Springe nei ynhâld

Coyote (mytology)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koyote (mytology))
Coyote
persoanlike bysûnderheden
religy Yndiaanske natoerreligyen
domein trickster
famyljerelaasjes en oare besibskip
ekwifalint Loki, Prometeus, Anansi, Raven
attributen
bist prêrjewolf

Coyote (fan it Ingelske wurd foar "prêrjewolf") is yn 'e mytology fan in grut tal Yndiaanske natoerreligyen fan Noard-Amearika in godheid en religieus-kultureel archetype, hoewol't de ferhalen oer him fan kultuer ta kultuer sterk ferskille. As personaazje is er ûntliend oan 'e prêrjewolf of coyote, in hûneftige dy't lânseigen is yn Noard-Amearika. Coyote is in trickster en kin as sa sadanich ferlike wurde mei soartgelikense personaazjes út myten fan oer de hiele wrâld. Yn ferhalen oer him ferrjochtet er dieden dy't soms heldhaftich binne en soms smjunteftich, en faak dêr wat de midden tusken hâlde. Hy bringt gaos yn in oardere wrâld, mar dêrmei ek feroaring, dêr't de wrâld net sûnder kin. Faak lit Coyote dêrby it libben, mar dat is nea de ein fan it ferhaal, want mei de moarnsdage wurdt er werberne.

It personaazje fan Coyote is foar in grut part basearre op dat fan 'e prêrjewolf (of coyote; Canis latrans), en nimt de foarm fan 'e trickster oan. Nettsjinsteande it feit dat Coyote faak beskreaun wurdt as in prêrjewolf, hâldt en draacht er him yn 'e myten ornaris antropomorf. Hy kin himsels ek yn in minske feroarje, hoewol't er dêrby faak prêrjewolvige skaaimerken behâldt, lykas in pels, puntige earen, giele eagen, in sturt en klauwen. De Frânske antropolooch Claude Lévi-Strauss hat foarsteld dat Coyote in mytyske status wûn hat trochdat de prêrjewolf troch de iere Yndiaanske befolking fan Noard-Amearika as in bemiddeler tusken libben en dea sjoen waard.

Coyote dielt in protte fan syn karaktertrekken mei in oare Yndiaanske godheid, Raven. As trickster kin Coyote ferlike wurde mei de god Loki, út 'e Germaanske mytology, mei wa't er syn ympulsyf en ûnbetrouber aard dielt, mei de titaan Prometeus, út 'e Grykske mytology, dy't krekt as him it fjoer fan 'e goaden stiel en oan 'e minsken joech, en mei de kultuerheld Anansi, dy't foarkomt yn 'e mytology fan West-Afrika. Yn Jeraazje wurdt net lykas yn Noard-Amearika de prêrjewolf, mar de foks (Vulpes vulpes) as skarlún sjoen, en datoangeande liket Coyote sterk op it literêre personaazje fan Rein de Foks, wylst er ek oerienkomsten fertoand mei de kitsune-ferhalen oer de foksen fan Japan.

Myten oer Coyote komme foar by û.m. de folgjende folken:

De prêrjewolf of coyote (Canis latrans).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.