Springe nei ynhâld

Bud Spencer

Ut Wikipedy
Bud Spencer
akteur
Bud Spencer yn 2009.
Bud Spencer yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCarlo Pedersoli
nasjonaliteit Italjaansk
berne31 oktober 1929
berteplakNapels (Itaalje)
stoarn27 juny 2016
stjerplakRome (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Napolitaansk
jierren aktyf19512010
offisjele webside
www.budspencerofficial.com

Bud Spencer (wiere namme: Carlo Pedersoli; Napels, 31 oktober 1929Rome, 27 juny 2016) wie in Italjaansk akteur, regisseur, filmprodusint, senarioskriuwer, profesjoneel swimmer en politikus. Hy waard benammen bekend mei syn rollen yn 'e aksjekomeedzjes en spagettywesterns dy't er yn 'e 1970-er jierren makke mei syn langjierrige filmpartner Terence Hill. Tegearre mei Hill skreau, regisearre en produsearre er mear as tweintich fan sokke films. Yn syn jonkheid wie Spencer in súksesfol swimmer, en died er trijeris mei oan 'e Olympyske Spullen. Letter learde er foar abbekaat, liet er as útfiner ferskate oktroaien fêstlizze, helle er syn fleanbrevet foar sawol ferkearsfleantugen as helikopters, rjochte er in eigen loftfeartmaatskippij op, en wied er aktyf as regionaal politikus. Teffens die Spencer in protte goeddiedichheidswurk en skreau er in autobiografy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spencer waard yn 1929 yn 'e Napolitaanske wyk Borgo Santa Lucia berne as de soan fan Alessandro Pedersoli en Rosa Facchetti. As bern al toande er grutte oanlis foar swimmen en wûn er dêryn ferskate prizen. Yn 1940, doe't Spencer alve jier wie, ferfear it gesin fanwegen syn heite wurk nei Rome, dêr't Spencer nei de middelbere skoalle gie en lid waard fan in swimklub. Mei sechstjin jier skreau er him yn oan 'e Sapienza Universiteit fan Rome, dêr't er skiekunde studearre. Yn jannewaris 1947, doe't er santjin jier wie, emigrearre er mei syn âlden nei Súd-Amearika, mei as gefolch dat er syn stúdzje ôfbrekke moast. Fan 1947 oant 1949 wurke er op it Italjaanske konsulaat yn it Brazyljaanske Recife, dêr't er learde om floeiend Portegeesk te praten.

Yn 1949 kearde Spencer werom nei Itaalje om wetterpolo te spyljen foar de Romeinske klub Società Sportiva Lazio Nuoto. Teffens wûn er dat jiers de Italjaanske nasjonale swimkampioenskippen yn 'e dissiplines freestyle en mingde estafette. Hy wie de earste Italjaan dy't de 100 m freestyle yn minder as ien minút swom (om persiis te wêzen yn 59,5 sekonden), in rekôr dat er op 19 septimber 1950 behelle yn Salsomaggiore. Dat jiers fertsjintwurdige Spencer syn heitelân op 'e Jeropeeske kampioenskippen yn Wenen, dêr't er fyfde waard op 'e 100 m freestyle en fjirde op 'e 4 × 200 m estafette.

Spencer as swimmer yn 1950.

Op 'e Mediterrane Spullen fan 1951 yn Aleksandrië wûn Spencer in sulverne medalje op 'e 100 m freestyle. In jier letter naam er diel oan 'e Olympyske Spullen fan Helsinki, dêr't er op datselde ûnderdiel de heale finale helle. Fjouwer jier letter wied er op 'e nij fan 'e partij op 'e Olympyske Spullen fan Melbourne, dêr't er op 'e 100 m freestyle op 'e nij de heale finale helle. Yn 1960 naam er ek noch diel oan 'e Olympyske Spullen fan Rome, mar dêr waard er yn 'e kwalifikaasjestaazje al útskeakele.

