Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2017/wike 18

Ut Wikipedy

De Dom fan Keulen (Dútsk: Kölner Dom; offisjeel: Hohe Domkirche Sankt Petrus) is in goatyske katedrale tsjerke yn it sintrum fan de Dútske stêd Keulen. It is de sit fan de aartsbiskop fan Keulen. De katedraal stiet likernoôch op 250 m ôfstân fan de igge fan de Ryn, oan de eardere noardlike Romeinske stedsgrins, fuortby it Hauptbahnhof, de Hohenzollernbrücke, it Museum Ludwig en it Römisch-Germanischen Museum. Fanwegen de skryn mei de reliken fan de hillige Trije Keningen is de Dom fan Keulen al iuwenlang in wichtich beafeartsplak foar roomsen.

Mei de bou fan de dom waard op 15 augustus 1248 út ein set. Iuwenlang wurke men stadich troch oan it projekt, oant de bou healwei de fyftjinde iuw stil kaam te lizzen. Oan de hân fan de âlde boutekeningen waard it wurk ûnder ynfloed fan de Romantyk yn de njoggentjinde iuw wer oppakt en yn 1880 einlings en te'n lêsten foltôge. Neitiid wie de katedraal oant 1884 it heechste bouwurk fan de wrâld. Mei in hichte fan 157,38 m is de Keulske dom tsjintwurdich noch altyd it op ien nei heechste tsjerkegebou yn Jeropa. Allinnich de munster fan Ulm, werfan't de toer yn 1890 reekaam, is mei in hichte fan 161,53 m noch heger.

Lês fierder