Sanne Wevers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sanne Wevers
2015 European Artistic Gymnastics Championships - Balance beam - Sanne Wevers 01 (bysnien).jpg
persoanlike bysûnderheden
namme Sanne Wevers
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 17 septimber 1991
berteplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
lingte 1.56 m
sportive ynformaasje
sport turnjen
ûnderdiel balke, brêge
O.S. Rio de Janeiro 2016
debút 2001
wichtige prestaasjes
Gold medal icon.svg Olympyske Spullen: 1x goud
Gold medal icon.svg NK: 3x goud
Silver medal icon.svg WK: 1x sulver
Silver medal icon.svg NK: 1x sulver
Bronze medal icon.svg EK: 1x brûns

Sanne Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Frysk turnster dy't no op it Hearrenfean wennet. Hja groeide op yn Dronryp en letter yn it Twintske Oldenseal. Wevers wie de earste Nederlânske turnster ea dy't Olympysk kampioen op in yndividueel ûnderdiel wist te wurden. Dat die se op 'e Olympyske Spullen fan 2016 yn Rio de Janeiro, op it ûnderdiel balke. Wevers wûn dêrnjonken ek in sulverne medalje op 'e balke, op it WK fan 2015 en in brûnzene medalje op 'e brêge, op it EK fan datselde jier.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wevers waard yn 1991 berne yn Ljouwert, en is seis minuten âlder as har twillingsuster Lieke Wevers, dy't ek yn it Nederlânske nasjonale turntiim sit. Wevers en har suster binne de dochters fan turntrener Vincent Wevers. Se begûnen al jong mei gymnastyk, op in pleatslike feriening yn Dronryp. Doe't de famkes tolve jier wiene, ferhuze it gesin nei it Twintske Oldenseal, dêr't se ûnder harren heit serieus begûnen te trenen by de klub Topturnen Oost-Nederland, dêr't Vincent Wevers oannommen wie as trener. Nei't Vincent Wevers yn 2013 spul krige mei de lieding fan it Twintske turnbûn en ûntslein waard, kearde er werom nei Fryslân, dêr't Sanne en Lieke Wevers har mei harren heit nei wenjen setten op it Hearrenfean. Harren mem bleau efter yn Oldenzaal.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sanne Wevers makke har ynternasjonale turndebút yn 2007 op in wrâldbekerwedstryd yn it Flaamske Gint, dêr't se it sânde plak behelle op 'e brêge. Datselde jiers waard se ek achtste op 'e balke op 'e Grand Prix fan Glasgow. Op it Jeropeesk kampioenskip turnjen fan 2007 die Wevers mei op 'e brêge, de balke en de flier, mar wist se har net te kwalifisearjen foar de finales. In jier letter waard se mei it Nederlânske tiim op it EK achtste yn 'e tiimfinale en wûn se in sulverne medalje op 'e wrâldbekerwedstryd yn Maribor, yn Sloveenje. Op it Nederlânsk kampioenskip fan 2008 waard se twadde yn 'e kategory allround, fyfde op 'e brêge en twadde op 'e balke en de flier. Nederlân koe lykwols mar ien turnster nei de Olympyske Spullen yn Peking stjoere, en dêrfoar foel de kar op Suzanne Harmes ynstee fan op Wevers.

Yn 2009 rûn Wevers ier yn it seizoen by in wedstryd yn Moskou in blessuere oan 'e earmtakke op, dy't dat jiers har dielname oan fierdere wedstriden tsjinkearde. Yn 2010 naam se diel oan it EK en droech mei in oefening op 'e balke by oan it sânde plak fan Nederlân yn 'e tiimfinale. Dêrop waard se útkeazen om Nederlân te fertsjintwurdigjen op it WK fan datselde jier, dêr't se op 'e balke foar it earst in dûbele draai mei in horizontaal strutsen skonk die, in nije maneuver yn it turnjen, dy't neitiid nei har ferneamd waard. Koart dêrnei krige Wevers in skouderblessuere, dy't letter folge waard troch in foetblessuere. Mei-inoar holden dy har it hiele seizoen fan 2011 út kompetysje, mei as gefolch dat se har net kwalifisearje koe foar de Olympyske Spullen fan 2012 yn Londen.

Yn 2012 behelle Wevers in twadde plak op 'e wrâldbekerwedstryd yn it Tsjechyske Ostrava, yn 2013 folge troch in earste plak op 'e wrâldbekerwedstryd yn it Kroätyske Osijek. Neitiid naam se diel oan it WK fan 2013, mar dêrby kaam se ûnder har oefening op 'e balke te fallen, mei as gefolch dat se har net kwalifisearre foar de finale. Yn juny 2014 wûn Wevers op it Nederlânsk kampioenskip goud op 'e balke en sulver op 'e brêge, mei in njoggende plak allround. Dêrnei naam se diel oan it EK, dêr't it Nederlânske tiim op it njoggende plak einige. Datselde jiers behelle se mei it Nederlânske tiim op it WK in tsiende plak. Yn 2015 begûn Wevers har seizoen mei in fal ûnder har oefening op 'e balke op 'e wrâldbekerwedstryd yn Ljubljana, wat har in poadiumplak koste en ta in fjirde plak feroardiele. Op it EK fan dat jier wûn se in brûnzene medalje op 'e brêge, mar gie se rom oer de tastiene tiid hinne mei har oefening op 'e balke, wat har in achtste plak opsmiet. Op it WK fan 2015 wûn Wevers yn 'e yndividuële wedstryd in sulverne medalje op 'e balke, wylst se mei it Nederlânske tiim in achtste plak behelle.

Yn 2016 waard Wevers by it NK kampioene op sawol de balke as de brêge. Sysels en har twillingsuster Lieke makken beiden diel út fan it Nederlânsk Olympysk tiim fan dat jier. Op 15 augustus wûn Wevers op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro in gouden medalje op 'e balke, mei in skoare fan 15,466. Dat wie de earste kears út 'e Nederlânske Olympyske skiednis dat in gouden medalje wûn waard by it yndividuële frouljusturnjen. (De twa eardere Olympyske gouden medaljes fan Nederlân yn it turnjen wiene fan it frouljustiim op 'e Olympyske Spullen fan Amsterdam, yn 1928, en fan 'e manlike turner Epke Zonderland op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012.) Foar dizze prestaasje waard Wevers op 21 desimber 2016 útroppen ta Nederlânsk sportfrou fan it jier. Op 15 febrewaris 2017 waard se tegearre mei hurdsylster Marit Bouwmeester fan Warten ek útroppen ta Frysk sportfrou fan it jier 2016.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.