Amerikaanske 7e Kavaleryregimint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Amerikaanske 7e Kavaleryregimint
United States 7th Cavalry Regiment
7CavRegtCOA.jpg
wapen
7 Cav Rgt DUI.jpg
embleem
The Seventh First
algemiene gegevens
lân: Flag of the United States.svg Feriene Steaten
ûnderdiel: Flag of the United States Army.svg Amerikaanske Leger
soarte: kavalery
bysûnderheden
haadkertier: Fort Hood (Teksas)
sterkte: ±1.000 man
aktyf: 1866 – no
bynamme: "Garryowen"
marsliet: Garryowen
konflikten
Komantsjekampanje
Bloedbad oan de Washita
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
   ● Slach oan de Little Bighorn
Nez Persé-Oarloch
Kro-Oarloch
Geastedûnsoarloch
   ● Bloedbad fan Wounded Knee
Gefjocht by Drexel Mission
Filipynsk-Amerikaanske Oarloch
Meksikaanske Strafekspedysje
Twadde Wrâldoarloch
Koreaanske Oarloch
Fjetnamoarloch
Earste Golfoarloch
Twadde Golfoarloch
Irakoarloch
Oarloch yn Afganistan

It Amerikaanske 7e Kavaleryregimint (Ingelsk: United States 7th Cavalry Regiment) is in regimint fan 'e kavalery fan it Amerikaanske Leger, dat yn 1866 oprjochte waard en tsjintwurdich legere is yn Fort Hood, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. De bynamme fan dit lânmachtûnderdiel is "Garryowen", nei de Ierske folkswize Garryowen, dy't oannommen waard as it marsliet fan it regimint. It 7e Kavaleryregimint wie koart nei syn oprjochting belutsen by ferskate konflikten dy't ta de Flakte-Yndiaanske oarloggen rekkene wurde, wêrûnder it Bloedbad fan de Washita, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Nez Persé-Oarloch en it Bloedbad fan Wounded Knee. Letter tsjinne de ienheid yn 'e Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch, de Fjetnamoarloch, de Earste Golfoarloch, de Twadde Golfoarloch en de Irakoarloch. It 7e Kavaleryregimint is lykwols it bekendst wurden troch de swiere nederlaach dy't it litte yn 'e Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Yn totaal waard oan 52 soldaten en ofsieren fan 'e 7e Kavalery de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, wêrfan oan 45 ûnder de Yndiaanske oarloggen en 7 kear ûnder de Fjetnamoarloch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndiaanske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske 7e Kavaleryregimint waard op 28 july 1866 ynsteld as in regimint fan it Amerikaanske Leger. It waard op 21 septimber fan dat jier organisearre yn Fort Riley, yn Kansas, as ûnderdiel fan 'e útwreiding fan it reguliere leger doe't nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) alle frijwillige en tsjinstplichtige regiminten opheft waarden. De 7e Kavalery stie oant 1876 ta ûnder it befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't ûnder de Boargeroarloch de reputaasje krigen hie in dryst ofsier te wêzen. Custer wie op papier eins de ûnderbefelhawwer, mar hie it yn 'e praktyk foar it sizzen om't de wiere regimintskommandant (oant 1869 kolonel Andrew J. Smith en dêrnei kolonel Samuel D. Sturgis) fan it regimint detasjearre wie.

The Custer Fight, in skilderij troch Charles Marion Russell út 1903, dat de Slach oan de Little Bighorn yn 1876 ôfbyldet.

De earste fearnsiuw fan syn bestean waard de 7e Kavalery ynset yn 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen. Dat begûn yn 1867 mei de Komantsjekampanje, in oarloch fan lege yntinsiteit mei de Komantsjen, dy't oant 1875 duorje soe. Op 27 novimber 1868 wie it 7e Kavaleryregimint ûnder lieding fan Custer ferantwurdlik foar it Bloedbad fan de Washita. Dat wie in oanfal op it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen, wêrby't sa'n 150 Yndianen de dea fûnen, foar in grut part froulju en bern. Under de deaden wiene ek de âlde opperhaden Swarte Tsjettel en Lytse Rots, de grutste pleitbesoargers ûnder de Súdlike Sjajinnen fan frede mei de Amerikanen. Troch harren dea te dwaan, sterken de Amerikanen har eigen slimste fijannen, de militante Hûnskrigers, krekt fuort. Oan 'e Washita kamen ek 21 soldaten fan 'e 7e Kavalery om, wêrfan 20 dy't ûnder lieding fan majoar Joel H. Elliott de flechtsjende Yndianen efterfolgen en yn in mûklaach lokke waarden.

