Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly
Big battle symbol.svg militêr
Barclay-de-tolly.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút Michail Andrej Bogdanovitsj
   Barclay de Tolly
nasjonaliteit Flag of Russia.svg Russysk
berne 27 desimber 1761
[datum Alde Styl 16 desimber]
berteplak Pamūšis (Koerlân)
stoarn 26 maaie 1818
[datum Alde Styl 14 maaie]
stjerplak Insterburg (East-Prusen)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Germany.svg Dútsk
wurkpaad
tsjinsttiid 17671815
yn tsjinst fan Flag of Russia.svg Keizerryk Ruslân
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang fjildmaarskalk (sûnt 1814)
konflikt(en) 7e Russysk-Turkske Oarloch
6e Russysk-Sweedske Oarloch
Poalske Opstân fan 1794
Napoleontyske Oarloggen
Finske Oarloch
treffen(s) Slach by Borodino
Dútske Kampanje
Slach by Leipzig
Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Russysk minister fan Oarloch
amtsperioade 18101812
foargonger Aleksej Araktsjejev
opfolger Aleksej Gortsjakov
Russysk gûverneur-generaal fan Finlân
amtsperioade 18091810
foargonger Georg Magnus Sprengtporten
opfolger Fabian Steinheil

Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly (berne as: Michael Andreas Barclay de Tolly; Pamūšis (Koerlân), 27 desimber [datum Alde Styl 16 desimber] 1761Insterburg (East-Prusen), 26 maaie [datum Alde Styl 14 maaie] 1818) wie in Russysk militêr en politikus fan mingd Skotsk-Dútsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd as ien fan 'e wichtichste Russyske generaals dy't it yn 1812, ûnder de Frânske ynfaazje fan Ruslân, opnamen tsjin Napoleon. Sa focht er bgl. mei yn 'e beruchte Slach by Borodino, en teffens wie hy it dy't de Russyske legerlieding oanrette om it ûnferdigene Moskou oan 'e Frânsen oer te litten. Dêrnjonken wied er yn dy tiid Russysk minister fan Oarloch. Nei't Napoleon him út Ruslân weromlûke moatten hie, naam Barclay de Tolly diel oan 'e Dútske Kampanje, focht er mei yn 'e Folkeslach by Leipzig, en besette er yn 1814 de Frânske haadstêd Parys, wêrfoar't er ta fjildmaarskalk befoardere waard. Under de Hûndert Dagen, yn 1815, stie Barclay de Tolly oan it haad fan it Russyske besettingsleger yn Frankryk.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barclay de Tolly, in lid fan 'e Skotske Clan Barclay, waard yn 1761 berne yn Pamūšis, dat doedestiden yn it hartochdom Koerlân lei (no yn noardwestlik Litouwen). Mei't syn algemien brûkte bertedei 27 desimber eins de datum fan syn doop yn 'e lutherske tsjerke te Žeimelis is, waard er nei alle gedachten eins in stikmannich dagen earder berne. Hoewol't syn doopnamme offisjeel 'Michael Andreas' wie, brûkte er letter almeast de Russyske foarm 'Michail Bogdanovitsj' ("Michael, soan fan Bogdan").

Barclay de Tolly wie in Dútsktalige telch út in âlde Skotske famylje, dy't him yn 'e santjinde iuw yn it Baltikum fêstige hie. Syn pake tsjinne as boargemaster fan Riga, wylst syn heit Bogdan Barclay de Tolly talitten waard ta de Russyske adel. Michail Barclay de Tolly naam yn 1777 tsjinst yn it Karabiniersregimint fan Pskov, in ûnderdiel fan 'e Russyske Keizerlike kavalery, doe't er sechstjin jier âld wie. Syn ûnderrjocht en opfieding fûn foar it meastepart plak yn in militêre kontekst.

It stânbyld fan Barclay de Tolly foar de yngong fan 'e Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan, yn Sint-Petersburch.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1778 berikte Barclay de Tolly de rang fan kornet. Fan 1787 oant 1789 focht er yn 'e Sânde Russysk-Turkske Oarloch tsjin it Osmaanske Ryk, wêrby't er him ûnderskate by de ferovering fan 'e stêden Otsjakov en Akkerman. Yn 1790 wied er op it slachfjild aktyf tsjin 'e Sweden, as ûnderdiel fan 'e Sechsde Russysk-Sweedske Oarloch, en yn 1794 holp er mei by it delslaan fan 'e Poalske Opstân fan generaal Tadeusz Kościuszko. Yn dat jier hie Barclay de Tolly de rang fan luitenant-kolonel berikt, en hied er as adjudant tsjinne yn 'e stêf fan ferskate hege Russyske ofsieren. Datselde jiers noch waard him it befel jûn oer it Estlânske Jagerkorps, en yn 1797 waard er kommandant fan it Russyske 4e Jagerregimint. Yn 1799 waard er foar syn oandiel yn 'e striid tsjin 'e Poalen befoardere ta generaal-majoar.

