Evert Klazes Boorsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Evert K. Boorsma)
Evert Klazes Boorsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Evert Klazes Boorsma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 22 jannewaris 1835
berteplak Tsjummearum (Fryslân)
stjerdatum 9 jannewaris 1872
stjerplak Tsjummearum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút <1854
karriêre-ein 1867
wichtige prestaasjes
PC: 2× earste priis
PC: 5× trêde priis

Evert Klazes Boorsma (Tsjummearum, 22 jannewaris 1835 – dêre, 9 jannewaris 1872) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw twa kear de PC wûn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boorsma waard yn 1835 berne yn Tsjummearum, yn 'e doetiidske gritenij Barradiel. Hy moat al foar 1854 úteinset wêze mei in karriêre yn it keatsen, mar út dy tiid is gjin ynformaasje oerlevere. Yn elts gefal wûn er yn 1855 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út syn bruorren Willem Klazes Boorsma en Jan Klazes Boorsma.

Yn 1856 behelle Boorsma it twadde plak op 'e PC mei in partoer dêr't syn beide bruorren gjin diel fan útmakken. Yn 'e finale moasten hy en syn maten it dat jiers ôflizze tsjin 'e trije bruorren Felkers fan Winsum. Yn 1857 hie de PC in unike finale, wêryn't twa partoeren fan elts trije bruorren it tsjininoar opnamen. Soks is neitiid nea wer foarkommen. De bruorren Boorsma fersloegen de winners fan it foargeande jier, te witten: Johannes Frearks Felkers, Pieter Frearks Felkers en Frans Frearks Felkers. De bruorren Boorsma wûnen sulverne tabaksdoazen, en de bruorren Felkers sulverne leppels.

Neitiid behelle Evert Klazes Boorsma noch fjouwer kear it twadde plak op 'e PC, yn 1860, 1861 en 1863 mei syn bruorren Willem en Jan, en yn 1865 mei in oar partoer. Dêrmei garre er yn totaal 16 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er yn 1867 ophold mei keatsen. Hy kaam yn 1872 yn 'e âlderdom fan krapoan 40 jier yn syn berteplak Tsjummearum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: