Moä's

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moä's
In berchmoä (Megalapteryx didinus).
In berchmoä (Megalapteryx didinus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang: echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
skift: moä's (Dinornithiformes)
Bonaparte, 1853

De moä's of moä-eftigen (Latynske namme: Dinornithiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). By dit skift binne 9 soarten ûnderbrocht, dy't sûnder útsûndering útstoarn binne, ferdield oer twa famyljes en seis skaaien. De moä's, dy't foarkamen yn Nij-Seelân, wiene grutte, flechtleaze rinfûgels. Se stoaren omtrint 1440 út troch oerbejaging troch de minske. Resint hawwe guon lju it idee op 't aljemint brocht om se wer ta libben te bringen troch it kloanjen fan bewarre bleaun genetysk materiaal.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moä's wiene grutte rinfûgels dy't it fermogen om te fleanen ferlern hiene. De grutste soarte, de Sudereilânreuzemoä (Dinornis robustus), hie in gewicht fan 230 kg en mei de hals útrutsen omheech in hichte fan 3.60 m. De op ien nei grutste soarte, de Noardereilânreuzemoä (Dinornis novaezealandiae), wie in stik lytser, mei in maksimale hichte fan 3 m, wat noch altyd in slach grutter is as de grutste libbene fûgelsoarte, de strúsfûgel (Struthio camelus), dy't oan in maksimale hichte fan 2.80 m ta komt. Moä's wiene de iennichste flechtleaze fûgels dy't sels gjin rudimintêre wjukken hiene sa't dy by alle oare rinfûgels foarkomme. Feitlik ûntbrieken by moä's de foarste lidden hielendal.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moä's wiene nau besibbe oan 'e krektlyk flechtleaze nandoe-eftigen (Rheiformes) en de fleanende tinamû-eftigen (Tinamiformes) fan Súd-Amearika, en teffens oan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), in groep dy't noch trije oare skiften fan flechtleaze fûgels omfettet. Dêrûnder binne de (folle lytsere) kiwy-eftigen (Apterygiformes), dy't ek út Nij-Seelân komme, mar dy't neffens resint genetysk ûndersyk eins nauwer besibbe wiene mei de útstoarne oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) fan Madagaskar as mei de moä's.

In ferliking fan grutte tusken de minske en 4 moäsoarten:
1. Noardereilânreuzemoä
2. eastlike moä
3. lytse boskmoä
4. Sudereilânreuzemoä.

Utstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moä's kamen inkeld foar op it Noardereilân en it Sudereilân fan Nij-Seelân, dêr't se tûzenen jierren lang de dominante fûgelsoarten wiene. It wiene herbivoaren dy't yn 'e wâlden, op 'e savannes en yn 'e legere bergen libben. Se hiene yn Nij-Seelân, dat 80 miljoen jier lang sterk fan 'e bûtenwrâld isolearre west hie, frijwol gjin natuerlike fijannen, útsein de ûnbidich grutte haastearn of Haasts earn (Harpagornis moorei). Men rûst dat er omtrint 1280, doe't de Maoary Nij-Seelân foar it earst berikten fanút harren Polynezyske heitelân, sa'n 58.000 moä's (fan alle njoggen soarten mei-inoar) yn Nij-Seelân libbe hawwe moatte.

It útstjerren fan 'e moä's, dat tusken 1420 en 1460 syn beslach krigen hawwe moat, waard benammen feroarsake troch oerbejaging troch de Maoary, en yn mindere mjitte troch ferlies oan habitat trochdat de Maoary in diel fan 'e wâlden kappen. It ferdwinen fan 'e moä's doemde ek de haastearn ta útstjerren, mei't dy rôffûgel yn lykwicht mei de moä's evoluëarre wie en sûnder harren net bestean koe. Resint ûndersyk wêrby't gebrûk makke is fan koalstofdatearring fan moä-bonken hat útwiisd dat it útstjerren fan 'e moä's yn in goed iuw tiid plakfûn hat, en net nei ferskate iuwen fan bejaging en oare foarmen fan ekploitaasje (lykas it stellen fan aaien), sa't earder tocht waard.

Guon saakkundigen hingje de teory oan dat lytse groepkes berchmoä's (Megalapteryx didinus) oant yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw noch yn úthoeken fan Nij-Seelân oerlibbe hawwe kinne, mar dy miening wurdt net dield troch it meastepart fan 'e wittenskiplike mienskip. Nettsjinsteande dat binne der dokumintearre ferslaggen fan Maoary dy't noch yn 'e 1770-er jierren bewearden op jacht te wêzen nei moä's. Ek besteane der ferskate ferslaggen fan blanke seelju en walfiskfarders dy't om dyselde tiid hinne meunstereftich grutte fûgels oan 'e kust fan it Sudereilân sjoen hawwe soene.

In foarstelling fan in haastearn dy't in pear moä's oanfalt.

Yn 'e 1820-er jierren sei in man dy't fan George Pauley hiet dat er in moä sjoen hie yn 'e Otago-regio. In ekspedysje út 'e 1850-er jierren ûnder lieding fan in luitenant A. Impey rapportearre dat se twa emoe-eftige fûgels waarnommen hiene op in heuvelskeante op it Sudereilân. En yn 1959 bewearde in 80-jierrige frou, Alice McKenzie, dat se yn 1887 en jitris yn 1896 yn 'e wyldernis fan it Sudereilân in moä sjoen hie. Ek yn 'e tweintichste iuw hawwe der oanhâldend berjochten west oer waarnimmings fan moä's, de resintste yn 1993 en 2008, mar dêr wurdt troch serieuze wittenskippers gjin wearde oan hechte. It leauwen yn it fuortbestean fan 'e moä is sadwaande in kwestje fan kryptobiology wurden, krekt as it leauwen yn it meunster fan Loch Ness.