Yn 'e Fjirde Koälysje-oarloch, tsjin it napoleontyske Frankryk, ûnderskate Barclay de Tolly him yn desimber 1806 yn 'e Slach by Pułtusk en rekke er op 7 febrewaris 1807 ferwûne yn 'e Slach by Eylau. Syn hâlden en dragen yn dat lêste treffen smiet him in promoasje ta luitenant-generaal op. Nei't er in hoart lins west hie om op te betterjen, kearde Barclay de Tolly yn 1808 yn aktive tsjinst werom om 'e Russyske operaasjes tsjin Sweden te lieden yn 'e Finske Oarloch.

Yn 1809 wûn er ynternasjonale bekendheid en in reputaasje foar dryst fanwegenkommen troch syn flugge en riskante mars oer de tichtferzen Botnyske Golf. Dat huzarestikje, dat neitiid ferivige waard foar it neislachte troch de dichter Jevgeny Baratynsky, stelde Barclay de Tolly by steat en kom de fijân oer it mad, sadat er de stêd Umeå, yn noardlik Sweden, ynnimme koe. Hjirfoar waard er befoardere ta fol generaal, en teffens tsjinne er fan 1809 oant 1810 as de Russyske gûverneur-generaal fan Finlân, mei tafersjoch oer it bestjoer op dat krekt ferovere gebiet. Oanslutend waard er beneamd ta de Russyske minister fan Oarloch, in post dy't beklaaide oant 1812.

De kampanje fan 1812[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under Napoleon syn Tocht nei Moskou, yn 1812, fierde Barclay it oerbefel oer it 1e Leger fan it Westen, it grutste fan 'e trije Russyske legers dy't de Frânske opmars besochten tsjin te kearen. As minister fan Oarloch fierde hy yn namme it befel oer de hiele Russyske ferdigening, en hy wie it dy't de taktyk fan 'e ferskroeide ierde foarstelde, mei as doel om 'e fijân almar djipper in woastenij yn te lokjen dêr't neat wie dêr't de Frânsen harsels mei itende hâlde koene. Barclay de Tolly wie der wis fan dat de Frânsen úteinlik ferslein wurde koene as harren befoarriedingslinen op dy wize mar oant it uterste oprutsen waarden.

It grutwapen fan 'e prinsen Barclay de Tolly.

Der wie lykwols gjin gebrek oan Russyske generaals dy't Barclay de Tolly haten, en hielendal net ien mocht der oer dat in bûtenlanner boppe him pleatst waard. Fan it alderearste begjin ôf akseptearre de befelhawwer fan it 2e Leger fan it Westen, Pjotr Ivanovitsj Bagration (dy't sels trouwens fan Georgysk komôf wie) gjin befellen fan Barclay de Tolly, en de kommandant fan 'e Keizerlike Garde, aartshartoch Konstantyn, de jongere broer fan 'e tsaar, wie neffens histoarikus Adam Zamoyski in "tizerige ropper-en-razer waans iennichste nocht yn it libben it ôfnimmen fan parades wie", mar dy't "tusken twa parades troch [...] altyd ree wie om in elk te stypjen dy't krityk hie op Barclay de Tolly of dy syn befellen net opfolgje woe."[1] Underhearrigen ferspraten geroften fan 'e strekking dat Barclay de Tolly eins in agint fan Napoleon wêze soe, en it miene folk fan Ruslân, fan wa't de wenten en doarpen ferwuostge wurde moasten om syn taktyk fan 'e ferskroeide ierde ta te passen, ferflokte him as in leffert.

In boarstbyld fan Barclay de Tolly yn it Súdestyske Tartu.

Sadwaande waard Barclay de Tolly úteinlik troch tsaar Aleksander I twongen om in aktivere ferdigening te fieren. By Vitebsk kaam er der op 27 july troch omstannichheden noch mei wei om him fierder werom te lûken, mar op 17 en 18 augustus moast er by Smolensk de striid mei Napoleon oangean. Dat waard foar gjinien in súkses. De Frânsen en harren bûnsgenoaten sneuvelen yn grutte oantallen by it bestoarmjen fan 'e muorren fan in stêd dy't inkeld fan religieuze betsjutting wie wylst se likegoed in omtsjende beweging meitsje kinnen hiene, en de Russen ferlearen de Smolensk sels doe't der troch it Frânske bombardemint brân útbriek en de hiele stêd yn flammen opgie. Doe moasten hja har dochs noch weromlûke, net allinnich út 'e stêd sels, mar ek út 'e neie omkriten, om't Barclay de Tolly ynseach dat er oars troch de Frânsen ynsletten wurde soe.

De skuld fan it ferlies fan 'e hillige stêd Smolensk waard him lykwols op 'e lea skood, en de tsaar koe syn ympopulariteit doe net mear negearje. Dêrom waard Michail Illarionovitsj Kûtûzov, dy't bekend wurden wie troch syn dielname oan 'e Trijekeizersslach by Austerlitz, oansteld as oerbefelhawwer fan alle Russyske striidkrêften. Barclay de Tolly behold lykwols syn posysjes as minister fan Oarloch en kommandant fan it 1e Leger fan it Westen, wat de betizing oan 'e Russyske kant der allinnich mar grutter op makke.