As wetterpoloër wûn Spencer yn 1954 it nasjonaal kampioenskip fan Itaalje mei syn klub S.S. Lazio, en op 'e Mediterrane Spullen fan 1955 yn Barseloana behelle er mei it Italjaanske nasjonale tiim de gouden medalje. Yn 1957 beëinige er syn karriêre as wetterpoloër lykwols abrupt. Op 17 jannewaris 2005 waard oan Spencer de Caimano d'Oro ("Gouden Kaaiman") takend troch de Italjaanske Swimfederaasje. Twa jier letter, yn 2007, waard er troch dyselde organisaasje oansteld as sertifisearre swim- en wetterpolotrener.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen syn mânske postuer en spierde uterlik waard Spencer yn 1949 frege foar in lyts roltsje yn 'e komeedzje Quel Fantasma di Mio Marito (útbrocht yn 1950). Yn 1951 spile er in lid fan 'e Pretoriaanske Garde yn it histoaryske epos Quo Vadis?, dat yn Itaalje opnommen waard troch de Amerikaanske studio MGM. Letter hied er út en troch rollen yn lytse Italjaanske films, lykas Siluri Umani (1954) en Un Eroe dei Nostri Tempi (1955). Syn earste gearwurking mei Terence Hill wie yn 1959, yn Annibale.

Spencer posearret mei fans yn 2011.

Nei de Olympyske Spullen fan 1960 troude Spencer mei Maria Amato, de dochter fan 'e ferneamde Italjaanske filmprodusint Giuseppe Amato, mar yn 't earstoan koe de filmyndustry him net in soad skele. Ynstee sleat er in kontrakt mei RCA Records om teksten te skriuwen foar bekende Italjaanske sjongers as Ornella Vanoni en Nico Fidenco, wylst er ek meiwurke oan 'e soundtrack fan guon films. Nei't syn kontrakt ôfrûn, ûntjoech er him yn 1964 ta dokumintêremakker foar de Italjaanske nasjonale omrop RAI.

Yn 1967 bea regisseur Giuseppe Colizzi Spencer in rol oan yn 'e film Dio Perdona... Io No! (yn Nederlân útbrocht ûnder de titel De Duivel Kent Geen Genade), wêryn't er op 'e nij de tsjinspiler fan Terence Hill (wiere namme: Mario Girotti) wêze soe. Yn 't earstoan wiisde Spencer de rol ôf, mar úteinlik liet er him dochs omprate, net allinnich om mei te spyljen, mar ek om syn burd stean te litten en om hynsteriden te learen. Om't it om in western gie, waard de beide haadrolspilers frege om Ingelske nammen oan te nimmen; Spencer kombinearre dêrta de foarnamme fan 'e troch him bewûndere akteur Spencer Tracy mei syn favorite biermerk Budweiser.

Mei Terence Hill foarme Spencer neitiid hast tweintich jier lang in ûnôfskiedlik duo. Se makken mei-inoar mear as tweintich films, meast spagettywesterns en aksjekomeedzjes (knokfilms), wêrfan't Spencer ferskaten regisearre en produsearre, wylst er teffens aktyf wie as senarioskriuwer. Dizze films hiene hast allegear sawol Italjaanske as Ingelske titels, en waarden yn Nederlân útbrocht ûnder Nederlânsktalige titels, hoewol't se net neisyngronisearre mar ûndertitele waarden. De bekensten wiene: De Snelste Vuisten van het Wilde Westen (1969), De Linker- en de Rechterhand van de Duivel (1970), De Vier Vuisten van de Duivel (1971), De Vier Vuisten de Lucht In (1972), Pas Op Of We Slaan Erop (1974), Vier Vuisten Hebben de Tropenkolder (1983) en Vier Vuisten in het Kwadraat (1984). Fral yn Jeropa hiene Spencer en Hill hjirmei grut súkses.

In sêne út Vier Vuisten in het Kwadraat (1984), mei sawol rjochts as lofts fan 'e tafel Bud Spencer en Terence Hill.

Yn in fraachpetear sei Spencer oer Hill: "Terence is as in broer foar me, en krekt as bruorren binne we it net altyd iens, en hy kin soms in ferfelende klier wêze. [laket] Us relaasje wurdt wat dat oangiet werjûn yn ús films. [...] We mochten altyd graach mei-inoar wurkje, en dat sil de reden wol wêze dat we tegearre sa'n soad films makke hawwe." Nei 1983 gie it wat tuike-oan mei Spencer syn aktearkarriêre, en fan dy tiid ôf lei er him ek mear ta op tillefyzjewurk. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren tachtich spile er, sûnder Hill, Jack 'Big Man' Clementi yn 'e Big Man-filmrige, wêryn't er as perfester de striid mei de misdie oanbûn. Dy films hiene lykwols mar midsmjittich resultaat. Yn 'e 1990-er jierren hied er, ek sûnder Hill, wol in beskaat nij súkses yn in rige tillefyzjefilms mei as titel Extralarge, wêryn't er as resjersjeur Jack 'Extralarge' Costello op 'e nij de misdie te liif gie.

