Astrid Kersseboom

Ut Wikipedy
Astrid Kersseboom
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Astrid Kersseboom
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 jannewaris 1966
berteplak Flaardingen (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, presintatrise,
sjoernaliste
medium tillefyzje, radio
wurksum by NOS
bekend fan NOS Journaal
live-ferslaggen Ken. Hûs
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
Astrid Kersseboom op Twitter

Astrid Kersseboom (Flaardingen, 14 jannewaris 1966) is in Nederlânsk sjoernaliste, nijslêzeresse en presintatrise. Nei tsien jier by in regionale omrop yn Noard-Brabân wurke te hawwen, krige hja oarspronklik lanlike bekendheid as sportferslachjouster by de NOS. Fan 2004 oant en mei 2021 wie Kersseboom wurksum as nijslêzeresse by it NOS Sjoernaal. Boppedat presintearret en bekommentarisearret se sûnt 2007 grutte eveneminten om it Keninklik Hûs hinne, lykas Keningsdei en Prinskesdei. Fan 2021 wie se nijslezeresse fan it NOS Radio 1 Journaal.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, komôf en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kersseboom waard yn 1966 berne yn in roomske húshâlding yn it Súdhollânske Flaardingen. Yn in ôflevering oer har fan it geneälogysk tillefyzjeprogramma Verborgen Verleden, útstjoerd op 6 oktober 2018, waard ferteld dat de famylje fan har mem, it geslacht Oomen, út it Brabânske Oosterhout stammet en dêr iuwenlang as eigners fan in tichelwurk in foaroansteande posysje beklaaide. De Kerssebooms, de famylje fan har heit, komme fan oarsprong, sa ûntdiek se, út Skiedam. Yn itselde programma kaam ek oan it ljocht dat ien fan har foarâlden in telch út 'e foaroansteande Brusselske famylje Leermans wie, dy't him yn 1669 yn Amsterdam fêstige en dêr syn fortún makke. Kersseboom brocht har jonkheid troch yn har berteplak Flaardingen. Hja genoat har oplieding oan 'e Akademy foar de Sjoernalistyk yn Tilburch.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje, yn 1987, fûn Kersseboom in baan as bedriuwssjoernaliste by it Enerzjybedriuw Rotterdam. Yn 1988 stapte se oer nei de regionale Omrop Brabân, dêr't se tsien jier lang wurke. Yn 1998 kaam hja by de NOS-radio, dêr't hja earst de nijsbulletêns fan it Radio 1 Journaal foarlies. Fan 2001 ôf wie se wurksum by Studio Sport, dêr’t se de sportsjoernaals foar har rekken naam. Dêrnjonken foel se yn dy tiid yn by it NOS Journaal, dêr't se daliks opfoel troch har oangename, kalme stim.

Yn 2004 stapte Kersseboom definityf oer nei it Journaal, dêr't se op ferskillende tiden deis as nijslêzeresse aktyf wie. Boppedat wie se op sneonen de fêste presintatrise fan it (wichtichste) sjoernaal fan 8 oere jûns. Troch de wike ferfong by it acht-oeresjoernaal soms de fêste nijslêzeresse Sacha de Boer. Kersseboom wie yn 2006 en 2008 de presintatrise fan it jieroersjoch fan it NOS Journaal en die ek ferskate ferkiezingsútstjoerings. Yn 2010 spriek se foar de gearwurkjende helporganisaasjes in reklamespotsje yn foar de ynsammeling fan donaasjes foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn Pakistan.

Yn 2007 folge Kersseboom Maartje van Weegen op as de fêste ferslachjouster fan 'e NOS by eveneminten oangeande it Keninklik Hûs, lykas Keninginnedei/Keningsdei en Prinskesdei. Yn dy hoedanichheid presintearre hja yn 2013 ek de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. Teffens die Kersseboom datselde jiers ferslach fan 'e fiering fan 200 jier keninkryk.

Doe't Sacha de Boer begjin 2013 oanjoech dat se ophâlde woe as nijslêzeresse, bea Kersseboom harsels oan as har opfolchster. Hja waard lykwols ôfwiisd yn it foardiel fan Annechien Steenhuizen. Neffens Kersseboom wie dat om't de NOS-lieding foar in jongere generaasje kieze woe.

Yn 2020 naam Kersseboom diel oan 'e tillefyzjekwis De Slimste Mens, presintearre troch har âld-kollega Philip Freriks. Hja wie de winneresse fan dat seizoen fan 'e kwis. Yn 2021 hold Kersseboom op as nijslêzeresse op 'e tillefyzje. Se kearde nei 21 jier werom nei de radio, dêr't se nijslêzeresse waard fan it NOS Radio 1 Journaal op NPO Radio 1. Dêr folge se Jurgen van den Berg op, dy't oerstapte nei Omroep MAX.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Astrid Kersseboom is troud en hat twa bern.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.