Springe nei ynhâld

Pieter Ulbes Rijpma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pieter U. Rijpma)
Pieter Ulbes Rijpma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Ulbes Rijpma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 april 1839
berteplak Penjum (Fryslân)
stjerdatum 14 juny 1885
stjerplak Mullum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1858
karriêre-ein 1867
wichtige prestaasjes
PC: 4× earste priis
PC: 2× twadde priis

Pieter Ulbes Rijpma (Penjum, 15 april 1839Mullum, 14 juny 1885) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw fjouwer kear de PC wûn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rijpma waard yn 1839 berne yn Penjum, yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. Hy sette yn 1858 útein mei in karriêre yn it keatsen en wûn dat jiers op 28 augustus de PC mei syn neef Pieter Baukes Rijpma, en mei Rients D. Yntema, beiden ek ôfkomstich út Penjum. Nei't yn 1859 de PC net trochgean koe fanwegen in pokke-epidemy, prolongearren de trije manlju harren kampioenskip yn 1860 op 'e PC fan 1 augustus. En yn 1861 diene se dat jitris op 'e PC fan 31 july.

Oars as dat yn guon statistiken fernijd stiet, hearde Pieter Ulbes Rijpma yn 1862 net ta it winnende partoer, dat dat jiers bestie út syn neef Pieter Baukes, Rients D. Yntema en Hielke F. Post fan Kimswert. Mooglik dat Pieter Ulbes dat jiers drok wie mei in ferhuzing, want doe't er yn 1863 wer oan 'e PC meidie, wenne er yn Mullum, boppe Harns. Mei Jan D. Bangma fan Arum en Frans F. Felkers fan Winsum wûn er de PC dat jiers op 29 july foar de fjirde kear.

Njonken syn fjouwer oerwinnings behelle Rijpma yn 1865 en 1867 mei syn partoer it twadde plak op 'e PC. Yn totaal garre er dêrmei 19 punten op foar it Ivich Keatsklassemint. Yn 1867 hold Rijpma op mei keatsen. Hy kaam yn 1885 yn 'e âlderdom fan 46 jier yn syn wenplak Mullum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: