Springe nei ynhâld

PC

Ut Wikipedy
PC
De finale fan 'e PC 2006.
De finale fan 'e PC 2006.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
holden yn Sjûkelân
datum 5e woansdei nei 30 juny
bysûnderheden
soarte evenemint sportevenemint (keatsen)
bestean 1850 – no
org. troch Permaninte Kommisje
   fan de Frjentsjerter
   Balferkeatsersdei
offisjele webside
www.pc-franeker.nl

De Keninklike PC (in Nederlânske ôfkoarting foar Permanente Commissie; Frysk: "Permaninte Kommisje") is de wichtichste Fryske keatspartij foar manlju. Dit evenemint wurdt sûnt 1850 yn prinsipe alle jierren holden, en fynt plak op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Tsjintwurdich dogge oan dizze partij 16 partoeren mei. Allinne troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking en nim diel oan 'e PC. Op dizze keatspartij komme alle jierren sa'n 12.000 belangstellenden ôf. De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan 1 july ôf. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Troch omstannichheden hat de PC yn syn skiednis fjouwer kear in jier oerslaan moatten. Sadwaande waard yn 2024 de 171e edysje holden.

It keatsen yn Frjentsjer is gâns âlder as de PC. It is wis dat op it Ald Keatsfjild (no in strjitte tusken de Stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal en Saakstra's Brêge oer de Alde Trekfeart) om 1650 hinne al keatst waard. Yn 1850 en folgjende jierren waarden op dat plak ek de earste keatspartijen organisearre dy't letter (mei weromwurkjende krêft) PC komme soene te hjitten. Oer dy iere PC's is mar sa'n bytsje oerlevere, dat sels de nammen fan 'e winners net bekend bleaun binne.[1] De organisaasje wie yn dy tiid yn 'e hannen fan ferskate Frjentsjerter kastleins.

Yn 1853 rjochte in fiiftal Frjentsjerter winkellju ûnder lieding fan Jan Bogtstra in kommisje op foar wat doe noch de 'Keatspartij te Frjentsjer' neamd waard. Dy kommisje wie yn it foarste plak bedoeld om 'e organisaasje fan it jierlikse evenemint op him te nimmen en om 'e regels en prosedueres fêst te lizzen. Yn bredere sin wie it doel de befoardering en it yn stân hâlden fan it keatsen en de "feredeling" (fierdere ûntwikkeling) fan wat doe as in ienfâldich folksfermaak sjoen waard. Troch it wurk fan dy kommisje, dat mei de edysje fan 1854 begûn, binne fan dy tiid ôf (njonken bestjoerlike en prosedurele ynformaasje) de nammen fan dielnimmers en winners fan 'e PC oerlevere.[2]

Ympresje fan 'e PC fan 1903. (Detail fan âlde printbriefkaart, makker ûnbekend.)

Yn 1855 waard de partij foar it lêst op it Ald Keatsfjild holden; mei yngong fan 'e edysje fan 1856 ferhuze de PC nei it Sternse Slotland, better bekend as it Sjûkelân, dêr't it evenemint neitiid altyd bleaun is.[3] Fan 1866 ôf hiet de kommisje de Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Doe (en net earder) kaam ek de keatspartij dy't troch de kommisje organisearre waard, bekend te stean as de PC. Njonken Jan Bogtstra, dy't yn 1887-1888 foar de PC de earste bûtenlânske keatskontakten lei, wie ek mr. Klaas Bijlsma in legindarysk PC-bestjoerder.[2]

Sûnt 1850 is de PC fiif kear net trochgien: yn 1859 fanwege in pokke-epedemy (of mooglik troch jildgebrek); yn 1866 fanwegen in goalera-epidemy; en yn 1943 en 1944 fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.[2][4] Yn 2020 waard de PC ôflast troch Corona. It bestjoer fûn in PC mei in beheind oantal taskôgers op it Sjûkelân net PC-wurdich.[5] Yn 1883 waard de tradysje ynfierd dat út it winnend partoer fan 'e PC troch de saneamde 'keningskommisje' in kening oanwiisd wurdt. It keningskip op 'e PC is de heechste eare dy't in Fryske keatser behelje kin. De direkte oanlieding ta dizze fernijing wie dat de kommissaris fan de kening, mr. Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten, dat jiers de Sulveren Keningsbal beskikber stelde, in kostbere wikselpriis foar de kening fan 'e PC.[2]

Under de Earste Wrâldoarloch, doe't der in soad Belgyske flechtlingen yn Nederlân wiene, waard de PC yn 1916 wûn troch in partoer fan twa Friezen en in Belch en yn 1917 troch in partoer fan trije Belgen.[1] Fan 'e 1990-er jierren ôf wurdt de PC elts jier op 'e regionale tillefyzje útstjoerd troch Omrop Fryslân. Mei it 150-jierrich bestean fan 'e PC, yn 2003, waarden op it Sjûkelân by wize fan tinkteken twa tuorren pleatst.[6] De PC krige doe ek it predikaat Keninklik taparte.[2] Yn 2018 makke de PC ûnderdiel út fan 'e Keatswike, dy't dat jiers ûnder it biedwurd Heedaar! organisearre waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.[7][8]

Keatspartij yn Frjentsjer, 1924.

