Attawapiskat Reservaat 91A
Attawapiskat Reservaat 91A Attawapiskat 91A Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | Attawapiskat (Ontario) | |
stamme | Attawapiskat Earste Naasje | |
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
distrikt | Kenora Distrikt | |
sifers | ||
ynwenners | 1.549 (2011) | |
oerflak | 1,2 km² | |
bef.tichth. | 1.290,8 / km² | |
oar | ||
stifting | 1950 | |
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
webside | www.attawapiskat.org | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.
|
It Attawapiskta Reservaat 91A (Ingelsk: Attawapiskat 91A Reserve) is in reservaat fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (Attawapiskat First Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It beslacht rûchwei de beboude kom fan it doarp Attawapiskat. It reservaat waard yn 1950 stifte ûnder de betingsten fan in formele tafoeging oan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Attawapiskat Reservaat 91A is sitewearre yn it noarden fan Ontario, oan 'e igge fan 'e rivier de Attawapiskat, yn it mânske Kenora Distrikt. It leit 5 km fan it plak ôf dêr't de Attawapiskat útmûnet yn 'e Jamesbaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hudsonbaai. De stêd Timmins leit likernôch 500 km nei it suden ta, en de ôfstân nei it neiste doarp, Moosonee, bedraacht 160 km. It Attawapiskat Reservaat 91A beslacht in oerflak fan 1,2 km², wêrmei't it fierwei it lytste is fan 'e beide reservaten fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (it oare is it Attawapiskat Reservaat 91).
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Attawapiskat Reservaat 91A doe 1.549 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 1.290,8 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje, dat etnyske Kry (Cree) binne, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada is. It haadkertier fan it Attawapiskat Reservaat 91A is it doarp Attawapiskat, dat frijwol synonym is mei it reservaat. Ut Attawapiskat wei wurdt ek it folle gruttere mar ûnbewenne Attawapiskat Reservaat 91 bestjoerd.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |