Springe nei ynhâld

Wjerljocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Himelfjoer)
Wjerljocht.

De wjerljocht of ek wol bliksem is in elektryske ûntlading yn de atmosfear. It is it haadferskynsel fan swierwaar en it hat tonger as byferskynsel.

In ûntlading fan wjerljocht hat in ljochtflits as gefolch. Tonger ûntstiet trochdat de wjerljocht de lucht derom hinne sa bot ferwaarmet dat de lucht útset yn de foarm fan plasma, wat skokweagen yn de atmosfear feroarsaket.

Wjerljocht is ien fan de meast gefaarlike waarsferskynselen. It is dan ek oan te rieden om beskerming te sykjen, seker as it swierwaar tichtby is en de tiid tusken wjerljocht en tonger minder as 10 sekonden is.

It gefaar om persoanlik troch de wjerljocht rekke te wurden is relatyf lyts, mar de gefolgen kinne wol slim wêze. Trochsneed wurde yn Nederlân fiif minsken it jier troch de wjerljocht rekke mei de dea as gefolch.[1] Eartiids wie dit noch folle mear: hûndert jier lyn waarden trochstrings sa'n tweintich minsken it jier rekke mei de dea as gefolch.

In wjerljocht dy't op de grûn ynslacht.

Al iuwen lang wurdt der ûndersyk dien nei wjerljochtsjen. Yn it begjin waard der gebrûk makke fan foarwerpen, wêrûnder ek de Leienske flesse. Benjamin Franklin is ferneamd as útfiner fan de wjerljochtfleander. Franklin liet sjen dat wjerljocht in ûntlading statyske elektrisiteit wie. Nei it ûndersyk fan Franklin wie it lange tiid stil om it ûndersyk fan wjerljocht. Fierder ûndersyk kaam nei it ûntstean fan de elektrotechnyk .

Wjerljocht ûntstiet troch de ferdieling fan elektryske lading oer in swierwaarswolk. Wat de prosessen oanbelanget, dy’t de grutte parten fan de wolk in ôfwikende lading jaan kinne binne der wol tsien teoryen. De ladingsferdieling hoeft op himsels noch net ta it ûntstean fan in wjerljocht te lieden. Der binne in protte lekstreamen, dy’t de ûntsteane ladingsferskowing tsjinwurkje, sadat de wjerljocht net nedich is. Ek is net dúdlik wêrom in ûntlading tusken de ûnderkant fan in wolk en de grûn, wjerljochtynslach, foardocht. Wat dit lêste oangiet moatte we yn gedachten hâlde, dat de ierde in bêste gelieder is en dat de deselde elektryske ladings elkoar ôfstjitte. Omdat yn de measte gefallen de negatyf laden wolken ûnderoan sitte, sille ûnder de wolk de elektroanen yn de ierde ferstjitten wurde, sadat de ierde pleatslik in positive lading hat. Under de wolk hearsket dêrom in sterk elektrysk fjild, dat omheech rjochte is. De elektryske spanning yn dat fjild is wol 100 oant 1.000 kear te lyts om in ûntlading mooglik te krijen. De trochslachspanning fan lucht is net lytser as 3 miljoen folt de meter. Yn seldsume gefallen docht him ek in omkearde ladingsferdieling foar, mei in positive lading oan de ûnderkant fan de wolk en in negative lading oan it oerflak fan de ierde. Yn sa’n gefal wurdt wol sprutsen fan in positive wjerljocht as der in ûntlading ûntstiet.

As gefolch fan de ûnregelmjittige ferdieling fan de ladings yn de wolk kin pleatslik wol wat fonkfoarming ûntstean. Hjirtroch fynt dan ionisaasje plak, wêrtroch de lieding sterk tanimt. De heechste potinsjaalferskillen ferpleatse har dêrtroch nei de top fan it liedende kanaal. Dêr foarmje har wer fonken en wurdt it proses herhelle, dit wurdt wol foarûntlading neamd. Sadwaande kin de foarûntlading har ûntwikkelje fan inkele sintimeters nei inkele tsientallen meters yn de rjochting fan de grutste spanningsferskillen. Somtiden ûntsteane der groeiende fertakkings.

Wjerljocht boppe Washington D.C.