Yn 2020 moast de 167e edysje fan 'e PC oergean fanwegen de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus.[9] Yn 'e nûmering fan 'e PC's waard it sifer 167 lykwols al oan 2020 ferbûn, sadat de earstfolgjende PC, yn 2021, nûmer 168 waard.[10] (Earder, doe't de PC yn 'e njoggentjinde iuw oergie fanwegen epidemyen en yn 'e tweintichste iuw fanwegen de Twadde Wrâldoarloch, wie de nûmering mei fersprongen, sadat bgl. op 'e 91e PC yn 1942 de 92e yn 1945 folge.)

Sûnt 1856 wurdt de PC holden op it Sjûkelân, in keatsfjild dat yn 'e Frjentsjerter binnenstêd oan 'e noardkant fan 'e Fiverstrjitte leit, rjocht foar de ôfslach nei de Foarstrjitte oer. It is net tafallich dat oan 'e noardein fan 'e Foarstrjitte ek it Keatsmuseum stiet. Oan 'e PC dogge 16 partoeren mei fan elts trije manlju. Allinnich troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking foar dielname.

De PC wurdt elts jier holden op 'e fyfde woansdei nei 30 juny, wat delkomt op 'e fyfde woansdei yn july of de earste woansdei yn augustus, ôfhinklik fan 'e kalinder. De PC kin beskôge wurde as it Frysk kampioenskip keatsen foar manlju. Persiis ien wike letter wurdt yn Wommels de Freulepartij organisearre, dat de wichtichste keatswedstryd foar jonges is. Der bestiet ek in froulike wjergader fan 'e PC. Dat is de Frouljus-PC, dy't persiis trije wiken nei de PC ferkeatst wurdt yn Weidum.

De PC wurdt organisearre troch de Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Dat is in yn 1853 oprjochte organisaasje dy't bestjoerlik en finansjeel ûnôfhinklik is fan it KNKB. De kommisje is in orgaan dat bestiet út fiif (meastal) manlike leden sûnder maksimale sittingstermyn, en dat himsels troch koöptaasje oanfollet.[2]

Tradysjes omtrint organisaasje en iepening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De PC wurdt omjûn troch âlde tradysjes dy't mei soarch libben holden wurde. In wat frjemde ein yn 't byt is datoangeande de 'Keats Off', dy't pas yn 2012 ynfierd is. Foarhinne waarden alle sechstjin dielnimmende partoeren troch de kommisje oanwiisd, mar sûnt 2012 wurde der njoggentjin partoeren oanwiisd. De earste fyftjin pleatse har streekrjocht, mar om it lêste, sechstjinde plak moat keatst wurde tusken de partoeren 16 oant en mei 19. Dy saneamde Keats Off wurdt op it Sjûkelân holden, op 'e tongersdei foarôfgeande oan 'e PC fan 18.00 oere ôf. Dat barren is foar it publyk fergees tagonklik.[11] Dêrnei jildt de haadklassewedstryd fan Arum, dy't op 'e snein foar de PC organisearre wurdt, al sûnt jier en dei as de 'generale repetysje' foar de PC.[11] De lotting fynt plak op 'e jûn fan 'e moandei foar de PC.[12] Mei-inoar wurde de Keats Off, de wedstryd yn Arum en de lotting ek wol de 'Prolooch' fan 'e PC neamd.[11] De tiisdei tusken de lotting (op moandei) en de PC (op woansdei) yn, wurdt tradisjoneel de 'tuskenynse dei' neamd, in term dy't yntrodusearre waard troch PC-foarsitter Klaas Bijlsma.[13]

De iepening fan 'e PC set útein mei in publyk tagonklike resepsje yn Teäter De Koornbeurs, dy't moarns stipt om 8.00 oere begjint. De fiifkoppige kommisje ferskynt dêr yn rokkostúm en mei hege hoed op. De foarsitter hâldt tradisjoneel in taspraak fan likernôch in trije kertier, wêryn't er oantinkens oan 'e 'goeie âlde tiid' opropt en de winners fan 'e PC fan fyftich jier earder yn it sintsje set, ynsafier't dy oanwêzich binne. Dêrnjonken wurde ek aktuële en organisatoaryske saken oan 'e oarder steld. Hy beslút syn taspraak tradisjoneel mei de wurden: "It giet los." Dêrnei wurde de kening fan it foargeande jier, dy syn beide partoersmaten fan it foargeande jier, de haadskiedsrjochter en de kommisjeleden sels yn iepen rydtugen nei it keatsfjild riden, foarôfgien troch it Stedsk Muzykkorps Harmony, dat ek al oardel iuw bestiet. De optocht giet it hiele ein stadich troch in tichte hage fan publyk en arrivearret om likernôch 9.15 oere op it Sjûkelân. Dêr docht de âlde kening ôfstân fan 'e Sulveren Keningsbal, dy't dêrnei troch de foarsitter fan 'e kommisje foar eltsenien sichtber yn 'e PC-koepel ophongen wurdt. Om persiis 10.00 oere begjinne de wedstriden.[14]

Punteklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it PC-klassemint aller tiden steane Piet Jetze Faber en (sûnt 2022) Taeke Triemstra mei 35 punten op in dield 3e plak, 4 punten efter de legindaryske Harnzer keatser Hotze Schuil, dy't 39 PC-punten byinoar sloech.

De PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

Tal kearen wûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allinne Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Jan Reitsma sr. fan Penjum slagge it de PC 9 kear op harren namme te skriuwen. Goede trêde op dizze list is Piet Jetze Faber mei 8 kear winst. Klaas Boorsma en Sjirk de Wal wûnen beide 7 kear, folge troch Hotze Schuil mei 6 kear winst (út mar leafst 13 finalepartijen). Dyselde moat syn plak diele mei Sake Saakstra en Jan E. Bonnema en sûnt 2021 ek mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra.

Piet Jetze Faber fan Froubuorren is wat it keningskip fan 'e PC oanbelanget de ûnbekreaude listoanfierder: hy krige 4 kear de keningsbal omhongen. Sân keatsers foel 3 kear de heechste PC-eare ta diel: Minze de Vries fan Bitgum, Hotze Schuil fan Harns, Taede Zijlstra fan Wytmarsum, Klaas Kuiken fan Sint-Anne, Tunno Schurer fan Arum, Lammert Scheltes Hilarides fan Penjum en Jan Reitsma sr. fan Penjum.

Hotze Schuil, dy't yn 2005 ferstoar, waard yn 2000 troch it PC-bestjoer útroppen ta 'keatser fan 'e (tweintichtste) iuw'.

Klaverke Fjouwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De PC is mei de Freulepartij, yn Wommels. en de Jong Nederlânpartij en de Bûnspartij foar Senioaren, beide yn Frjentsjer, ien fan 'e keatswedstriden dy't diel útmeitsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't it slagget en win al dy fjouwer partijen.

Winners fan 'e PC

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in list mei de winners fan 'e PC, fan 1854 ôf. Spitigernôch is de oer de winners fan 'e edysjes dy't fan 1850 oant en mei 1853 ferkeatst waarden, neat oerlevere.[1]