By de grutte slachting yn 'e Slach by Borodino, op 7 septimber, fierde Barclay de Tolly it befel oer de rjochterflank fan it Russyske leger, en die dat mei moed en grut ynsjoch. Dat naam net wei dat it Russyske leger dêr suver ferneatige waard, ek al faalde Napoleon (dy't dat net trochhie) om 'e genedeklap út te dielen, en easke de slûchslimme Kûtûzov daliks nei de min ofte mear ûnbeslist einige fjildslach de oerwinning op. Mei't hiele regiminten fuortfage wiene en der amper noch in aktive ferdigening fierd wurde koe, rette Barclay de Tolly ûnder de ferneamde kriichsrie yn it doarp Fili oan om Moskou te ûntromjen, sadat de stêd fierders net ûnder nutteleaze gefjochten lije soe. Koarte tiid letter moast er him fanwegen sykte ferskate moannen út aktive tsjinst weromlûke. Nei't Napoleon út Ruslân ferdreaun wie, en de Russen nei ferrin fan tiid filosofysk wêze koene oer lêst en noed dy't hjasels net meimakke hiene, makke it úteinlike súkses fan syn strategy Barclay de Tolly ta in romantyske held, dy't misbegrepen wêze soe troch syn tiidgenoaten.

Barclay de Tolly op in Russyske postsegel út 2011.

Lettere militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barclay de Tolly kearde werom yn it fjild ûnder de Dútske Kampanje fan 1813-1814, it slútstik fan 'e Sechsde Koälysje-oarloch (1812-1814), wêrby't de Frânsen út 'e Dútske steaten ferdreaun waarden. Dêrby waard er nei Kûtûzov syn dea op 'e nij beneamd ta oerbefelhawwer fan 'e Russyske striidkrêften. Hy late de Russyske troepen yn 'e slaggen by Bautzen (21 maaie 1813), Dresden (26-27 augustus), Kulm (29-30 augustus) en Leipzig (16-19 oktober). Foar syn oandiel yn dy lêste slach waard er troch tsaar Aleksander I ta greve ferheft.

Yn 1814 naam Barclay de Tolly diel oan 'e ynfaazje fan Frankryk en fierde er it befel oer de Russyske troepen yn 'e Slach om Parys. De besetting fan 'e Frânske haadstêd waard beleanne mei syn befoardering ta fjildmaarskalk. Yn 1815, ûnder de Hûndert Dagen fan Napoleon (doe't de Frânske keizer út syn ballingsoard Elba ûntsnapte en weromkearde nei Frankryk om syn regear wer op te nimmen), stie Barclay de Tolly oan it haad fan it Frânske besettingsleger dat Frankryk út it easten wei binnenfoel. Nei de Slach by Waterloo, dêr't Napoleon op 'e nij (en diskear foargoed) ferslein waard troch de Britten, Nederlanners en Prusen, waard Barclay de Tolly troch de tsaar ferheft ta foarst.

It Barclay de Tolly-mausoleum yn Jõgeveste, yn súdlik Estlân.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid rekke Barclay de Tolly al rillegau yn 'e minnichte, wat him twong om ûntslach te nimmen út it leger. Hy sette him nei wenjen yn syn lânhûs Beckhof yn Jõgeveste, yn súdlik Estlân, dêr't er opgroeid wie. Hy stoar úteinlik yn Insterburg (no Tsjernjachovsk), yn East-Prusen, op 26 maaie 1818, yn 'e âlderdom fan 56 jier, doe't er ûnderweis wie fan syn wenplak nei in kueroard yn Dútslân. De stoflike omskotten fan him en syn frou Hélène Auguste Eleonore von Smitten waarden letter byset yn in mausoleum dat yn 1838 foar dat doel boud waard yn Jõgeveste nei in ûntwerp troch Apollon Sjtsjedrin en Vasily Demût-Malinovsky.

Foar de Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan, yn Sint-Petersburch, waard neitiid yn opdracht fan tsaar Nikolaas I in ymposant stânbyld fan Barclay de Tolly oprjochte. Oare stânbylden fan him steane yn 'e Letske haadstêd Riga, yn syn stjerplak Tsjernjachovsk en yn it Súdestyske Tartu. Nei it útstjerren fan 'e foarstlike line fan it hûs Barclay de Tolly mei syn soan Magnus op 29 oktober 1871, stie tsaar Aleksander II Barclay de Tolly syn pakesizzer yn 'e froulike line, Aleksander von Weymarn, yn 1872 ta om 'e titel 'foarst Barclay de Tolly-Weymarn' oan te nimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zamoyski, Adam, 1812: Napoleon's Fatal March to Moscow, Londen, 2004 (HarperCollins Publishers).

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.