Finske Oarloch

Ut Wikipedy
Finske Kriich

Ferwûne soldaat fan Helene Schjerfbeck (1880).
datum: 21 febrewaris 180817 septimber 1809
plak: Finlân, Sweden
útkomst: Russyske oerwinning, Fredesferdrach fan Fredrikshamn
konfliktpartijen
Keizerryk Ruslân

Denemark

Sweden

Feriene Keninkryk

befelhawwers
Friedrich Wilhelm von Buxhoeveden, Gotthard Johann von Knorring, Pjotr Bagration, Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly, Nikolaj Ivanovitsj Demidov Wilhelm Mauritz Klingspor, Carl Johan Adlercreutz, Georg Carl von Döbeln
sterkte
24.000 soldaten; tsjin it ein fan de kriich likernôch 50.000 soldaten 21.000 soldaten

De Russysk-Sweedske Oarloch fan 1808 oant 1809, yn 'e regel de Finske Oarloch neamd om dit konflikt te ûnderskieden fan 'e oare Russysk-Sweedske Oarloggen, wie in oarloch tusken it Keizerryk Ruslân en Sweden. It wie de lêste kriich fan in rige oarloggen tusken beide lannen. De oarloch einige mei in oerwinning fan Ruslân en it sluten fan it Frederikshamn-fredesferdrach. It ferdrach ornearre dat Finlân fan Sweden nei Ruslân gyng en as it Grutfoarstedom Finlân in part waard fan it Russyske ryk. De Finske Oarloch kin beskôge wurde as in part fan 'e Napoleontyske Oarloggen.

Oanlieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Frede fan Tilsit stie Ruslân mei de kontinintale blokkade tsjin Ingelân, dy't mei Sweden ferbûn wie, oan de kant fan Frankryk. Om de haadstêd Sint-Petersburch tsjin mooglike Ingelske oanfallen te befeiligjen besocht Ruslân de kontrôle te krijen oer de Finske Golf. Denemark keas de kant fan Ruslân.

Ferrin fan de striid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart mei de plakken fan de wichtichste fjildslagen

De kriich begûn op 21 febrewaris 1808 mei de ynfal fan Russyske troepen yn Finlân. Mei 24.000 man tsjin 13.000 Sweden en 8.000 Finnen wiene de Russyske troepen krekt wat manmachtiger. De Russen hellen de iene nei de oare oerwinning op de Sweden en besetten Helsingfors, Tavastehus, de kust tusken Åbo en Vasa, de Ålâneilannen, it eilân Gotlân en de fêsting Sveaborg. Doe't Ingelân oan de kant fan Sweden mei begûn te fechtsjen moasten de Russen tuskentiids de eilannen en inkelde stêden op it fêstelân opjaan om op de ferdigening oer te gean.

De iennige oerwinning fan de Sweden yn dizze kriich wie dy fan maarskalk Sandel op 27 oktober 1808 yn de Slach oan de Virtabrêge (Koljonvirta). In Russysk offensyf yn maart 1809 soarge der foar dat it front fan Finlân nei Sweden ferhûze. Yn de slach by it Piteå yn it noarden fan Sweden op 25 augustus 1809 waard it haadleger fan Sweden ferslein. Dêrtroch waard Sweden de facto twongen ta kapitulaasje. Op septimber waarden de wapens dellein. Der folgen fredesûnderhannelings, dy't einigen mei it Fredesferdrach fan Fredrikshamn op 17 septimber 1809.

Troch it ferdrach krige Ruslân de macht yn it Eastseegebiet en Finlân waard as it Grutfoarstendom Finlân in autonoom diel fan it Russyske Keizerryk. Dat bleau sa oant de ôfsetting fan de lêste tsaar fan Ruslân Nikolaas II yn it jier 1917.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Russisch-Schwedischer Krieg (1808–1809)