nûmer jier keatsers wenplakken kening
1 1850 ûnbekend ûnbekend n.f.t.
2 1851 ûnbekend ûnbekend n.f.t.
3 1852 ûnbekend ûnbekend n.f.t.
4 1853 ûnbekend ûnbekend n.f.t.
5 1854 Pieter B. Rijpma
Rients D. IJntema
Willem K. Boorsma
Penjum
Penjum
Tsjummearum
n.f.t.
6 1855 Evert K. Boorsma
Jan K. Boorsma
Willem K. Boorsma
Tsjummearum
Tsjummearum
Tsjummearum
n.f.t.
7 1856 Johannes F. Felkers
Pieter F. Felkers
Frans F. Felkers
Wommels
Winsum
Winsum
n.f.t.
8 1857 Evert K. Boorsma
Jan K. Boorsma
Willem K. Boorsma
Tsjummearum
Tsjummearum
Tsjummearum
n.f.t.
9 1858 Pieter B. Rijpma
Rients D. IJntema
Pieter U. Rijpma
Penjum
Penjum
Penjum
n.f.t.
1859 gjin PC fanwege in pokke-epidemy
10 1860 Pieter B. Rijpma
Rients D. IJntema
Pieter U. Rijpma
Penjum
Penjum
Penjum
n.f.t.
11 1861 Pieter B. Rijpma
Rients D. IJntema
Pieter U. Rijpma
Penjum
Penjum
Penjum
n.f.t.
12 1862 Pieter B. Rijpma
Rients D. IJntema
Hielke F. Post
Penjum
Penjum
Kimswert
n.f.t.
13 1863 Jan D. Bangma
Frans F. Felkers
Pieter U. Rijpma
Arum
Winsum
Mullum
n.f.t.
14 1864 Jan D. Bangma
Dirk IJ. de Boer
Frans F. Felkers
Arum
Winaam
Winsum
n.f.t.
15 1865 Dirk IJ. de Boer
Pieter IJ. de Boer
Pieter P. Hiddinga
Winaam
Winaam
Winaam
n.f.t.
1866 gjin PC fanwegen in goalera-epidemy
16 1867 Klaas F. Post
Rein Schiphof
Auke Miedema
Kimswert
Berltsum
Berltsum
n.f.t.
17 1868 Klaas F. Post
Rein Schiphof
Auke Miedema
Kimswert
Berltsum
Berltsum
n.f.t.
18 1869 Klaas F. Post
Klaas W. Boorsma
Auke Miedema
Kimswert
Tsjummearum
Frjentsjer
n.f.t.
19 1870 Dirk IJ. de Boer
Jan P. Hiddinga
Auke Miedema
Tsjummearum
Winaam
Sweins
n.f.t.
20 1871 Jan P. Hiddinga
Pieter P. Hiddinga
Auke Miedema
Menaam
Winaam
Sweins
n.f.t.
21 1872 Jan P. Hiddinga
Klaas W. Boorsma
Auke Miedema
Menaam
Sweins
Sweins
n.f.t.
22 1873 Dirk IJ. de Boer
Jan D. Hiddinga
Rients P. Koopmans
Winaam
Winaam
Winaam
n.f.t.
23 1874 Jan E. Bonnema
Jacob T. Runia
Sjouke Anema
Arum
Berltsum
Berltsum
n.f.t.
24 1875 Jan E. Bonnema
Jan D. Hiddinga
Rients P. Koopmans
Arum
Winaam
Frjentsjer
n.f.t.
25 1876 Jacob Klaver
Folkert G. Struiksma
Rients P. Koopmans
Winsum
Easterlittens
Frjentsjer
n.f.t.
26 1877 Jan E. Bonnema
Sjirk de Wal
Johannes Donia
Arum
Dronryp
Dronryp
n.f.t.
27 1878 Jan E. Bonnema
Sjirk de Wal
Rein van de Witte
Arum
Dronryp
Penjum
n.f.t.
28 1879 Tjerk Hiemstra
Wiebe P. Steensma
Rein van de Witte
Penjum
Penjum
Penjum
n.f.t.
29 1880 Jan E. Bonnema
Sjirk de Wal
Jelle Bruinsma
Arum
Dronryp
Arum
n.f.t.
30 1881 Jan E. Bonnema
Klaas W. Boorsma
Sjirk de Wal
Arum
Wjelsryp
Dronryp
n.f.t.
31 1882 Wiebren Kooistra
Meindert Kooistra
Rein van de Witte
Dokkum
Dokkum
Penjum
n.f.t.
32 1883 Sjirk de Wal
Klaas W. Boorsma
Auke Miedema
Dronryp
Sweins
Sweins
Auke Miedema
33 1884 Hein D. Postma
Marten C. Banning
Tjerk Hiemstra
Surch
Penjum
Penjum
Hein D. Postma
34 1885 Sjirk de Wal
Klaas W. Boorsma
Auke Miedema
Dronryp
Sweins
Sweins
Sjirk de Wal
35 1886 Sjirk de Wal
Klaas W. Boorsma
Jacob Wassenaar
Dronryp
Sweins
Sint-Jabik
Klaas W. Boorsma
36 1887 Jacob Wassenaar
Klaas W. Boorsma
Lammert S. Hilarides
Sint-Jabik
Sweins
Penjum
Lammert S. Hilarides
37 1888 Siebren G. Kooistra
Meindert Kooistra
Lammert S. Hilarides
Harns
Harns
Penjum
Lammert S. Hilarides
38 1889 Meindert Kooistra
Wiebren Kooista
Lammert S. Hilarides
Harns
Dokkum
Penjum
Lammert S. Hilarides
39 1890 Pieter B. Yetsenga
Jan Reitsma sr.
Taeke de Jong
Arum
Penjum
Penjum
Pieter B. Yetsenga
40 1891 Johannes Anema
Hemke Elzinga
Cornelis van der Weg
Skingen
Holwert
Tsjummearum
Johannes Anema
41 1892 Johannes Anema
Jan Reitsma sr.
Nanne S. de Boer
Skingen
Penjum
Penjum
Johannes Anema
42 1893 Johannes Anema
Jan Reitsma sr.
Pieter B. Yetsenga
Skingen
Penjum
Arum
Jan Reitsma sr.
43 1894 Johannes Bierma
Klaas Leeuwen
Arjen de Vries
Sint-Jabik
Sint-Jabik
Berltsum
Johannes Bierma
44 1895 Johannes Anema
Jan Reitsma sr.
Pieter B. Yetsenga
Skingen
Penjum
Arum
Pieter B. Yetsenga
45 1896 Minze de Vries
Sjoerd Heslinga
Klaas P. Vonk
Bitgum
Bitgum
Bitgum
Minze de Vries
46 1897 Minze de Vries
Jan Reitsma sr.
Klaas P. Vonk
Bitgum
Penjum
Bitgum
Minze de Vries
47 1898 Johannes Bierma
Jan Reitsma sr.
Johannes Struiksma
Sint-Jabik
Penjum
Wommels
Johannes Struiksma
48 1899 Johannes Bierma
Jan Reitsma sr.
Johannes Struiksma
Sint-Jabik
Penjum
Wommels
Jan Reitsma sr.
49 1900 Minze de Vries
Gerben Wassenaar
Anne Groenveld
Bitgum
Bitgum
Bitgum
Minze de Vries
50 1901 Jan Reitsma sr.
Jan Kuperus
Meindert Helfrich
Penjum
Marsum
Kimswert
Jan Kuperus
51 1902 Sijtze A. Kooistra
Jan Kuperus
Johannes Struiksma
Wytmarsum
Wytmarsum
Wommels
Jan Kuperus
52 1903 Minze de Vries
Jan Reitsma sr.
Johannes Struiksma
Bitgum
Penjum
Wommels
Jan Reitsma sr.
53 1904 Pieter Hovenga
Lodewijk Leicht
Rinze Feitsma
Marsum
Frjentsjer
Wommels
Pieter Hovenga
54 1905 Tjeerd W. Kooistra
Jan W. Kooistra
Gerrit Terpstra
Dokkum
Dokkum
Marsum
Tjeerd W. Kooistra
55 1906 Catrinus Werkhoven
Sijtze A. Kooistra
Tjeerd W. Kooistra
Wytmarsum
Wytmarsum
Dokkum
Sijtze A. Kooistra
56 1907 Sijtze A. Kooistra
Tjeerd W. Kooistra
Meindert Helfrich
Wytmarsum
Dokkum
Kimswert
Sijtze A. Kooistra
57 1908 Ultsje Tijmstra
Hans Schaafsma
Roel Boorsma
De Lemmer
Arum
Wommels
Ultsje Tijmstra
58 1909 Catrinus Werkhoven
Sijtze A. Kooistra
Rein Zaagemans
Wytmarsum
Wytmarsum
Wytmarsum
Catrinus Werkhoven
59 1910 Catrinus Werkhoven
Sijtze A. Kooistra
Tjeerd W. Kooistra
Wytmarsum
Wytmarsum
Ljouwert
Catrinus Werkhoven
60 1911 Tjeerd W. Kooistra
Sijtze A. Kooistra
Rein Zaagemans
Dokkum
Wytmarsum
Wytmarsum
Sijtze A. Kooistra
61 1912 Rinse Brink
Sikke de Vries
Sybolt M. Tigchelaar
Easterlittens
Harns
Dronryp
Sybolt M. Tigchelaar
62 1913 Catrinus Werkhoven
Anne Smidts
Ids Roukema
Wytmarsum
Frjentsjer
Harns
Anne Smidts
63 1914 Rinse Brink
Germ Hoitsma
Rein Zaagemans
Easterlittens
Berltsum
Wytmarsum
Germ Hoitsma
64 1915 Jacobus Jellema
Sikke de Vries
Hendrik van Haitsma
Frjentsjer
Harns
Frjentsjer
Sikke de Vries
65 1916 Rinse Brink
Ids Roukema
August van Lierde
Easterlittens
Harns
Belgje
Rinse Brink
66 1917 August van Lierde
Émile Hoyois
Georges Herphelin
Belgje
Belgje
Belgje
August van Lierde
67 1918 Hubert Westerhuis
Roelof de Jong
Pé Hiemstra
Easterlittens
Wommels
Wommels
Hubert Westerhuis
68 1919 Jan IJ. Heeg
Anne Smidts
Sybolt M. Tigchelaar
Easterein
Frjentsjer
Dronryp
Anne Smidts
69 1920 Taede Zijlstra
Ids Roukema
Ids Jousma
Wytmarsum
Harns
Dokkum
Ids Jousma
70 1921 Taede Zijlstra
Jan IJ. Heeg
Rinze R. Yetsinga
Wytmarsum
Easterein
Arum
Jan IJ. Heeg
71 1922 Taede Zijlstra
Jan IJ. Heeg
Rinze R. Yetsinga
Wytmarsum
Easterein
Arum
Rinze R. Yetsinga
72 1923 Machiel Miedema
Ids Roukema
Klaas de Jager
Frjentsjer
Harns
Harns
Ids Roukema
73 1924 Hans Knol
Ids Roukema
Klaas de Jager
Harns
Harns
Harns
Klaas de Jager
74 1925 Taede Zijlstra
Klaas Kuiken
Ids Jousma
Wytmarsum
Sint-Jabik
Dokkum
Klaas Kuiken
75 1926 Taede Zijlstra
Klaas Kuiken
Ids Jousma
Wytmarsum
Sint-Jabik
Dokkum
Klaas Kuiken
76 1927 Germ Koster
Rinze Werkhoven
Sake Zijlstra
Dokkum
Frjentsjer
Bitgum
Germ Koster
77 1928 Ids Roukema
Dirk de Jong
Klaas Kooistra
Wommels
Wier
Dokkum
Klaas Kooistra
78 1929 Taede Zijlstra
Pieter Helfrich
Ids Jousma
Wytmarsum
Harns
Dokkum
Taede Zijlstra
79 1930 Reinder Terpstra
Nanne Koopmans
Klaas Kooistra
Bitgum
Ljouwert
Dokkum
Reinder Terpstra
80 1931 Taede Zijlstra
Pieter Helfrich
Klaas de Jager
Wytmarsum
Harns
Harns
Pieter Helfrich
81 1932 Klaas Kuiken
Sape de Haan
Jan van der Lei
Sint-Jabik
Berltsum
Berltsum
Klaas Kuiken
82 1933 Hans Knol
Dooitzen de Bildt
Anne van Sinderen
Harns
Sint-Jabik
Sint-Anne
Dooitzen de Bildt
83 1934 Marten van der Hem
Hampie Bogaard
Klaas de Jager
Raerd
Harns
Harns
Marten van der Hem
84 1935 Taede Zijlstra
Dooitzen de Bildt
Sjouke Helfrich
Wytmarsum
Sint-Jabik
Sint-Jabik
Taede Zijlstra
85 1936 Marten van der Hem
Anne Braam
Willem Bosma
Raerd
Seisbierrum
Boalsert
Willem Bosma
86 1937 Klaas Kuiken
Dooitzen de Bildt
Sjouke Helfrich
Sint-Jabik
Sint-Jabik
Frjentsjer
Sjouke Helfrich
87 1938 Folkert Hiddinga
Cees Kamminga
Willem Bosma
Weidum
Arum
Boalsert
Cees Kamminga
88 1939 Taede Zijlstra
IJnze Kuperus
Sjouke Helfrich
Wytmarsum
Winaam
Winaam
Taede Zijlstra
89 1940 Marten van der Hem
Lou Seerden
Feite de Jager
Raerd
Frjentsjer
Harns
Lou Seerden
90 1941 Klaas Kuiken
Jan de Groot
Sjouke Helfrich
Sint-Anne
Weidum
Winaam
