Springe nei ynhâld

Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten

Ut Wikipedy
Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten

Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten (Drachten, 30 augustus 1839 - Ljouwert, 20 novimber 1923) stamde út in âld Frysk aadlik laach en wie Kommissaris fan de Kening(inne) fan de provinsje Fryslân.

Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten studearre rjochten yn Leien. Dêrnei waard hy amtner by it Iepenbier Ministearje, abbekaat yn It Hearrenfean en kantonrjochter. Yn 1865 waard hy lid fan de gemeenteried fan Opsterlân; lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1878) en lid fan de Twadde Keamer (1873). Fan 1878 oant 1909 wie hy Kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân.

Krekt as syn soan Pieter, dy't him yn 1909 opfolge as Kommissaris fan de Keninginne, ûntploaide hy inisjativen op wettersteatkundich mêd (oanlis fan de Nije Swemmer en it Tsjongerkanaal). Under syn bestjoer wienen der yn Fryslân grutte sosjaal-ekonomyske spannings dy't ta stakingen lieden. Hy woe dit krêftich oanpakke, mar miste dêrta it fereaske ynsjoch.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]