Bonken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joel Polack, in keapman dy't fan 1834 oant 1837 oan 'e eastkust fan it Noardereilân wenne, skreau yn 1838 dat him dêr troch de pleatslike Maoary "ferskate tige grutte fossile bonken" toand wiene, dy't fûn wiene yn 'e omkriten fan 'e Mount Hikurangi. Hy wie der wis fan dat it de bonken wêze moasten fan in soarte emoe of strúsfûgel, mei't er sei: "de ynboarlingen foegje dêroan ta dat harren oerlevering hawwe wol dat yn lang ferfleine tiden tige grutte fûgels bestien hawwe, mar dat de krapte oan fleis sawol as de maklike wize dêr't dy bisten op te fangen wiene, laat hawwe ta harren útrûging." Polack skreau ek dat de Maoary seine dat der yn ôfhandige dielen fan it Sudereilân noch in "soarte fan Struthio" foarkomme moast.

Yn 1839 krige in John W. Harris, in flaakskeapman út Poverty Bay mei in belangstelling foar biology, in 15 sm lang apart stik bonke yn besit fan in Maoary dy't it út 'e igge fan in rivier dold hie. Hy liet dat sjen oan syn omke, John Rule, dy't dokter yn Sydney wie, en dy stjoerde it op nei Richard Owen, in anatoom dy't doedestiden wurksum wie oan it Royal College of Surgeons yn Londen, en dy't letter de grûnlizzer fan it Natoerhistoarysk Museum wurde soe. Owen pielde hast fjouwer jier mei it bonkefragmint om, en kaam úteinlik ta de konklúzje dat it in diel fan 'e bilbonke wie fan in grut bist, al wie it dêr ûnkarakteristike licht en hol foar. Oan in skeptyske wittenskiplike mienskip ferkundige er dat it in restant wêze moast fan in reuseftige útstoarne rinfûgel, dy't er de namme Dinornis joech. Hoewol't Owen syn konklúzje troch guon fan syn tiidgenoaten mei de gek beslein waard, die neitiid bliken dat er folslein gelyk hân hie doe't genôch moäbonken Ingelân berikten dat der in hiel skelet út rekonstruëarre wurde koe.

In mummifisearre moäpoat.

Weropstanning troch genetysk kloanjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moä's wurde gauris neamd as potinsjele kandidaten foar it op 'e nij libben yn blazen fan útstoarne bistesoarten troch it kloanjen fan genetysk materiaal dat bewarre bleaun is yn 'e foarm fan bonken en mummifisearre lichemsresten. De ikoanyske status dy't moä's yn Nij-Seelân wûn hawwe, yn kombinaasje mei it feit dat der in grutte hoemannichte fan sok genetysk materiaal bestiet en it feit dat de bisten, oars as bgl. de mammoet, noch mar relatyf resint útstoarn rekke binne, hat makke dat moä's, krekt as bgl. de dodo fan Mauritsius en de bûdelwolf fan Tasmaanje, yn dit ferbân faak neamd wurde.

Foarriedich wurk op dit mêd, de ekstraksje fan DNA út âlde bonken ynbegrepen, is al ferrjochte troch de Japanske genetikus Ankoh Yasuyuki Shirota. Mids 2014 stelde it Nijseelânske parlemintslid Trevor Mallard foar dat it werom ta libben bringen fan guon lytsere soarten moä's binnen de kommende fyftich jier helber wêze moat. Hoewol't dy útspraak troch in protte lju fuorthúnd waard, krige Mallard byfal fan guon foaroansteande ekspêrs op it mêd fan 'e natoerhistoarje.

Skiftopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 't heden wurde der 9 ferskillende soarten moä's ûnderskaat, ferdield oer twa famyljes en seis skaaien. Foarhinne waarden der noch ferskate oare soarten erkend, mar ekspêrs fermoeden al langere tiid dat it by de ûnderstelde soarten Euryapteryx curtus en Euryapteryx exilis, by Emeus huttonii en Emeus crassus en by Pachyornis septentrionalis en Pachyornis mappini om pearkes fan mantsjes, resp. wyfkes gie fan ien en deselde soarte. Dy teory waard yn 2003 befêstige troch DNA-ûndersyk. De ferskillen yn bonkestruktuer en de dêrút fuortkommende ferskillen yn lichemsgrutte en -foarm tusken dizze pearkes wurde no taskreaun oan seksuële dimorfy.

It skelet fan in eastlike moä yn it Otago-museum yn Nij-Seelân.

Krektsa waarden der oant 2003 trije ferskillende soarten reuzemoä's (Dinornis) ûnderskaat: de Noardereilânreuzemoä (Dinornis novaezealandiae), de Sudereilânreuzemoä (Dinornis robustus) en de ranke moä (Dinornis struthioides). Ut DNA-ûndersyk die lykwols bliken dat alle ranke moä's feitliks mantsjes wiene, wylst alle eardere Sudereilânreuzemoä's wyfkes wiene. Sadwaande waarden de eardere trije soarte reklassifisearre as twa soarten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.