Fan 1871 oant 1873 en jitris fan 1874 oant 1876 namen kompanjyen fan 'e 7e Kavalery om bar diel oan 'e besetting fan it yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Suden. Yn 1873 waard it regimint oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Dêrwei fierde it datselde jiers de Yellowstone-ekspedysje út en yn 1874 de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't Custer goud fûn op lân dat hillich wie foar de Lakota, wat oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills en dêrtroch ta de Grutte Sû-Oarloch. Under dy oarloch naam it 7e Kavaleryregimint diel oan 'e simmerkampanje fan 1876. Doe't der oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, in Yndiaansk doarp ûntdutsen waard, foel Custer dat sûnder fierdere ferkenning oan. Dat briek him raar op, want yn dy Slach oan de Little Bighorn waarden fiif folsleine kompanjyen fan it regimint troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho útrûge, wat 267 soldaten en ofsieren it libben koste. Ek Custer sels sneuvele yn dizze fjildslach. Dit wie de swierste nederlaach dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Flakte-Yndianen litten, en it treffen waard legindarysk yn 'e skiednis fan it Wylde Westen.

Neitiid waard it 7e Kavaleryregimint reorganisearre en naam it yn 1877 diel oan 'e Nez Persé-Oarloch tsjin 'e Nez Persé, yn Idaho en westlik Montana. It regimint focht dêrby yn 'e Slach by Canyon Creek, op 13 septimber, en de Slach by Bear Paw, op 30 septimber. Tsien jier letter, yn 1887, naam in part fan it regimint diel oan it delslaan fan in rebûlje mank de Kro, ûnder wat de Kro-Oarloch kaam te hjitten, yn 'e Slach by Crow Agency. De tsjusterste side út 'e skiednis fan 'e 7e Kavalery wie de dielname fan it regimint oan it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, ûnder de Geastedûnsoarloch, dat by Wounded Knee, yn Súd-Dakota, plakfûn, op 29 desimber 1890. Dêrby waarden ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. De deis dêrop wie de 7e Kavalery ek belutsen by it Gefjocht by Drexel Mission, dat de alderlêste wapene konfrontaasje fan 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen wie.

1890-er jierren oant de Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1895 oant 1899 wie it 7e Kavaleryregimint earst legere yn Fort Bayard, yn Nij-Meksiko, en doe yn Fort Sill, yn Oklahoma. Fan 1899 oant 1902 wie it yn Havana stasjonearre, op Kuba, dat yn 1898 yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch troch de Amerikanen op Spanje ferovere wie. Fan 1904 oant 1907 tsjinne it regimint yn 'e Filipinen (in oar earder Spaansk gebietsdiel), ûnder de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch, mei in twadde toer dêre doe't de oarloch foarby wie, as besettingsmacht, fan 1911 oant 1915. Werom yn 'e Feriene Steaten waard de 7e Kavalery yn Arizona legere, dêr't it yn 1916 en 1917 wei dielnaam oan 'e Meksikaanske Strafekspedysje doe't de Meksikaanske Boargeroarloch oer de Amerikaanske grins hinne drige te spielen.

De guidon fan it 7e Kavaleryregimint.

Under de Earste Wrâldoarloch waard it 7e Kavaleryregimint tafoege oan 'e Amerikaanske 15e Kavalerydifyzje, in papierrene organisaasje dy't formeel oan it Westfront yn Frankryk tsjinje soe, mar nea mear wie as in haadkertier. Dat kaam om't der oan it ymmobile rinfuorgefront simpelwei gjin praktyske rol weilein wie foar troepen te hynder. Yn maaie 1918 waard de 15e Kavalerydifyzje opheft, wêrnei't it 7e Kavaleryregimint op 13 septimber 1921 yndield waard by de Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje, stasjonearre yn Fort Bliss, yn Teksas. De 7e Kavalery bleau oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch in mei hynders útriste legerienheid. Pas op 28 febrewaris 1943 waarden einlings en te'n lêsten de bisten ferfongen troch masines.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1943 arrivearre de 7e Kavalery yn Austraalje, dêr't trening plakfûn, om dêrnei ynset te wurden oan it front mei de Japanners op it eilân Nij-Guineä. It regimint naam fan 'e hjerst fan 1943 oant de ein fan dat jier diel oan 'e Nij-Guineäkampanje, wêrnei't it wergroepearre waard en ynset waard op 'e Bismarckarsjipel en de Admiraliteitseilannen, noardlik fan Nij-Guineä. Mids oktober 1944 naam de 7e Kavalery diel oan 'e Slach om Leyte op it eilân Leyte, yn 'e Filipinen, wêrnei't it regimint mids desimber nei it Filipynske haadeilân Luzon stjoerd waard om ynset te wurden yn 'e Slach om Luzon. Oan 'e ein fan 'e Luzonkampanje, yn july 1945, waard it regimint op 'e nij wergroepearre en reorganisearre, wêrby't it nettsjinsteande syn namme behannele waard as in ynfanteryienheid. It regimint waard doe taret op dielname oan 'e ynfaazje fan 'e Japan, mar dy fûn nea plak om't de Japanners har begjin augustus oerjoegen nei de atoombomoanfallen op Hiroshima en Nagasaki.

E Kompanjy, 7e Kavaleryregimint tsjocht ûnder de Twadde Wrâldoarloch op oer it strân fan Leyte, yn 'e Filipinen, op 20 oktober 1944.

Kâlde Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 2 septimber 1945 waard de 7e Kavalery nei Japan ta stjoerd om dêr diel út te meitsjen fan 'e Alliëarde besettingsmacht. Doe't yn 1950 de Koreaanske Oarloch útbriek mei de oanfal fan it kommunistyske Noard-Koreä op it troch de Amerikanen stipe Súd-Koreä, waard it regimint út Japan wei nei it Koreaanske Skiereilân stjoerd, dêr't it dielnaam oan guon fan 'e bloedichste slaggen út 'e oarloch. Dêrûnder wiene de Slach by Hwanggan en de Slach om Pusan. Doe't de 1e Kavalerydifyzje neitiid yn 'e oanfal gie, foarme it 7e Kavaleryregimint de foarhoede, wêrby't it yn 24 oeren tiid mear as 170 km opteach efter de frontliny fan 'e fijân.

Ier yn 'e Koreaanske Oarloch fûn noch wer in inketswarte side út 'e skiednis fan it regimint plak, doe't it 2e bataljon fan 'e 7e Kavalery tusken 26 en 29 july 1950 by in spoarbrêge by it doarp No Gun Ri it saneamde Bloedbad fan No Gun Ri oanrjochte ûnder Súdkoreaanske boargerflechtlingen, wêrby't yn elts gefal 163 minsken (meast froulju, bern en âlderein) deade waarden en 55 ferwûne rekken. Oerlibbenen rûsden it deadetal letter op likernôch 400. Dit ynsidint kaam foar it earst yn 1999 wrâldwiid yn 'e belangstelling, doe't guon feteranen fan 'e 7e Kavalery de ferhalen fan Súdkoreaanske oerlibbenen befêstigen. Der bestiet ûnder histoarisy djippe ûnienichheid oer de fraach oft it Bloed fan No Gun Ri mei opsetsin oanrjochte is of oft it in tragysk fersin wie.

In skerpskutter fan 'e 7e Kavalery gnúft de omkriten ôf op 'e siik nei fijannige slûpskutters, by de ruïnes fan Ninevee, yn Irak (2007).