Nei de film De Vier Vuisten de Lucht In, út 1972, behelle Spencer syn fleanbrevet foar sawol ferkearsfleantugen as helikopters. Yn 1984 rjochte er in eigen loftfeartmaatskippij op mei as namme Mistral Air, wêrby't er him benammen talei op it ferfier fan poststikken en pylgers, mar letter die er it bedriuw oer oan Poste Italiane en kocht ynstee in tekstylfabryk dêr't klean foar bern makke waarden. Teffens learde Spencer foar abbekaat, en liet er as útfiner ferskate oktroaien fêstlizze. Fierders finansierde en ûnderstipe er in grut tal goeddiedichheidsorganisaasje op it mêd fan bern.

Bud Spencer yn 2015.

Yn 2005 gie Spencer de polityk yn en stelde er him kandidaat foar it regionale parlemint fan Lazio foar Silvio Berlusconi syn Forza Italia-partij. Spencer sei dat er frijwol alle beroppen alris útoefene hie, behalven balletdûnser, jockey en politikus, en om't balletdûnsjen en hynsteracen fanwegen syn postuer neat wurde koe, woed er it mar ris as politikus prebearje. De opposysje bekritisearre him foar it bedriuwen fan 'showbiz-polityk', en hy ferlear syn ferkiezing.

Spencer troude yn 1960 mei Maria Amato, de dochter fan 'e ferneamde Italjaanske filmprodusint Giuseppe Amato (û.m. ferantwurdlik foar La Dolce Vita). Ut dat houlik waarden twa soannen berne, Giuseppe (1961) en Diamante (1972), en ien dochter, Christine (1962).

Spencer kaam op 27 juny 2016 yn syn wenplak Rome te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy liet syn frou, trije bern, fiif pakesizzers en seis oerpakesizzers nei. Syn autobiografy waard yn 2011 publisearre troch de útjouwerij Schwarzkopf & Schwarzkopf.

Films mei Terence Hill

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier Ingelske titel Italjaanske titel Nederlânske titel rol
1959HannibalAnnibaleAnnibaleRutario
1967God Forgives, I Don'tDio Perdona... Io No!De Duivel Kent Geen GenadeEarp Hutch
1968Ace HighI Quattro dell'Ave MariaHutch Bessy
1969Boot Hill of Boots HillLa Collina degli StivaliDe Snelste Vuisten van het Wilde WestenHutch
1970They Call Me TrinityLo Chiamavano TrinitàDe Linker- en de Rechterhand van de DuivelBambino
1970Blackie, the PirateIl Corsaro NeroDe Duivel Hale JeSkull
1971Trinity is Still My Name... Continuavano a Chiamarlo TrinitàDe Vier Vuisten van de DuivelBambino
1972All the Way, BoysPiù Forte, RagazziDe Vier Vuisten de Lucht InSalud
1974Watch Out, We're MadAltrimenti Ci ArrabbiamoPas Op Of We Slaan EropBen
1974The Two MissionariesPorgi l'Altra GuanciaVier Vuisten voor het GeloofPadre Pedro
1977Crime BustersI Due Superpiedi Quasi PiattiTwee door het Dolle HeenWilbur Walsh
1978Odds and EvensPari e DispariEven en OnevenCharlie Firpo
1979I'm for the HippopotamusIo Sto con gli IppopotamiVier Vuisten op SafariTom
1981Who Finds a Friend, Finds a TreasureChi Trova un Amico, Trova un TesoroVier Vuisten Hebben de TropenkolderCharlie O'Brien
1983Go For ItNati con la CamiciaDe Vier Vuisten Slaan op HolDoug
1984Double TroubleNon c'è Due Senza Quattro Vier Vuisten in het KwadraatGreg Wonder / Antonio Coimbra de la Coronilla y Azevedo
1985Miami SupercopsI Poliziotti dell'Ottava StradaSteve Forrest
1994TroublemakersBotte di NataleMoses

