Kasuariseftigen

Ut Wikipedy
Kasuariseftigen
In helmkasuaris (Casuarius casuarius).
In helmkasuaris (Casuarius casuarius).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang: echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
sûnder rang: nije rinfûgels (Novaeratitae)
skift: kasuariseftigen (Casuariiformes)
Sclater, 1880

De kasuariseftigen, of ek wol kasuarissen en emoes (Latynske namme: Casuariiformes), foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Dit skift telt 4 libbene soarten rinfûgels, wêrûnder trije soarten kasuarissen út Nij-Guineä en de emoe út Austraalje.

De kasuariseftigen wurde opdield yn twa taksonomyske famyljes, nammentlik dy fan 'e kasuarisfûgels (Casuariidae) en dy fan 'e emoefûgels (Dromaiidae). It wichtichste ûnderskie is dat de emoefûgels langere poaten hawwe, dy't adaptearre binne om hurd mei te draven oer langere ôfstannen. Ornitologen bûge har al lang oer de fraach hokker fan 'e beide famyljes oft de primitivere lichemsfoarm fertsjintwurdiget. Yn 'e regel giet men derfan út dat dat sa is by de emoefûgels, om't dy mear lykje op oare skiften rinfûgels, lykas de nandoe-eftigen (Rheiformes) en de strúsfûgeleftigen (Struthioniformes). Der is foar dizze hypoteze lykwols noch altyd gjin slutend bewiis fûn en ek de opdolde fossilen biede ditoangeande gjin útkomst.

Guon Australyske fossilen wêrfan't earst tocht waard dat it kasuarissen wiene, wurde no beskôge as in tuskenfoarm, de emoeärissen (Emuarius), dy't as in skaai by de kasuarisfûgels yndield binne. Dizze fûgels hiene in kasuariseftige plasse en emoe-eftige poaten. Fierders besteane der oanwizings dat de fossilen út it Súdamerikaanske skaai Diogenornis bestiene út kasuariseftige fûgels, ynstee fan út nandoe-eftigen, sa't men yn Súd-Amearika ferwachtsje soe.

Skiftopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.