Jan de Groot
91 1942 Jan Rodenhuis
Feite de Jager
Frans Helfrich
Húns
Harns
Harns
Jan Rodenhuis
1943 gjin PC fanwegen de Twadde Wrâldoarloch
1944
92 1945 Klaas Posthumus
Pieter de Haan
Hiele de Haan
Holwert
Holwert
Ljouwert
Klaas Posthumus
93 1946 Hotze Schuil
Æbe Haima
Riemer Reinalda
Harns
Doanjum
Winsum
Hotze Schuil
94 1947 Hotze Schuil
Æbe Haima
Frans Helfrich
Harns
Doanjum
Harns
Hotze Schuil
95 1948 Marten van der Leest
Theun de Bruin
Sjouke Helfrich
Stiens
Ljouwert
Wergea
Marten van der Leest
96 1949 Lammert Heeringa
Hotze Schuil
Wijtse Vlietstra
Holwert
Harns
Frjentsjer
Lammert Heeringa
97 1950 Marten van der Leest
Theun de Bruin
Arp Hiemstra
Stiens
Ljouwert
Ljouwert
Marten van der Leest
98 1951 Roel Hoekstra
Pieter de Haan
Hiele de Haan
Ternaard
Holwert
Holwert
Hiele de Haan
99 1952 Hotze Schuil
Sikke Olivier
Frans Helfrich
Harns
Harns
Ljouwert
Hotze Schuil
100 1953 Hotze Schuil
Rinnie Kuiper
Frans Helfrich
Harns
Makkum
Ljouwert
Rinnie Kuiper
101 1954 Johannes Stavinga
Albert Veldkamp
Sipke van der Zee
Poppenwier
Huzum
Ljouwert
Johannes Stavinga
102 1955 Meindert van der Weerd
Johannes Zijlstra
Wijtse Vlietstra
Arum
Kimswert
Frjentsjer
Wijtse Vlietstra
103 1956 Marten van der Leest
Johan Jansen
Arp Hiemstra
Stiens
Harns
Ljouwert
Arp Hiemstra
104 1957 Jan Sijtsma
Albert Rinia
Sake Faber
Rie
Makkum
Berltsum
Jan Sijtsma
105 1958 Roel Hoekstra
Johan Jansen
Albert Veldkamp
Ternaard
Harns
Huzum
Johan Jansen
106 1959 Meindert van der Weerd
Albert Rinia
Rinnie Kuiper
Arum
Makkum
Makkum
Rinnie Kuiper
107 1960 Jan Sijtsma
Johannes Zijlstra
Dirk van der Zee
Rie
Kimswert
Ljouwert
Johannes Zijlstra
108 1961 Rienk de Groot
Johan Jansen
Martinus Santema
Ljouwert
Harns
Easterlittens
Martinus Santema
109 1962 Gerrit Okkinga
Drewis Smedinga
Sjoerd Heeringa
Easterein
Harns
Tsjummearum
Drewis Smedinga
110 1963 Gerrit Okkinga
Drewis Smedinga
Martinus Santema
Easterein
Harns
Easterlittens
Gerrit Okkinga
111 1964 Rienk de Groot
Sjoerd Heeringa
Johan Halbesma
Ljouwert
Tsjummearum
Harns
Johan Halbesma
112 1965 Hein Zijlstra
Martinus Santema
Gerrit Langerak
Deinum
Easterlittens
Snits
Hein Zijlstra
113 1966 Rienk de Groot
Gerrit de Jong
Durk Talsma
Ljouwert
Snits
Weidum
Gerrit de Jong
114 1967 Hotze Schuil
Klaas van Wieren
Johan Halbesma
Harns
Marsum
Harns
Klaas van Wieren
115 1968 Johan van Seijst
Tamme Velstra
Johannes Westra
Frjentsjer
Baard
Ljouwert
Tamme Velstra
116 1969 Johan van Seijst
Sikke Sikkema
Johannes Westra
Frjentsjer
Frjentsjer
Ljouwert
Johan van Seijst
117 1970 Gerrit Okkinga
Klaas van Wieren
Durk Talsma
Arum
Marsum
Weidum
Durk Talsma
118 1971 Jarich van der Veen
Gerrit de Jong
Reitse Mienstra
Ikkerwâld
Snits
It Hearrenfean
Reitse Mienstra
119 1972 Piet de Jong
Bert Rinia
André Roosenburg jr.
Wommels
Makkum
Frjentsjer
Bert Rinia
120 1973 Sjouke de Boer
Wybren van Wieren
Gerrit van der Heide
Eksmoarre
Marsum
Harns
Sjouke de Boer
121 1974 Jarich van der Veen
Gerrit de Jong
Flip Soolsma
Damwâld
Snits
Drachten
Jarich van der Veen
122 1975 Johan van Seijst
Klaas van Wieren
Piet Jetze Faber
Drachten
Berltsum
Stiens
Johan van Seijst
123 1976 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Durk Talsma
Winsum
Stiens
Weidum
Sake Saakstra
124 1977 Sjouke de Boer
Klaas van Wieren
Wybren van Wieren
Eksmoarre
Berltsum
Marsum
Wybren van Wieren
125 1978 Sjouke de Boer
Klaas van Wieren
Wybren van Wieren
Eksmoarre
Berltsum
Marsum
Sjouke de Boer
126 1979 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Flip Soolsma
Grou
Froubuorren
Boarnburgum
Piet Jetze Faber
127 1980 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Flip Soolsma
Grou
Froubuorren
Boarnburgum
Piet Jetze Faber
128 1981 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Tjisse Wallendal
Grou
Froubuorren
Rie
Sake Saakstra
129 1982 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Johannes Brandsma
Grou
Froubuorren
Seisbierrum
Piet Jetze Faber
130 1983 Sake Saakstra
Piet Jetze Faber
Johannes Brandsma
Grou
Froubuorren
Seisbierrum
Piet Jetze Faber
131 1984 Peter Rinia
Wybren van Wieren
Tunno Schurer
Makkum
Marsum
Frjentsjer
Wybren van Wieren
132 1985 Ruurd Rutten