Films sûnder Terence Hill

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier Ingelske titel Italjaanske/Spaanske titel Nederlânske titel rol opmerkings
1950Quel Fantasma di Mio Maritofigurantas Carlo Pedersoli
1951Quo Vadis?lid f.d. Pretoriaanske Gardeas Carlo Pedersoli
1954Human TorpedoesSiluri UmaniMagrinias Carlo Pedersoli
1955A Hero of Our TimesUn Eroe dei Nostri TempiFernandoas Carlo Pedersoli
1957A Farewell to ArmsAddio alle Armicarabiniereas Carlo Pedersoli
1968Today Its Me, Tommorow Its YouOggi a Me... Domani a TeO'Bannion
1968Beyond the LawAl Di là della LeggeJames Cooper
1969Crime of DefeatDio È con Noikpl. Jelinek
1969The Five Man ArmyUn Esercito di Cinque UominiMesito
1971Four Flies on Grey VelvetQuattro Mosche di Velluto GrigioGodfrey 'God'
1972Black TurinTorino NeraRosario Rao
1972It Can Be Done... Amigo!Si Può Fare... Amigo!Amen Broeder, AmenHiram Coburn
1972A Reason to Live, A Reason to DieUna Ragione per Vivere, Una per MorireEen Reden om te StervenEli Sampson
1973Even Angels Eat BeansAnche gli Angeli Mangiano FagioliCharlie Smith
1974Flatfoot: A Fistful of HellPiedone lo SbirroPlatvoetynspekteur 'Flatfoot' Rizzo
1974Turn the Other CheekPorgi l'Altra GuanciaPadre Pedro
1975Flatfoot in Hong KongPiedone a Hong KongPlatvoet in Hongkongynspekteur 'Flatfoot' Rizzo
1976Soldier of FortuneSoldato di VenturaHector Fieramosca
1977CharlestonCharleston
1978Knock-Out CopPiedone l'AfricanoPlatvoet in Afrikaynspekteur 'Flatfoot' Rizzo
1978They Call Him BulldozerLo Chiamavano BulldozerBulldozer
1979The Sheriff and the Satellite KidUno Sceriffo Extraterrestre... Poco Extra e Molto TerrestreDe Sheriff Ziet Ze Vliegensheriff Hall
1979Flatfoot in EgyptPiedone d'EgittoPlatvoet in Egypteynspekteur 'Flatfoot' Rizzo
1980Why Do You Have to Pick on Me?Chissà Perché Capitano Tutte a Me?De Sheriff Maakt Zich Kwaadsheriff Hall
1981Buddy Goes WestOcchio Alla PennaBuddy
1982Thieves and RobbersCane e GattoBud Deelt Doffe Dreunen Uitsersjant Parker
1982Banana JoeBanana JoeBanana Joe
1982Big BomberBomberBud Graziano
1986AladdinSuperfantageniodjin
1988Big Man: The False EtruscanJack 'Big Man' Clementi
1988Big Man: An Unusual InsuranceJack 'Big Man' Clementi
1989Big Man: Let the Buried LieJack 'Big Man' Clementi
1989Big Man: A Policy for Hell Jack 'Big Man' Clementi
1989Big Man: Another Falling StarJack 'Big Man' Clementi
1989Big Man: BoomerangJack 'Big Man' Clementi
1991Speaking of the DevilUn Piede in ParadisoJohn 'Bull' Webster
1991ExtraLarge I: Black and WhiteJack 'Extralarge' Costello
1991ExtraLarge I: Moving TargetJack 'Extralarge' Costello
1991ExtraLarge I: Black MagicJack 'Extralarge' Costello
1991ExtraLarge I: CannonballJack 'Extralarge' Costello
1991ExtraLarge I: Miami KillerJack 'Extralarge' Costello
1991ExtraLarge I: Jo-JoJack 'Extralarge' Costello
1992ExtraLarge II: Lord of the SunJack 'Extralarge' Costello
1993ExtraLarge II: Gonzales' RevengeJack 'Extralarge' Costello
1993ExtraLarge II: Ninja ShadowJack 'Extralarge' Costello
1993ExtraLarge II: DiamondsJack 'Extralarge' Costello
1993ExtraLarge II: Condor MissionJack 'Extralarge' Costello
1993ExtraLarge II: IndiansJack 'Extralarge' Costello
1997We Are Angels 1Noi Siamo Angeli 1Orso
1997We Are Angels 2Noi Siamo Angeli 2Orso
1997We Are Angels 3Noi Siamo Angeli 3Orso
1997We Are Angels 4Noi Siamo Angeli 4Orso
1997We Are Angels 5Noi Siamo Angeli 5Orso
1997We Are Angels 6Noi Siamo Angeli 6Orso
1997FireworksFuochi d'Artificiobline sjonger
1997To the LimitAl LimiteElorza
2000Sons of the WindHijos del VientoQuintero
2001Father HopePadre SperanzaDon Vasari
20023 - 4 EverBops
2003Singing behind ScreensCantando dietro i Paraventikaptein
2009Killing Is My Business, HoneyPepe

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.