Springe nei ynhâld

PC 2008

Ut Wikipedy
PC 2008
155e edysje
iepening fan de PC troch de foarsitter Minne Dijkstra
iepening fan de PC troch de foarsitter Minne Dijkstra
Algemien
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Frjentsjerteradiel
plak Frjentsjer
fjildSjûkelân
org. trochPermaninte Kommisje
   fan de Frjentsjerter
   Balferkeatsersdei
Data
Datum30 july 2008
FinalePartoer 3 Bouma,
Partoer 15 van der Bos
WinnersJochum Bouma,
Auke van der Graaf,
Douwe Groenendijk
KeningDouwe Groenendijk
Navigaasje
foarrige edysjePC 2007
folgjende edysjePC 2009
offisjele webside
pc-franeker.nl
Temaside  Fryske sport
de winners fan de PC, Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk

De PC fan 2008 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 155ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

Oer it lotsjen wiene de measte minsken wol tefreden. De haadklasse partoeren wiene aardich oer de list ferdield, allinne de wedstriid tusken partoer 5 en 6 (de finale fan it foargeande jier) wie wol wat spitich. Dit waard ek in tige spannende partij. Lang om let kaam alles oan de hang en doe wie it Klaas Berkepas dy't it perk miste, wat ek wol spitich wie om't hy foar it lêst oan de PC meidie.
Ek yn de wedstriid fan it jeugdige partoer fan Jelte Pieter Dijkstra kaam alles oan de hang mar hjir wie it it partoer fan Abma dy't trochgie.

nû. partoer útslach nû. partoer
1 Simon Minnesma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra
5-2
6-6
2 Pieter Bakker
Tjerck Karsten
Tjibbe Hansma
3 Jochum Bouma
Auke van der Graaf
Douwe Groenendijk
5-4
6-0
4 Hendrik Tolsma
Michel van der Veen
Johannes Boersma
5 Johan van der Meulen
Herman Sprik
Taeke Triemstra
5-5
6-6
6 Klaas Berkepas
Jan Willem van Beem
Daniël Iseger
7 Jelte Pieter Dijkstra
Hans Wassenaar
Site Ferwerda
5-5
6-6
8 Johan Abma
Jacob Klaas Haitsma
Gerrit Flisijn
9 Martijn Olijnsma
Erik Haitsma
Pier Piersma
5-3
6-6
10 Jan Dirk de Groot
Renze Pieter Hiemstra
Alle Jan Anema
11 Rutmer van der Meer
Jacob Wassenaar
Chris Wassenaar
5-0
6-0
12 Wilco Rinia
Karel Nijman
Gert Jan Meekma
13 Sibbele Lootsma
Marten Hiemstra
Lennart Adema
3-5
4-6
14 Gerben-Hein Wijtsma
Jacob Zaagemans
Peter de Boer
15 Gert-Anne van der Bos
Tjitte Bonnema
Folkert van der Wei
5-1
6-4
16 Marten van der Leest
Pieter Jan Plat
Feiko Broersma
nû. partoer útslach nû. partoer
1 Simon Minnesma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra
3-5
2-6
3 Jochum Bouma
Auke van der Graaf
Douwe Groenendijk
5 Johan van der Meulen
Herman Sprik
Taeke Triemstra
5-1
6-2
8 Johan Abma
Jacob Klaas Haitsma
Gerrit Flisijn
9 Martijn Olijnsma
Erik Haitsma
Pier Piersma
3-5
4-6
11 Rutmer van der Meer
Jacob Wassenaar
Chris Wassenaar
14 Gerben-Hein Wijtsma
Jacob Zaagemans
Peter de Boer
1-5
4-6
15 Gert-Anne van der Bos
Tjitte Bonnema
Folkert van der Wei

Yn de heale finale's wiene it twa ûnferwachtse winners. Earst wiene it Jochum Bouma dy't wûnen fan it partoer fan Johan van der Meulen dy't allegear net yn harren bêste dwaan wiene.
De twadde ferrassing wie de útskeakeling fan it de bruorren Wassenaar. Dy wiene de earste twa listen frij maklik trochkaam mar tsjin it partoer fan Gert-Anne van der Bos wie it foaral troch it bêst opslachwurk fan Gert-Anne van der Bos eins wol gau dúdlik dat it partoer fan Rutmer van der Meer de finale net helje soe.

nû. partoer útslach nû. partoer
3 Jochum Bouma
Auke van der Graaf
Douwe Groenendijk
5-3
6-6
5 Johan van der Meulen
Herman Sprik
Taeke Triemstra
11 Rutmer van der Meer
Jacob Wassenaar
Chris Wassenaar
3-5
4-6
15 Gert-Anne van der Bos
Tjitte Bonnema
Folkert van der Wei

De finale waard begûn om in oere as seis. Om't de perken dit jier oan de stêdkant leine, oars lizze se meast oan de bolwurkkant, hie it perk mei de finale bot lêst fan de sinne dy't krekt oer de beammen fan it bolwurk skynde. It wie sels sa slim dat Douwe Groenendijk in hege bal fan Gert-Anne van der Bos hielendal kwyt wie sadat de bal krekt foar syn fuotten delkaam sûnder dat hy wat dwaan koe.
Dochs wie it it perk fan Douwe Groenendijk en Auke van der Graaf dy't hjir it bêste mei om giene. Foaral Folkert van der Wei dy't de hiele dei hiel goed stie te keatsen wie in de finale folle minder. Ek om't Gert-Anne van der Bos yn de finale neist in tal sitballen in protte opslachmissers hie wie it partoer fan Jochum Bouma de logyske winner.

nû. partoer útslach nû. partoer
3 Jochum Bouma
Auke van der Graaf
Douwe Groenendijk
5-4
6-4
15 Gert-Anne van der Bos
Tjitte Bonnema
Folkert van der Wei

Douwe Groenendijk, dy't op wichtige mominten de foarbêst oernaam en dêr ek suksesfol mei wie waard keazen ta kening.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Keninklike PC
    1850 · 1851 · 1852 · 1853 · 1854 · 1855 · 1856 · 1857 · 1858 · 1859 · 1860 · 1861 · 1862 · 1863 · 1864 · 1865 · 1866 · 1867 · 1968 · 1869 · 1870 · 1871 · 1872 · 1873 · 1874 · 1875 · 1876 · 1877 · 1878 · 1879 · 1880 · 1881 · 1882 · 1883 · 1884 · 1885 · 1886 · 1887 · 1888 · 1889 · 1890 · 1891 · 1892 · 1893 · 1894 · 1895 · 1896 · 1897 · 1898 · 1899 · 1900 · 1901 · 1902 · 1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1915 · 1916 · 1917 · 1918 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1941 · 1942 · 1943 · 1944 · 1945 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
    · · Berjocht bewurkje