In grutte stream rint der no noch net: de negative lading skoot sa no en dan wat fierder op yn it liedende kanaal, wêrby dat kanaal hieltyd wat opljochtet. De daalsnelheid fan de foarûntlading is ‘mar’ 1500 kilometer de sekonde.

Ien of mear takken fan de foarûntlading kinne tichtby de grûn komme, op 50 oant 100 meter hichte. It kanaal hat dan likernôch de elektryske spanning fan de wolk, en de fjildsterkste (folt de meter hichteferskil) boppe de grûn rint dan bot op. Benammen by de punten is der dan gjin rêstige ionisaasje mei Sint Elmusfjoer mear, mar earder krêftige fonkfoarming, dy’t yn de rjochting fan it foarûntladingskanaal komt. Dit wurdt ek wol de fangûntlading neamd.

As de ûntlading kontakt krijt, is der in soarte fan koartsluting ûntstien tusken de ladingskernen yn de wolk en de ierde. By it kontaktpunt geane de elektroanen dan yn grutte oantallen rapper bewege. Efkes letter follet dizze sterke stream it hiele kanaal oan. Dit wurdt wolk haadûntlading neamd. Dit ferskynsel, dat mei opljochtsjen plak fynt, ferpleatst har mei likernôch 100.000 oant 150.000 kilometer de sekonde fan de ierde nei de wolk.

Dêr hâld it noch net op. As de wjerljocht útdôvet, fynt der in rappe nijferdieling fan de lading yn de wolk plak, omdat alle berikbere lading ferpleatst is. It kanaal wurdt dan faak op ‘e nij brûkt, earst troch in nije, rappe en ûnfertakke foarûntlading, dêrnei troch in nije omheechgeande haadûntlading. Faak wurdt alles wer herhelle. Wat wy dus sjogge as ien wjerljocht, is faak in searje fan dielwjerljochten.

Kaartsje mei it tal ynslaggen op in plak. Opfallend is dat op de poalen en op see hast gjin ynslaggen plak hawwe.

By wjerljocht is hja yn hûs wol feilich. Wol moat der omtinken wêze foar elektrysk guod. In hûs sûnder wjerljochtlieder is gjin goeie Koai fan Faraday. By in ynslach kin de elektryske stream him troch de liedings hinne sette en de oanslúte apparatuer skansearje. Ek net oanslúten elektroanika kin skansearre reitsje omdat de wjerljocht sa’n hege spanning hat.

Ek in metalen auto of karavan kin is feilich plak beskôge wurde. Metalen auto’s en karavans binne dan in goeie Koai fan Faraday en de lading wurdt fuort ôffiert. De rêstlading dy’t dan efter bliuwt is sa lyts dat it net nedich is om tsjin in pealtsje te ride, wat wolris sein wurdt.

It ljocht fan in wjerljocht is tige fel en kin dan ik wol ferblinend wêze.

Ofstân ta de wjerljocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wolk-nei-wolk wjerljocht.

Om út te rekkenje hoefier ien fan de wjerljocht ôf is, kin in maklik rekkensomke útfiert wurde.

Hja moat dan it tal sekonden tellen tusken it sjen fan de wjerljocht en it hearren fan de tonger. Dit getal moat dan dielt wurde troch trije. It getal wat der dan útkomt is rûchwei it tal kilometers tusken de wjerljocht en it plak dêr’t ien is.

Foarbyld: Der is wjerljocht en 15 sekonden letter komt de tonger. Dan moat 15 troch 3 dielt wurde, wat betsjut dat de wjerljocht likernôch 5 kilometer fuort is.

Dit ferskil hat te krijen mei it ferskil yn snelheid fan ljocht en lûd.

By swierwaar wurdt altyd sein dat de wjerljocht op it heechste punt ynslaan sil. Dit komt omdat de hast alles stream better lied dan lucht.

Der wurdt fan útgien dat de wjerljocht troch in heech foarwerp oanlutsen wurdt yn in gebiet mei in straal fan 1/3e fan de hichte fan it foarwerp.

Yn de woastine sil de wjerljocht nei it leechste punt sykje, omdat sân tige min lied. De wjerljocht siket dan nei it plak mei it minste sân, om sa gou mooglik nei it grûnwetter te kommen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KNMI Factsheet onweer