Springe nei ynhâld

Attawapiskat Reservaat 91

Ut Wikipedy
Attawapiskat Reservaat 91
Attawapiskat 91 Reserve
polityk
haadplak Attawapiskat (Ontario)
stamme Attawapiskat Earste Naasje
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Kenora Distrikt
sifers
ynwenners 0 (2011)
oerflak 270,4 km²
bef.tichth. 0 / km²
oar
stifting 1950
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.attawapiskat.org
kaart
Attawapiskat Reservaat 91 (Ontario)
Attawapiskat Reservaat 91
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Attawapiskta Reservaat 91 (Ingelsk: Attawapiskat 91 Reserve) is in reservaat fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (Attawapiskat First Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It waard yn 1950 stifte ûnder de betingsten fan in formele tafoeging oan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

It Attawapiskat Reservaat 91 is sitewearre yn it noarden fan Ontario, oan 'e rivier de Ekwan, noardlik fan 'e rivier de Attawapiskat, yn it mânske Kenora Distrikt. It beslacht in oerflak fan 270,4 km², en is dêrmei fierwei it grutste fan 'e beide reservaten fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (it oare is it Attawapiskat Reservaat 91A).

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Attawapiskat Reservaat 91 doe gjin permaninte bewenners. Hoewol't it oarspronklik it wichtichste reservaat fan 'e Attawapiskat Earste Naasje wie, binne alle ynwenners no ferfearn nei it minder isolearre Attawapiskat Reservaat 91A. It Attawapiskat Reservaat 91 wurdt bestjoerd fanút Attawapiskat, yn it Attawapiskat Reservaat 91A.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.