai befriest de Jamesbaai by 't winter; hoewol't it it lêste part fan 'e Hudsonbaai is dat befriest, is it it earste dat by 't maityd wer ûntteit.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol de Jamesbaai as de Hudsonbaai meitsje ûnderdiel út fan 'e Noardlike Iissee, dy't yn 'e Jamesbaai syn súdlikste punt berikt. Oan 'e súdwestkant wurdt de Jamesbaai begrinzge troch de Kanadeeske provinsje Ontario en yn it súdeasten troch de provinsje Kebek. De eilannen yn 'e baai, dêr't Akimiski mei in oerflak fan 3.002 km² fierwei it grutste fan is, falle bestjoerlik ûnder it territoarium Nûnavût. De súdlikste útein fan 'e Jamesbaai wurdt foarme troch de Hannahbaai, dy't him ta de Jamesbaai ferhâldt sa't de Jamesbaai him ta de Hudsonbaai ferhâldt.

De kusten fan 'e Jamesbaai binne tinbefolke, en de measte bewenners binne lânseigen Yndianen, om persiis te wêzen etnyske Kry (Cree). Oan 'e eastkant lizze fjouwer Kry-doarpen yn Kebek, fan noard nei súd: Chisasibi, Wemindji, Eastmain en Waskaganish. Oan 'e westkant lizze fiif Kry-doarpen yn Ontario, fan noard nei súd: Attawapiskat, Kashechewan, Fort Albany, Moosonee en Moose Factory.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsklike bewenning by de kust fan 'e Jamesbaai lâns giet werom oant de ein fan 'e lêste iistiid yn Noard-Amearika, sa'n 8.150 jier lyn. Doe't de Jeropeänen it gebiet oan it begjin fan 'e santjinde iuw foar it earst oandiene, bestie de befolking út etnyske Kry. De earste Jeropeaan dy't yn 'e Jamesbaai trochkrong, wie Henry Hudson, yn 1610. De baai waard ferneamd nei de Welske ûntdekkingsreizger Thomas James, dy't de krite yn 1630 en 1631 yngeander ferkende. Fanwegen it feit dat de Jamesbaai it myldste klimaat fan 'e Hudsonbaairegio hat, wie it wetter fan grut belang foar de Hudsonbaaikompanjy en de Britske ekspânsje yn noardlik Kanada.

De pleatslike ekonomy stipe oant fier yn 'e tweintichste iuw swier op 'e pelshannel. It regear fan 'e provinsje Kebek hat sûnt 1971 yn 'e rivieren dy't ôfwetterje yn 'e Jamesbaai dwaande west mei de oanlis fan keardammen en wetterkrêftsintrales foar de opwekking fan elektrisiteit. Tusken 1974 en 1996 waard dêrby yn 'e rivieren de La Grande en de Eastmain it Jamesbaaiprojekt reälisearre, dat jiers 83 miljard kilowattoere oan elektrisiteit opsmyt, goed foar likernôch de heale enerzjykonsumpsje fan Kebek. Hoewol't it projekt spannings feroarsake hat mei de pleatslike Kry-befolking (wa har lân oft derfoar ûnder wetter set is), is men yn 2010 mei in nije faze úteinset dy't in omlieding fan 'e rivier de Rupert omfiemet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.