Echte âldkakigen

Ut Wikipedy
Echte âldkakigen
In nandoe (Rhea americana).
In nandoe (Rhea americana).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang: echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
Yuri et al., 2013

De echte âldkakigen (Latynske namme: Notopalaeognathae) foarmje in pas yn 2013 identifisearre en sadwaande noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes) en de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae). Ta dizze groep wurde de skiften fan 'e nandoe-eftigen (Rheiformes), de tinamû-eftigen (Tinamiformes) en de útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) rekkene, mei dêropta de rangleaze groep fan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), mei as lidskiften de kasuariseftigen (Casuariiformes), de kiwy-eftigen (Apterygiformes) en de útstoarne oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes). It sustertakson fan 'e echte âldkakigen wurdt foarme troch de strúsfûgeleftigen (Struthionidae).

De presize ûnderlinge relaasjes fan 'e skiften dy't ta de echte âldkakigen hearre, wurde troch ornitologen pas sûnt koartby, troch genetysk ûndersyk, begrepen. Sa blike de moä-eftigen fan Nij-Seelân in mienskiplike foarâlder te hawwen mei de tinamû-eftigen fan Súd-Amearika, wylst de kiwy-eftigen, ek út Nij-Seelân, folle nauwer besibbe wiene oan 'e útstoarne oaljefantsfûgeleftigen fan Madagaskar. Dy ferrassende útkomsten betsjutte dat de ferskillende groepen rinfûgels harren fermogen ta fleanen ûnôfhinklik faninoar ferlern hawwe moatte.

Tuskenklasse-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.