Wybren van Wieren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wybren van Wieren (Marsum, 6 juny 1953) is in technysk tekener en keatser út Marsum. Ek syn bruorren Robert (1942), Klaas (1944) en Jos (*1946) wienen keatsers.

Wybren wûn twa tredde prizen op it NK foar skoaljonges (1963 en 1965) en ien tredde op de Jong Nederlânpartij yn 1975. Yn 1971 keatste hy foar it earst op de PC as foarynse. Mei keatsferiening "Foarút" út Marsum waard hy Nederlânsk kampioen. Nei dy tiid hat er keatst mei Sjouke de Boer, Peter Rinia, Tunno Schurer, Gerrit van der Heide en syn bruorren. Letter waard er efterynse en syn opslach stie doe bekend as de "Swyp fan Wyp". Dêrnei hat er in soad prizen wûn: 140 earste, 134 twadde en 100 tredde prizen.

Op 16 septimber 1990 naam Van Wieren ôfskie. Mei Sake Saakstra en Johannes Brandsma is hy op 14 septimber huldige foar syn keatsfertsjinsten op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Yn it ivich keatsklassemint stiet hy yn 2007 mei 788 punten op in tredde plak. Waard 42 kear kening.

Hy is letter foarsitter fan keatsferiening Foarút wurden.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1972 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1973 Bûnspartij senioren / NK 2e priis
  • 1973 PC 1e priis
  • 1974 Jong Nederland / NK junioaren 5e priis
  • 1974 PC 2e priis
  • 1975 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1975 Jong Nederland / NK junioaren 3e priis
  • 1976 Bûnspartij senioaren / NK 10e priis
  • 1976 PC 2e priis
  • 1977 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis
  • 1977 PC 1e priis
  • 1978 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1978 PC 1e priis
  • 1979 Bûnspartij senioaren / NK 9e priis
  • 1979 PC 3e priis
  • 1981 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis
  • 1982 Bûnsspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1982 PC 3e priis
  • 1983 PC 3e priis
  • 1984 Bûnspartij senioaren / NK 7e priis
  • 1984 PC 1e priis
  • 1985 Bûnspartij senioaren / NK 11e priis
  • 1986 PC 1e priis
  • 1987 PC 4e priis
  • 1988 PC 3e priis
  • 1989 Bûnspartij senioren / NK 2e priis
  • 1989 PC 3e priis
  • 1991 Bûnspartij senioaren / NK 6e priis
  • 1993 Bûnspartij senioaren / NK 7e priis

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: