Bell UH-1 Iroquois

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan UH-1 Iroquois)
UH-1 Iroquois
Huey


Rol Multyfunksjonele militêre helikopter
Makker Bell Helicopter
Earste flecht 20 oktober 1956 (XH-40)
Yn tsjinst 1959
Ut tsjinst Beheind militêr gebrûk
Tal makke >16.000 (1956–1987)
Grutste brûkers United States Army, Japan Ground Self-Defense Force, Australian Army
Farianten Bell UH-1N Twin Huey, Bell 204/205, Bell 212
UH-1D's yn Fjetnam, 1966

De Bell UH-1 Iroquois is in mearsidige militêre helikopter mei de bynamme "Huey" – in ferbastere ôfkoarting fan Helicopter Utility – en dy't bekend waard fan de Fjetnamoarloch. It tastel is wrâldwiid brûkt by militêre operaasjes en tal fan oare doelen.

Yn de rin fan jierren waarden twa ferzjes fan it tastel útbrocht; de 1 motorige modellen 204 en 205 en de 2 motorige modellen 212 en 412. Boppedat wiene der tsientallen farianten op de ferzje mei ien motor.

De Huey waard by de US Army ferfongen troch de UH-60 Black Hawk. It Amerikaanske Korps Mariniers (USMC) fleach der noch in tal jierren mei oant ek dêr de UH-60 oanskaft waard.

Fan 2004 ôf wurdt de Huey net mear brûkt troch de Amerikaanske striidkrêften. De nije UH-1Y 'Venom' tsjinnet fan 2008 ôf oan by it USMC.

Yn guon lannen wurdt it tastel noch militêr brûkt, mar hat hjoed-de-dei dochs meast sivile taken.

Ek yn Nederlân hat de Huey flein; fan 1962-1977 fleach de UH-1B by de Marine Loftfearttsjinst by de squadrons 1 en 7. Fan 1994 ôf binne trije yn Italië yn lisinsje makke Agusta Bell AB412SP’s (Huey II) yn gebrûk by de Keninklike Loftmacht foar it útfieren fan search and rescue-taken (SAR) fanôf de fleanbasis Ljouwert. Dy helikopters hawwe oars in rotor mei fjouwer blêden.

De Dútske lânmacht (Heeresflieger) fljocht noch mei de UH-1D en de loftmacht (Luftwaffe) brûkt him foar SAR-taken.


Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gegevens HU-1A Iroquois (Modell 204) UH-1H (205A-1)
Oandriuwing ien Lycoming T53-L1 (522 kW/700) ien Avco Lycoming T53-L-13 (1.044 kW)
Topfaasje ? 220 km/o (om de 120 knp)
Krúsfaasje 177 km/o 165 km/o (90 knp)
Fleanberik sa'n 338 km sa'n 507 km
Tankynhâld ? 833 liter (666 kg)
Tsjinstplafond ? 4.145 m
Sweeffleanhichte boppe de 4.267 m (mei grûneffekt) ?
Gewicht leech ? 2.140 kg
Maks gewicht by start 2.631 kg 4.310 kg
Piloaten 1–2 1–2
Passazjiers 6 maks 12
Romplingte 12,07 m 12,77 m
Lingte totaal ? 17,41 m
Rotorlingte 13,41 m 14,63 m

Technyske gegevens HU-1A Iroquois (Model 204) út Flight Magazin, 1960.[1]

Bewapening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Huey-typen koene standert bewapene wurde mei:

  • 2 M60D (letter M240D) 7,62mm masinegewear of
  • 2 GAU16A 0,50 kaliber masinegewear of
  • 2 GAU17A 7,622mm masinegewear

Dizze wapens koene troch de bemanning yn alle rjochtingen betsjinne wurde. De GAU17A koe troch de piloat betsjinne wurde, mar allinne nei foaren sjittend.

  • 2 konteners mei 7 of maksimaal 19 2,75 inch Hydra 70 raketten
  • 1 M129 40mm granaatsmiter mei 20 granaten
  • 1 M5 fluchfjoerkanon mei 300 fragmintaasjepatroanen
  • 2 M134 7,62mm rapid fire Miniguns mei 2x 4800 patroanen
  • 2 M22 raketsystemen mei 2x3 AGM22 trije late loft-grûn raketten


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. of the world|hrsg=Flightglobal|datum=Mai 1960|seiten=Seite 719