Springe nei ynhâld

Attawapiskat (rivier)

Ut Wikipedy
Attawapiskat
geografy
lân Kanada
provinsje Ontario
ûntspringt yn Attawapiskat-mar
mûnet út yn Jamesbaai
plakken Attawapiskat (Ontario)
sydstreamen Streatfeild, Muketei, Missisa
fertakkings Lawashi Channel
sifers
lingte 748 km
hichte boarne 241 m
hichte mûning 0 m
ferfal 241 m
ôfwetteringsgeb. 50.500 km²
ôffier (mûning) 626 m³/s

De Attawapiskat is in rivier yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dy't oer in lingte fan 748 km fan west nei east streamt troch it distrikt Kenora. De rivier ûntspringt yn 'e Attawapiskat-mar, dêr't de Otoskwin, de Pineimuta en de Marten-Drinking gearfloeie, en mûnet út yn 'e Jamesbaai, it súdlikste diel fan 'e Hudsonbaai. It ôfwetteringsgebiet fan 'e Attawapiskat beslacht in oerflak sa'n 50.500 km².

De rin fan 'e Attawapiskat yn Ontario.

De namme fan 'e rivier is ûntliend oan in plak sa'n 100 km beëasten de Attawapiskat-mar, dêr't de rivier tusken twa hege kliffen troch streamt. Yn it Kry, de taal fan 'e Kry-Yndianen, hjit dat ᐊᑕᐗᐱᐢᑲᑐᐎ ᐃᓂᓂᐧᐊᐠ, Āhtawāpiskatowi ininiwak, dat safolle betsjut as: "it plak dêr't de rotsen har spjalte".

Dêr't de Attawapiskat út 'e Attawapiskat-mar streamt, spjalt de rivier him op yn twa kanalen, wêrfan't it súdlike de Attawapiskat neamd wurdt en it noardlike simpelwei de North Channel (it "Noarderkanaal"). Nei in rige streamfersnellings komme de beide kanalen wer byinoar. De Attawapiskat streamt dêrnei min ofte mear rjocht nei it easten ta oant er ter hichte fan Pym Island (52°12′20″N 86°19′28″W) in slinger nei it noarden ta makket. Nei't de rivier de Streatfeild yn 'e Attawapiskat útkommen is, makket de rivier in twadde slinger, diskear wer nei it easten ta. Dêrnei mûnje ek de Muketei en de Missisa yn 'e Attawapiskat út.

Sa'n 8,5 km foar't de rivier sels yn 'e Jamesbaai útmûnet, begjint it Lawashi Channel as in sydstream en nimt in diel fan it wetterfolume fan 'e Attawapiskat yn súdlike rjochting mei nei de rivier de Lawashi. Dy mûnet sa'n 11 km súdeastlik fan 'e Attawapiskat ek yn 'e Jamesbaai út. It haadkanaal fan 'e Attawapiskat streamt by de delsetting Attawapiskat lâns, dêr't de Attawapiskat Earste Naasje, in Kry-stamme, fêstige is. Sa'n 10 km fierder nei it easten mûnet de rivier dan út yn 'e Jamesbaai, rjocht foar it eilân Akimiski oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.