Springe nei ynhâld

Samuel Colt

Ut Wikipedy
Samuel Colt
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 july 1814
berteplak Hartford (Konnetikut)
stoarn 10 jannewaris 1862
stjerplak Hartford (Konnetikut)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amt wapensmid, ûndernimmer,
yndustrieel
aktyf as útfiner
jierren aktyf 18351862
reden
  bekendheid
útfiner fan 'e moderne revolver
   en oprjochter fan Colt's
   Manufacturing Company

Samuel Colt (Hartford (Konnetikut), 19 july 1814 – dêre, 10 jannewaris 1862) wie in Amerikaansk útfiner, wapensmid, ûndernimmer en yndustrieel fan Skotsk komôf. Hy wie de oprjochter fan Colt's Patent Fire-Arms Manufacturing Company, no bekend as Colt's Manufacturing Company. Dêrmei makke er de massaproduksje fan 'e revolver kommersjeel libbensfetber. De troch Colt produsearre revolvers spilen in wichtige rol yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske oarloggen tsjin 'e Yndianen. Fral de namme fan 'e Colt .45 rekke ûnferbreklik ferbûn mei de ferovering en konsolidaasje fan it Wylde Westen. Ien fan 'e wichtichste ferkeappunten fan dat wapen wie, dat net ien mear ûnder hoegde te dwaan foar in oar, want de revolver makke lichaamlike kondysje en fysike krêft yrrelevant. Sadwaande wie it sizzen yn dy tiid: "God hat de minsken skepen, mar Sam Colt hat se gelyk makke." By syn ferstjerren, yn 1862, wie Colt ien fan 'e rykste lju yn 'e Feriene Steaten.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samuel Colt waard yn 1812 berne yn Hartford, yn 'e steat Konnetikut, as de soan fan Christopher Colt (1777-1850), in boer dy't nei de stêd ferhuze wie om ûndernimmer te wurden, en dy syn frou Sarah Caldwell. Dat wie de dochter fan majoar John Caldwell, in feteraan út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, waans pistoal mei fjoerstienslot oft ien fan 'e earste besittings fan 'e jonge Samuel wie. Colt syn mem stoar oan tuberkuloaze doe't er seis jier wei, wêrnei't syn heit wertroude mei in Olivia Sargent. Fan Colt syn trije susters stoar ien as famke, beswiek de âldste, Margaret, mei njoggentjin jier oan tuberkuloaze, en makke de oare, Sarah Ann, letter sels in ein oan har libben. Fan syn bruorren waard ien, James, abbekaat, wylst in oaren, Christopher jr., in tekstylkeapman waard. De trêde broer, John C. Colt, in hantsjemuoisfeint, die yn 1841 yn New York in skuldner dea, wêrnei't er skuldich befûn waard oan moard. Foar't er eksekutearre wurde koe, sloech er lykwols yn syn sel de hân oan himsels.

Doe't er alve jier wie, waard Colt as kontraktarbeider ferhierd oan in boer yn Glastonbury, dêr't er alderhanne putsjes die, mar ek nei skoalle gie. Op dy skoalle kaam er foar it earst yn 'e kunde mei it Compendium of Knowledge, in wittenskiplike ensyklopedy dy't er leaver lies as de Bibel. De artikels dy't dêryn oer buskrûd en wapensmidderij stiene, soene him foar de rest fan syn libben motivearje. Hy besefte dat guon lju dy't yn it neislachwurk beskreaun stiene, dingen dien, ûntdutsen of útfûn hiene dy't ienris foar ûnmooglik holden waarden. Doe't er letter guon soldaten praten hearde oer it súkses fan it dûbelloops gewear en de ûnmooglikheid dat in gewear of pistoal mear as twa kear sjitte kinne soe sûnder byladen te wurden, besleat er dat hy sa'n "ûnmooglik" gewear útfine soe.

Colt mei yn 'e hân in Colt 1851 Navy Revolver.

Yn 1829, doe't er fyftjin jier wie, gie Colt oan it wurk yn syn heite tekstylfabryk yn Ware, dêr't er tagong hie ta ark en reau, grûnstoffen en de ûnderfining fan 'e âldere wurknimmers. Hy begûn mei fjoerwurk en oare pyrotechnyk te eksperimintearjen, en sette dat fuort doe't er letter dat jier op in ynternaat kaam. Yn 1830 ûntstie der brân by ien fan syn eksperiminten, mei as gefolch dat er fan skoalle stjoerd waard. Dêrnei meunstere syn heit him oan op in seeskip, mei as bedoeling dat Colt foar seeman leare koe. Op in reis nei Kalkutta, yn Britsk-Ynje, foel him op hoe't de speaken fan it roertsjil altyd in rjochte line foarmen mei de klam dêr't it roer mei fêstset wurde koe. Dat joech him it idee foar de revolver.