Op 15 oktober 1957 waard it 7e Kavaleryregimint losmakke fan 'e 1e Kavalerydifyzje en folslein reorganisearre. Dêrby waard it haadkertier fan it regimint oerhevele nei it Amerikaanske Departemint fan it Leger fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. Fierders waard A Kompanjy omneamd ta '1e Slachgroep, 7e Kavalery', en tafoege oan 'e 1e Kavalerydifyzje. B Kompanjy en C Kompanjy waarden omneamd ta '2e Ferkenningseskader, 7e Kavalery', resp. '3e Ferkenningseskader, 7e Kavalery', en tawiisd oan 'e 10e Ynfanterydifyzje. Nei de Koreaanske Oarloch waard de 7e Kavalery sadwaande benammen ynset foar militêre ferkenning, mei as swier materieel de M46 Patton-tank en guon OH-13-helikopters.

Under de Fjetnamoarloch tsjinnen trije bataljons fan 'e 7e Kavalery, it 1e, 2e en 5e, as de 3e Brigade fan 'e Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje. Troch de tarissing mei Bell UH-1 Iroquois-helikopters (better bekend as "Huey's") waard dat diel fan 'e 7e Kavalery omfoarme ta in loftmobile ienheid. Under de Fjetnamoarloch wiene de oare beide ienheden fan it regimint, de 3e en 4e Ferkenningseskaders, legere yn Dútslân, resp. Súd-Koreä. Nei ôfrîn fan 'e Fjetnamoarloch waarden de 1e, 2e en 5e bataljons deäktivearre, sadat fan it regimint inkeld de 3e en 4e Ferkenningseskaders oerbleaune, dy't tafoege waarden oan 'e 3e, resp. de 2e Ynfanterydifyzje. Dy beide ienheden wiene neitiid tarist mei de M48 Patton-tank en mei M113- en M114-pânserfiertugen. Dêropta hiene beide ienheden in loftmobile 'Delta'-kompanjy mei UH-1 Iroquois-helikopters. De M48 Pattons waarden neitiid ferfongen troch M60A3-tanks, en noch letter, yn 1989, troch M1A1 Abrams-tanks. Om dyselde tiid hinne krigen de Delta-kompanjyen nije OH-58-ferkenningshelikopters en AH-1 Cobra-oanfalshelikopters. Tusken 1974 en 1975 waarden ek de oare ienheden wer reäktivearre. It 1e Bataljon waard in pânserienheid en it 2e Bataljon in loftmobile ienheid mei in ferkenningspeloton op motorfytsen dy't ferpleats waarden mei helikopters.

Soldaat Mickie Lerma fan it 7e Kavaleryregimint hâldt de wacht foar syn tiim ûnder in misje yn Afganistan yn 2013.

Nei de Kâlde Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 1e en 4e Eskaders fan 'e 7e Kavalery fochten yn jannewaris en febrewaris 1991 mei yn Operaasje Desert Storm, ûnder de Earste Golfoarloch tsjin Irak. Dêrby makke it 1e Eskader ûnderdiel út fan 'e Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje, wylst it 4e Eskader ta de Amerikaanske 3e Pânserdifyzje hearde. Under de Twadde Golfoarloch, yn maart 2003, foarme it 3e Eskader fan 'e 7e Kavalery de foarhoede fan 'e Amerikaanske 3e Ynfanterydifyzje. Dêrby wie dy ienheid ferantwurdlik foar de dea fan 2.200 Irakeeske militêren en de útskeakeling fan 64 tanks en 41 pânserfiertugen.

Neitiid makke it 1e Eskader fan 'e 7e Kavalery ûnder de Irakoarloch fan 2004 oant 2005 en letter jitris fan 2006 oant 2008 diel út fan 'e Amerikaanske besettingsmacht yn Irak. It 2e Bataljon fan 'e 7e Kavalery naam ek diel oan 'e Irakoarloch en ûnderstipe yn 2004 de operaasjes fan it Amerikaanske Korps Mariniers yn 'e Slach om Nadjaf en de Twadde Slach om Fallûdja. Fan 2006 oant 2007 wie it 2e Bataljon legere yn Mosûl. Yn 2013 waard it 5e Eskader fan 'e 7e Kavalery ynset yn 'e Oarloch yn Afganistan, yn 'e provinsje Zabûl.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.