Johannes van Dijk
Tjerk de Groot
Winaam
Seisbierrum
Froubuorren
Johannes van Dijk
133 1986 Peter Rinia
Wybren van Wieren
Tunno Schurer
Makkum
Marsum
Frjentsjer
Tunno Schurer
134 1987 Peter Rinia
Johannes Brandsma
Tunno Schurer
Makkum
Seisbierrum
Frjentsjer
Tunno Schurer
135 1988 Peter Rinia
Johannes Brandsma
Tunno Schurer
Makkum
Seisbierrum
Frjentsjer
Tunno Schurer
136 1989 Joop Bierma
Sake Porte
Hotze Rusticus
Sint-Jabik
Stiens
Marsum
Joop Bierma
137 1990 Coos Veltman
Piet Jetze Faber
Tunno Schurer
Dronryp
Froubuorren
Frjentsjer
Coos Veltman
138 1991 Erik Seerden
Rinse Bleeker
Thomas van der Meer
Frjentsjer
It Hearrenfean
Akkrum
Erik Seerden
139 1992 Erik Seerden
Rinse Bleeker
Thomas van der Meer
Frjentsjer
It Hearrenfean
Akkrum
Rinse Bleeker
140 1993 Erik Seerden
Rinse Bleeker
Thomas van der Meer
Ljouwert
It Hearrenfean
Akkrum
Thomas van der Meer
141 1994 Coos Veltman
Johannes van Dijk
Hotze Rusticus
De Jouwer
Ljouwert
Marsum
Coos Veltman
142 1995 Simon Minnesma
Sake Porte
Klaas Anne Terpstra
Menaam
Grins
Menaam
Simon Minnesma
143 1996 Johan Okkinga
Sake Porte
Pieter Tienstra
Arum
Grins
Winsum (Grinslân)
Johan Okkinga
144 1997 Pieter van Tuinen
Rinse Bleeker
Chris Wassenaar
Grins
It Hearrenfean
Minnertsgea
Pieter van Tuinen
145 1998 Johan Okkinga
Sake Porte
Auke van der Graaf
Arum
Winsum (Grinslân)
Berltsum
Johan Okkinga
146 1999 Johan Okkinga
Sake Porte
Auke van der Graaf
Arum
Winsum (Grinslân)
Berltsum
Auke van der Graaf
147 2000 Klaas Berkepas
Dirk Jan van der Woud
Klaas Anne Terpstra
Aldeboarn
Goutum
Minnertsgea
Klaas Anne Terpstra
148 2001 Pieter van Tuinen
André Kuipers
Chris Wassenaar
Ljouwert
Bitgummole
Minnertsgea
Chris Wassenaar
149 2002 Rutmer van der Meer
Jacob Wassenaar
Cornelis Terpstra
Wergea
Minnertsgea
Minnertsgea
Cornelis Terpstra
150 2003 Johannes G. Dijkstra
Karel Nijman
Folkert van der Wei
Huzum
Ljouwert
Wytmarsum
Johannes G. Dijkstra
151 2004 Johan Abma
Pieter Scharringa
Daniël Iseger
Gau
Dronryp
Huzum
Daniël Iseger
152 2005 Rutmer van der Meer,
Jacob Wassenaar
Chris Wassenaar
Ljouwert
Minnertsgea
Minnertsgea
Chris Wassenaar
153 2006 Johan van der Meulen
Taeke Triemstra
Kor Zittema
Damwâld
Sint-Jabik
Bitgum
Taeke Triemstra
154 2007 Johan van der Meulen
Taeke Triemstra
Auke van der Graaf
Broeksterwâld
Sint-Jabik
Berltsum
Johan van der Meulen
155 2008 Jochum Bouma
Auke van der Graaf
Douwe Groenendijk
Easterlittens
Berltsum
It Hearrenfean
Douwe Groenendijk
156 2009 Gert-Anne van der Bos
Folkert van der Wei
Daniël Iseger
Holwert
Wytmarsum
Ljouwert
Gert-Anne van der Bos
157 2010 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
Holwert
Sint-Jabik
Ljouwert
Gert-Anne van der Bos
158 2011 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
Holwert
Sint-Jabik
Ljouwert
Daniël Iseger
159 2012 Hendrik Tolsma
René Anema
Thomas van Zuiden
Goutum
Balk
Tsjerkwert
Thomas van Zuiden
160 2013 Johan van der Meulen
Renze Pieter Hiemstra
Hylke Bruinsma
Bitgummole
Sint-Jabik
Minnertsgea
Renze Pieter Hiemstra
161 2014 Gert-Anne van der Bos
Jacob Wassenaar
Daniël Iseger
Holwert
Minnertsgea
Ljouwert
Daniël Iseger
162 2015 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
Mantgum
Sint-Jabik
Ljouwert
Gert-Anne van der Bos
163 2016 Jan-Dirk de Groot
Renze Pieter Hiemstra
Hans Wassenaar
Driezum
Sint-Jabik
Ljouwert
Hans Wassenaar
164 2017 Bauke Triemstra
Alle Jan Anema
Hendrik Kootstra
Sint-Jabik
Grou
Minnertsgea
Hendrik Kootstra
165 2018 Peter van Zuiden
Allard Hoekstra
Thomas van Zuiden
Boalsert
Frjentsjer
Boalsert
Allard Hoekstra
166 2019 Marten Bergsma
Renze Pieter Hiemstra
Hans Wassenaar
Minnertsgea
Deinum
Ljouwert
Hans Wassenaar
(167) 2020 gjin PC fanwegen koroana
168 2021 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Erwin Zijlstra
Mantgum
Sint-Jabik
Easterlittens
Erwin Zijlstra
169 2022 Tjisse Steenstra
Hans Wassenaar
Renze Pieter Hiemstra
Bitgummole
Ljouwert
Deinum
Tjisse Steenstra
170 2023 Tjisse Steenstra
Hans Wassenaar
Renze Pieter Hiemstra
Bitgummole
Bitgummole
Deinum
Tjisse Steenstra
171 2024 Menno van Zwieten
Gabe-Jan van Popta
Tsjisse Steenstra
It Hearrenfean
Boalsert
Bitgummole
Tjisse Steenstra

