Berjocht:Side fan de wike 2017/wike 27

Ut Wikipedy

Sunny Boy (eins folút: Nehlssoan Skalsumer Sunny Boy; Skalsum, 26 maaie 1985Oerisel, 27 desimber 1997) wie in Holstein-Friesian-bolle, ôfkomstich út Skalsum, dy't fanôf 1990 nei jierren fan ferfal de Nederlânske molkfeefokkerij wer op 'e kaart sette. Mei't syn dochters op alle punten útsûnderlike goed skoarden, ûntstie der sa'n run op syn sperma, dat de fokkerijkoöperaasje dy't him yn eigendom hie, op in stuit sels farsk (ynstee fan ynferzen) sied fan him begûn te ferkeapjen, wat doedestiden unyk wie. De namme fan Sunny Boy rekke bekend by feehâlders de wrâld oer. Yn totaal produsearre er mear as 2 miljoen doazes sperma. Dêrmei is Sunny Boy noch altyd de wrâldrekôrhâlder fan meast brûke fokbolle ea.

Lês fierder