Springe nei ynhâld

Lieke Wevers

Ut Wikipedy
Lieke Wevers
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLieke Wevers
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum17 septimber 1991
berteplakLjouwert
reg. identiteit Twintsk
lingte1.67 m
gewicht54 kg
sportive ynformaasje
sportTurnjen
ûnderdielBalk,
Mearkamp
Flier
trenerVincent Wevers
O.S.Rio de Janeiro 2016,
Parys 2024
wichtige prestaasjes
1x goud EK 2015,
1x brûns EK 2015

Lieke Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Nederlânsk turnster.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lieke is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Oldenzaal. Sy hat in twillingsuster, Sanne Wevers, en se binne beide mei 6 jier mei turnjen begûn.[1] Se wurde traind troch harren heit Vincent Wevers.

Lieke wenne yn Oldenzaal en turne earst by Bason TON yn Almelo. Fan 2011 ôf traint har heit har en har suster. Letter makke sy tegearre mei har heit en twillingsuster de oerstap nei Topsport Noord op It Hearrenfean.

Yn 2015 hat Lieke nei de Europeeske Spullen west en dêr hat se ferskate prizen wûn. In gouden plak op de balke en op de flier, mearkamp en lannewedstriid hie se in brûnzen medalje. It jier dêrnei gie sy mei it Nederlânske team nei de Olympyske Spullen yn Rio. Dêr helle sy mei it Nederlânsk team it 7e plak. Ek pleatste Lieke har foar de finale mearkamp yndividueel dêr't se op it 20ste plak einige. Mei har sus pleatste se har foar de Olympyske Simmerspullen fan 2024 yn Parys.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.sanne-lieke.nl/over-sanne-lieke/