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tema:Keatsen – De Wikipedy hat ek in temaside oer it keatsen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 ――, Winnaars 1854-heden, yn: van Wad tot Stad, 31 july 2018, s. 75, 77 en 79.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2091..
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2416.
  4. ——, PC vier keer niet verkaatst, yn: van Wad tot Stad, 31 july 2018, s. 101.
  5. https://www.omropfryslan.nl/nijs/977933-pc-yn-frjentsjer-giet-definityf-net-troch-hiel-pynlik-beslut PC yn Frjentsjer giet definityf net troch nijsberjocht op webstee Omrop Fryslân, 23 july 2020
  6. ——, It Sjûkelân, op 'e webside fan 'e PC.
  7. ――, Groots feest Keatswike, onthulling stadswandeling, yn: de Frjentsjerter Krante, 9 maaie 2018, s. 3.
  8. Bokma, Hinne, Heedaar!: In ynternasjonaal keatsfeest yn Frjentsjer, yn: Op 'e Skille, 11 july 2018, s. 7.
  9. ——, Geen PC in 2020, op PC-Franeker.nl
  10. ——, 168e PC op 4 augustus gaat door, op PC-Franeker.nl
  11. 11,0 11,1 11,2 ——, Proloog op 'e webside fan 'e PC.
  12. ——, Loting op 'e webside fan 'e PC.
  13. ——, Tuskenynse dei op 'e webside fan 'e PC.
  14. ——, Receptie op 'e webside fan 'e PC.

Keninklike PC
· 1850 · 1851 · 1852 · 1853 · 1854 · 1855 · 1856 · 1857 · 1858 · 1859 · 1860 · 1861 · 1862 · 1863 · 1864 · 1865 · 1866 · 1867 · 1868 · 1869 · 1870 · 1871 · 1872 · 1873 · 1874 · 1875 · 1876 · 1877 · 1878 · 1879 · 1880 · 1881 · 1882 · 1883 · 1884 · 1885 · 1886 · 1887 · 1888 · 1889 · 1890 · 1891 · 1892 · 1893 · 1894 · 1895 · 1896 · 1897 · 1898 · 1899 · 1900 · 1901 · 1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1915 · 1916 · 1917 · 1918 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1941 · 1942 · 1943 · 1944 · 1945 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
· · Berjocht bewurkje