Werom yn 'e Feriene Steaten besocht Colt jild byinoar te krijen om syn ûntwerp te meitsjen, en doe't syn heit wegere om him dêryn te stypjen, sette er útein mei in karriêre as omdoarmjend artyst, dy't de lju yn 'e kunde brocht mei laitsgas (dat yn dy tiid bûten wittenskiplike fermiddens noch folslein ûnbekend wie), wylst er dêrnjonken ek lêzings joech. Mei it jild dat er dêrmei fertsjinne en in liening fan in freon fan syn heit hierde Colt de betûfte wapensmid John Pearson yn, yn gearwurking mei wa't er syn ûntwerp ferbettere. Yn 1835 wie it ûntwerp klear, en frege en krige Colt der yn sawol Grut-Brittanje as de Feriene Steaten in oktroai op. Hy pretendearre nea dat er de revolver útfûn hie; syn ûntwerp wie in (oansjenlike) ferbettering fan in besteand ûntwerp foar in fjoerstienrevolver.

In gravuere fan Colt, troch George Catlin.

Colts syn earste bedriuw, Patent Arms Manufacturing, fêstige yn Paterson, yn 'e steat Nij-Jersey, hie allegeduerigen te lijen fan jildkrapte en produksjeswierrichheden, en gie yn 1843 fajyt. Underwilens wie Colt ek begûn mei it meitsjen en ferkeapjen fan ferskate oare útfinings fan sines, lykas elektryske keabels dy't net troch wetter oantaast wurde koene (foar it oanlizzen fan tillegraaflinen ûnder rivieren en marren troch) en elektryske ûntstekkingsmeganismen foar ûnder wetter. Mei dy lêste útfining wist Colt in seemyn te meitsjen dêr't de Amerikaanske Marine tige fan ûnder de yndruk wie, mar dy't it Amerikaanske Kongres ûnder lieding fan âld-presidint John Quincy Adams ôfwiisde as "in ûnkristlik ûnding". Nei dy tebeksetter kosnintrearre Colt him op it ferbetterjen en produsearjen fan patroanen fan tinfoalje, dy't oars as de kartonnen patroanen dy't oant doe ta brûkt waarden, wól oer kontakt mei wetter koene.

Yn 1847 reizge kaptein Samuel Walker, fan 'e Texas Rangers, nei New York ta om 1.000 Colt-revolvers te bestellen foar gebrûk troch syn mannen yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Walker hie ien fan 'e earste revolvers fan Colt syn eardere fabryk yn besit, en wie loovjend oer de effektiviteit fan it wapen. Lykwols hied er al in pear innen en oanen: der moasten seis kûgels yn kinne ynstee fan fiif, der moast genôch krêft efter de kûgels sitte om in minske of hynder mei ien skot te deadzjen, en it laden moast makliker. Colt paste syn ûntwerp oan, en it nije model kaam de Colt Walker te hjitten. De earste twatûzen eksimplaren liet er meitsje troch wapenfabrikant Eli Whitney Blake, wêrnei't er mei it fertsjinne jild in nij fabryk foar himsels opsette yn syn berteplak Hartford, mei as namme Colt's Patent Fire-Arms Manufacturing Company (dy't letter omneamd wurde soe ta Colt's Manufacturing Company).

De Colt 1851 Navy Revolver.

Troch de superieure prestaasje fan syn revolvers yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch slagge Colt syn ûndernimming diskear wol. Behalven yn 'e oarloch waarden syn wapens ek troch sawol soldaten as boargers brûkt by de útwreiding fan 'e Feriene Steaten nei it westen. Begjin 1848 brocht Colt in ferbettere ferzje fan syn revolver op 'e merk, de Colt Dragoon Revolver, letter dat jiers folge troch de hânsumer Colt Pocket Percussion Revolver, byneamde de Baby Dragoon, dy't spesjaal bedoeld wie foar gebrûk troch boargers. In tuskenbeiden ferzje, de Colt 1851 Navy Revolver, waard yn 1852 it standertwapen foar ofsieren yn it Amerikaanske Leger. Sadree't de oarloch mei Meksiko foarby wie, hie de opportunistyske Colt ûnderwilens ek al aginten dêrhinne stjoerd om oarders fan 'e eardere fijân te bemachtigjen. Yn 'e 1850-er jierren wist er ek grutte oarders út Jeropa te krijen, dêr't de spannings oanwoeksen dy't úteinlik ta de Frânsk-Dútske Oarloch liede soene. Dêrby liet er syn aginten oan it regear fan elts lân fertelle dat de fijân in grutte oarder by him pleatst hie (oft dat no al of net wier wie), wat it oangeande regear dan bang makke om efterop te reitsjen yn 'e wapenwedrin, sadat dy ek in oarder pleatste.

Troch syn oktroai hie Colt yn dy tiid sa'n bytsje it monopoalje op 'e produksje fan moderne revolvers, en dat ferdigene er fûleindich troch syn abbekaat Edward N. Dickerson ôf te stjoeren op eltsenien dy't ynbrek makke op it oktroai. Mei't der in fortún te fertsjinjen foel mei de ferkeap fan revolvers, barde dat allegeduerigen, en Dickerson twong it iene nei it oare bedriuw om 'e doarren te sluten. Hoewol't dizze konsintraasje op it besteande patint by Colt ta in stagnaasje fan it ûntwerp late, twong it syn konkurrinten ta gruttere ynnovaasje, mei't dy nije meganismen betinke moasten om Colt syn patintearre ûntwerp te omsilen. Colt syn obsesje mei it besteande oktroai bliek ek wer doe't ien fan syn wapensmidden, Rollin White, it idee krige foar in "trochboarre" revolversylinder, dy't laden wurde kinne soe mei metalene patroanen (oant doe wie dat by hânfjoerwapens net mooglik en waard de sylinder boppedat oan 'e foarkant laden). Nei't Colt White ûntslein hie om't dy mei it patintearre ûntwerp ompiele woe, gie White mei syn idee nei konkurrint Smith & Wesson, dy't op 'e útfining oktroai oanfrege en hast 20 jier lang tsjinhold dat Colt der gebrûk fan meitsje koe.

Colt syn wapenfabryk yn 1857.

Yn 'e oanrin nei de Amerikaanske Boargeroarloch ferkocht Colt sawol wapens oan it Noarden as oan it Suden. Hy hie yn Jeropa beide partijen yn konflikten bewapene en seach gjin inkele reden om dat yn syn heitelân net te dwaan. Sels noch yn 1861, doe't de oarloch al hast útbrutsen wie, levere er noch 2.000 revolvers oan 'e Konfederearre agint John Forsyth. Doe't de oarloch ien kear oan 'e gong wie, die Colt allinnich noch saken mei it Noarden, mar dat hie mear te krijen mei de praktyske ûnmooglikheid om út it Noarden wei it Suden te befoarriedzjen as mei morele prinsipes. Likegoed wie syn hâlden en dragen oant op 'e falreep fan 'e oarloch net ûnopmurken foarbygien, en ferskate Noardlike kranten, lykas de New York Daily Tribune, de New York Times en de Hartford Daily Courant beskuldigen him der iepentlik fan Súdlike sympatyen te hawwen en in ferrieder te wêzen. Om sokke beskuldigings wei te nimmen, naam Colt as kolonel tsjinst yn it Noardlike leger, mei it saneamde 1e Rezjimint Revolverfusiliers fan Konnetikut. De formaasje fan dy ienheid rûn lykwols op 'e non, en Colt waard noch foar it begjin fan 'e fijannichheden wer út it leger ûntslein.

Colt troude yn 1838 yn Skotlân mei in Caroline Henshaw, fan wa't er neitiid (blykber) wer skiede, mei't er it bestean fan dat houlik letter altyd ûntkende. Caroline wertroude yn 1841 mei Colt syn broer John. Neffens guon histoarisy wie dat in manear foar har om har soan, berne nei't Colt de relaasje beëinige hie, te legitimearjen. Nei't John yn 'e sel oan syn ein kommen wie, soarge Colt fierder foar de jonge, dy't Samuel Caldwell Colt hiet. Sa waard dy oplaat oan 'e bêste priveeskoallen en krige er altyd in slompe bûsjild. Colt neamde him "myn omkesizzer", wat neffens histoarisy yn dy tiid koade wie foar "myn oerwûne soan".

De ferneamde Colt .45.

Op 5 juny 1856 troude Colt mei Elizabeth Jarvis, in dûmnysdochter út 'e omkriten fan Hartford. Hja krigen fjouwer bern: twa dochters en in soan dy't yn har iere bernejierren kamen te ferstjerren en ien oerlibjende soan, Caldwell Hart Colt, dy't yn 1858 berne waard. Nei Colt syn ferstjerren liet er oan syn "omkesizzer" Samuel Caldwell Colt in bedrach oan jild nei fan (omrekkene nei ús tiid) $2 miljoen. Doe't dat diel fan it testamint bekreaud waard troch Colt syn widdo Elizabeth en har famylje, kaam Samuel Caldwell Colt op 'e proppen mei in jildige en ûndertekene troufergunning dy't bewiisde dat Colt en Caroline Henshaw yn 1838 yn Skotlân troud wiene.

Colt stoar op 10 jannewaris 1862 oan jicht, en waard begroeven op it Cedar Hill Cemetery yn Hartford. Tsjin dy tiid wied er ien fan 'e rykste mannen yn 'e Feriene Steaten. Hy liet syn widdo en trijejierrige soan likernôch $15 miljoen nei (yn hjoeddeisk jild $350 miljoen). Syn sakebelangen waarden oernommen troch syn sweager Richard Jarvis.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, Bibliography en Further reading, op dizze side.