Umeå
Umeå Stêd fan bjirken | ||
It âld stedhûs | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Västerbottens län | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 83.249 (2015) | |
Oerflak | 34,15 km² | |
Befolkingsticht. | 2.585 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.umea.se (in) |
Umeå is de haadstêd fan de gemeente Umeå y it lânskip Västerbotten en de provinsje Västerbottens län yn Sweden. It is ek de grutste stêd fan de Sweedske regio Norrland. De stêd hie 75.645 ynwenners yn 2005.
Umeå is al tsientallen jierren ien fan de fluchst groeiende stêden fan Sweden. Dy groei begûn fral nei 1965, doe't de universiteit yn de stêd stifte waard, ek no noch giet de groei troch. Der wurde sa'n 700 à 800 nije apparteminten it jier byboud[1].
De stêd stiet bekend as de 'bjirkestêd', omdat der in protte leanen mei bjirkebeammen binne. De rivier Ume älv mûnet tichtby Umeå út yn de Botnyske Golf. Umeå leit oan de Europeeske wei 4, de Europeeske wei 12 en it spoar.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Umeå wurdt beskôge as de meast belangrike kulturele stêd fan Noard-Sweden. De opera fan Noard-Sweden, de NorrlandsOperan, komt út de stêd. Eltse oktober of begjin novimber wurdt it Umeå Jazz Festival holden, ien fan de grutste festivals foar yn moderne jazz yn Skandinaavje. Inkele muzykbands út Umea binne de hardcore punkband Refused en de metalbands Meshuggah en Cult of Luna. Teffens hat de stêd ferskate museums, sa as it Sweedsk skymuseum, it provinsjemuseum fan Västerbottens län, it stedsmuseum fan Umeå en it bildmuseet dêr't ûnder mear moderne keunst te sjen is. Umeå stribbet der nei om yn 2014 kulturele haadstêd fan Europa te wurden[2].
Umedalens skulptuerpark is in byldenpark mei in kolleksje fan 33 skulpturen yn Umeå.
Berne yn Umeå
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eva Dahlgren, sjongster en skriuwster
- Stieg Larsson, sjoernalist en skriuwer
- Ola Ullsten, politikus en diplomaat
-
Karakteristike bjirkeleane
-
Umeå fan rivier Ume ôf sjoen
-
Tsjerke Umeå
-
Museum "BildMuseet"
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Umea kultuerhaadstêd 2014 offisjele side
- Umeå Region, offisjele webside
- Umeå Toerisyske ynformaasje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Umeå fan Wikimedia Commons. |